Top Naeff
Top Naeff | ||
skriuwer | ||
Top Naeff (1921) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Anthonetta Naeff | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 24 maart 1878 | |
berteplak | Doardt | |
stoarn | 22 april 1953 | |
stjerplak | Doardt | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
bekendste wurk(en) |
School-idyllen | |
jierren aktyf | 1898 - 1950 | |
offisjele webside | ||
gjin |
Anthonetta Naeff (Doardt, 24 maart 1878 - dêre, 22 april 1953) wie in Nederlânsk skriuwster en oersetster en toanielkritika dy't ûnder de namme Top Naeff har boeken publisearre.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Johan Reinhard Naeff en Anna Cornelia Vriesendorp wiene har heit en mem. Fan memmekant stamme sy út in âlde Doardtske keapmansfamylje. Nei in koart skoft yn Nieuwediep wenne te hawwen, gie de jonge hûshâlding werom nei Doardt; har skoalletiid leit sa ek foar it grutste part yn har bertestêd. Yn de jierren 1895/'96 gie Top Naeff dy't die 17 wie nei in jongedameskostskoalle yn Brussel. Yn 1897 stoar har heit en giie hja mei har mem by har beppe ynwenjen.
It toanielstik "De Genadeslag" wie har debút; 13 febrewaris 1899 wie de premiêre yn Doardt by it "Rotterdamsch Tooneelgezelschap Le Gras en Haspels", ûnder rezjy fan Jan C. de Vos. Yn 1901 folge it toanielstik "Aan Flarden" en in tal jierren letter troch "Het Weerzien".
Yn 1900 publisearre se har bekendste boek, "School-idyllen". Nettsjinsteande de tragyske ein is it dochs in humoaristysk famkesboek wêrmei't har namme fuortendaliks fêstige wie en wêrfan't it súkses har libben lang duorre. Op 23 novimber 1904 boaske Top Naeff oan Huibert Willem van Rhijnde út Sutfen, dy't him as dokter yn Doardt festige hie.
Yn 1914 makke sy mei har man in reis nei Ynje, om dêr in rige lêzingen te hâlden. Oktober 1914 koene sy krekt op tiid feilich weromkomme. Yn 1931 makke hja in grutte reis nei Egypte, Grikelân, Syrje en Palestina.
Yn 1934 waard sy beneamd ta Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau en ta Offisier yn de Kroanoarder fan België; yn 1952 beneamde de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde har ta earelid.
Tp Naeff stoar 1953 oan de gefolgen fan in hertoanfal. Har namme libbet troch yn ûnder mear de Top Naeff-priis, dy't ûngeregeld útrikt wurdt oan de bêste ôfstudearjende(n) fan de Amsterdamske Teäterskoalle.
Boeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De genadeslag (1899)
- School-idyllen (1900)
- Aan flarden (1901)
- De tweelingen (1901)
- Het weerzien (1902)
- In mineur (1902)
- 't Veulen (1903)
- De dochter (1906)
- De glorie (1906)
- De stille getuige (1907)
- Oogst (1908)
- Voor de poort (1912)
- Dramatische kronieken (1919-1923)
- Vriendin (1920)
- Charlotte von Stein (1921)
- Voorbijgangers (1925)
- Letje, of de weg naar het geluk (1926)
- Klein avontuur (1928)
- Offers (1932)
- Sarah Bernhardt en Eleonora Duse (1934)
- Een huis in de rij (1935)
- Juffrouw Stolk en andere verhalen (1936)
- Zie de maan schijnt... (1946)
- Klein Witboek (1947)
- Willem Royaards (1947)
- Zo was het ongeveer (1950)
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1948 Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau
- 1948 Ofsier yn de Kronoarder (België)
- 1952 Mr. H.G. van der Vies-priis foat it toanielstik Zie de maan schijnt...
- 1952 Earelid fan de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde
- 1953 Eareboarger fan de gemeente Doardt
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gé Vaartjes: Rebel en dame / Biografie van Top Naeff. Amsterdam, Querido. 2010