Springe nei ynhâld

Rumor Has It...

Ut Wikipedy
Rumor Has It…
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Rob Reiner
produsint Ben Cosgrove
Paula Weinstein
útfierend
   produsint
Steven Soderbergh
senario Ted Griffin
kamerarezjy Peter Deming
muzyk Marc Shaiman
filmstudio Village Roadshow Pictures
Section Eight Productions
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Jennifer Aniston
Mark Ruffalo
Kevin Costner
voice-over Jennifer Aniston
byrollen Shirley MacLaine
Richard Jenkins
Mena Suvari
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 25 desimber 2005
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 96 minuten
budget en resultaten
budget $70 miljoen
opbringst $88,9 miljoen
Dizze side giet oer de film út 2005. Foar oare betsjuttings, sjoch: Rumor Has It.

Rumor Has It… is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 2005 ûnder rezjy fan Rob Reiner, mei yn 'e haadrollen Jennifer Aniston, Mark Ruffalo en Kevin Costner. De titel betsjut "It Geroft Giet…" It ferhaal giet oer in jonge frou dy't ûntdekt dat de roman The Graduate en de ferfilming dêrfan basearre binne op 'e seksuele relaasje dy't har mem en beppe yn 'e 1960-er jierren hiene mei ien en deselde man. De film krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy en boekte ek yn 'e bioskopen in teloarstellend resultaat.

Yn 1997 reizget Sarah Huttinger, in skriuwster fan nekrologyen en houliksoankundigings foar The New York Times, foar de brulloft fan har jongere suster Annie nei har âldershûs yn Pasadena (Kalifornje). Se wurdt beselskippe troch har freon Jeff Daly, mei wa't se har koartby ferloofd hat. De jûns foarôfgeande oan Annie har troudei fertelt Sarah lykwols oan har beppe, Katharine Richelieu, dat se noch altyd ûnwis is oft se wol echt mei Jeff trouwe wol. Dêrop blaft Katharine derút dat har dochter Jocelyn, de jong ferstoarne mem fan Sarah en Annie, in wike foar't se mei harren heit Earl troude, noch mei in oare fint útnaaide nei Cabo San Lucas, yn Meksiko.

Yntrigearre troch dat ferhaal giet Sarah de oare moarns, foar de brulloft, op besite by 'muoike' Mitzy, de bêste freondinne fan har mem. Dy befêstiget dat Jocelyn gefoelens hie foar Beau Burroughs, in jonge dy't in klasse heger siet as sy beiden, en dat se in wike foar har trouwerij nei Cabo San Lucas reizge, dêr't de famylje Burroughs in fakânsjefilla hie. Se fertelt ek dat Beau de bêste freon wie fan Charles Webb, de skriuwer fan 'e roman The Graduate. (Dat boek giet oer in teenager dy't omslacht mei in famke fan syn jierren, mar tagelyk ferlaat wurdt troch har mem, Mrs. Robinson.) Nei't se dat sein hat, falt muoike Mitzy hommels stil, as oft se ynienen wat beseft.

Jeff wiist derop dat Sarah har âlden noch gjin njoggen moannen troud wiene doe't sy berne waard. Om't sy altyd wat oars west hat yn har famylje en nea echt in bân krije kinnen hat mei har heit of har suster Annie, begjint Sarah har ôf te freegjen oft Beau Burroughs net har biologyske heit wêze kin. Nei't se der in skoft oer neiprakkesearre hat, begrypt se ek wat muoike Mitzy net sizze woe: se fermoedet dat Webb syn boek basearre hat op 'e relaasje fan Beau Burroughs mei Jocelyn en Katharine. As Sarah har beppe Katharine derfan beskuldiget Mrs. Robinson te wêzen, ûntstriidt dy dat net.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei de brulloft beslút Sarah om net streekrjocht werom nei New York te fleanen, lykas Jeff docht, mar om ynstee oer San Francisco te reizgjen. Se hat nammentlik útsocht dat Beau Burroughs, dy't no in rike sakeman yn Silicon Valley is, dêr oanwêzich is op in konvinsje. Har foardwaand as in sjoernaliste (wat wier is) dy't in artikel oer de konvinsje skriuwe wol (wat net wier is), kringt se troch yn 'e seal dêr't Burroughs in taspraak hâldt. Neitiid sprekt se him oan en freget se him planút nei syn relaasje mei har mem en beppe. Burroughs jout ta dat er mei beiden op bêd west hat, mar hy bewissiget Sarah derfan dat er beslist net har biologyske heit wêze kin om't er steryl is sûnt er by in fuotbalwedstryd op 'e middelbere skoalle in testikulêr trauma oprûn hat doe't in lid fan it rivalisearjende alvetal him by fersin bienhurd tusken de skonken skopte.

Sarah betanket Burroughs derfoar dat er mei har prate woe en jout har ôf, mar as er letter sels ek it hotel útgiet dêr't de konvinsje holden wurdt, stiet se gûlend op in taksy e wachtsjen. Se hat har nammentlik altyd in bûtensteander field yn har eigen famylje, en se hie hiel har hoop fêstige op 'e teory dat Burroughs har biologyske heit wie. No't dat ûnmooglik blykt te wêzen, moat it wol oan har lizze. Burroughs kin har dêr sa mei goed fatsoen net stean litte, dat hy troaid har mei foar in drankje. Sarah drinkt tefolle en beslút yn beskonken steat de sjarmante Burroughs te tútsjen. De oare moarns wurdt se neaken wekker yn syn bêd yn syn filla bûten San Francisco, as de trêde generaasje fan har famylje dy't seks hân hat mei Burroughs.

Hoewol't se har tige skuldich fielt oer har hâlden en dragen (se is ommers ferloofd mei Jeff), lit Sarah har troch Burroughs beprate om dy jûns mei him nei in goeddiedichheidsbal te gean. Dêr komt se yn 'e kunde mei Blake, de soan fan Burroughs. Sarah wurdt rare kjel, want se tinkt dat Burroughs har foarliigd hat oer syn steriliteit. Se wurdt suver fysyk mislik by de gedachte dat se miskien wol mei har biologyske heit op bêd west hat. Burroughs leit har lykwols út dat Blake berne is út reagearbuisbefruchting mei it sied fan in anonime spermadonor, mei't se eks-frou graach bern hawwe woe.

Opluchte tutet Sarah Burroughs, en wurdt sa op 'e die trappearre troch Jeff, dy't ûngerêst út New York wei hielendal nei San Francisco reizge is doe't er mear as 24 oeren neat fan Sarah hearde. Sarah besiket út te lizzen wat de bard is, mar as se opbychtsje moat dat se mei Burroughs op bêd west hat, begrypt se sels ek wol dat dat eins net út te lizzen falt. Jeff jout har noch ien kâns en freget har plompwei om mei him te trouwen. As Sarah net daliks antwurdet mar ynstee wifelet, wit hy genôch en jout him ôf om wer nei hûs te gean.

Te lider slein reizget Sarah werom nei Pasadena, dêr't se by har beppe Katharine te rie giet. Dy ûntstekt lykwols yn grime sadree't se heart dat Burroughs mei har beppesizzer sliept hat. Wylst se noch oan it redendielen binne, wurdt Katharine opskille troch Sarah har heit Earl, dy't fertelt dat Annie ûnderweis nei Belize foar har houliksreis yn it fleantúch in panykoanfal krigen hat en weromkeare moatten hat. Annie is alhiel oerémis, en as se heart dat Sarah by Katharine is, stiet se derop dat se inkeld mei Sarah prate wol. Dat Sarah giet wer nei har âldershûs en besiket Annie te treasten. Om har derfan te oertsjûgjen dat sy (Annie) net it stomste lid fan 'e famylje is, fertelt se har dat sy (Sarah) op bêd west hat mei in man dy't ek seks hân hat mei harren mem en beppe. Se stelt Annie, wa har panykoanfal feroarsake waard troch twifels oer har houlik, ek gerêst dat se wier wol fan har brêgeman Scott hâldt. Dêrtroch beseft Sarah dat sysels ek wier wol fan Jeff hâldt.

As Burroughs yn Pasadena opdûkt om te besykjen en bepraat Sarah om mei werom te gean nei San Francisco, liedt dat ta in lulke konfrontaasje mei Katharine. It docht ek bliken dat Sarah har heit Earl de fuotballer wie dy't Burroughs op 'e middelbere skoalle yn 'e testikels skopte en steryl makke. Dat makket dat Burroughs yn 'e oanwêzigens fan Earl Huttinger wat senuweftich is, hoewol't Katharine it beskôget as in foarm fan kosmyske rjochtfeardichheid. Sarah makket Burroughs dúdlik dat it neat tusken harren wurde kin. As se neitiid, foar it earst yn har libben, in djipdollend petear mei har heit hat, fertelt dy dat er alles ôfwist fan 'e românse fan Jocelyn en Burroughs. Mar it koe him neat skele, want Jocelyn kaam by him werom om't se yn Cabo San Lucas ta it besef kaam dat se wier fan him hold, en dat hy de man wie mei wa't se in libben opbouwe woe. Hy fertelt ek dat Sarah oanset is yn 'e nacht nei't Jocelyn út Meksiko weromkommen wie. Mei't se in pear wike te betiid berne waard, ferklearret dat de timing fan har berte yn ferhâlding ta de trouwerij fan har âlden.

Sarah reizget werom nei New York, dêr't se Jeff opsiket yn syn appartemint en him fertelt oer har gefoelens foar him. Se freget him om har werom te nimmen, wittend dat se dêr eins gjin rjocht op hat. Jeff, dy't sels ek mei syn gefoelens yn 'e tiis sit, lit har earst sûnder wat bedijd te hawwen fuortgean, mar as har lift op 'e grûnferdjipping fan syn appartemintekompleks arrivearret en de doar iepengiet, wurdt Sarah opwachte troch in hymjende Jeff, dy't as in mâlenien alle treppens by del draafd is om earder as de lift ûnder te wêzen. Hy nimt har werom op it betingst dat, mochten se in dochter krije, dy nea yn 'e neite fan Beau Burroughs komme mei.

