Sony Pictures Studios
Sony Pictures Studios | ||
Yngong fan 'e Sony Pictures Studios. | ||
algemien | ||
hist. namme | Inceville Studios (1912-1916) Triangle Studios (1916-1918) Goldwyn Studios (1918-1924) MGM Studios (1924-1986) Lorimar-Telepictures Studios (1986-1989) Columbia Studios (1989-1992) | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | tillefyzje- en filmyndustry | |
fêstige yn | Culver City (Kalifornje) | |
oprjochte | 1912 | |
oprjochter | Thomas H. Ince | |
eigner | Sony | |
mem | Sony Pictures | |
offisjele webside | ||
www.sonypicturesstudios.com | ||
kaart | ||
Lokaasje op in plattegrûn fan westlik Los Angeles.
|
De Sony Pictures Studios binne in studiokompleks yn Culver City, in foarstêd fan Los Angeles. It is eigendom fan 'e Amerikaanske filmstudio Sony Pictures, sels wer in dochterûndernimming fan 'e Japanske elektroanikagigant Sony. As bedriuw waarden de studio's yn 1912 yn Los Angeles oprjochte as de Inceville Studios, wêrnei't se yn 1915 ferhuzen nei de hjoeddeistige lokaasje. Fan 1924 oant en mei 1986 stie it kompleks bekend as de MGM Studios, doe't it de foarnaamste opnamelokaasje wie fan filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM). Sûnt 1989 binne de filmproduksjemaatskippijen fan Sony Pictures der fêstige, lykas Columbia Pictures, TriStar Pictures en Screen Gems. Behalven films wurde yn it kompleks ek in hiel soad tillefyzjeprogramma's opnommen, fan komeedzjesearjes en dramasearjes oant realitytillefyzje, tillefyzjekwissen en praatprogramma's.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Regisseur Thomas H. Ince boude yn 1912 syn baanbrekkende Inceville Studios yn 'e wyk Pacific Palisades yn Los Angeles, mar doe't er yn 1915 op lokaasje oan it filmjen wie by de Ballona Creek, waard er bepraat troch Harry Culver, de stifter fan Culver City, om syn studiokompleks dêrhinne te ferhúzjen. Yn dy snuorje wie Ince ien fan 'e oprjochters fan 'e Triangle Film Corporation, dat it wie dy filmstudio dy't him dat jiers as earste yn 'e nije Inceville Studios yn Culver City fêstige. It oarspronklike gebou fan Triangle, mei in opfallende Grykske pyldergong oan 'e foarkant, stiet noch altyd en is no in gemeentlik monumint. Ince foege oan dat earste gebou in pear soundstages en in kantoargebou ta foar't er de boel oerdie oan syn sakepartners D.W. Griffith en Mack Sennett. Sels boude er fierderop oan deselde strjitte doe de Culver Studios.
Nei't Ince fuortgien wie, waarden de Inceville Studios omneamd ta de Triangle Studios. Dy waarden lykwols yn 1918 ferkocht oan filmprodusint Samuel Goldwyn, dy't se omneamde ta de Goldwyn Studios. Goldwyn foege ek in pear nije soundstages ta. Yn 1924 fusearre syn filmstudio Goldwyn Pictures mei twa konkurrinten: Metro Pictures en Louis B. Mayer Pictures. Ut dy fúzje ûntstie Metro-Goldwyn-Mayer (MGM), wêrfoar't de Goldwyn Studios, no omneamd ta de MGM Studios, de wichtichste opnamelokaasje waarden.
Yn it tiidrek fan Klassyk Hollywood wiene de MGM Studios ferantwurdlik foar it ôfleverjen fan 52 films yn it jier. Dêrûnder wiene filmepossen as Ben-Hur (1959), mar de MGM Studios stiene benammen bekend om Technicolor-filmmusicals as The Wizard of Oz (1939), Singin' in the Rain (1952) en Oklahoma! (1955). Foar de produksje fan safolle films waarden twa bykommende backlots oanskaft: Lot 2 oan Overland Avenue, foar it eigentlike studiokompeks oer, en Lot 3 fierder fuort, op 'e hoeke fan Overland Avenue mei Jefferson Boulevard. Nettsjinsteande grutte kommersjele súksessen mei de produsearre films balansearre MGM as filmstudio lange tiid op it rântsje fan it bankrot nei't yn 1948 de bân fan it bedriuw mei de bioskoopkeatling Loews Theaters trochsnien wie troch de útspraak yn 'e anty-trustrjochtsaak United States v. Paramount Pictures, Inc.
