Springe nei ynhâld

Olterterp

Ut Wikipedy
Olterterp
Hippolytustsjerke
Hippolytustsjerke
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Opsterlân
Sifers
Ynwennertal 70 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 6,2 km², wêrfan:
- lân: 6,19 km²
- wetter: 0,02 km²
Befolkingsticht. 11,3 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 03' N 6° 06' E
Lokaasje Olterterp yn de gemeente Opsterlân
Lokaasje Olterterp yn de gemeente Opsterlân
Offisjele webside
Side Beetstersweach-Olterterp
Kaart
Olterterp (Fryslân)
Olterterp

Olterterp is in doarp yn de gemeente Opsterlân, krekt eastlik fan Beetstersweach. It is it lytste doarp fan de gemeente, ûnder it doarp falt ek it buorskip Heidehuzen.

Olterterp hat 70 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Olterterp komt yn 1315 foar as Utrathorp. Utrathorp mei Urathorp (Oerterp) binne nammen dy't de lizzing fan beide doarpen foar de rivier de Boarn oer oanjouwe. It Aldfryske ûtere betsjut "bûtenste" of "oan de bûtenkant lizzend" en ûr "oer" of "boppe". Dat Olterterp is it streamôf lizzende doarp.
De foarmen Otter- en Olter- hawwe lange tiid neist elkoar bestien, mar alinne de fariant Olterterp is oerbleaun.[3]

It Boelens-wapen oan de tsjerketoer

De famylje Fan Boelens wie eartiids eigner fan fierwei it measte lân en opstallen yn Olterterp. Amerozius Ayzo fan Boelens sette oan it begjin fan de 19e iuw útein it ûnlân te beplantsjen mei beammen.

Yn 1793 waard Boelensstate stifte troch Ambrosius Ayso fan Boelens, dy't yn 1907 ferfongen waard troch Huzinge Olterterp dêr't earder de famylje Fan Boelens wenne. It is no it haadkantoar fan It Fryske Gea[4]. By Beetstersweach stiet hearehûs De Horst, dat yn 1907 boud is troch de Beetstersweachster arsjitekt Luitje de Goed (1853-1926).

Bûten Olterterp leit yn 'e rjochting fan it Selmien it Aldhôf, oanlein yn 1830, is it famyljebegraafplak fan de famylje Fan Boelens. Ambrosius Ayzo fan Boelens (1766-1834) liet de heuvel opsmite, dêr't tsjintwurdich 12 stiennen lizze fan syn neiteam, ôffrede troch in smei-izeren hekke. It famyljewapen stiet op it grêf fan Boelardus Augustinus (1791-1830) ôfbylde.[5]

De Wikipedy hat ek in side Sint-Hippolytustsjerke (Olterterp).

Yn Olterterp stiet in tsjerke út 1415 mei in toer út de 18e iuw. It tsjerkegebou is oplutsen út kleastermoppen yn goatyske styl. De tsjerke wie wijd oan Sint Hippolytus. Op de tsjerkeflier lizze sarken út de 17e en 18e iuw. Oan de muorren hingje rouboerden út dy tiid fan belangrike famyljes út dy tiid: Boelens, Lycklama à Nijeholt en Hemminga. Foar de tsjerke is yn 1744 in toer boud, de liedklok is wierskynlik fan 1444. Yn 1974 is it gebou restaurearre. De tsjerke is yn behear by de Stifting Alde Fryske Tsjerken en der wurde geregeld konserten jûn.

It Wite Hûs yn de 40er jierren, oan de tramwei It Hearrenfean - Drachten

Yn 1893 waard it stoomsuvelfabryk "De Hoop" stifte troch de erven Van Boelens, it pear Sandberg-van Boelens fan Arnhim. It molkfabryk stie oan de hoeke fan de dyk nei it Selmien en dy nei It Súd ûnder Drachten. Oant 1917 wie der ek in nôtmeallerij. Nei 1965 waard der ûnderhannele oer in fúzje mei de fabriken fan Boarnburgum, Terwispel en Langsweagen. Yn 1975 folge gearwurking mei dy fabriken ûnder de namme "De Zuid-Oost-Hoek"; letter waard it fabryk part fan "Friesland Frico Domo". Yn 2003 gie de produksje oer nei de suvelfabriken fan Warkum en Bedum en gie it fabryk ticht en waard ôfbrutsen. [6]

Foar foarsjennings is Olterterp oanwiisd op Beetstersweach. Olterterp hat tegearre mei Beetstersweach in feriening fan Pleatslik Belang.

Boskpaad foar it Wite Hûs oer

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2005
Ynwenners 154 184 155 144 137 130 90 96
Jier 2015 2020
Ynwenners 83 80

Achterwei, Aldhôf, Boppefjild, Heidehuzen, Poostwei, Van Harinxmawei.

Opsterlân
Doarpen en útbuorrens:
BakkefeanBeetstersweachFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen:
Ald BeetsAllardseach (foar in part)It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part)Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden
· · Berjocht bewurkje

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. J.J. Spahr van der Hoek, Olterterp yn Fryske Plaknammen diel VIII sd. 19-22.
  4. Peter Karstkarel, 419x Friesland, Van Slijkenburg tot Moddergat. Utjouwerij Noordboek
  5. Ljouwerter Krante, (De krant van toen
  6. sa24.nl