Springe nei ynhâld

The Killing Moon (roman)

Ut Wikipedy
The Killing Moon
algemiene gegevens
auteur N.K. Jemisin
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2012, New York
oarspr. útjwr. Orbit U.S.
rige
rige The Dreamblood-duology
● foarich diel (1e diel)
● folgjend diel The Shadowed Sun
kodearring
ISBN 978-0 35 65 00 768

The Killing Moon is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster N.K. Jemisin. De titel betsjut letterlik: "De Deadzjende Moanne", mar kin ek lêzen wurde as "In Moanne om by te Deadzjen". De plot fan it boek draait om 'e ûntdekking fan korrupsje yn it hert fan 'e stêd Gujaareh en it krewearjen fan 'e haadpersoanen om in oarloch foar te kommen dy't útfochten wurde sil mei tsjoenderij. The Killing Moon is it earste diel fan 'e duology The Dreamblood, en wurdt as sadanich folge troch The Shadowed Sun. De beide dielen steane lykwols fierhinne op harsels, en kinne skoan apart lêzen wurde (hoewol't yn The Shadowed Sun wol de útkomst fan 'e plot fan The Killing Moon ferteld wurdt).

The Killing Moon waard yn 2012 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Orbit U.S., wêrnei't datselde jiers noch in werútjefte foar de Jeropeeske merk folge by Orbit Books yn Londen. Yn 2016 waard de roman tegearre mei The Shadowed Sun werpublisearre yn 'e omnibusedysje The Dreamblood Duology. The Killing Moon waard yn 2013 nominearre foar sawol in Nebula Award as in World Fantasy Award, beide yn 'e kategory bêste roman.

Gujaareh is in stêdsteat oan 'e rivier de Goadinnebloed, dêr't Hananja, de goadinne fan dreamen, fereare wurdt. De steat wurdt regearre troch de prins, dy't beskôge wurdt as de avataar fan Hananja op 'e ierde. Pas nei syn dea, as er him by de goadinne jûn hat as har oarehelte, kriget er de titel fan kening taparte. De preesters fan Hananja operearje fanút it ûnbidich grutte timpelkompleks yn it sintrum fan 'e stêd, dat de Hetawa hjit. Hja besteane út fjouwer 'paden': Skyldwachten, Learaars, Dielers en Sammelders. De Skyldwachten befeiligje de timpels en beskermje de oare preesters. De Learaars fersoargje de oplieding fan 'e oare preesters en foarsjogge it miene folk fan ûnderwiis. De Dielers en de Sammelders, lykwols, meitsje gebrûk fan narkomânsje (slieptsjoenderij). De Dielers kinne siken en ferwûnen genêze troch de pasjint in magyske ynfúzje te jaan mei dreamgalle, dreamlymfe, dreamsied of dreambloed. Hja komme oan dy dreamfloeistoffen troch de saneamde 'tsienden' yn te nimmen út 'e dreamen fan leauwenden dy't spesjaal foar dat doel yn 'e timpel komme.

Foar dreamgalle en dreamlymfe folstiet dat. Dreamsied wurdt foar it meastepart ynsammele troch de Susters fan Hananja, yn it giel klaaide preesteressen, dy't de leauwenden wiete dreamen besoargje. Sy wurde troch bûtenlanners as hoeren beskôge, hoewol't der oan harren dwaan feitlik gjin seksuële mienskip te pas komt. De krapste en kostberste dreamfloeistof, dreambloed, wurdt ynsammele troch de Sammelders, wêrfan't der nea mear as fjouwer binne. Hja geane nachts op 'en paad yn 'e stêd en besykje terminaal siken en stjerrenden, dy't se eutanasy biede troch harren nei in dreamparadys te lieden dêr't harren siel foar ivich bliuwe kin, om dêrnei de bân tusken harren siel en lichem te ferbrekken. Dêrby komt in grutte hoemannichte dreambloed frij, dy't de Sammelders ynnimme en letter yn 'e Hetawa foar it grutste part wer ôfsteane oan 'e Dielers.

Behalven lju dy't yn 't stjerren lizze, besykje de Sammelders lykwols ek lju dy't as korrupt beoardiele binne. Sokken krije tsjin harren wil eutanasy tatsjinne, in foarm fan 'e deastraf dus, wat de Sammelders sawol hielmasters as boalen makket. Sadwaande wurde se troch in grut diel fan 'e befolking sawol freze as fereare. In oar gefolch is dat der binnen de muorren fan Gujaareh suver gjin misdie foarkomt, want nimmen wol as korrupt beskôge wurde en nachts in Sammelder op besite krije. Dreambloed is ferslaavjend, en Sammelders kinne der al gau net mear sûnder. Uteinlik, nei ferrin fan desennia, makket de oanhâldende bleatstelling oan dreambloed dat de siel fan in Sammelder loskomt fan syn lichem. As dat bart, kriget de Sammelder eutanasy fan ien fan syn gelikensen, om't er oars de honger nei mear dreambloed net mear de baas kin, en feroaret yn in ferstânleaze moardmasine: in Risper. Dat sizze teminsten de leginden, want in Risper is al sûnt minskewitten net mear foarkommen...

The Killing Moon iepenet as de Sammelder Ehiru de opdracht kriget en fier de deastraf út fan in bûtenlânske keapman yn Gujaareh, fan wa't fêststeld is dat er korrupt is. Trochdat de man him ferset en Ehiru kjel makket troch him oan te sprekken by syn dreamnamme Nsha, dy't de man út noch yn net witte kinne moatte soe, ferprutst Ehiru foar it earst yn syn hast tritichjierrige wurkpaad in eutanasy, mei as gefolch dat de siel fan 'e man ferlern giet. Dêr is Ehiru beroerd fan. Neitiid sjocht er tsjin it ljocht fan 'e Dreamende Moanne op it dak fan in oanbuorjend hûs it silhûet fan in minske, dêr't him lykwols sa'n gefoel fan kwea fan temjitte slacht, dat er alles derút jaget. Wylst Ehiru him yn 'e dagen dêrnei ôfsûnderet, om't er fynt dat er net mear it rjocht hat om Sammelder te wêzen nei wat er de bûtenlânske keapman oandien hat, slagget syn learling Nijiri foar syn lêste beproevings om akolyt-Sammelder te wurden. En dat mei ek wol, want troch de dea fan Una-une, in fearnsjier lyn, binne der sûnt dy tiid mar trije Sammelders yn Gujaareh, en no't Ehiru him weromlutsen hat, moatte syn paadbruorren Sonta-i en Rabbaneh al it wurk allinnich opknappe.

Underwilens fandelet Sunandi Jeh Kalawe, de nije ambassadrise yn Gujaareh foar it súdlike ryk fan Kisua, oanwizings byinoar dat der yn Gujaareh wat nuvers geande is. Har pleechheit en eardere mentor Kinja Seh Kalabsha, dy't ek har foargonger as ambassadeur yn Gujaareh wie, is twa moannen lyn hommels ferstoarn. Oan in hertoanfal, sei men. Mar dêr kriget Sunandi har twifels oer as se syn lêste, nea ferstjoerde rapportaazje weromfynt, rjochte oan 'e Beskermers fan Kisua, it oligargyske regear fan harren thúslân. Oare oanwizings binne in mysterieuze, oerâlde kiste yn 'e fertrekken fan 'e prins fan Gujaareh yn it paleis fan Yanya-iyan (dêr't Sunandi sels ek húsfêste is); in Gujaareenske float op 'e See fan Gloarje dy't fuortfearn en nea weromsjoen is; en de moard op tsientallen finzenen yn it iennichste tichthûs fan Gujaareh (foar bûsehifkers en oare lichte kriminelen). Hja rekket derfan oertsjûge dat dat it wurk is fan in Risper.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei ferrin fan dagen wurd Ehiru út syn selskeazen isolemint skuord troch de opperpreester fan 'e Hetawa, dy't him persoanlik de opdracht oerlanget om in deastraf út te fieren. It giet om Sunandi Jeh Kalawe, de ambassadrise fan Kisua, dy't korrupt befûn is. Ehiru set dy nachts mei syn learling Nijiri ôf om 'e frou te 'sammeljen', sa't it eufemistysk útdrukt wurdt. Se komme sûnder swierrichheden yn Yanya-iyan en kringe de fertrekken fan 'e ambassadrise binnen, dêr't se lykwols trappearre wurde troch Sunandi har pleechsuske Lin. Der folget in koart hângemien tusken Nijiri en Lin, dêr't Sunandi wekker fan wurdt. No't eltse kâns om 'e ambassadrise fredich yn har sliep te sammeljen ferspile is, ljochtet Ehiru har yn oer it deafûnis tsjin har. As Sunandi foar it ferstân kriget dat Ehiru en Nijiri gjin ynwijden yn 'e gearspanning binne, dy't sy op it spoar kommen is, mar inkeld stikken ark dy't brûkt wurde om har út 'e wei te romjen, leit se harren út hoe't de foarke wier yn 'e stâle sit. Ehiru wol har ferhaal eins net oan, mar dan moat er wer weromtinke oan it silhûet dat er op 'e nacht fan syn mislearre sammeling fan 'e keapman sjoen hat. Hy ferklearret it deafûnis fan Sunandi foar opskoarre oant er de wierheid fan har bewearings ûndersykje kinnen hat.

Sunandi begrypt dat se sjen moat dat se út Gujaareh wei komt ear't dejingen dy't Ehiru op har ôfstjoerd hawwe, berjocht krije dat dy manear om har om hals te bringen, mislearre is. Se stjoert Lin daliks op 'en paad, en folget sels koarte tiid letter. Underweis werom nei de Hetawa hearre Ehiru en Nijiri in efterfolging troch de stegen fan in arbeidersbuert fan Gujaareh. As se op ûndersyk útgeane, moetsje se de Risper, dy't krekt Lin fermoarde hat. Hy kriget ek Nijiri te pakken en dy komt op in hier nei te stjerren foar't Ehiru himsels op it meunster smite kin. As er de Risper ferjage hat, bringt Ehiru syn learling nei de Dielers yn 'e Hetawa, dy't de jonge genêze. Fuort dêrnei wurdt Ehiru lykwols op befel fan 'e opperpreester fan 'e Hetawa finzen set foar de moard op Lin.

Yn it tichthûs wurdt Ehiru letter opsocht troch de prins fan Gujaareh: syn eigen âldere broer Eninket. Dy bychtet op dat hysels it befel ta it sammeljen fan Sunandi jûn hat, om't it oarloch betsjutte soe as dy mei alle kennis dy't se gearfandele hat, weromkeare soe yn Kisua. Ehiru is poerrazen om wat hy as blasfemy beskôget, mar Eninket fertelt him dat it lang net de earste kear is dat er immen út politike motiven út 'e wei romje litten hat troch dy persoan troch de Hetawa foar korrupt ferklearje en sammelje te litten. Fierders seit er dat it de Hetawa is dy't korrupt is, en dat hy, de prins, dejinge is dy't tsjin dy korrupsje striidt. De opperpreester fan 'e Hetawa hat Ehiru finzen set om 'e eigen korrupsje te ferbergjen, mar de prins lit Ehiru frij. As er Sunandi dochs noch sammelet, sa ûnthjit er, dan sil er soargje dat Ehiru syn âlde posysje wer ynnimme kin. Ehiru ferlit it tichthûs en giet efter Sunandi oan, net om har te sammeljen, mar om mear te witten te kommen oer wat hjir geande is.

Underwilens binne de oerbleaune Sammelders Sonta-i en Rabbaneh ta de konklúzje kommen dat der wat mis is. It is al safier kommen dat se de opperpreester fan 'e Hetawa fan korrupsje fertinke, en syn oarders net mear as binend beskôgje. Se stjoere de jonge Nijiri út om syn master Ehiru út it tichthûs te befrijen, net wittend dat Ehiru al loslitten is. Mei help fan 'e Susters fan Hananja, dy't oeral yn 'e stêd ynformanten hawwe, wit Nijiri syn master werom te finen yn it hûs fan in útlânsk keapman yn 'e Wyk fan 'e Unleauwigen, bûten de stedsmuorren, dêr't Sunandi ek ûnderdak fûn hat. Trijeresom jouwe se har de oare deis by de karavaan fan in masteresse Gehanu, besteande út minstrelen en oare artysten, dy't dwers troch de woastyn ôfset nei Kisua. Ehiru hat no al in wike gjin dreambloed mear hân, en fan gefolgen rekket syn siel stadichoan los fan syn lichem, wat betsjut dat er wat langer wat minder ûnderskie meitsje kin tusken de echte wrâld en de dreamwrâld. As de karavaan ûnderweis oanfallen wurdt troch in troep Gujaareenske soldaten dy't troch prins Eninket stjoerd binne, deadet Ehiru in soldaat troch al syn dreambloed mei siel en al op te slinen. Neitiid is er ferfolle fan skok en walging, en beseft er dat er in grins oergien is: hy kin net mear opbetterje út syn minnichte en hat noch mar in beheinde mjitte tiid oer ear't er himsels troch Nijiri sammelje litte moat.

Troch de oanfal fan 'e Gujaareenske soldaten op 'e karavaan wurdt in bloedbad oanrjochte, mar it doel fan 'e soldaten, om Sunandi te deadzjen en Ehiru wer yn 'e boeiens te slaan, mislearret as in patrûlje fan Kisuatyske soldaten tuskenbeiden komt. De karavaan hat nammentlik ûnderwilens de noardlike grins fan Kisua berikt, en Sunandi, Ehiru en Nijiri wurde neitiid halje-trawalje nei de lyknammige stêd brocht, dêr't se foar de Ried fan Beskermers ferskine moatte. Ehiru wit mei stipe fan Sunandi it fertrouwen fan 'e Beskermers te winnen, en kriget alles te hearren wat de Kisuaten witte oer wat der yn Gujaareh geande is. Yn ruil fertelt Ehiru harren alles dat hysels wit, wat net in soad is. Neitiid ferklearret er it deafûnis fan Sunandi foar neatich en set er mei Nijiri op in rivierboat ôf nei Gujaareh, om syn leageneftige broer Eninket tsjin te hâlden. Werom yn Gujaareh wurde sy beiden lykwols daliks oppakt troch de soldaten fan 'e prins. Hja wurde fêstset yn koaien yn 'e tomben fan 'e keningen fan Gujaareh, ûnder it paleis Yanya-iyan.

Dêr besiket Eninket harren, en makket er harren dielgenoat fan syn plannen en motiven. Hy bringt oan harren in âld geheim út: fan 'e stifting fan Gujaareh ôf hawwe de preesters fan Hananja it ferslaavjende dreambloed brûkt om 'e prins dwaan te litten wat se woene. By de kroaningsseremoanje heart tradisjoneel in ynfúzje mei dreambloed, dy't bedoeld is om 'e ferslaving oan 'e gong te bringen. Neitiid wol de prins dan mear fan it guod hawwe, oant er net mear sûnder funksjonearje kin. Fan dat punt ôf bepale de preesters it regearingsbelied fan 'e prins, simpelwei troch him gjin dreambloed mear te jaan as er wat docht dat harren tsjin 't sin is. Sels is Eninket ek ferslave rekke; dat koed er net foarkomme, mar hy hat sûnt yn it djipste geheim nei in manear socht om wraak te nimmen op 'e preesters en te soargjen dat soks nea wer barre kin. Uteinlik is troch lju dy't foar him wurken yn it djipste geheim de ferlern waande grêftombe fan Inunru, de stifter fan Gujaareh, ûntdutsen, dêr't in kiste mei boekrôlen út kaam dy't grôtfol stiene mei âlde kennis: kennis dy't de preesters fan 'e Hetawa ûnderdrukt hiene. Sa learde Eninket hoe't er fan in Sammelder in ferstânleaze moardmasine meitsje koe: in Risper. En teffens is er sa oan 'e weet kommen wat der barre soe as er in Risper ynset om 'e sielen fan tûzenen minsken tagelyk te 'rispjen': dan sil Eninket sels nammentlik ûnstjerlik wurde.

