Nine van der Schaaf

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Nine van der Schaaf
Livro preto.svg skriuwer
Nine van der Schaaf mei in kollega-ûnderwizeresse op it Amelân.
Nine van der Schaaf mei in
kollega-ûnderwizeresse op it Amelân.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Trijntje van der Schaaf
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 29 april 1882
berteplak Terherne (Fryslân)
stoarn 16 july 1973
stjerplak Blommendaal (Noard-Hollân)
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre poëzij, lit. romans, non-fiksje
perioade 1e helte & midden 20e iuw
streaming neo-romantyk, symbolisme
bekendste
  wurk(en)
Friesch Dorpsleven uit
   een Vorige Tijd
jierren aktyf 1906 – ±1960
offisjele webside
n.f.t.

Nine van der Schaaf (folút: Trijntje van der Schaaf; Terherne, 29 april 1882Blommendaal 16 july 1973) wie in yn Frysk ûnderwizeresse, dichteresse, skriuwster en oersetster. Hja wie in sosjaliste, en bleau har hiele libben lang polityk belutsen. Hoewol't se yn it Nederlânsk skreau en it grutste part fan har libben om utens trochbrocht, hat Van der Schaaf yn har romans ek stof oer Fryslân ferwurke.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van der Schaaf waard yn 1882 yn Terherne berne as it trêde fan 'e fiif bern yn it gesin fan timmerman Sjoerd van der Schaaf († 1913) en dy syn frou Antje Thomas Boetje († 1942). Har pake wie doarpstimmerman yn Terherne. Har âlden hiene sosjalistyske sympatyen. Van der Schaaf gie nei de legere skoalle yn Akkrum, dêr't har heit winkelman wurden wie en letter ek yn branje hannele. Hja bedarre nei in pear jier thús west te hawwen yn De Haach, as tsjinstfaam by in dame dy't har by steat stelde om priveelessen te folgjen foar it ûnderwizerseksamen.

Yn 1901 helle Van der Schaaf sadwaande de akte Leger Underwiis en teffens folge hja lessen Frânsk. Yn dy tiid publisearre se al koarte stikjes yn ferskate tydskriften. Har earste roman foltôge se yn 1903 yn Akkrum, dêr’t se weromkeard wie om't har heit siik wurden wie. Dêrnei ferfear se nei Amsterdam en lei se har ta op oersetwurk út it Ingelsk en it Dútsk, mar dat die finansjeel net folle fertuten. Yn 1905 publisearre Van der Schaaf foar it earst yn it sosjalistyske blêd De Beweging. Se wenne in skoft by Albert Verwey, yn Noardwyk, waard warber yn 'e sosjaal-demokratyske SDAP en krige lang om let in oanstelling as ûnderwizeresse yn Bueren, op it Amelân. Dêr stie se fan 1908 oant 1911 foar de klasse, mar moast se úteinlik ophâlde om't se oanhelle rekke wie mei tuberkuloaze. Neitiid moast hja trije jier kuere yn Driebergen en letter yn Switserlân, en yn dy tiid koe se neat oars dwaan as skriuwe. Nei't de tuberkuloaze oerbettere wie, hold Van der Schaaf noch jierrenlang lêst migrêne.

Yn 1917 gie se by har mem yn, dy't nei de dea fan har heit yn 1913 nei Driebergen ferhuze wie. De folgjende jierren krige Van der Schaaf stipe fan it Tollensfûns, it Willem Kloos-Fûns en mefrou Verwey-Van Vloten. Yn febrewaris 1925 ferhûze hja mei har mem nei Santpoort, dêr't hja in soad kontakt hie mei it útjouwerspear Mees-Verwey. Yn dyseldichtste snuorje wie se ek in skoft lid fan 'e Kommunistyske Partij Hollân. Under de Twadde Wrâldoarloch kaam Van der Schaaf yn Driebergen yn 'e kunde mei de dichter Pieter Nicolaas van Eyck en de frou. Fan septimber 1944 oant april 1945 brocht se in goed healjier as evakuee troch yn Haarlim. Dêrnei wenne se wer yn har hûs yn Santpoort.

