Aldhôf (Olterterp)
Appearance
It Aldhôf is sûnt 1830 it famyljebegraafplak fan de famylje Boelens yn Olterterp. Nei 1828 wie it om hygiënyske redenen ferbean om ferstoarnen yn de tsjerke te beïerdigjen. Dêrom lei Ambrosius fan Boelens in begraafplak oan op it plak op syn lângoed dêr't yn de 14e iuw de tsjerke fan Olterterp stien hawwe moat. De Lykleane, mei links en rjochts in rige bûken, roan fan de tsjerke nei it Aldhôf. It Aldhôf komt op de Schotanus-Halmakaart fan 1718 foar as Old Kerkhof.
Yn 1934 waard it heule lângoed, útsein dit partikuliere begraafplak, eigendom fan de Algemeene Friesche Levensverzekering Maatschappij (AFLM), letter Aegon, no Amvest). Tsjintwurdich lizze der 12 stiennen, ôffrede mei in smei-izeren stek.
- Op it hôf lizze ûnder oare
- Boelardus Augustinus fan Boelens († 1830)
- Amerozius Ayzo fan Boelens (1766-1837)
- Susanna Cornelia Trotz (Demerary (Guyana), 1772 - Olterterp 1848), Ambrosius syn frou
- Fiif fan Ambrosius syn bern, mei harren partners en koart nei de berte ferstoarne bern
- In pakesizzer fan Ambrosius, stoarn mei ien jier, syn âlden kamen yn Swol te hôf
- Akke de Boer († 1889), dy't fjirtich jier as tsjinstfaam bewenster fan Slot Boelens west hie[1][2]
-
AVB
-
Op it hôf
-
De grêfstiennen
-
De Alde Wyk, neist it Aldhôf, sjoen yn de rjochting fan Heidehuzen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |