Springe nei ynhâld

Meinoud Rost van Tonningen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Rost van Tonningen)
Meinoud Rost van Tonningen
De Houliksring fan Rost van Tonningen en de Swarte Widdo

Meinoud Marinus Rost van Tonningen (Soerabaja, 19 febrewaris 1894Skeveningen, 6 juny 1945) wie in Nederlânsk politikus dy’t as foarman fan it Nederlânske nasjonaal-sosjalisme yn de Twadde Wrâldkriich kollaborearre mei de Dútske besetters. Syn famylje hearde ta it Nederlânske patrisjaat.

By in ferbliuw yn Eastenryk kaam hy yn oanrekking mei de ideeën fan it nasjonaal sosjalisme. Rost van Tonningen waard yn 1936 lid fan de Nederlânske faksistyske partij, de NSB. Hy wie haadredakteur fan it Nasjonale Deiblêd. Hy krige tidens de Dútske besetting fan Nederlân de funksje as sekretaris-generaal fan Finânsjes.

Karriêre yn de kriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 20 july 1940 yn de perioade nei de machtsoername troch de Dútsers nei de slagge Dútske oanfal op Nederlân waard Rost van Tonningen troch Seyss-Inquart beneamd ta likwidaasjekommissaris fan alle marksistyske organisaasjes. Wêrûnder de SDAP en der dêrby oansluten fakbûnen en de kommunistyske partij de CPN. De CPN moast ophâlde fan bestean en de SDAP moast lykskeakele wurde. Dat hâlde yn dat de partij nasjonaal-sosjalistysk wurde moast. Dit slagge net, ûnder mear trochdat de SDAP sels it grutste diel fan de partij administraasje ferneatige hie. Ek wegere it partijbestjoer om mei te wurkjen. As reaksje dêrop besocht Rost van Tonningen de bestjoeren foar him te winnen. Uteinlik slagge dit by Tjerk van der Zee, dy’t bang wie om minder lean te krijen. By oare ferieningen lykas it bûn fan frouljusklubs en de AJC slagge Rost van Tonningen net om se te nazifisearjen.

Yn in radiotaspraak fan 22 septimber 1940 liet Rost witte dat er in nije sosjalistyske jeugdbeweging komme soe út it arbeiderssportbûn. Earder neamde Tjerk van der Zee sit yn it haadbestjoer en de foarsitter wie ôfkomstich út Dútslân. De leden en de ôfdielingen soenen ferdwine. En Tjerk van der Zee dy’t earst meidwaan woe seach der letter dôchs fan ôf. De bûnen fan de arbeidersmuzyk en sangferiening beslueten om wol troch te gean. Doe't sy letter ferplichte waarden om har by de Nederlânske kultuerkeamer oan te sluten hawwe de measten harsels doch noch opheft. It ynstitút foar arbeidersûntwikkeling hâlde ek de eare oan harsels. Yn novimber 1940 kaam de lêste útjefte fan it ferieningsblêd mei dêryn in artikel mei de namme “As ôfskied”.

Mei de VARA hie Rost mear súkses. It Varabestjoer fielde niks foar opheffing en dat ûndanks de druk fan wichtige minsken lykas Koos Vorrink en Willem Drees. Hjirtroch kaam in wichtige feriening yn hannen fan de besetter. Omdat de meiwurking oan de lykskeakeling úteinlik dôchs mar minimaal slagge wie it súkses minimaal.

De delgong begjint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op dolle tiisdei (5 septimber 1944 wie Rost van Tonningen der útnaaid. Inkele daggen letter kaam er werom. Op 28 desimber 1944 ûntsloech Anton Mussert Rost van Tonningen as pleatsferfanger fan de NSB. Neidat de lêste yn De Waag in artikel hie skreaun wêryn hy de oergang fan de jeugstoarm nei de Germanyske Jugend tajûche, wêrby in soad leden harren oanmelden by de Hitlerjugend difyzje.

Yn de simmer fan 1944 wie Rost van Tonningen ta offisier oplaat by it earste bataljon fan Lânstoarm Nederlân. Healwei 1945 gie hy nei it front wat doe yn de Betuwe lei. Op 8 maaie 1945 waard Rost van Tonningen oppakt troch de Kanadezen. Hy wie doe opklommen ta de rang fan Obersturmfuhrer. Hy waard earst oerbrocht nei in ynternearringskamp yn Elst. Dêrwei waard er oerbrocht nei Utert. Op 24 maaie 1945 die er himsels tekoart troch oer de balustrade fan in treppen nei ûnderen te springen. Ta in strafproses is it dus net komd. Werom er himsels tekoart dien hat is net wis. Is hy twongen of woe er echt sels. NIOD-meiwurker Van der Leeuw hat yn it Vara programma It Swarte Skiep sein dat it politike testamint skreaun is koart neidat er oppakt wie troch de Kanadezen. It testamint is ûndertekene mei syn bloed.

De swarte widdo

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Syn twadde frou wie Florentine Rost van Tonningen-Heubel mei wa't hy boaske op 21 desimber 1940. Sy hat nea de nasjonaal-sosjalistyske ideeën fersmiten. Sy krige in libbenlang in útkearing, omdat har man parlemintslid west hie. Dat hat foar in soad opskuor soarge.