Hendrik Jan Woudenberg
Hendrik Jan Woudenberg | ||
politikus | ||
Woudenberg (2e fan rjochts) njonken dirigint Mengelberg (1942) | ||
bertedatum | 19 septimber 1891 | |
stjerdatum | 4 july 1967 | |
partij | SDAP (1921-1933) NSB (1933-1945) | |
Lid Twadde Keamer | ||
amtsperioade | 1937-1945 | |
offisjele webside | ||
Biografy by parlement.com |
Hendrik Jan (Henk) Woudenberg (Amsterdam, 19 septimber 1891 – dêre, 4 july 1967) wie in Nederlânske politikus út namme fan de SDAP en letter de NSB.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Woudenberg út IJmuiden wie in politikus en fakbûnsman fan de NSB. Hy krige dat lêste predikaat, omdat er sûnt 1935 foarsitter wie fan de Nationale Werknemers-Vereeniging (NWV), it nasjonaalsosjalistyske fakbûn. Yn 1938 waard er keazen as lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal foar de NSB. Yn de Twadde Wrâldoarloch wied er fan 1940 oant 1942 foarsitter fan it NVV. Yn 1942 waard er lieder fan it Nederlandsche Arbeidsfront (NAF), in (foar it grutste part mislearre) kopy fan de Deutsche Arbeitsfront (DAF). Hy wie tagelyk redakteur fan ferskate NSB-blêden, lykas Volk en Vaderland.
Nei de oarloch waard Woudenberg úteinlik ta tweintich jier sel feroardiele, mar al yn 1956 frijlitten. Hy wie de broer fan de sosjalistyske foaroanman Kees Woudenberg. Hy hie in dochter en twa soannen, fan wa't de ien, Dick Woudenberg, de heit is fan aktrise Kathenka Woudenberg en de oar, Jan, de heit is fan akteur Helmert Woudenberg.
Yn 2015 kaam Woudenberg koart yn it nijs doe't it FNV by de fiering fan de Dei fan de Arbeid by fersin in filmfragmint ôfspile dêr 't Woudenberg sprekt by de fiering fan de Dei fan de Arbeid yn 1941.
Filmkes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Filmtsjinst fan de NSB, 20 maart 1941: "Kammeraat Woudenberg sprekt foar it NVV"
-
Propagandafilm út 1941 fan de Filmdienst der Nationaal-Socialistische Beweging; Woudenberg sprekt op 1 maaie, de Dei fan de Arbeid.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |