Springe nei ynhâld

Demerary

Ut Wikipedy
Kaart mei de koloanjes yn Guyana, 1888

Demerary (Ingelsk: Demerara) wie fan 1752 oant 1814 in Nederlânske koloanje oan de noardkust fan Súd-Amearika, oan de ûnderrin fan de rivier de Demarara, yn wat letter Britsk-Guyana waard en no Koöperative Republyk Guyana is.

Demerary wie ûnderdiel fan de Nederlânske koloanje Essequebo (Ingelsk: Essequibo), offisjeel hiet de koloanje Essequebo en Demerary. De rivier waard yn 1745 iepene foar skipfeart, eksploitaasje en it oanlizzen fan plantaazjes. De oprop om jin dêr te festigjen hiene de Britske planters fan Barbados wol earen nei. It Britske elemint yn dit part fan de koloanje wie grut. De koloanje waakste hurd en nei likernôch 20 jier wie Demerary Essequebo foarby kaam.

Nei 1780 waard yn lytse stêd stichte op it eilantsje Borselen yn de rivier Demerara tichtby de mûning. Dy krige yn 1784, nei de Frânske besetting fan de koloanje Essequibo en Demerara fan 1781 oant 1784, de namme Stabroek, ferneamd nei ien fan de heechste bewâldfierders fan de WIC.

Nei't de Britten de koloanje beset holden fan 1796-1802, joegen se Demerary, Essequebo en Berbice by de Frede fan Amiens werom oan de Bataafske Republyk, dat wie op 3 desimber 1802. De frede duorre mar koart en op 19 septimber 1803 waarden Demerary en Essequebo op 'en nij fan Britske troepen beset. Yn 1812 waard de haadstêd Stabroek omdoopt ta Georgetown. Yn 1814 wie er yn Londen in konferinsje dêr't ôfpraat waard dat Demerary, Essequebo en Berbice oan it Feriene Keninkryk ôfstien wurde soe. Dy ôfspraak waard bekrêftige op it Kongres fan Wenen. Demerary, Essequebo en Berbice waarden yn 1831 byinoar brocht ta de koloanje Britsk Guyana.

Kommandanten fan Demerary

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gûverneurs fan Demerary

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]