The Dreamblood
The Dreamblood | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | N.K. Jemisin | |
taal | Ingelsk | |
foarm | duology | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2012 | |
oarspr. útjwr. | Orbit Books |
The Dreamblood is in koarte romansearje fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster N.K. Jemisin. De titel betsjut: "It Dreambloed". De rige is in duology, en bestiet dus út twa boeken. It ûnderwerp is de stêd Gujaareh, dêr't de preesters sykten genêze en libbens beëinigje kinne troch dreamen binnen te kringen. De beide dielen fan The Dreamblood ferskynde yn 2012 by de útjouwerij Orbit Books, en waard troch de literatuerkritisy tige goed ûntfongen.
Boeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2012 – The Killing Moon
- 2012 – The Shadowed Sun
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gujaareh is in stêd oan 'e rivier de Goadinnebloed, dêr't Hananja, de goadinne fan dreamen, fereare wurdt. De stêd foarmet in ûnôfhinklike stêdsteat, dy't regearre wurdt troch de prins. Dyselde wurdt beskôge as de avataar fan Hananja op 'e ierde. Pas nei syn dea, as er him by de goadinne jûn hie as har oarehelte, krige er de titel fan kening taparte. De preesters fan Hananja operearje fanút it ûnbidich grutte timpelkompleks yn it sintrum fan 'e stêd, dat de Hetawa hjit. Hja besteane út fjouwer 'paden': Skyldwachten, Learaars, Dielers en Sammelders. De Skyldwachten befeiligje de timpels en beskermje de oare preesters. De Learaars fersoargje de oplieding fan 'e oare preesters en foarsjogge dêropta ek it miene folk fan ûnderwiis. De Dielers en de Sammelders, lykwols, meitsje gebrûk fan narkomânsje (slieptsjoenderij). De Dielers kinne siken en ferwûnen genêze troch de pasjint in magyske ynfúzje te jaan mei dreamgalle, dreamlymfe, dreamsied of dreambloed. Hja komme oan dy dreamfloeistoffen troch de saneamde 'tsienden' yn te nimmen út 'e dreamen fan leauwenden dy't spesjaal foar dat doel yn 'e timpel komme.
Foar dreamgalle en dreamlymfe folstiet dat. Dreamsied wurdt foar it meastepart ynsammele troch de Susters fan Hananja, yn it giel klaaide preesteressen, dy't de leauwenden wiete dreamen besoargje. Sy wurde troch bûtenlanners as hoeren beskôge, hoewol't der oan harren dwaan feitlik gjin seksuële mienskip te pas komt. De krapste en kostberste dreamfloeistof, dreambloed, wurdt ynsammele troch de Sammelders, wêrfan't der nea mear as fjouwer binne. Hja geane nachts op 'en paad yn 'e stêd en besykje terminaal siken en stjerrenden, dy't se eutanasy biede troch harren nei in dreamparadys te lieden dêr't harren siel foar ivich bliuwe kin, om dêrnei de bân tusken harren siel en lichem te ferbrekken. Dêrby komt in grutte hoemannichte dreambloed frij, dy't de Sammelders ynnimme en letter yn 'e Hetawa foar it grutste part wer ôfsteane oan 'e Dielers. Behalven lju dy't yn 't stjerren lizze, besykje de Sammelders lykwols ek lju dy't as korrupt beoardiele binne. Sokken krije tsjin harren wil eutanasy tatsjinne, in foarm fan 'e deastraf dus, wat de Sammelders sawol hielmasters as boalen makket. Sadwaande wurde se troch in grut diel fan 'e befolking sawol freze as fereare. In oar gefolch is dat der binnen de muorren fan Gujaareh suver gjin misdie foarkomt, want nimmen wol as korrupt beskôge wurde en nachts in Sammelder op besite krije.
Haadpersoanen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]¹) allinnich yn The Killing Moon
²) allinnich yn The Shadowed Sun
- Ahmanat², in Suster fan Hananja
- Akolil¹, admiraal fan 'e Gujareenske float
- Aksata², in Kisuatysk keapman en lid fan 'e Ried fan Beskermers fan Kisua
- Anarim², in Skyldwacht fan Hananja
- Andat¹, in Skyldwacht fan Hananja
- Anzi Seh Ainunu, in Kisuatysk generaal, letter de man fan Sunandi
- Azima², in Banbarra-kriger fan 'e Dzikeh-stamme
- Bahenamin, in Gujaareensk keapman, pleage troch nachtmerjes
- Danneh, syn frou
- Bibiki Seh Jofur², in Kisuatysk ofsier
- Charleron¹, in útlânsk keapman
- Charris, in Gujaareensk ofsier, letter generaal, noch letter in slaaf mank de Banbarra
- Deti-Arah², in Gujaareensk ealman fan 'e shunha-kaste
- Dwi², in Skyldwacht fan Hananja
- Ehiru¹, in Sammelder fan Hananja, de jongere broer fan prins Eninket, learmaster fan Nijiri
- Emije², in Skyldwacht fan Hananja
- Eninket¹, prins fan Gujaareh, de âldere broer fan Ehiru
- Hendet, de earste frou fan prins Eninket
- Wanahomen, de âldste soan fan prins Eninket
- Laye-ka², syn kamielinne
- Iho², syn hynder
- Tassa², syn jonge soan by de Banbarra-frou Yanassa
- Etissero¹, in útlânsk keapman
- Saladronim¹, syn soan
- Ezack², in Banbarra-kriger fan 'e Yusir-stamme
- Gehanu¹, liedster fan in karavaan fan minstrelen
- Kanek¹, har soan
- Talithele¹, har beppe
- Ghefir², in Gujaareensk ealman fan 'e shunha-kaste
- Hanani², in Dieler fan Hananja, de earste froulike preester fan 'e Hetawa, in learlinge fan Mni-inh
- Dayuhotem², har akolyt
- Dakha², har hynder
- Harakha¹, in Skyldwacht fan Hananja
- Iezanen², in Gujaareensk ealfrouwe fan zhinha-kaste
- Inefer¹, in Skyldwacht fan Hananja
- Inmu², in Sammelder fan Hananja, learling fan Rabbaneh
- Kherkhan², in Skyldwacht fan Hananja
- Lemuneb², in Skyldwacht fan Hananja
- Mekhi¹, in Skyldwacht fan Hananja
- Meliatua¹, in Suster fan Hananja
- Mni-inh, in Dieler fan Hananja, learmaster fan Hanani
- Moib², in Kisuatysk generaal en lid fan 'e Ried fan Beskermers fan Kisua
- Mweke Jeh Chi¹, in lid fan 'e Ried fan Beskermers fan Kisua
- Nhen-ne-verra², in Dieler fan Hananja
- Ni-imeh², in Suster fan Hananja
- Nijiri, in Sammelder fan Hananja, de learling fan Ehiru
- Niyes¹, in Gujaareensk generaal
- Lumanthe¹, syn frou
- Ohorome¹, syn soan
- Tisanti¹, syn dochter
- Rabbaneh, in Sammelder fan Hananja
- Sanfi², in Gujaareensk ealman fan 'e kaste fan 'e shunha
- Insurret², syn frou
- Tiaanet², syn dochter, dy't er ta ynsest twingt
- Tantufi², it ûngelokkige bern út dy relaasje
- Sasannante², in lid fan 'e Ried fan Beskermers fan Kisua
- Shatyrria², in matriarch fan 'e Dzikeh-Banbarra
- Sonta-i, in Sammelder fan Hananja
- Sunandi Jeh Kalawe, Kisuatysk ambassadrise yn Gujaareh, letter gûverneur fan 'e stêd ûnder de Kisuatyske besetting
- Lin¹, har jongere pleechsuster
- Kinja Seh Kalabsha¹, har pleechheit, de eardere Kisuatyske ambassadeur yn Gujaareh
- Tajedd², haadman fan 'e Dzikeh-Banbarra
- Una-une¹, in Sammelder fan Hananja
- Unte², haadman fan 'e Yusir-Banbarra
- Wujjeg², in Banbarra-kriger fan 'e Dzikeh-stamme
- Wutir², in Banbarra-kriger fan 'e Dzikeh-stamme
- Yanassa², in frou fan 'e Yusir-Banbarra
- Yao², byneamd 'mem Yao', in lid fan 'e Ried fan Beskermers fan Kisua
- Yehamwy², in Learaar fan Hananja
Utlis fan 'e auteur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn in fraachpetear mei harsels, dat efteryn The Killing Moon tafoege is, fertelt Jemisin dat se Gujaareh basearre hat op it âlde Egypte, en Kisua op it âlde Núbje. De wrâld dêr't se dy beide riken op pleatst hat, is eins de moanne fan in gasreus; dy gasreus wurdt yn it boek oantsjut as de Dreamende Moanne. De oare (folle lytsere) moanne, oantsjut as de Untwekjende Moanne, is in oare moanne fan deselde gasreus. De dreamtsjoenderij fan 'e preesters fan Gujaareh basearre Jemisin op in ferminging fan 'e kosmology fan 'e âlde Egyptners mei de psychodymamyske teoryen fan 'e psychologen Sigmund Freud en Carl Gustav Jung. Yn in neiwurd by The Shadowed Sun fertelt Jemisin fierder dat Merik-ren-aferu, de griene delling yn 'e woastyn, basearre is op 'e Canyon de Chelly, yn Chinle (Arizona), yn it Navaho Yndianereservaat. It doarp fan 'e Banbarra yn Merik-ren-aferu is eins in beskriuwing fan ruïnes yn 'e Canyon de Chelly dy't efterlitten binne troch de Yndiaanske beskaving fan 'e Anasazy.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|