Gerhardus Dieters
Appearance
Gerhardus Dieters jr. (Eexterveen, 17 augustus 1902 - Nieuw Annerveen, 22 jannewaris 1980) wie in Nederlânsk nasjonaalsosjalistysk politikus.
Dieters wie boer. Op 16 jannewaris 1932 wie er mei-oprjochter fan de Drentsche Boerenbond en yn itselde jier waard rûntebestjoerslid fan de Nationale Bond Landbouw en Maatschappij. Yn 1933 waard er lid fan de Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging (NSB) fan yr. A.A. Mussert. Hy krige it stamboeknûmer 4646. Foar de NSB hie er fan 1937 oant 1940 in sit yn de Twadde Keamer en fan 1935 ôf oan yn de Drintske Provinsjale Steaten.
Dieters wie in bejeftige sprekker en hat op in soad gearkomsten fan Landbouw en Maatschappij en de NSB de oanwêzigen tasprutsen. Yn de oarlochsjierren waard er lid fan de Waffen-SS.
Kategoryen:
- Nederlânsk boer
- Nederlânsk soldaat
- Nederlânsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich
- Lid fan de Waffen-SS
- NSB-politikus
- Twadde Keamerlid
- Nederlânsk kollaborateur yn de Twadde Wrâldkriich
- Dielnimmer oan de Dútske besetting fan Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich
- Nederlânsk faksist
- Drintsk persoan
- Persoan berne yn 1902
- Persoan stoarn yn 1980