Noardlik Firginia
Noardlik Firginia (Ingelsk: Northern Virginia, soms ôfkoarte ta NOVA) is in gebiet yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Firginia dat ta de stêdekloft fan 'e Amerikaanske federale haadstêd Washington, D.C. heart. It gebiet hat sa'n 2,8 miljoen ynwenners (likernôch in trêdepart fan 'e totale befolking fan Firginia), en der lizze ferskate grutte stêden dy't foarstêden fan Washington, D.C. binne, lykas Alexandria en Arlington. Ek binne der in protte Amerikaanske federale oerheidsynstânsjes fêstige. Noardlik Firginia is it rykste en meast woltierige diel fan Firginia.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e koloniale perioade wie Noardlik Firginia in krite dy't oerjûn wie oan 'e tabakstylt, in foarm fan lânbou dy't op grutte plantaazjes mei de ynset fan negerslaven beävensearre waard. De bekendste plantaazje út dy tiid is Mount Vernon, dat eigendom wie fan George Washington, in generaal út 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1774-1783) dy't neitiid de earste presidint fan 'e Feriene Steaten waard. Yn 1790 joegen Firginia en de buorsteat Marylân beide in lyts diel fan harren grûngebiet op sadat it Distrikt Kolumbia foarme wurde koe, dêr't de nije federale haadstêd Washington, D.C. boud waard (dy't net yn ien fan 'e Amerikaanske steaten lizze mocht). It Firginiaanske diel waard lykwols yn 1846 weromjûn, sadat it hjoeddeiske Distrikt Kolumbia inkeld gebiet omfiemet dat oarspronklik by Marylân hearde.
Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) besochten alve Súdlike steaten har fan 'e Amerikaanske Uny ôf te skieden, wêrûnder Firginia. Dy steaten foarmen in nij lân, dat se de Konfederearre Steaten fan Amearika neamden. As haadstêd dy Konfederaasje waard de Firginiaanske haadstêd Richmond útkeazen, wat betsjutte dat de Noardlike en Súdlike haadstêden mar 160 km útinoar leine. It gefolch wie dat it tuskenlizzende gebiet, dat fierhinne lykslein wurde kin mei Noardlik Firginia, ûnder de oarloch bleatsteld waard oan grutte ferwuostging en omraak bloedferjitten.
Yn 'e tweintichste iuw rekke Noardlik Firginia stadichoan fierhinne ferstedske, mei't de stêdekloft fan Washington, D.C. him almar fierder útwreide. Under de Kâlde Oarloch waarden ferskate wichtige oerheidsynstânsjes yn it gebiet fêstige, lykas it Amerikaanske Ministearje fan Definsje en it haadkertier fan 'e feilichheidstsjinst CIA, wylst der him ek in libbene wapenyndustry ûntjoech, mei in protte high-techbedriuwen. Op 11 septimber 2001 wie it Pentagon, de sit fan it Amerikaanske Ministearje fan Definsje, ien fan 'e doelwiten fan 'e 9/11-oanslaggen. Terroristen fan Al-Qaida boarren dêrby in ferkearsfleantúch yn it mânske gebou, wêrby't 189 minsken omkamen.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noardlik Firginia heart ta de stêdekloft fan 'e Amerikaanske federale haadstêd Washington, D.C., dy't krekt oer de grins, oare kant de rivier de Potomac leit, yn it federale distrikt Kolumbia. Dêropta wurdt it gebiet ek ta de gruttere agglomeraasje fan Baltimore-Washington, D.C. rekkene. Yn 'e regel wurdt ornearre dat Noardlik Firginia tolve countys omfiemet: Arlington, Clarke, Culpeper, Fairfax, Fauquier, Frederick, King George, Loudoun, Prince William, Spotsylvania, Stafford en Warren, mei dêropta noch seis ûnôfhinklike stêden: Alexandria, Fairfax, Falls Church, Fredericksburg, Manassas en Manassas Park. Yn totaal beslacht it gebiet in oerflak fan 10.393 km²
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Noardlik Firginia yn july 2013 in befolking fan 2.775.354 minsken. Dat kaam del op suver persiis in trêdepart fan alle ynwenners fan 'e steat Firginia. De befolkingstichtens fan Noardlik Firginia bedroech 267,0 minsken de km². De 'binnenste ring' fan foarstêden fan Washington, D.C. (besteande út 'e countys Arlington, Fairfax, Loudoun en Prince William en de ûnôfhinklike stêden Alexandria, Fairfax, Falls Church, Manassas en Manassas Park) hie yn 2013 2.368.000 ynwenners, of 28,7% fan 'e steatsbefolking fan Firginia.
Wat de etnyske opbou fan 'e befolking fan boppeneamde 'binnenste ring' fan foarstêden yn Noardlik Firginia oangiet, dy wie neffens de Amerikaanske folkstelling fan 2010 sa: 55,4% blanken; 16,3% Latino's; 11,3% swarten; 10,5% Aziaten; 0,2% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 6,2% oaren of fan mingd etnysk komôf. De Latino-mienskip bestiet foar it meastepart út Salvadoranen, Perûvianen, Portorikanen, Kubanen, Bolivianen, Meksikanen en Kolombianen. Fierders wenje der yn it gebiet oansjenlike mienskippen fan Afganen, Arabieren, Etiopiërs, Filipino's, Fjetnamezen, Ynjers, Koreänen, Oezbeken, Pakistanen, Palestinen, Perzen, Sinezen en Tai.
Ynfrastruktuer en besjensweardichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Noardlik Firginia lizze beide grutte lofthavens fan Washington, D.C., ntl. it Dulles International Airport en it Ronald Reagan Washington National Airport. Fierders is yn Arlington it ferneamde Nasjonaal Begraafplak Arlington fêstige, mei û.m. it lêste rêstplak fan 'e fermoarde presidint John F. Kennedy. Yn datselde plak stiet ek it Pentagon, de sit fan it Amerikaanske Ministearje fan Definsje, wylst de bûtenlânske feilichheidstsjinst CIA syn haadkertier yn Langley hat, en de nasjonale resjersje FBI in grut opliedingsynstitút yn Quantico runt. It Amerikaanske Leger hat yn Noardlik Firginia de bases Fort Myer en Fort Belvoir, wylst it Amerikaanske Korps Mariniers der de Marinierskorpsbasis Quantico hat. Oare bekende plakken yn Noardlik Firginia binne de Mount Vernon-plantaazje fan George Washington en ferskate slachfjilden út 'e Amerikaanske Boargeroarloch, wêrûnder dy fan 'e Earste en Twadde Slach by Bull Run.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |