Sulver en Minsken
Sulver en Minsken | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Nostromo | |
auteur | Joseph Conrad | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | politike roman | |
1e publikaasje | 1904 | |
oarspr. útjwr. | T.P.'s Weekly | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Sulver en Minsken | |
publikaasje | 2019, Ljouwert | |
útjouwer | Utjouwerij Elikser | |
oersetter | Geart fan der Mear | |
ISBN oers. | 978-9 46 36 51 448 |
Sulver en Minsken, yn it oarspronklike Ingelsk: Nostromo, mei as ûndertitel A Tale of the Seaboard, is in roman fan 'e hân fan 'e Poalsk-Britske skriuwer Joseph Conrad (1857-1924). It ferhellet oer Charles Gould, in ideälistyske man fan Ingelsk komôf, dy't yn in fiktyf korrupt Súdamerikaansk lân in sulvermyn ervet, en de Italjaanske ymmigrant Nostromo, oan wa't in grutte sulverskat tabetroud wurdt. Nostromo waard foar it earst publisearre yn 1904, as fúljeton yn it tydskrift T.P.'s Weekly. Yn 1998 waard it troch de Modern Library op plak 47 set op 'e list fan 'e 100 bêste Ingelsktalige romans fan 'e tweintichste iuw. De Fryske oersetting, fan Geart fan der Mear, ferskynde yn 2019.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn syn "Noat fan 'e Auteur", dy't oan lettere edysjes tafoege waard, lei Joseph Conrad wiidweidich út dat er ta it skriuwen fan Nostromo ynspirearre waard troch in ferhaal dat er heard hie doe't er as jonge fan santjin seeman wie op in skip yn 'e Golf fan Meksiko. Neffens dat ferhaal soe in man eigenhandich "in hiele lichter fol sulver" stellen hawwe. Hy fergeat dat ferhaal folslein, oant er sa'n fiifentweintich jier letter by tafal in reisferhaal lies dat er yn in antikariaat opdjippe hie. Dêryn fertelde de skriuwer hoe't er jierrenlang op in skoender wurke hie, wêrfan't de kaptein bewearde dyseldichste sulverdief te wêzen.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nostromo spilet yn it fiktive lân Costaguana (letterlik: "Strontkust") yn Súd-Amearika, en mear spesifyk yn 'e Westlike Provinsje fan dat lân en yn 'e havenstêd Sulaco. Hoewol't Costaguana net echt bestiet, liket de beskriuwing dy't Conrad yn syn roman fan it lân jout, tige sterk op it njoggentjinde-iuwske Kolombia. Costaguana hat in lange skiednis fan diktatuer, wanbestjoer, revolúsjes en oarlochfiering, mar de lêste jierren makket it in snuorje fan stabiliteit troch ûnder it bewâld fan diktator Ribiera.
Charles Gould is hikke en tein yn Costaguana, hoewol't er fan Ingelsk komôf is. Hy hat by Sulaco in sulvermyn urven fan syn heit, dy't syn heit opkrongen wie troch it Costaguaanske regear. Hoewol't de myn útdien is, moat er wol in diel fan 'e 'winst' ôfdrage. Gould hat skjin syn nocht fan 'e politike ynstabiliteit fan syn lân en sa mooglik noch mear fan 'e alles oantaastende korrupsje dy't dêrmei mank giet. As der yn syn myn in nije sulverier ûntdutsen wurd, brûkt Gould syn nijfûne rykdom om it regear fan Ribiera te stypjen, mei't er de stabiliteit dy't dat bringt, sjocht as de iennichste hope foar de takomst fan it lân.
It pakt lykwols oars út, want it nijs dat der op 'e nij sulver fûn is, bringt krekt in nije rige revolúsjes op gong, en Costaguana ferfalt ta politike gaos en boargeroarloch. Ien fan 'e kriichshearen, de revolúsjonêre generaal Montero, wit de haadstêd yn it binnenlân yn 'e hannen te krijen, en falt dêrnei Sulaco oan. Gould, dy't beslist net wol dat syn sulver de bút fan syn fijannen wurde sil, jout Nostromo, de fertroude foaroanman fan 'e havenarbeiders fan Sulaco, opdracht om 'e hiele sulverskat yn in lichter fuort te bringen, sadat it op 'e ynternasjonale sulvermerk ferkocht wurde kin.