Op 10 augustus 1965 resultearre de beruchte MGM-klûsbrân yn 'e MGM Studios yn it ferlies fan hûnderten films út it tiidrek fan 'e stomme film. Yn 1969 waard MGM opkocht troch miljonêr Kirk Kerkorian, dy't in grut diel fan 'e bedriuwsmiddels fan 'e filmstudio likwidearre. Sa waard it meastepart fan 'e filmmemorabilia op in achttjin dagen duorjende feiling by opbod ferkocht. Fierders waard Lot 2 fan 'e hân dien om romte te meitsjen foar wenningbou, wylst alle gebouwen op Lot 3 ôfbrutsen waarden. Kerkorian brûkte it jild dat er sa krige om syn hotelkeatling MGM Resorts International op te rjochtsjen.
Yn 1981 kocht Kerkorian ek filmstudio United Artists (UA) oan, dy't er neitiid fusearje liet mei MGM ta MGM/UA Entertainment Co. Yn 1986 ferkocht MGM/UA de MGM Studios oan Lorimar-Telepictures, wêrnei't it kompleks omneamd waard ta de Lorimar-Telepictures Studios. Lorimar-Telepictures waard yn 1988 oernommen troch Warner Communications. Yn 1989 ferkocht Warner, dat ûnderwilens troch in fúzje mei Time Inc. omfoarme wie ta Time Warner, de Lorimar-Telepictures Studios oan Columbia Pictures, in filmstudio dy't doe krekt oernommen wie troch Sony Pictures. It studiokompleks, dat ynearsten de Columbia Studios kaam te hjitten, ferkearde doe yn minne steat, en Sony Pictures ynvestearre $100 miljoen om 'e boel oer in perioade fan trije jier op te knappen en by de tiid te bringen. Neitiid krige it kompleks syn hjoeddeistige namme.
Fasiliteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sony Pictures Studios beslacht in oerflak fan 1,8 ha. (Yn it ferline, doe't der trije backlots by hearden, besloech it oerflak 7,3 ha.) It studiokompleks omfettet (anno 2023) yn totaal 16 ûnderskate soundstages. Dêrfan is Stage 15 it op ien nei grutste fan 'e wrâld. Njonken de ôfsûnderlike studio's, dy't foarhinne de nammen droegen fan grutte MGM-stjerren as Clark Gable, Judy Garland, Rita Hayworth en Burt Lancaster, binne der fansels ek klaaikeamers, romten foar fisazjy en hierstilearring, wurkplakken foar it meitsjen fan dekôrstikken, kantoarromte en fasiliteiten foar preproduksje en postproduksje. It kompleks wurdt omjûn troch in muorre mei smei-izeren stekken by de poarten. Sawol muorren as poarten binne by de renovaasje fan 1989-1992 tafoege, krekt as nostalgyske art deco-eleminten oan 'e gebouwen en hânskildere muorreskilderings fan filmposters fan âlde produksjes fan Columbia Pictures. Der wurde op deistige basis rûnliedings jûn oer it backlot fan 'e Sony Pictures Studios.
Produksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Sony Pictures Studios opnommen binne:
- Grand Hotel (1932)
- Dinner at Eight (1933)
- Anna Karenina (1935)
- The Wizard of Oz (1939)
- Singin' in the Rain (1952)
- Oklahoma! (1955)
- Ben-Hur (1959)
- Gigi (1958)
- Mutiny on the Bounty (1962)
- Planet of the Apes (2001)
- Hellboy (2004)
- Memoirs of a Geisha (2005)
- The Holiday (2006)
- Angels & Demons (2009)
- Star Trek: Into Darkness (2013)
- Ghostbusters (2016)
Tillefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In seleksje fan tillefyzjesearjes en -programma's dy't alteast foar in diel yn 'e Sony Pictures Studios opnommen binne:
Dramasearjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Party of Five (1994–2000)
- Joan of Arcadia (2003–2005)
- Las Vegas (2003–2008)
Komeedzjesearjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Married… with Children (1994–1997)
- The King of Queens (1998–2007)
- Rules of Engagement (2007–2013)
- The Goldbergs (fan 2013 ôf)
Tillefyzjekwissen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jeopardy! (fan 1994 ôf)
- Wheel of Fortune (fan 1995 ôf)
- Who Wants to Be a Millionaire? (2020–2021)
Praatprogramma's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Donnie & Marie (1998–2000)
- The Queen Latifah Show (2013–2015)
- Chelsea (2016–2017)
Realityprogramma's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- American Gladiators (2008)
- Shark Tank (2014–2020)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|