Springe nei ynhâld

De Oerwinning

Ut Wikipedy
De Oerwinning
algemiene gegevens
oarspr. titel Victory
auteur Joseph Conrad
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre psychologyske roman
1e publikaasje 1915, Londen
oarspr. útjwr. Methuen Publishing
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Oerwinning
publikaasje 2020, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Elikser
oersetter Geart fan der Mear
ISBN oers. 978-9 46 36 52 285

De Oerwinning, yn it oarspronklike Ingelsk: Victory, is in roman fan 'e hân fan 'e Poalsk-Britske skriuwer Joseph Conrad (1857-1924). It ferhellet oer Axel Heyst, in Ingelske Sweed dy't troch it libben giet sûnder bannen mei oare minsken te foarmjen. As soks by fersin dochs ris bart, liedt dat ûntsjinkearber ta syn ûndergong. Victory waard foar it earst publisearre yn 1915, by de Londenske útjouwerij Methuen Publishing. It meast opfallende skaaimerk fan it boek is it fertelperspektyf, dat ferskoot fan it ik-perspektyf fan in seeman (diel 1) nei in auktorieel perspektyf dat útgiet fan Heyst (diel 2), in ik-perspektyf fan Heyst (diel 3) en úteinlik in algemien auktorieel perspektyf (diel 4). Victory wie ien fan 'e súksesfolste boeken fan Conrad, mar neffens in resinsje yn The New York Times, út 1915, wie it "in ûnigaal boek" en stie it "mear iepen foar krityk" as syn measte wurk. De Fryske oersetting, fan Geart fan der Mear, ferskynde yn 2020.

Axel Heyst is yn Londen grutbrocht troch syn Sweedske heit, in widner en filosoof, en hat syn mem nea kennen. De sfear yn syn âldershûs, dy't folslein behearske waard troch syn heite ûnmeilydsum neijeien fan 'e wierheid en pessimistyske miening oer de minskheid, hawwe Heyst syn persoanlikheid yn ûngebrûklike fâlden slein. Nei it ferstjerren fan syn heit ferlit er Ingelân om in swalker sûnder woartels te wurden. Hy kiest derfoar om yn iensumens te libjen en gjin bannen mei oaren oan te gean, sadat er ûnkwetsber wêze sil om't er sa ûngrypber is. Syn swalkjen oer de wrâld liedt him úteinlik nei Nederlânsk-Ynje, dêr't er yn 'e havenstêd Soerabaja bedarret.

Dêr wurde minsklike gefoelens yn him wekker roppen troch it lot fan kaptein Morrison, waans skip yn beslach nommen driget te wurden om't er in boete dy't him oplein is, net betelje kin. Soks soe him berôvje fan syn libbensûnderhâld en him yn it ferdjer stoarte. Heyst grypt yn troch him in lyts bedrach te lienen, mar neitiid slagget it him net mear om himsels te befrijen fan 'e bannen mei Morrison, dy't foarme binne troch syn eigen begrutsjen en Morrison syn tankberens.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Uteinlik liedt Heyst syn gedoente mei Morrison ta de oprjochting fan The Tropical Belt Coal Company, dêr't Heyst bedriuwslieder fan wurdt, ek al hat er eins gjin inkele belangstelling foar dy ûndernimming. Morrison fart nei Ingelân, dêr't er hommels komt te ferstjerren. Koarte tiid letter giet it bedriuw bankrot, mar Heyst bliuwt op it plak fan 'e stienkoalmyn op it eilân Samburan, dêr't er libbet as in klúzner mei inkeld syn Sineeske tsjinstfeint Wang by him.

Letter wurdt it begrutsjen fan Heyst jitris oproppen as er yn Soerabaja, op Java, yn 'e kunde komt mei de jonge frou Lena, dy't dêr spilet yn orkest dat folslein út froulju bestiet. Lena wurdt min behannele troch de dirigint fan it orkest en dy syn sadistyske frou, en bedrige mei seksueel geweld troch Schomberg, de eigner fan it hotel dêr't it orkest optreedt. Mei help fan 'e fertrape frou fan Schomberg naait Heyst mei Lena út nei Samburan. Schomberg is poerrazen oer it ferlies fan Lena, en yn 'e mande mei syn eangst foar in mysterieus trio besikers, dhr. Jones, Martin Ricardo en Pedro, bringt dat him derta en meitsje de trije mannen wiis dat Heyst ferantwurdlik is foar de dea fan kaptein Morrison, en dat er op Samburan grutte rykdom ferburgen hâldt.

De trije besikers ite Schomberg syn leagens foar sûkerswiet op en sette ôf nei Samburan. Underweis reitsje se lykwol op see paadbjuster, dat se berikke it eilân mar nauwerneed. Se binne fan doel om Heyst te fermoardzjen nei't se ûntdutsen hawwe wêr't er syn jild ferburgen hat. Inkeld Ricardo is him bewust fan it bestean fan Lena, mar dy kennis hâldt er foar him omreden fan Jones syn patologyske haat tsjin froulju.

Koart nei de oankomst fan it trio op Samburan falt Ricardo Lena oan, mar sy is sterker as him en wurdt him oermânsk. It gefolch is dat Ricardo fereale op har wurdt. Om Heyst te beskermjen, moediget Lena syn ferealens oan, mar dat liedt úteinlik ta har dea by fersin as Jones beseft dat Ricardo him bedraacht en him besiket te fermoardzjen. Nei har dea jout Heyst him oer oan wanhoop en docht selsmoard. Jones fermoardet Ricardo, mar ferdrinkt neitiid as er delsketten wurdt troch Wang.

De roman Victory waard ferskate kearen adaptearre ta films:

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Victory waard yn 2020 ûnder de titel De Oerwinning yn it Frysk oerset troch Geart fan der Mear. Dy fertaling waard útbrocht by Utjouwerij Elikser te Ljouwert, mei finansjele stipe fan 'e Stichting Kristlik Frysk Folksboek en de Provinsje Fryslân. Fan der Mear sette ek inkele oare boeken fan Conrad oer yn it Frysk, te witten: It Geheim fan Lord Jim en Sulver en Minsken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Conrad, Joseph, De Oerwinning (oers. Geart fan der Mear), Ljouwert, 2020 (Utjouwerij Elikser), ISBN 978-9 46 36 52 285.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.