Oosterland (Wieringen)
Oosterland (Wieringen) | ||
Michaeltsjerke. | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Hollâns Kroan | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 180 (1 jannewaris 2023) | |
Oar | ||
Postkoade | 1779 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 55 'NB, 5° 0 'EL | |
Kaart | ||
Oosterland (Nederlânsk foar "Easterlân") is in doarp yn 'e gemeente Hollâns Kroan yn 'e provinsje Noard-Hollân.
It doarp hat 180 (1 jannewaris 2023)[1] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik wie Oosterland it meast eastlike doarp fan it eilân Wieringen. Alhoewol't it eilân nea fan plak feroare, groeide it oan 'e eastkant wol hieltiten oan. It tsjerkedoarp Oosterland sil oarspronklik in oanlisplak hân hawwe, mar 'de ouwer' kaam hieltiten fierder fuort te lizzen. Yn 'e 14e en/of 15e iuw ferhûzen de bewenners ek nei de nije kust en is it havendoarp Den Oever ûntstien.
De Michaeltsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hjoeddeiske dowestiennen tsjerkegebou komt út de 12e iuw en is in foarbyld fan de romaanske boustyl. By de restauraasje yn 'e jierren 1990 waarden yn it koer fan 'e tsjerke spoaren fan in houten tsjerkje út de 9e of 10e iuw fûn. Yn 'e rekonstruearre krypte fan 'e Michaeltsjerke binne noch in sarkofaach (10e iuw) en trije sânstiennen sarkofagen (12e en 13e iuw), ôfkomstich fan it tsjerkhôf fan 'e tsjerke.
Yn 'e eardere pastorij fan 'e Michaelstsjerke hat de Dútske kroanprins Friedrich Wilhelm fan Prusen (1882-1951) tusken 1918 en 1923 yn ballingskip wenne. De Dútske keizer en syn famylje krigen nei de Earste Wrâldoarloch asyl yn Nederlân. De keizer wenne yn Doarn en syn soan Friedrich Wilhelm waard ferballe nei Wieringen.
Berne yn Oosterland
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Rembertus Westerhoff (14 maart 1801), politikus
- Jeroen Zijlstra (1958), sjonger, tekstskriuwer, komponist en trompettist.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeente Hollâns Kroan | ||
---|---|---|
Doarpen: Anna Paulowna • Barsingerhorn • Breesân • Den Oever • Haringhuizen • Hippolytushoef • Kolhorn • Kreil • Kreileroord • Lutjewinkel • Middenmeer • Nieuwe Niedorp • Nieuwesluis • Oosterland • Oude Niedorp • Slootdorp • Stroe • Van Ewijcksluis • 't Veld • Westerland • Wieringerwaard • Wieringerwerf • Winkel • Zijdewind | ||
Utbuorrens: De Haukes • Kleine Sluis • Moerbeek • Vatrop • Verlaat (foar in part) • Westerklief | ||
· · |