Eninket lit dan syn Risper bringe, dy't nimmen oars blykt te wêzen as Ehiru syn âlde master Una-une. Doe't dy in fearnsjier lyn oan 'e ein fan syn wurkpaad kaam, hat Eniket him ûntfiere litten; it lyk dat neitiid yn syn plak kremearre is, wie dat fan in bidler. Eninket hat in float útstjoerd oer de seeën fan it noarden om in leger fan 10.000 barbaren nei de kust fan Kisua te bringen om tsjin it like grutte Kisuatyske leger te fjochtsjen. As tweintichtûzen mannen har yn 'e striid smite, sa riddenearret Eninket, en hy harren sielen allegear tagelyk rispje lit troch Una-une, moat dat foldwaande wêze om himsels ûnstjerlik te meitsjen. Una-une sil dat net oerlibje, en dêrom is Eninket bliid dat er Ehiru hat, dy't skoan tsjinje sil as ferfangende Risper nei't er alle selsbehearsking kwytrekke is en as earste Nijiri syn siel rispe hat.

Neitiid sitte Ehiru en Nijiri fjouwer dagen fêst yn 'e tomben ûnder Yanya-iyan, wylst Ehiru stadichoan syn hiele persoanlikheid ferliest oan 'e honger en Nijiri mei syn gasp de bannen trochseaget dy't harren provisoaryske koai yninoar hâlde. Op 'e fjirde dei ûntsnappe se, mar tsjin dy tiid is it suver al te let. Eninket syn barbaarske leger is lâne op 'e noardlike kust fan Kisua, dêr't it Kisuatyske leger wachtet. As de fjildslach begjint, wol Eninket, fier fuort op 'e top fan 'e heechste toer fan syn bûtenhûs Kite-iyan, de Risper Una-une tsjin alle stridenden ynsette om syn megalomane plannen ta wurklikheid te meitsjen, mar krekt op 'e tiid arrivearje Ehiru en Nijiri. Eninket, dy't Una-une yn 'e besnijing hâldt troch in stik meteorytizer (dêr't Rispers tige gefoelich foar binne), set dat wapen dan yn tsjin Ehiru, en twingt him om te begjinnen mei it rispjen fan 'e sielen fan 'e dielnimmers oan 'e fjildslach, wylst Una-une it tsjin Nijiri opnimt. Uteinlik wit Nijiri Una-une te ferslaan en de man einlings frede te jaan. Dêrop ûnderbrekt er it ritueel dêr't Eninket mei dwaande is troch him by Ehiru wei te triuwen. Ehiru, frij fan 'e oanrekking fan it meteorytizer, keart him dan yn útsinnige razernij tsjin 'e prins, dy't er útinoar skuort. Neitiid helpt Nijiri syn master Ehiru om frede te finen op 'e iennichste wize dêr't dat foar him no noch op mooglik is: troch him te sammeljen.

Yn 'e neisleep fan Eninket syn oarloch flechtsje de op in hier nei rispe barbaren, dy't de skrik fan harren libben hân hawwe, werom nei de skippen en sette ôf nei hûs. It Kisuatyske leger marsjearret nei it noarden en nimt nei inkele dagen fan striid Gujaareh yn. Sunandi keart mei it leger werom nei Gujaareh, dêr't se nei de Hetawa giet. Se moetet dêr Nijiri en de beide oare Sammelders, Rabbaneh en Sonta-i, dy't ûnderwilens op 'e wize fan harren ropping ôfweefd hawwe mei alle korrupsje yn 'e Hetawa, troch de opperpreester en syn trewanten te sammeljen. Gujaareh komt no ûnder in Kisuatyske besetting, mar ek dêryn sjogge de Sammelders de wil fan 'e goadinne Hananja. Oan Sunandi drage se de taak op om 'e bestjoerders dy't troch de Beskermers fan Kisua oer Gujaareh oansteld wurde sille, by te bringen hoe't yn Gujaareh de dingen dien wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Jemisin, N.K., The Killing Moon, New York, 2012 (Orbit Books), ISBN 978-0 35 65 00 768.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.