Nostromo is in Italjaan fan berte, dy't yn Costaguana opklommen is troch syn moed en oprjochtens. ("Nostromo" is Italjaansk foar "boatsman", mar de namme kin ek lêzen wurde as in ferbastering fan nostro uomo, "ús man".) Syn wiere namme is Giovanni Battista Fidanza (fidanza is in argaysk Italjaansk wurd dat "fidúsje" betsjut). Hy is yn Sulaco in bekend figuer, mei't er respektearre wurdt troch de rike Jeropeeske boppeklasse en troch de pleatslike befolking sjoen wurdt as ien fan harren. Hy wurdt lykwols nea talitten ta de boppeklasse sels, mar ynstee troch de riken brûkt as wied er harren stik ark. Charles Gould en Nostromo syn eigen wurkjouwers miene dat er net te korrumpearjen is, en om dy reden wurdt him de sulverskat tabetroud.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Beselskippe troch de jonge sjoernalist Martin Decoud set Nostromo ôf om it sulver út Sulaco te smokkeljen. By nacht op 'e Baai fan Sulaco komt de lichter lykwols yn oanfarring mei in skip dat de ynfallende revolúsjonêre troepemacht ûnder lieding fan kolonel Sotillo nei Sulaco ferfiert. It slagget Nostromo en Decoud om it sulver fan 'e ûndergong te rêden troch de leksleine lichter op it ûnbewenne eilantsje Grut-Isabel op it strân te setten, dêr't se it sulver ferbergje. Neitiid giet Nostromo yn 'e lichter wer de see op en bringt er it boat yn 'e Baai fan Sulaco ta sinken. Sels swimt er werom nei Sulaco, dêr't er sûnder sjoen te wurden oan lân giet.
De macht en rom fan Nostromo groeie fierder as er it ferlies fan it sulver goedmakket mei in riskante tocht oer de bergen hinne om it leger te help te roppen tsjin 'e revolúsjonêren. It leger, dat trou is oan 'e út 'e haadstêd ferdreaune diktator Ribiera, ferdriuwt de opstannelingen út Sulaco en rêdt sa Gould en de oare machtige pleatslike lieders. Neitiid makket de Westlike Provinsje him los fan 'e rest fan it lân, dat noch altyd yn 'e macht fan generaal Montero is, om 'e ûnôfhinklike republyk Sulaco te foarmjen. Underwilens rekket Decoud, dy't al dy tiid allinne trochbringt op Grut-Isabel, úteinlik sljochtsinnich. Hy fart mei in lyts roeiboatsje de see op en sjit himsels dea, nei't er earst syn lichem ferswierre hat mei in stikmannich sulversteaven, sadat it nei de seeboaiem sakje sil.
Nostromo sjit net folle op mei de rom dy't syn aventoeren ûnder de boargeroarloch him brocht hawwe, want de boppeklasse sjocht noch altyd op him del, en it slagget him net om maatskiplik fierder op te klimmen. Hy fielt him tekoart dien en brûkt, en komt ta de konklúzje dat er syn libben foar neat op it spul setten hat. Meitiid rekket er fertarre troch wrok, wat liedt ta de korrupsje fan 'e man dy't net korrumpearre wurde koe, en teffens ta syn úteinlike ûndergong. Hy hat it feit dat it sulver net op 'e boaiem fan 'e baai leit, foar eltsenien geheim holden, en feroaret no njonkelytsen yn in slaaf fan it sulver, dat er stadichoan, steaf foar steaf, weromhellet fan Grut-Isabel om it te jilde te meitsjen. Wat der fan Decoud wurden is, bliuwt foar Nostromo in riedsel, en om't er fêststeld hat dat der ferskate sulversteaven misse, liedt dy ûnwissichheid by him ta paranoia.
Nei ferrin fan jierren wurdt der op Grut-Isabel in fjoertoer boud, wêrmei't Nostromo syn fermogen om it sulver op te heljen, faai komt te stean. Fernimstich as er is, slagget it him lykwols om in goekunde fan him, de widner Giorgio Viola, beneamd te krijen ta fjoertoerwachter. Nostromo is fereale op Viola syn jongste dochter Giselle, mar ferlovet him úteinlik mei syn âldste dochter Linda. Op in nacht, as er wer in sulversteaf ophelje wol, wurdt Nostromo op Grut-Isabel oantroffen troch Giorgio Viola, dy't him oansjocht foar in ynkringer en him deasjit.
Ferfilmings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nostromo waard yn 1926 ferfilme as The Silver Treasure, in wielderige stomme film ûnder rezjy fan Rowland V. Lee, mei yn 'e haadrol George O'Brien. Dy film is letter weirekke en is no in ferlerne film. Yn 1991 soe de Britske regisseur David Lean Nostromo ferfilmje mei Steven Spielberg foar filmstudio Warner Bros. as produsint en in stjerrecast wêrûnder Marlon Brando, Peter O'Toole, Isabella Rossellini, Christopher Lambert en Dennis Quaid. It projekt rûn lykwols op 'e klippen doe't Lean in pear wiken foar't de opnamen begjinne soene, kaam te ferstjerren. Yn 1997 waard der in tillefyzjesearje op basis fan 'e roman makke, dy't ek Nostromo hiet. It wie in Britsk-Italjaansk-Spaansk-Amerikaanske ko-produksje mei Colin Firth yn 'e rol fan señor Gould.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nostromo waard yn 2019 ûnder de titel Sulver en Minsken yn it Frysk oerset troch Geart fan der Mear. Dy fertaling waard útbrocht by Utjouwerij Elikser te Ljouwert, mei finansjele stipe fan 'e Provinsje Fryslân. Fan der Mear sette ek inkele oare boeken fan Conrad oer yn it Frysk, te witten: It Geheim fan Lord Jim en De Oerwinning.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |