Port Eternity
Port Eternity | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | C.J. Cherryh | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 1982, New York | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | Alliance-Union Universe-rige | |
kodearring | ||
ISBN | 0 87 99 77 698 |
Port Eternity is in koarte, op himsels steande science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel kin oerset wurde as: "Haven fan 'e Ivichheid" of "Ivichheidshaven". It boek fertelt it ferhaal fan in romteskip dat fêst komt te sitten yn in parallelle diminsje. Port Eternity wurdt, yn 'e mande mei Voyager in Night en Cuckoo's Egg, gauris oantsjut as ien fan 'e Age of Exploration-boeken, in trijetal op harsels steande romans binnen Cherryh har Alliance-Union Universe-rige, wêrfan't de boeken yn in mienskiplike foarm fan 'e takomst spylje. Port Eternity waard yn 1982 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books. Yn 2000 waard it werútjûn yn 'e omnibusedysje Alternate Realities, yn 'e mande mei twa oare koarte romans, Wave Without a Shore en Voyager in Night.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferhaal fan Port Eternity fynt plak oan 'e Union-kant fan Cherryh har Alliance-Union-universum, yn 'e fiere takomst, as de minskheid him nei de stjerren ta ferspraat hat. Oarspronklik wie Cherryh fan doel en neam it boek Involutions ("Ynvolúsjes"), yn 'e sin fan 'krommings nei binnen ta', om't it ferhaal neffens har in spiraalfoarm hat dy't almar lytser wurdt. Nei oerlis mei har útjouwer Donald Wollheim besleat se lykwols te kiezen foar in tagonkliker titel; dat waard Wollheim syn optinksel Port Eternity.
Port Eternity is in science fiction-roman, mar omfiemet ek beskate fantasy-eleminten, dy't benammen fuortfloeie út 'e konneksje mei de Arthurleginden. Elts haadstik begjint mei in sitaat út Alfred Lord Tennysons ferneamde gedichtesyklus oer kening Arthur-en-dy, Idylls of the King. Yn maaie 1996 joech Cherryh in fraachpetear oan Raymond H. Thompson, dat lykwols pas yn desimber 2010 publisearre waard. Dêryn befêstige de skriuwster dat har wichtichste boarne foar Port Eternity Tennyson syn Idylls of the King wie.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Port Eternity is skreaun yn it ik-perspektyf fanút de persoan fan Elaine. Hja is in Azi-kloan, in wêzen mei in minsklik genoom dat lykwols foar de wet net as in 'berne-minske' (d.w.s. in folweardige minske) beskôge wurdt (mar ynstee as in 'makke-minske'). Azi's wurde yn grutte kloften produsearre op kloane-'buorkerijen' as wiene se in soarte fan lânbougewaaks of domestisearre bist. Se wurde programmearre mei psychologyske settings dy't harren geskikt meitsje foar in beskate taak, mar ûngeskikt foar alle oare taken. As se de leeftyd fan fjirtich jier berikke, wurde se weromstjoerd nei de buorkerij om eutanasearre te wurden.
Elaine is in Azi dy't makke is om as tsjinstfaam te wurkjen. Har wurkjouster/eigneresse is de smoarrike Dela Kirn, in frou fan yn 'e santich dy't troch ferjongingsterapy in lichem hat dat noch mar tritich jier âld is. Dela is tige wei fan 'e Arthurleginden, en hat al har Azi-kloanen nammen út dy oerâlde ferhalen jûn. Sa binne der behalven Elaine û.o. Dela har boekhâldster Vivien en har minner Lancelot ("Lance"). Elaine wit dat, want se 'lient' wolris in film út 'e bibleteek fan har masteresse, en by tafal hat se sa ea ris de Arthurleginde ûntdutsen. Yn har tiid is film in ynteraktyf medium, dat ûndergien wurdt as in foarm fan virtual reality. Om't se besefte dat se ferneamd is nei de Elaine út 'e film hat it belibjen fan 'e film har psychologyske settings útwreide, wat har mear begripe lit fan 'e wrâld dêr't se yn libbet.
It ferhaal fan Port Eternity begjint as Dela Kirn har lângoed op 'e planeet Brahman ferlit om, sa't se ornaris de helte fan it jier docht, mei har romtejacht de Maid of Astolat by in ferskaat oan wrâlden lâns te reizgjen. Hja nimt Elaine, Vivien en Lancelot mei, en ek har nije frijer, de berne-man Griffin, in telch út in oare rike famylje, dy't yn 'e tritich is en dêrmei sa jong dat er noch nea iens ferlet hân hat fan ferjongingsterapy. Oan board is fierder de bemanning, dy't bestiet út fjouwer Azi-kloanen: Percivale ("Percy"), Gawain ("Wayne"), Modred en Lynette ("Lynn"). Koart nei't de Maid of Astolat ôfset is fan it romtestasjon yn in baan om Brahman hinne, nimt de reis in ûnferwachtse kear as it romteskip op in knoop yn it tiid-romtekontinuum fart en yn in parallelle diminsje skuord wurdt.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Alle opfarrenden fan it romtejacht binne earst tige oandien troch de nije omstannichheden, en it duorret oeren ear't sintugen as gesichtsfermogen en lykwicht har oan 'e nije diminsje oanpast hawwe. As se wer funksjonearje kinne, blykt dat de oandriuwing fan it skip it yn dizze diminsje net docht. De Maid of Astolat beweecht him troch swiertekrêft nei in massa ta, wêroer't Modred, dy't it kundichst is mei de ynstruminten op 'e brêge, yn 't earstoan neat sizze kin útsein dat it withoegrut is en in ûnregelmjittige foarm hat. De opfarrenden bringe benaude oeren troch oant dúdlik wurdt dat it giet om in ûnbidige kliber oaninoar fêst sittende romteskippen, dy't yn it ferline op deselde wize fêstrekke binne as de Maid of Astolat no. As it jacht tsjin 'e massa oandriuwt, set de bemanning it skip fêst mei klammen, sadat it net by de massa lâns skuorje en iepenbrekke kin.
Dela, Griffin en Dela har Azi's moatte neitiid ûnder eagen sjen dat se net wer fuortkomme kinne sille. Modred ornearret dat it ûnbidige romteskip dat de kearn fan 'e massa foarmet, oarspronklik troch in fersin, in ûngelok of in mislearre eksperimint fêst kommen is te sitten yn dizze diminsje, dêr't it oanhâldend gruttere faasje krigen hat en as in stientsje dat oer it wetter sweltsjetipt út en troch de reële romte rekket en dan in knoop yn it tiid-romtekontinuum feroarsaket dat oare skippen nei dizze diminsje ta sûcht. Dêrtroch wurdt de massa fan 'e kliber romteskippen almar grutter, mei as gefolch dat ek de faasje en dêrtroch de swiertekrêft oanhâldend grutter wurde, wat wer betsjut dat sels as de oandriuwing fan 'e Maid of Astolat it dwaan soe, dat net genôch wêze soe om fan 'e massa los te brekken.
Benammen foar Dela en Griffin is dat dreech om te akseptearjen. Foar de Azi's betsjut it betiizjende feroarings. Foar Vivien is der neat mear te boekhâlden, dat se besiket wanhopich in oar doel te krijen dat se fynt yn it opsetten fan in wetterkultuertún op it boppeste dek fan it jacht, om iten te kweken. Lance, oan 'e oare kant, dy't himsels oer en tefolle fielt om't syn masteresse yn oanwêzichheid fan Griffin gjin ferlet hat fan syn tsjinsten, siet de lêste jierren yn noed om't er hast fjirtich jier wie, de leeftyd dêr't Azi's op eutanasearre wurde. No't se fêstsitte op in plak dêr't se nea wer weikomme kinne, is eutanasy fan 'e baan. Elaine sels siket hâldfêst troch op 'e nij de Arthurfilm út 'e bibleteek te 'lienen' en te belibjen. Se ferstoppet it ding op in sideplak yn it mienskiplike nachtkertier fan it tsjinstfolk en de bemanning, dêr't de oare seis Azi's him fine en sûnder euvelmoed sjogge.
It sjen fan 'e film bringt by harren allegearre harren psychologyske settings yn 'e war. Lance begjint syn relaasje mei Dela en Griffin te sjen yn it ljocht fan 'e relaasje dy't de ridder Lancelot hie mei Guinevere en kening Arthur. Percy begjint nei te tinken oer dingen dêr't er noch nea oer prakkesearre hat, en dy't alhiel bûten syn psychologyske settings falle, lykas religy en God. Modred, dy't fan alle Azi's de minst komplisearre settings hat, lit neat blike, mar hy is troch de film foar 't neist noch it meast fan allegear oangrepen, fanwegen de rol fan antagonist dy't syn nammegenoat yn 'e Arthurleginde ferfollet.
Underwilens wurdt dúdlik dat de oare romteskippen om 'e Maid of Astolat hinne mei grutte metalene buizen ferbûn binne mei de kearn fan 'e massa. Al rillegau begjinne de opfarrenden fan it jacht gehammer te hearren dat derop tsjut dat de bewenners fan 'e massa ek in trochgong nei de Maid oan it meitsjen binne. Dat bart op twa plakken: yn it rom, fanút de kearn sels, en op it boppeste dek, fanút in oar romteskip. By it rom komt de trochgong út by in luchtslûs fan 'e Maid of Astolat. In grut diel fan it ferhaal is wijd oan 'e psychologyske effekten dy't dat gehammer fan ûnbekende wêzens mei ûnbekende bedoelings op 'e opfarrenden hat, dy't dochs allegear al mei harren eigen psychyske swierrichheden ompakke. Port Eternity ûntjout him sa ta in psychologyske skriller.
