Springe nei ynhâld

Boelardus Augustinus fan Boelens

Ut Wikipedy
Stamwapen

Boelardus Augustinus fan Boelens (5 septimber 1722, Ljouwert- 9 novimber 1777, Hurdegaryp) wie in Nederlânsk dichter dy't yn 1749 de earst bekende fermelding makke fan de Alvestêdetocht.[1]

Boelardus Augustinus fan Boelens waard yn 1722 berne as soan fan Ayzo fan Boelens en Rinske Lycklama. Hy troude mei Anna Mellinga, se krigen fiif bern, wêrûnder Amerozius Ayzo fan Boelens. Boelardus Augustinus waard bekend troch syn gedicht mei as titel: "de Winter", mei dêryn de âldst bekende fermelding fan de Alvestêdetocht, dy't hy skreau foar syn freon jonkhear Hessel Vegilin van Claerbergen.

't Is Pier die de ellef Steden van Vriesland, op een dag, heeft in het rond gereden, en nog zijn maal met vrede at in den Olyhoek, te Bolsward in den stal, bij Vetlap van den Hoek,[2]

De jonkhear publisearre it gedicht ûnder it pseudonym B. Bornius Alvaarsma. Dêrneist skreau Boelardus Augustinus û.o. it Bruiloftsvers en Geboortedicht, oan de famylje Vegilin fan Claerbergen, diskear ûnder eigen namme. Boelardus Augustinus stoar op 9 novimber 1777 yn Hurdegaryp.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De elfstedentocht, de tocht der tochten.: spanvis.nl
  2. www.geschiedenis24.nl
  3. Biographisch woordenboek der Nederlanden. Diel 2. Earste en twadde printinge, auteur: A.J. van der Aa: dbnl.org