Nei de oarloch waard Van de Schaaf lid fan 'e nije PvdA en fan it Humanistysk Ferbûn. Nei 1958 waarden har eagen hurd minder, wat in gefolch wie fan 'e oantaasting fan 'e eachsenuwen troch de tbc. Al rillegau wie it doe foar har dien mei de skriuwerij, en letter waard se sels folslein blyn. Yn har lêste jierren liet se it noch wol yn har omgean en kear werom nei Fryslân, mar dat is der net mear fan kaam. Van der Schaaf stoar yn 1973 yn it Hollânske Blommendaal.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van der Schaaf har wurk wurdt rekkene ta de neo-romantyk en it symbolisme. Har lettere wurk waard almar mear reälistysk. Wichtige kritisy fan dy tiid, lykas Verwey en Van Eijck, mar ek oaren, oardielen tige posityf oer har romans. De lêzers wiene der lykwols minder hyt op. Yn 1925 krige hja de Jacobson-priis, in fiifjierlikse literatuerpriis foar âldere letterkundigen, dy't datseldichste jier ynsteld wie troch it Tollensfûns. Van der Schaaf har sosjalistyske fisy op in bettere wrâld kaam ek yn har skriuwwurk ta utering. Leafde wie by har de driuwende krêft yn it universum, yn it libben en foar it yndividu, mar wie noch ûnfolslein.[1]

Eefkes miende se noch dat it Dútske nasjonaal-sosjalisme faaks ta de ienwurding fan Jeropa, dat ek ien fan har idealen wie, liede koe. Sadwaande skreau Van der Schaaf dêr ek al foar 1940 oer (Goed en Kwaad, net datearre). It kaam har op fûleindige krityk te stean, benammen fan skriuwer Evert Zandstra en Kitty Verwey. It stik – in suver teoretyske eksersysje, Van der Schaaf hie gjin inkelde bining mei de faksistyske ideology of organisaasjes – is nea publisearre.[2]. (Los dêrfan koe de nasjonaal-sosjalistyske literatuerkritikus Jan van der Made it "folkske" yn it wurk fan Van der Schaaf, neffens him in skaaimerk fan alle grutte keunst, wol wurdearje, sa't bliken docht út syn kritiken yn De Waag.[3])

Nine van der Schaaf hat nei it ophâlden fan De Beweging yn alle goede letterkundige tydskriften publisearre, De Gids, Onze Eeuw, Groot-Nederland, Leven en Werken, Elsevier's Maandblad, Leiding, De Stem, De Nieuwe Stem en ferskate jierboeken.[4] Anno 2010 is har wurk fierhinne fergetten, krekt as dat fan 'e tsientallen froulike skriuwers dy’t om 1900 hinne har debút makken, en dêr’t Carry van Bruggen, Augusta de Wit, Ina Boudier-Bakker en Top Naeff faaks de bekendsten fan bleaun binne.

Priuwke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Peinzerij
Ik hoor van al het nieuw een schoon en raadslig lied
En onze harten zullen sterven in die droom,
En al het heden breekt in 't rampvervulde huis
Der aarde. Op zijn velden. In zijn koude nachten.
Wij hebben niet de menschheid lief die lijdt,
Wij minne slechts een enkele, kind of man of vrouw,
Eén slaat de toon van 't hart aan en één luistert
En weemoed ruischt in 't looverspel der boomen.
Een sterrestraal, een diepe vonk omhoog
Wekt de gedachte aan de diepe bron van 't leven,
Wij zijn als bloemewezens wiegend op de steel,
Van ons geen toekomstdroomen in het wijde zweven.
― Nine van der Schaaf. Ut: Naar het Onzichtbare (1929)

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1906 – Santos en Lypra
  • 1908 – Amanië en Brodo
  • 1919 – Poëzie
  • 1921 – Friesch Dorpsleven uit een Vorige Tijd
  • 1929 – Naar het Onzichtbare
  • 1932 – De Uitvinder
  • 1936 – Heerk Walling (mei houtfykwurk fan Fokko Mees)
  • 1937 – De Liefde van een Dwaas
  • 1938 – Leven van Karel de Stoute
  • 1942 – Droom de Geleider
  • 1943 – Droomvaart
  • 1947 – Een Vrouw van de Vlecke
  • 1948 – Eveline
  • 1956 – In de Stroom

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • DBNL. Documentatiedienst: Nederlands Letterkundig Museum/Archief en Museum voor het Vlaamse Cultuurleven [s. 3012]

Referinsjes

  1. Katharina M. Wilson, red. An Encyclopedia of continental women writers, Volume 1. Maya Bijvoet, Nine van der Schaaf
  2. Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandsche Letterkunde te Leiden, 1973-1974. E.J. Brill, Leiden 1975
  3. Wikipedia nl:, Jan van der Made
  4. Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandsche Letterkunde te Leiden, 1973-1974. E.J. Brill, Leiden 1975