Wave Without a Shore
Wave Without a Shore | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | C.J. Cherryh | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 1981, New York | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | Alliance-Union Universe-rige | |
kodearring | ||
ISBN | 0 88 67 71 013 |
Wave Without a Shore is in koarte science fiction-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel kin oerset wurde as: "Weach sûnder Kust". It boek, dat ta it subsjenre fan 'e sêfte science fiction heart, fertelt it ferhaal fan 'e planeet Freedom, dy't kolonisearre is troch de minskheid, mar ek bewenne wurdt troch in wrâldseigen bûtenierdsk ras, de ahnit. Der besteane twa maatskippijen njonkeninoar, dy't folslein byinoar lâns libje. Wave Without a Shore is in op himsels steande roman binnen Cherryh har Alliance-Union Universe-rige, besteande út in grut tal boeken dy't yn in mienskiplike foarm fan 'e takomst spylje. Wave Without a Shore waard yn 1981 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books. Yn 2000 waard it werútjûn yn 'e omnibusedysje Alternate Realities, yn 'e mande mei Port Eternity en Voyager in Night.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wave Without a Shore giet oer de planeet Freedom, in relatyf earme wrâld yn in takomst as de minskheid him ferspraat hat nei de stjerren, dy't net folle kontakt hat mei lju fan bûten. Doe't de earste minsklike kolonisten inkele iuwen lyn op Freedom arrivearren, libbe dêr al in wrâldseigen ras fan yntelliginte bûtenierdske wêzens, de freedsume en herbivoare ahnit. De neikommelingen fan 'e kolonisten hawwe de filosofy fan 'e eigen reäliteit ta it uterste trochfierd, en leauwe dat eat net bestiet as sy it net as ûnderdiel fan harren reäliteit beskôgje. De ahnit binne op dy manear 'ûnsichtber' foar harren, ek al libje se tusken harren yn en geane se dêr't se mar wolle. De minsken beare lykwols út alle macht dat se de yn blauwe mantels klaaide bûtenierdsen net sjen kinne. As dat mislearret, en in minske jout der yn it bywêzen fan oaren blyk fan dat hy of sy de ahnit sjen kin, dan wurdt dy minske foar de oaren ek 'ûnsichtber'. Sokke minsken wurde 'Oaren' neamd, en se wurde beskôge as sljochtsinnich, en hoewol't eltsenien fansels wit dat se besteane, wurde se troch alle oare lju negearre as hinget har libben derfan ôf (wat yn sekere sin ek sa is). De Oaren klaaie har yn blauwe mantels, lykas de ahnit, en besteane yn 'e marzje fan 'e maatskippij, dêr't se oerlibje troch dieverij fan iten, drinken en oar libbensnedichheden. De minsken dy't it slachtoffer wurde fan sokke dieverij, beare dat se neat kwytrekke binne, want oars soene se it bestean fan 'e Oaren erkenne moatte. Minsken fan bûten Freedom dy't soms de planeet oandogge, de saneamde 'Bûtensteanders', besauwe har oer dizze gong fan saken en beskôgje de wize fan libjen op Freedom as folslein idioat. Dat lit de minsken op Freedom lykwols alhiel kâld, want ek Bûtensteanders hearre net ta harren reäliteit.
It boek begjint mei Herrin Law, in jonge út in boeregesin op it plattelân bûten de provinsjestêd Camus, op it wrâlddiel Sartre. As bern wurdt by him al in tige hege yntelliginsje fêststeld, sadat er foarbestimd is om nei de universiteit te gean yn it fiere Kierkegaard, de haadstêd fan Freedom. Dat soarget derfoar dat er him boppe de minsken yn syn om-en-by ferheft begjint te fielen, sadat it as in ferromming komt as er âld genôch is om Camus en syn famylje efter te litten om nei de universiteit ta. Mar ek op 'e universiteit yn Kierkegaard stekt Herrin mei syn yntellekt en syn talint om keunstner te wurden mei kop en skouders boppe sawol syn dosinten as de measten fan syn mei-studinten út. De iennichsten dy't him belykje kinne, binne Waden Jenks, de soan fan 'e earste boarger Cade Jenks (de diktator fan Freedom), en Keye Lynn, in studinte kreätive etyk. Mei Waden rekket Herrin befreone, ynsafier't er dêr ta by steat is, en mei Keye kriget er in seksuële relaasje. Herrin rûnet mei gauwens syn oplieding ôf en klimt dan al jong op ta ien fan 'e masters fan 'e universiteit, wat de heechste posysje is dy't men op Freedom berikke kin. Yn dy hoedanichheid jout er ûnder mear les oan studinten.
Mei Waden Jenks praat Herrin ôf dat er in stânbyld fan Waden meitsje sil. Herrin makket plannen om op it plein yn it sintrum fan Kierkegaard in ûnbidich grutte trijefâldige oerkaping te bouwen yn 'e foarm fan in skulp, mei hjir en dêr gatten dy't sinneljocht trochlitte. Op dy manear kin er krekt bepale hoe't dat ljocht op it antlit fan Waden Jenks falle sil, wêrfan't er in reuseftige likenis yn 'e sintrale pylder úthouwe wol. Eltse oere fan 'e dei en eltse tiid fan it jier sil de ljochtfal oars wêze en dêrtroch nije útdrukkings op it grutte gesicht meitsje. Koartsein: Herrin wol Waden ta in soarte fan god meitsje, en dat liket Waden sels skoan ta. Koarte tiid letter komt Waden syn heit hommels en ûnferklearre te ferstjerren en nimt Waden syn plak yn as earste boarger. Dêrop kriget Herrin fuortendaliks it griene ljocht om syn projekt út te fieren. Herrin stelt dêrfoar in hiele bouploech gear, ûnder lieding fan 'e studinten Leona Pace en Carl Gytha.
It duorret moannen om it hiele bouwurk te meitsjen, en Herrin bekommeret him sa lang nearne oars om. Keye Lynn keart har yn dy tiid fan him ôf en kriget in relaasje mei Waden Jenks. Herrin sjocht syn meiwurkers yn 't earstoan inkeld as libbene stikken ark en reau, mar stadichoan bart der wat aparts: de bouploech begjint beskermjende gefoelens foar him te hawwen. As der taskôgers op it projekt ôf komme, wurde dy troch de leden fan 'e bouploech op ôfstân holden mei de fan earbied ferfolle wurden: "Dat is master Law. Steur him net." En as Herrin nei oeren wurkjen oan syn byldhouwurk ferkrampt rekke is, wurdt er oerein holpen, en steane de lju ree mei in mantel en waarm drinken. En it frjemde is, Herrin trappearret himsels derop dat hy ek besitterige gefoelens kriget oangeande 'syn' bouploech. As Leona Pace healwei it projekt yn it iepenbier it bestean fan in groepke ahnit erkent, dy't te ticht by Herrin en syn byldhouwurk kommen wiene, en as gefolch dêrfan sels 'ûnsichtber' en ien 'e Oaren wurdt, muoit him dat tige. Neitiid wurdt har plak ynnommen troch Andrew Phelps. As Herrin oan 'e praat rekket mei in sljochtwei wurkman dy't John Ree blykt te hjitten, fettet er út it neat wei it idee op om oan 'e side fan 'e trijefâldige skulp in brûnzene plaat te befêstigjen, mei de nammen fan eltsenien derop dy't oan it projekt meiwurke hat. Dat seit gau fuort, mei as ûnfoarsjoen gefolch dat de bannen tusken Herrin en syn ploech noch fuortsterke wurde. As it projekt klear is, en de plaat befêstige wurdt, blykt dêr ek de namme fan Leona Pace op te stean, wat fansels nea moatten hie, want hja bestiet net mear. Mar Herrin is der wiis mei.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Underwilens spilet Waden Jenks gefaarlike spultsjes. Om't Freedom sa'n ôfhandige planeet is, en om't der mar selden lju fan bûten komme, is it in gaadlik plak foar piraten om harren romteskippen te befoarriedzjen. Waden makket datoangeande ôfspraken mei de piraat Camden McWilliams, dy't in romteskip hat dat sa swierbewapene is dat it sûnder muoite hiel Kierkegaard mei de grûn lyk meitsje kin. Dêrnei ferriedt er McWilliams lykwols troch in oerienkomst te sluten mei de kriichsmacht fan 'e Keapfardersalliânsje, dy't in romtestasjon yn in baan om Freedom hinne bouwe wol, dat tsjinst dwaan kin as militêre basis foar it bestriden fan romtepiraterij. As útfloeisel fan dy oerienkomst wurdt de romtehaven bûten Kierkegaard yn besit nommen troch de kriichsmacht fan 'e Alliânsje, en kolonel Martin Olsen en syn ûnderhearrigen komme op besyk yn 'e Residinsje, de amtswente fan 'e earste boarger. Herrin fynt dat Waden mei fjoer boartet, en boppedat sjocht er in bykommend probleem. As de ahnit en de Oaren dingen stelle fan 'gewoane' minsken, bliuwe dy yn gebrûk en dûke se faak letter wer op op in merk dêr't men sok spul weromkeapje kin. Mar no begjinne Olsen syn soldaten ek dingen te stellen, om't de gewoane lju harren likemin sjen wolle, en om't soks hjir blykber gewoante is. Mar as sokke bûtensteanders spul stelle, ferdwynt it fan 'e planeet en komt it nea wer werom. Dêrmei wurdt it hiele systeem ûndergroeven en ûntstiet der in sinkgat dat alles opslokt. Herrin besiket dat Waden oan it ferstân te krijen, mar dy is dêr blyn foar.
Nei't er syn grutte projekt ôfrûne hat, siket Herrin Law nei ynspiraasje foar in folgjend stânbyld. Dy fynt er yn tekenings dy't er makke hat doe't er oanwêzich wie by in moeting tusken Waden en de piraat McWilliams. Hy beslút dêrop in stânbyld fan McWilliams te meitsjen. Herrin hat lykwols in flater begien. Waden Jenks is tige ynnommen mei syn stânbyld ûnder de trijefâldige skulp, en mar it giet him net om 'e keunst, mar om syn eigen status, dy't troch it byld fergrutte wurdt. As Herrin lykwols trochgiet mei it meitsjen fan stânbylden, dy't mooglik noch briljanter binne as syn eardere wurk, sil dat wer ôfdwaan oan 'e status fan Waden Jenks. Dêrom fertelt de earste boarger Herrin dat er alles dwaan mei dat er wol, mar dat er nea wer in stânbyld meitsje mei. Herrin wegeret him dêrby del te lizzen. Dêrop lit Waden Jenks in pear soldaten, dy't er 'liend' hat fan 'e romtehaven, en dy't alhiel gjin respekt hawwe foar in master fan 'e universiteit, alle bonken yn Herrin syn hannen brekke sadat it him fysyk ûnmooglik wêze sil om ea noch in stânbyld te meitsjen.
As Herrin heal dwyljend mei syn tebrutsen hannen troch de stêd doarmet, wegerje de minsken him te sjen: om't der him dúdlik wat mankearret, wurdt er as ien fan 'e Oaren beskôge. Hy is dêrmei alhiel fan syn fuotstik fallen. Uteinlik is it in ahnit dy't him oppakt en de stêd útdraacht, en him meinimt nei de heuvels. Herrin ferkeart yn twastriid oft er it bestean fan 'e ahnit no negearje moat, of besykje moat fuort te kommen. Mar mei syn stikkene hannen kin er himsels net rêde, dat úteinlik docht dy fraach der net ta. Yn 'e heuvels oankommen makket de ahnit fan guon planten in pineferlichtsjend middel, dat er Herrin op 'e hannen smaard. As it goed ynlutsen is, lûkt er alle bonken rjocht en spalket er de fingers, eat dat Herrin likegoed noch glûpende sear docht. Neitiid fersoarget de ahnit Herrin, jout him iten en drinken, en helpt him om te sliepen. Herrin kin dêrtroch it bestean fan 'e ahnit net mear ûntkenne, en se reitsje oan 'e praat: de ahnit, dy't Sbi hjit, hat de minklike taal leard troch oanhâldend ûnder minsken te ferkearen, en hy hat sels 'studearre' oan 'e universiteit troch dêr kolleezjes by te wenjen dêr't eltsenien syn oanwêzichheid negearre. Sbi nimt Herrin mei nei in plak yn 'e heuvels, dêr't in heal oerwoekere stânbyld stiet dat yn in fier ferline makke is troch in ahnit-keunstner. It is fan in kundigens en skientme dy't Herrin yn syn wurk miskien ea ris berikke kinnen hie, as syn hannen net brutsen wiene.
