Prêrjehazze
prêrjehazze | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Lepus townsendii | ||||||||||||
Bachman, 1839 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De prêrjehazze (wittenskiplike namme: Lepus townsendii), ek stavere as prêryhazze of prairiehazze, en ek wol de wytsturthazze neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Mei û.o. de (gewoane) hazze (Lepus europaeus) heart dizze soarte ta it ûnderskaai fan 'e echte hazzen (Eulagus). De prêrjehazze komt foar op it noardlike diel fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika en yn en bewesten de Rocky Mountains. It is in grutte hazze mei in herbivoar dieet en in bestean as in solitêr libjend nachtdier. Nettsjinsteande it kâlde klimaat yn syn ferspriedingsgebiet winterdeis hâldt er gjin wintersliep. De IUCN klassifisearret de prêrjehazze as net bedrige.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e prêrjehazze beslacht de noardlike helte fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, it sintrale diel fan 'e Rocky Mountains en in grutte stripe woastinich lân westlik fan dat berchtme. Yn 'e Feriene Steaten begjint it areaal fan dit bist yn it easten al yn westlik en sintraal Wiskonsin en súdlik, sintraal en noardwestlik Minnesota, wat oarspronklik boskgebieten wiene. Op 'e prêrjes fan 'e Grutte Flakten komt de prêrjehazze foar yn hiel Noard-Dakota en Súd-Dakota, hast hiel Iowa en fierders it uterste noardwesten fan Missoery, de noardwestlike helte fan Nebraska en de noardwestpunt fan Kansas.
Yn 'e Rocky Mountains libbet dit bist yn hiel Wyoming, frijwol hiel Montana en Idaho, yn Colorado útsein it uterst súdeasten en súdwesten, en yn Nij-Meksiko yn it uterste noarden. Bewesten de bergen komt de prêrjehazze ek foar yn 'e woastinen fan 'e Grutte Dobbe yn hast hiel Utah, de noardeastlike helte fan Nevada en de dielen fan Oregon en Washington beëasten de Cascades. Yn it westen fan Nevada en it noardeasten fan Kalifornje omfettet it ferspriedingsgebiet fan 'e prêrjehazze fierders noch de Sierra Nevada. Behalven yn 'e Feriene Steaten komt dit bist ek foar op 'e Grutte Flakten fan 'e Kanadeeske provinsjes Manitoba, Saskatchewan en Alberta, yn 'e Rocky Mountains yn it suden fan Alberta, en teffens yn in hoekje fan it súdwesten fan Britsk-Kolumbia.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De prêrjehazze hat trochinoar in kop-romplingte fan 491/2–55 sm, mei in sturtlingte fan 61/2–10 sm en in gewicht fan 21/2–41/2 kg. De earen, dy't relatyf koart binne foar in hazze, hawwe in lingte fan 10–11,3 sm. De krêftige efterpoaten mjitte 141/2–161/2 sm yn lingte.
Der bestiet in bytsje seksuele dimorfy by dizze soarte, yn 'e sin dat de moerhazzen justjes grutter binne as de rammen Fan it begjin fan 'e maityd ôf nimt it gewicht fan 'e moerhazzen yn 'e regel ta yn ferbân mei drachtigens, wylst dat fan 'e rammen ôfnimt troch de ynspannings dy't se leverje moatte yn it ramt fan fuortplantingskompetysje. De prêrjehazze is de grutste hazzesoarte fan Noard-Amearika útsein de poalhazze (Lepus arcticus) en de Alaskahazze (Lepus othus). De grutte fan 'e prêrjehazze fariëarret lykwols mei de noarderbreedte dêr't er libbet, mei't eksimplaren út it noarden fan it ferspriedingsgebiet suver wol twaris sa grut wêze kinne as guon út 'e midden fan it areaal. Der binne seldsume eksimplaren dokumintearre mei in gewicht fan 9 kg.
De pels fan 'e prêrjehazze is op 'e rêch, kop, poaten en siden dûnkerbrún oant grizich brún, wylst de bealch en kiel bleek griis binne. De earen binne kastanjebrún, mei swarte puntsjes oan 'e úteinen. Om 'e eagen hinne sit in wite râne. Hjerstmis krije prêrjehazzen by it ferhierjen in witige boppepels, sadat se yn it winterhealjier opgeane yn 'e snieïge eftergrûn.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Prêrjehazzen komme foar op flakten mei in prêrjebegroeiïng, mar ek yn drûgere gebieten lykas steppes en healwoastinen. Yn 'e bergen, dêr't se benammen te finen binne op berchgreiden mei wat fersille nullebeammen, komme se foar oant in hichte fan likernôch 3.000 m. Yn westlik Kanada libje prêrjehazzen ek faak yn parken yn gruttere stêden.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De prêrjehazze is in nachtdier dat oer it algemien pas yn 'e jûnsskimer op 'e lapen komt. De dei bringt er rêstend troch yn syn leger, in ûndjip dobke fan 46–61 sm lang, 20–30 sm breed en oant 20 sm djip, dat er makke hat ûnder it beskûl fan opgeande fegetaasje. Faak rinne der sichtbere rillen by it leger wei yn 'e rjochting fan foerazjearplakken dy't gauris troch de hazze besocht wurde. By 't winter, as der fral yn it noarden fan it ferspriedingsgebiet in tsjûk pak snie leit, binne de foerazjearplakken mei it leger ferbûn troch tunnels yn 'e snie, mei't prêrjehazzen gjin wintersliep hâlde, al hoe kâld it ek wurdt.
Prêrjehazzen hawwe in goed gesichtsfermogen, mei in eachweid fan 360° om't de eagen oan 'e sydkanten fan 'e kop sitte. Sadwaande it is frijwol ûnmooglik om se te beslûpen. Dêr komt noch by dat ek it gehoar tige skerp is, mei earen dy't draaie kinne om 'e boarne fan elts lûd te lokalisearjen. As se benei kommen wurde troch in rôfdier, fertrouwe se yn earste ynstânsje op harren skutkleur, dy't har, salang't se har net ferwege, frijwol ûnsichtber makket tsjin 'e eftergrûn fan gelikens kleure planten of snie. As it rôfdier har de rêch ta keart, slûpe se soms stilwei fuort. Wurdt it rôfdier har dochs gewaar, of komt it troch klearebare tafal tichter by as de hazze noflik fynt, dan springt er ynienen oerein en naait sa hurd mooglik út wylst er in sigesaagjende koers folget om it de efterfolger sa dreech mooglik te meitsjen. Prêrjehazzen kinne sprongen meitsje fan mear as 5 m en in faasje berikke fan 55 km/h, sadat der net folle rôfdieren binne dy't har oer de lange ôfstân byhelje kinne.
De prêrjehazze liedt in solitêr bestean, dat inkeld ûnderbrutsen wurdt foar de fuortplanting. De peartiid is foar dit bist fariabel en hinget ôf fan 'e noarderbreedte, de hichte boppe seenivo en oare faktoaren oangeande it habitat. Yn guon dielen fan it ferspriedingsgebiet begjint de peartiid al yn febrewaris, wylst er yn oare dielen pas yn july einiget. As in moerhazze jachtich wurdt, ferkringe ferskate rammen inoar om har oandacht te winnen, wêrby't se op agressive manear op inoar ta drave, oerinoar hinne springe en inoar fanside triuwe. De ovulaasje fynt by de prêrjehazze pas plak nei de pearing.
De draachtiid duorret likernôch 42 dagen, en yn dy tiid beklaait de moerhazze har leger mei by harsels útroppe hier. In smeet kin by de prêrjehazze út 1–11 jongen bestean, mar ornaris binne it der 4–5. By de befalling sit de pels der al op en binne de eachjes iepen, sadat se binne minuten nei de berte al mobyl binne. In jong prêrjehaske weaget by de berte likernôch 100 g. De moerhazze lit de jongen in grut part fan 'e dei allinnich en as de hazzen yn parken libje, wurde de jongen gauris oppakt troch goedmienende lju dy't tinke dat se troch de mem yn 'e steek litten binne. Se wurde dan nei in biste-opfang bringe. Dat naam sokke foarmen oan dat de Kanadeeske dierebeskerming in offisjele ferklearring útgean litten hat wêryn't it publyk frege waard om jonge haskes lizze te litten. Mei 2 wiken begjinne de jongen al stadichoan sels te foerazjearjen, en mei 4 wiken wurde se ôfwûn. Mei 7 moanne binne se geslachtsryp, mar se nimme pas yn har twadde libbensjier diel oan 'e fuortplanting.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De prêrjehazze is in herbivoar, dy't benammen gerzen en krûden fret, oanfolle mei blêden, knoppen, twigen en skoars fan strewellen. Hy fret ek wol lânbougewaaksen oan, wat him net dierber makket by bouboeren en eigners fan kokentunen.
Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e prêrjehazze binne de foks (Vulpes vulpus), de grize foks (Urocyon cinereoargenteus), de sulverdas (Taxidea taxus), de prêrjewolf (Canis latrans), de reade lynks (Lynx rufus) en de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis). Foar de grize wolf (Canis lupus) en de poema (Puma concolor) foarmje prêrjehazzen mar in lyts hapke, mar likegoed litte dy bisten harren net rinne. Jonge prêrjehazzen wurde soms oanfallen troch slangen fan ferskate soarten. Fierders moatte prêrjehazzen de loft goed yn 'e rekken hâlde, mei't se ek op it menu steane foar rôffûgels as de keningsearn (Aquila chrysaetos), de Amerikaanske see-earn (Haliaeetus leucocephalus), de reade rûchpoatmûzefalk (Buteo regalis) en de Amerikaanske oehoe (Bubo virginianus).
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De prêrjehazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Der liket in negative populaasjetrend geande te wêzen, mar net yn dy mjitte dat it in opname yn in bedrige kategory rjochtfeardigje soe.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 2 (stân fan saken yn 2023) erkende ûndersoarten fan 'e prêrjehazze (Lepus townsendii):
- L. t. townsendii (bewesten de Rocky Mountains)
- L. t. campanius (beëasten de Rocky Mountains)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|