Klassyk Hollywood

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Klassyk Hollywood is in term dy't troch filmkritisy brûkt wurdt om te ferwizen nei de audiofisuële styl en oare produksjeskaaimerken fan 'e Amerikaanske filmyndustry fan Hollywood fan 'e 1910-er jierren oant de 1960-er jierren. It waard úteinlik de meast ynfloedrike filmstyl fan 'e hiele wrâld, foar't it yn omtrint 1965 oergie yn Nij Hollywood. Klassyk Hollywood wurdt ek wol Ald Hollywood of it Gouden Tiidrek fan Hollywood (Golden Age of Hollywood) neamd, omreden fan it grutte tal tige súksesfolle films dat yn dy perioade makke waard. Klassyk Hollywood wurdt benammen karakterisearre troch de kontinuïteitsmontaazje, dy't ek wol de 'ûnsichtbere styl' neamd wurdt. Neffens dat prinsipe hearre wurk en ynfloed fan regisseur, kameraregisseur, kameralju, filmeditors, en eltsenien dy't mar efter de kamera wurket, yn 'e film net sichtber te wêzen.

Styl[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De styl fan Klassyk Hollywood waard sterk beynfloede troch de Renêssânse. Oare wichtige ynfloeden wiene vaudeville, melodrama en it ekspresjonisme. Benammen it idee dat de minske sintraal stie, rûn as in reade tried troch Klassyk Hollywood hinne. De fertelstruktuer waard dêrby hieltyd stjoerd troch psychologyske motivaasje. Dat betsjutte dat in ferhaal hieltyd in minsklik personaazje folge dat in beskaat doel besocht te berikken. Tiid en romte wiene minder wichtich as de ferhaalline, dy't almeast opdield wie yn twa aksjes: de earste aksje wie hiel faak in romantyske (heteroseksuële) relaasje, wylst de twadde aksje mear saaklik fan aard wie (bgl. it oplossen fan in misdriuw).

Yn it gefal fan tiid wie kontinuïteit yn 'e film tige wichtich. De iennichste tastiene foarm fan tiidsmanipulaasje wie de flashback. En sokke weromblikken mochten inkeld brûkt wurde by it toanen fan in oantinken fan it folge personaazje, of by it yntrodusearjen fan in nij personaazje. Op it mêd fan romte lei, om't de minske sintraal stie, de klam op hângebearten en/of gesichtsútdrukkings. Om dy reden makke men allegeduerigen gebrûk fan medium shots of medium-long shots. Persoanen of objekten dy't fan belang wiene, waarden hieltyd skerp en sintraal yn byld brocht. De aksje dy't him op it skerm ôfspile, wie ek oanhâldend nei de sjogger ta rjochte. En ta einbeslút soargen de beljochting (benammen trijepuntsbeljochting), setdekoraasje en kostúms derfoar dat de personaazjes dúdlik te ûnderskieden wiene fan it fierders eins ûnbelangrike dekôr.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De produksjemetoade dy't yn Klassyk Hollywood wizânsje wie, waard ek wol it studiosysteem of it stjerrestysteem neamd. It wie in standerdisearre manear fan it meitsjen en oan 'e man bringen fan films. De oantsjutting 'studiosysteem' ferwiist nei it feit dat alle meiwurkers oan in film, ynkl. akteurs, filmprodusinten, regisseur, kameraregisseur, kameralju, filmeditors, produksje-ûntwerper ensfh., yn 'e tsjinst wiene by ien beskate (grutte) filmstudio. Dat soarge derfoar dat de filmstyl in gefolch wie fan it belied fan 'e studio ynstee fan de artistike kar fan 'e filmmakkers. Frijwat bekende regisseurs, ûnder wa Alfred Hitchcock, Orson Welles, Howard Hawks en John Ford, fersetten har dêrtsjin, soms mei súkses mar faak om 'e nocht.

It stjerresysteem wie in manear om filmstjerren te meitsjen. Dêrfoar gie men op 'e sneup nei jonge, talintearre akteurs of aktrises. Dy krigen dan faak in nije namme, fral as harren echte namme ûngewoan of bûtenlânsk klonk. Ek krigen se fan 'e filmstudio in nij imago oanmetten, oft dat no by harren wiere identiteit paste of net. Nei dûns-, aktear- en sjonglessen waarden se presintearre as de nije filmstjerren fan 'e oangeande filmstudio. Eins waarden se earder beoardiele op harren libbensstyl en imago as op harren akteartalint. Bekende foarbylden fan filmstjerren út 'e perioade fan Klassyk Hollywood binne Cary Grant (echte namme: Archie Leach) en Joan Crawford (echte namme: Lucille Fay LeSueur).

Studio's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e tiid fan Klassyk Hollywood wiene der acht filmstudio's dy't yn 'e filmyndustry fan Hollywood de tsjinst útmakken. Dat wiene de Grutte 5: 20th Century Fox, RKO Pictures, Paramount Pictures, Warner Bros. en Metro-Goldwyn-Mayer (MGM). Dy fiif studio's foarmen mei-inoar it studiosysteem. Dêropta wiene der de Lytse 3: Columbia Pictures, United Artists en Universal Pictures. United Artists koe trouwens de titel fan 'grutte' filmstudio faak mar kwealk behâlde, en operearre yn haadsaak as stiper en distributeur fan films dy't troch ûnôfhinklike filmprodusinten makke waarden.

Nammen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynfloedrike filmmakkers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tige ynfloedrike regisseurs út 'e tiid fan Klassyk Hollywood wiene: John Ford, D.W. Griffith, Howard Hawks, Alfred Hitchcock, Orson Welles en Billy Wilder. De wichtichste filmprodusinten út it tiidrek wiene Cecil B. DeMille op it mêd fan live action-films en Walt Disney op it mêd fan tekenfilms.

Wichtige akteurs en aktrises[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wichtige akteurs út Klassyk Hollywood wiene: Fred Astaire, John Barrymore, Humphrey Bogart, Marlon Brando, Charlie Chaplin, Gary Cooper, Kirk Douglas, Henry Fonda, Clark Gable, Cary Grant, Charlton Heston, Danny Kaye, Buster Keaton, Gene Kelly, James Stewart en John Wayne. Wichtige aktrises wiene: Lauren Bacall, Ingrid Bergman, Joan Crawford, Bette Davis, Doris Day, Greta Garbo, Ava Gardner, Judy Garland, Jean Harlow, Audrey Hepburn, Katharine Hepburn, Grace Kelly, Virginia Mayo, Marilyn Monroe, Mary Pickford, Ginger Rogers, Jean Simmons, Barbara Stanwyck en Elizabeth Taylor.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.