Sbi freget Herrin wêr't er hinne wol, en Herrin beslút dat Kierkegaard en Waden Jenks foar him ôfdien hawwe. Hy wol werom nei syn âldershûs yn 'e heuvels boppe Camus. Sbi liedt him dêrhinne op in kuiertocht dy't wiken duorret. As er by syn âldelju thús komt, en Herrin jout blyk fan wat der bard is, wurdt er lykwols ûnsichtber foar harren. Kwetst en teloarsteld jout er him ôf mei Sbi, dy't bûtendoar op him wachte hat om't er dizze ôfrin wol ferwachte hie. Wikenlang tsjogge se doelleas troch de heuvels, wylst sûnder dat Herrin it wit yn Kierkegaard om him socht wurdt troch syn freonen: Gytha en Phelps en John Ree, dy't him dêrfoar sels mank de Oaren bejout. Einlings en te'n lêsten nimt Herrin it beslút dêr't Sbi al dy tiid op wachte hat, om werom te gean nei Kierkegaard en Waden Jenks te konfrontearjen mei de wurklikheid.
De nacht dat sy beiden op 'e heuvelrêch boppe de stêd oankomme, stoart it kaartehûs dat Waden Jenks boud hat, einlings yninoar, as de piraat McWilliams weromkomt en fanút de romte Kierkegaard ûnder fjoer nimt ear't de militêre romteskippen fan Olsen him tsjinhâlde kinne. Herrin en Sbi hastigje harren de brânende stêd yn en treffe de Residinsje heal ferwuostge oan. Waden Jenks beskuldiget Herrin derfan dat dit Herrin syn reäliteit is, om't er wraak nimme woe, en hy smeket Herrin om it te feroarjen. Herrin besiket in manear te finen om syn nije kennis sa te ferwurdzjen dat Waden it begripe kin, dat hy fertelt him dat er in universele reäliteit makke hat en dy loslitten hat, sadat sels hysels der neat mear oan feroarje kin. En no moat de wrâld dêrmei leare te libjen. Sbi bestiet. De ahnit besteane. De Oaren besteane. Eltsenien sjocht en heart tenei eltsenien, en eltsenien erkent inoars bestean. En dat kin nea mear feroare wurde. As er dat heart, flechtet Waden Jenks fuort nei syn priveefertrekken, dêr't er himsels opslút. Keye Lynn flechtet ek, mar trûzelet yn it trepsgat fan 'e triemmen op in plak dêr't in diel fan 'e trepslining los kommen is. Hja falt tepletter en ûntkent Herrin syn reäliteit mei har lêste siken.
Herrin en Sbi geane dêrop nei bûten ta, en ûnder de trijefâldige skulp fine se Carl Gytha, Andrew Phelps, John Ree en oare leden fan 'e bouploech. Der binne ûnsichtberen, lykas guon ahnit en Leona Pace, dy't har by har jouwe. En dêr is ek in oanwaaksende kloft folk dy't siket nei immen, wa dan ek, dy't harren lieding jaan kin yn dizze gaos. "It is master Law," wurdt mei respekt flústere, en dat Herrin ûnsichtber wie, is no net mear wichtich. Herrin sprekt harren ta as de sinne opkommen is boppe de heal ferwuostge stêd, en seit dat eltsenien dy moarnsdage op 'e nij berne is. De hiele wrâld is nij, en minsken en ahnit sille de wrâld no mei-inoar wer opbouwe. Hy ropt de minsken op om 'e deaden te begraven en de ferwûnen nei de universiteit te bringen en it pún op te romjen. En it folk docht wat er seit. Kolonel Olsen komt út it romtestasjon omleech en nei't er gjin sinnich wurd út Waden Jenks krije kinnen hat, siket er Herrin op 'e strjitte op om't der gjin oare foarm fan gesach mear oer is. Herrin stimt deryn ta om mei de kolonel te ûnderhanneljen, mar belûkt Sbi dêrby. De kolonel ynterpretearret dat as in foarm fan bûtenierdsk selsbestjoer, wat betsjut dat hysels no oan spesjale regels bûn is. Neitiid genêze Herrin syn hannen, mar se wurde nea mear wat se wiene. Hy beskriemt dat lykwols net, want ynstee fan stien hat er no in wrâld om foarm te jaan, yn 'e mande mei Sbi en Leona Pace en Gytha, Phelps en John Ree en oaren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|