Jennifer Aniston.
Mark Ruffalo.
Kevin Costner.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Sarah Huttinger
voice-over
Jennifer Aniston
Jeff Daly Mark Ruffalo
Beau Burroughs Kevin Costner


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Katharine Richelieu Shirley MacLaine
Earl Huttinger Richard Jenkins
Annie Huttinger Mena Suvari
'muoike' Mitzy Kathy Bates (net fermelden op 'e ôftiteling)
Roger McManus Christopher McDonald
Scott Steve Sandvoss
Blake Burroughs Mike Vogel

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rumor Has It… soe oarspronklik regissearre wurde troch Ted Griffin, dy't sels ek it senario skreaun hie. Koart nei't de opnamen op 21 july 2004 úteinset wiene, ûntstiene der lykwols swierrichheden op 'e set. Al yn 'e earste wike rekke de produksje ferskate dagen efter op it skema, en op 5 augustus ûntsloech Griffin kameraregisseur Ed Lachman. De deis dêrop waard Griffin sels oan 'e dyk set troch útfierend produsint Steven Soderbergh. De produksje waard stillein om 'e ferfangend regisseur Rob Reiner by steat te stellen en fier feroarings troch yn it senario, de cast en de filmcrew. Sa waarden de oarspronklike akteurs Charlie Hunnam, Lesley Ann Warren, Tony Bill en Greta Scacchi ferfongen. Op 18 augustus waarden de opnamen ferfette.

As produsinten wiene by Rumor Has It… Ben Cosgrove en Paula Weinstein belutsen, foar de filmstudio's Village Roadshow Pictures en Section Eight Productions. Der wie in budget fan $70 miljoen foar de film beskikber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Peter Deming, wylst de filmmuzyk komponearre waard troch Marc Shaiman.

De distribúsje fan Rumor Has It… waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 25 desimber 2005 yn premiêre yn 'e bioskopen, en op 9 maaie 2006 kaam er út op dvd. It soundtrackalbum ferskynde op 3 jannewaris 2006.

Rumor Has It… krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy. Sa skreaun A.O. Scott yn The New York Times: "[De film] sil noch wol minder wêze kinnen hawwe, al soe ik op dit stuit net sa ien, twa, trije sizze kinne hoe. MacLaine en Costner binne professionals mei ûnderfining, dy't de flauwe humor yn 'e dialooch better útkomme litte as dat er fertsjinnet, en Jennifer Aniston is like kranich en ynnimlik as altyd […] [Mar har] krewearjen is weismiten oan in film dy't net iens de belangstelling foar himsels lykje kin te bewarjen." Yn it tydskrift Rolling Stone omskreau Peter Travers it senario fan Ted Griffin as "einepikefel fan walging oproppend".

Mick LaSalle fan 'e San Francisco Chronicle skreau: "De film hat dat fatale trijelûk dat karakteristyk begjint te wurden foar romantyske kommedzjes fan Reiner: kliemsk sentimint, healwize sênes dy't de haadpersoanen trivialisearje, en in ôfkear fan aventoer." Yn it blêd Variety skreau Brian Lowry: "[…] Rumor Has It… begjint mei in yntrigearjend útgongspunt […], mar [de film] ferwurdt ta in ûnynteressante românse, op smaak brocht mei te min komeedzje […]. Der is hjir it siedsje fan in idee, mar de race troch de plot fan Reiner en Griffin […] giet sa fluch dat dy earme Sarah mar selden de tiid hat om te sykheljen […]."

Roger Ebert, dy't skreau foar de Chicago Sun-Times, fûn de film wol slagge. Hy murk op: "De plot […] klinkt as in gimmick. Dat is om't it ek in gimmick is. Mar it is in goede gimmick. En Rumor Has It… wurket om goede redens, wêrûnder in kundige opbou fan it ferhaal en de oanwêzigens fan Kevin Costner […], in natuerlik akteur mei in ûnbidich garisma […]. Dit is gjin geweldige film, mar hy mei it oansjen lije en der sitte in stikmannich goede grappen yn. De casting fan Aniston is krúsjaal, want sy is de heldinne fan it ferhaal, en […] hat de persoanlikheid om it oannimlik te meitsjen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Rumor Has It… in leech goedkarringspersintaazje fan 19%, basearre op 113 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Dizze parody op The Graduate hat in solide cast, mar is te licht fan gewicht om alhiel binnen te kommen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Rumor Has It… in goedkarringspersintaazje fan 35%, basearre op 29 resinsjes.

Rumor Has It… brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $43 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $45,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $88,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $70 miljoen betsjut dat in meagere winst fan $18,9 miljoen, dêr't de marketingkosten noch ôf moatte. Neitiid waard noch wol $21 miljoen byfertsjinne oan dvd-ferkeap yn 'e Feriene Steaten.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.