De opfarrenden riede har der sa goed en min as dat giet op ta om intere te wurden. Der binne gjin moderne wapens oan board, mar wol swurden en spearen dy't Dela as ornaminten oan 'e wanden fan 'e fertrekken befêstigje litten hie by wize fan fuortsetting fan it Arthur-tema. En har boaiemleaze beurs hat derfoar soarge dat dat net inkeld fersiersels binne, mar wiere replika's fan Midsiuwske wapens. Underwilens besiket Modred om mei de wêzens dy't op it rom omhammerje, te kommunisearjen. Nei ferrin fan tiid seit er dat er in manear fûn hat om dat te dwaan (troch tapassing fan wiskunde, dat ommers oeral itselde is), mar Dela en Griffin hawwe der gjin fidúsje yn.
Modred wol hawwe dat de wêzens yn it skip litten wurde moatten as de opfarrenden oerlibje wolle, en as er negearre wurdt, beslút er dat dat komt troch syn namme en troch de rol dy't dy oare Modred yn 'e Arthurleginde spile. Dêrop set er op eigen manneboet de luchtslûs yn it rom iepen, in hanneljen dat tsjin al syn psychologyske settings yn giet, mar dat er rasjonalisearret troch himsels foar te hâlden dat it de iennichste wize is om it libben fan syn masteresse te rêden. Modred wurdt neitiid troch Griffin en Lance fêstset, wêrnei't de opfarrenden fan it jacht besykje en hâldt de ynkringers yn it rom tsjin. Dêrfoar moatte se romtepakken drage, want de ynkringende wêzens sykhelje metaan en nimme harren eigen lucht mei deryn. Mei de ûntarikkende wapens strûpt de ferdigening der al rillegau ûnder, mar de metaanazemers lykje alhiel net yn 'e opfarrenden ynteressearre te wêzen en litten harren fierder gewurde. Weriene mei Modred, dy't troch de lieder fan 'e ynkringers by harren brocht wurdt, sykje de opfarrenden harren paad troch de kearn fan 'e massa nei in luchtslûs dy't harren tagong jout ta it diel fan 'e kearn dat befolke wurdt troch wêzens dy't soerstof azemje. Dêr treffe se in ûnbidich grutte romte oan, suver in wrâld allyk, dêr't planten groeie en bûtenierdske wêzens fan alderlei soarte libje, wêrûnder guon yn it wetter fan in grutte mar.
Wat dêrnei bart, fertelt Cherryh yn ien koart, epiloocheftich haadstik. Om't se gjin oare kar hawwe, jouwe de opfarrenden fan 'e Maid of Astolat harren by dy multykulturele maatskippij. As se úteinlik leare te kommunisearjen mei de oare wêzens, komme se te witten dat de bewenners fan 'e kearn, sawol metaan- as soerstofazemers, yn oanhâldende steat fan oarloch libje mei de metaansykheljende wêzens dy't yn it buizestelsel tahâlde op it oerflak fan 'e massa. De metaanazemers dy't de Maid troch it rom ynkrongen, kamen út 'e kearn en waarden oanfierd troch in oerâld wêzen dat de kaptein wie fan it oarspronklike romteskip dat de kearn foarme en dat dêrom simpelwei bekendstiet as 'de Kaptein'. Dyselde en syn ûnderhearrigen woene inkeld dwers troch de Maid of Astolat hinne om 'e metaanazemers tsjin te hâlden dy't it jacht troch it boppeste dek besochten binnen te kringen.
Twa dagen nei't de Maid of Astolat intere waard, wurdt it jacht oan Dela-en-dy weromjûn mei in atmosfear fan soerstof. De opfarrenden keare werom nei it skip, mar de measten fan harren kinne dêr net mear aardzje, hoewol't Modred oan board bliuwt, dêr't er almar nije techniken betinkt en eksperiminten docht, dy't troch Vivien sekuer fêstlein wurde. Dela en Griffin bouwe in wente yn 'e griene wrâld, en ien foar ien ferlitte de Azi's harren masteresse om harren eigen lotsbestimming te sykjen. Percy wurdt in wiisgear, dy't him oer esotearyske saken ûnderhâldt mei wêzens fan alderlei soarte. Lynnette en Gawain wurde ûntdekkingsreizgers, dy't de massa ferkenne, metaankant ynbegrepen. En Lance jout him ôf as er de neite fan Dela en Griffin net mear ferdrage kin, mei't er fan harren beiden hâldt. As Griffin dat ûntdekt, stjoert er Elaine nei him ta om him selskip te hâlden, en neitiid bouwe Lance en Elaine tegearre in toer oan 'e igge fan 'e mar. Dat duorret lange, lange jierren, mar dat makket neat mear út, want tsjin dy tiid hawwe de opfarrenden fan 'e Maid of Astolat ûntdutsen dat yn dizze diminsje it ferâlderingsproses stopset is en dat se yn prinsipe it ivige libben krigen hawwe. De oarloch giet troch en soms, as der in grutte slach driget, ropt de Kaptein alle wêzens op dy't in wapen drage kinne, en dan nimme de opfarrenden fan 'e Maid harren swurden en spearen wer op en jouwe se gehoar oan 'e oprop.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|