Springe nei ynhâld

Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan NSB)
Earste nûmer fan Volk en Vaderland, 7 jannewaris 1933.
NSB wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: NSB (betsjuttingsside).

De Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging yn Nederlân (ôfkoarte NSB) wie in Nederlânske politike partij dy't fan 1931 oant 1945 bestien hat. De NSB wie in partij op nasjonaalsosjalistyske grûnslach en fungearre yn de Twadde Wrâldkriich as kollaboraasjepartij.

Partijprogramma

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De NSB wie fan begjin oan in anti-parlemintêr en autoritêr en sy kende in grutte wearde oan in sterke lieder ta. Earst letter soe de partij ûnder ynfloed fan de ûntjouwings yn it Dútslân fan Adolf Hitler hieltyd mear radikalisearje, wêrby't ek hieltyd faker antisemityske stânpunten ynnaam waarden. It troch Mussert skreaune Program wie foar it grutste part in oersetting fan Hitlers NSDAP, mar rasselear en antisemitisme kaam der yn 't earstoan net yn foar.
Het Program fan de partij befette doe de folgjende faksistyske easken:

  1. in sterk regear;
  2. ôfskaffing fan it persoanlike kiesrjocht;
  3. korporative sosjaal-ekonomyske oardening;
  4. ekonomy tsjinstber oan de folksmienskip;
  5. arbeidsplicht en sosjale wissichheid;
  6. beheining fan frijheid fan printparse.

Skiednis fan de partij

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De NSB waard oprjochte yn Utert yn 1931 yn in tiidrek dat ferskate nasjonalistyske, faksistyske en nasjonaal-sosjalistyske partijen stifte waarden. De Stichters wienen Anton Mussert, dy't ek partijlieder waard, en Cornelis van Geelkerken. Foar 1936 wie de partij net anti-semitysk en hie doe sels Joadske leden.

Yn 1933, nei in jier fan opbou en organisaasje, waard de earste publike gearkomst, in saneamde Landdag yn Utert holden, dy't troch 600 partijlju besocht waard. Hjir presintearre de partij harsels en har krante, Volk en Vaderland. Dêrnei groeide de oanhing fan de partij. Yn itselde jier waard it amtners ferbean om lid fan de NSB te wurden.

By de provinsjale ferkiezings fan 1935 krige de NSB 8% fan de stimmen en kaam mei twa sitten yn de Earste Keamer. Dit resultaat waard behelle tsjin de eftergrûn fan de grutte ekonomyske krisis. Mussert's imago fan betrouber politikus en syn pragmatisme, guon seine kleurleazens, dat him yn steat stelde ferskillende soarten fan faksisme te ferienigjen droegen ek by ta it súkses, krekt as de sterke organisaasje en politike strategy, dy't him rjochte op in demokratyske, legale oername fan de macht yn Nederlân. Yn 1936 waard de partij ûnder ynfloed fan Meinoud Rost van Tonningen iepenlik anti-semitysk. Rost van Tonningen begûn fraachtekens te setten by it liederskip fan Mussert. Hy waard dêrby stipe troch de Dútske NSDAP. De partij rekke sa yntern ferdield, dat wer late ta ledeferlies en in sterke anti-faksistyske reaksje fan de oare politike partijen, fakbûnen en de tsjerken. By de algemiene ferkiezings fan 1937 helle de partij mar 4% fan de stimmen en fjouwer sitten yn de Twadde Keamer, hoewol't it tal sitten yn de Earste Keamer op fiif kaam. De Twadde Keamerleden fan de NSB lieten net folle respekt sjen foar de parlemintêre prosedures en regels en moasten geregeldwei ta de oarder roppen wurde troch de keamerfoarsitter fanwegen fysik en ferbaal geweld. By de provinsjale ferkiezing fan 1939 krige de NSB ek 4% fan de stimmen.

De NSB hie foaral oanhing ûnder de middenklasse: middenstanners, amtners en lytse boeren. De NSB wie fral sterk yn de regio's Drinte[1] (benammen Assen), Utert[2], Noard-Hollân[3] (benammen Amsterdam, Bloemendaal, Zandvoort, Marken en Tessel), de Achterhoeke[4] (benammen Winterswijk en omkriten[5], Borculo en Ruurlo), Den Haach en net-befynlike grifformearde dielen fan de Feluwe (benammen Rozendaal), sawol fanwegen de lytse tsjerklike bining dêre, mar ek út reden fan it súkses fan Landbouw en Maatschappij[6] yn dy kriten. Yn de sterk ferpyldere katolike gebieten wie de partij faak tige swak fertsjintwurdige, útsein de eastlike mynstreek yn Súd-Limburch dêr't rânetsjerklike mynarbeiders en arbeiders dy't yn it oanswettende nasjonaalsosjalistyske Dútslân wurken, relatyf faak NSB stimden[7]. Ek de mear begoedigen (hege offisieren, ûndernimmers, frije beroppen) wienen lykwols lid fan „de Beweging”. Nije NSB-kiezers wienen fral eardere oanhingers fan de Liberale Steatspartij (LSP) en eardere SDAP-kiezers. De eigentlike partijfunksjonarissen kamen lykwols út alle lagen, politike en konfesjonele groepen fan de Nederlânske befolking.

Joaden koene lid wurde en wienen dat ek lange tiid en hearden somtiids ta de oprjochters fan lokale ôfdielings.[8]
In protte N.S.B.-ers wiene tige oranjegesind. Yn it ljocht fan de ûntwikkelingen fan de beweging yn de dêrop folgjende jierren, is dat lykwols wat oerdreaun te neamen. Nei it begjin fan de Twadde Wrâldkriich en benammen Operaasje Barbarossa waard oan alle „folle joaden” en in soad healjoaden it lidmaatskip ûntsein. Op it hichtepunt fan de joadeferfolging krigen yn Doetinchem inkele joadske eardere NSB'ers - tydlik - in foarkarsbehanneling yn harren ynternearring.[9].[10]
Mussert sei “dat it nasjonaalsosjalisme yn Nederlân net antisemitysk hoechde te wêzen of te wurden, omdat hjir yn Nederlân Joaden binne dy't mei harren hiele hert it wolwêzen fan de Nederlânske naasje tadien binne, omdat hja dêr íén net te ferbrekken gehiel mei foarmje en dat ek yn de takomst dat sa hâlde wolle.”

De NSB hie in eigen groet, 'Hou Zee!'. De leden neamden elkoar 'kameraad' (m) of 'kameraadske' (f). De jongerein koe te lâne by de Jeugdstorm, laat fan C. van Geelkerken. Guon dêrfan bedarren letter as SS'er oan it Eastfront.

NSB Lândei yn 1935.
Untwikkeling ledetal NSB
1 jannewaris 1933 900
1 jannewaris 1934 21.000
1 jannewaris 1935 33.000
1 jannewaris 1936 52.000
1 jannewaris 1937 48.000
1 jannewaris 1938 39.000
1 jannewaris 1939 37.000
1 jannewaris 1940 32.000
maart 1940 33.342
31 oktober 1941 90.788
31 maart 1943 99.353
30 septimber 1943 101.314

Nei it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich sympatisearre de NSB mei de Dútsers en woe dat Nederlân strikt neutraal bleaun. Yn maaie 1940, nei de Dútske ynvaazje fan Nederlân, waarden 800 NSB-leden en sympatisanten troch it regear fêstset[11]. Rillegau nei de kapitulaasje op 14 maaie 1940 waarde sy troch Dútske troepen frijlitten. Yn juny 1940 hâlde Mussert in speech yn Lunteren; hy rôp de Nederlanners op om de Dútsers wolkom te hjitten en ôfstân te nimmen fan it Hûs fan Oranje dat nei Londen flechte wie.

Yn 1940 waarden alle sosjalistyske en kommunistyske partijen troch de Dútsers ferbearn; yn 1941 ferbearne sy alle partijen, útsein de NSB. De NSB wurke iepenlik gear mei de besettende macht. It tal leden waakste oan nei 100,000. De NSB spile in wichtige rol yn de legere oerheden en boargerynstellingen; eltse nije boargemaster dy't troch de Dútsers beneamd waard wie NSB-lid. Mussert hie ferwachte dat er lieder fan in ûnôfhinklik, mei Dútslân ferbûn, Nederlân makke wurde soe, mar de Eastenrykske Nazi Arthur Seyss-Inquart waard haad fan it besettend regear. Mussert moete Adolf Hitler ferskate kearen en pleite foar in ûnôfhinklik Nederlân, mar it slagge him net. Alhoewol't Seyss-Inquart útsteld hie dat Mussert minister-presidint fan Nederlân makke wurde moast, krige er allinne de earetitel 'Lieder fan it Nederlânske folk', mar hy krige hast gjin wiere macht. Troch Rost van Tonningen en oare pro-Dútske leden naam Mussert syn ynfloed tige ôf. Oan it begjin fan de simmer fan 1943 organisearren in soad NSB-ers harren yn de Landwacht, dy't it regear holp om it folk te kontrolearjen.

Op 4 septimber 1944 ferôveren de Alliearden Antwerpen en de NSB ferwachte dat Nederlân rillegau folgje soe. Dat op 5 septimber flechten de measte lieders fan de NSB nei Dútslân en foel partijorganisaasje út elkoar; dat wie op Dolle Dinsdag (Mâle Tiisdei).

Nei't de Dútser him op 6 maaie 1945 offisjeel oerjûn hie, waard de NSB yllegaal ferklearre. Mussert waard de oare deis fêstset, lykas in protte oare NSB-leden. De measten waarden net feroardiele, mar Mussert waard eksekútearre op 7 maaie 1946. Der is net besocht om de partij yllegaal fuort te setten.

De parij neamde harsels in beweging en woe har sa ûnderskiede fan konfinsjonele partijen en -persoanen dy't de ferpyldering neistribben en stâl jûn hiene. It taheakjen fan 'yn Nederlân' makke dúdlik dat de NSB in Nederlânske wjuk fan de ynternasjonale faksistyske beweging wêze woe.

Bejegening nei de befrijding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de befrijding waard de NSB ferbearn en moasten in protte fan har leden fanwegen kollaboraasje foar de rjochter ferskine. Mussert krige de kûgel nei in proses, Van Geelkerken krige libbenslange finzenisstraf. Meinoud Rost van Tonningen ferlear it libben op 6 juny 1945, om nea opheldere redenen, yn de finzenis fan Skeveningen. Oeral yn Nederlân waarden NSB'ers en oaren, dy't fertocht waarden fan 'hulpverlening aan de vijand', arrestearre troch it Militêr Gesach, de Binnenlânske Striidkrêften (BS) en troch samar boargers. Plondering en dieverij fan hûs en hear wiene net seldsum. De arrestanten waarden somtyds geastlik en lichaamlik tramtearre. Froulju waarden kealskeard. Yn de (improvisearre) kampen waard stellen fan de NSB-ers. Der koe yn de earste moannen fan de ynternearing om raak mishannele wurde[12], deaslach hat der west, medyske soarch en iten waard ûntholden, sels wienen der ferkrêfingen. Yn it kamp Westerbork by Hooghalen stoaren dêrtroch yn de hjerst fan 1945 in protte siken, bern en âlderein.[13] De oerheid makke earst begjin 1946 in ein oan dizze misstannen. Yn Kamp Erica by Ommen kamen fan 1945 oant de simmer fan 1946 hûnderten politike delinkwinten om, dêr't NSB-bern ûnder wiene, troch tyfus dat net behannele waard. Fan de dieders waarden mar in pear straft. Yn totaal waarden sa'n 150.000 minsken fêstholden en waarden rom 450.000 kollaboraasjedossiers oanlein. De NSB ferdwûn ûnearfol út de Nederlânske polityk. Eardere NSB-leden en harren bern hawwe faak noch lang te lijen hân fan it NSB-stigma wat by in protte minsken psychyske swierrichheden jûn hat; en hja waarden faak mei de nekke oansjoen en noch desennia narre nei 1945.[14] De widdo Rost van Tonningen bleau oant har dea yn 2007 in oertsjûge oanhinger fan it nasjonaal-sosjalisme en waard dêrom de 'swarte widdo' neamd. Oant 1952 ûnteigene de Nederlânske Steat benammen fêst guod fan NSB'ers, sûnder ek mar in bytsje skea te fergoedzjen.[15]

Politike ynfloed

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earste Keamerleden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In oersjoch fan alle eardere Earste Keamerleden foar de NSB:

  1. Ernst von Bönninghausen
  2. Gerrit van Duyl
  3. Jacob Maarsingh
  4. Max de Marchant et d'Ansembourg
  5. Dirk Frans Pont
  6. Wilhelmus de Rijke
  7. Anton Johan van Vessem

Twadde Keamerleden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In oersjoch fan alle eardere Twadde Keamerleden foar de NSB

Twadde Keamerlid Perioade
G. Dieters (Gerhardus) 08-06-1937 t/m 13-09-1945
M.V.E.H.J.M. greve de Marchant et d'Ansembourg (Max) 08-06-1937 t/m 03-02-1941
M.M. Rost van Tonningen (Meinoud) 11-06-1937 t/m 05-06-1945
H.J. Woudenberg (Henk) 08-06-1937 t/m 13-09-1945

Provinsjale Steaten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In oersjoch fan de sitten foar de NSB yn de Provinsjale Steaten.

Provinsje Sitten 1935 Sitten 1939
Drinte 4 3
Fryslân 1 0
Gelderlân 5 2
Grinslân 4 2
Limburch 5 2
Noard-Brabân 2 1
Noard-Hollân 7 4
Oerisel 3 2
Utert 4 1
Seelân 2 1
Súd-Hollân 7 3
Totaal 44 21

Wichtige persoanen yn de NSB

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
F.W. van Bilderbeek prof. dr. T. Goedewaagen S.L.A. Plekker
Stien van Bilderbeek J.W. baron Van Haersolte van Haerst D.F. Pont
jhr. D. de Blocq van Scheltinga A.J.W. Harloff mr. H. Reydon
Max Blokzijl ir. C.J. Huygen W. de Rijke
jhr. mr. E.J.B.M. von Bönninghausen P.G. de Jager Meezenbroek Evert Roskam
J.A. Boreel de Mauregnault D. Jousovec mr. Meinoud M. Rost van Tonningen
mr. J.H. Carp M. Kardoes J.W. de Ruiter
Gerhardus Dieters George Kettmann ir. W.L.Z. van der Vegte
ds. G. van Duyl W.O.A. Koster mr. A.J. van Vessem
F.E. Farwerck Jb. Maarsingh G.F. Vlekke
Henk Feldmeijer M.V.E.H.J.M. Graaf de Marchant et d'Ansembourg F.W. van Vloten
Cornelis van Geelkerken ir. F.E. Müller Henk Woudenberg
prof. mr. dr. R. van Genechten H.W. Müller-Lehning mr. A. Zondervan
ir. A.A. Mussert


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. NSB-Documentatie, Hagespraak. Provincie Drenthe 11,19 % t.o. 7,94 % landelijk gemiddeld - Steatenferkiezingen 1935
  2. 9.5 % Utrecht, t.o. 7,94 % landelijk. Provincie Utrecht
  3. Ibidem, 9.64 % NSB, 1935 PS verk
  4. Zonneke Matthée, 5 juli 2008, Oproep in: De Gelderlander. Blog NSB-vrouwen
  5. E. Beekink (2003). Nederland in verandering: maatschappelijke veranderingen in kaart gebracht. Antwerpen: Maklu, pp. 134-35.
  6. H. Gras (2000). Geschiedenis van Assen, s. 286
  7. NSB-Documentatie, Hagespraak. Provincie Limburg 11,69 % t.o. 7,94 % landelijk gemiddeld - Statenverkiezingen 1935
  8. NSB-Documentatie, Hagespraak.
  9. Ch. van der Heijden (2006)
  10. Joodse NSB'ers & Villa Bouchina, TracesOfWar.nl
  11. Jong, L. 1956, s73.
  12. Henk Eefting, De Bijzondere Rechtspleging 1944-1952. Rampzalige gevolgen voor politieke delinquenten en collaborateurs (Soesterberg 2007), pp. 309-311.
  13. Henk Eefting, De Bijzondere Rechtspleging 1944-1952. Rampzalige gevolgen voor politieke delinquenten en collaborateurs (Soesterberg 2007), s. 309-315.
  14. Jenneke: "Ik zag mijn vader niet als fout", 21 januari 2009, Open Archief
  15. Henk Eefting, De Bijzondere Rechtspleging 1944-1952. Rampzalige gevolgen voor politieke delinquenten en collaborateurs (Soesterberg 2007).

Keppelings om utens