Springe nei ynhâld

Koarnwerterpolder en Makkumersúdmarpolder

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Koarnwertpolder)
Koarnwerterpolder en Makkumersúdmarpolder
Koarnwerter Polder
Koarnwerter Polder
lokaasje
neiste plakKoarnwert Makkum
oare ynformaasje
oerflak70 ha
behearIt Fryske Gea
websideIt Fryske Gea

Polders Koarnwert (by Koarnwert) en Makkumer Súdmar oan de Makkumersúdmar by Allingawier binne natoergebieten yn it westen fan Fryslân en wurde beheard troch It Fryske Gea.

De stikken ‘Fûgeltsjelân’ binne mei elkoar 70 hektare grut. Der wurdt rûge dong brûkt en pas yn de neisimmer meand. Yn de lannen binne strânljip, ljip, tsjirk en ljurk te finen. Op de blomrike greiden groeie bûterblom, soere surk pinksterblom rynsk.

De polder Koarnwert leit benoarden de Koarnwerter Feart. Oan de súdkant leit polder de Ienhoarn, in drûchmakkerij dy't al yn 1776 drûchlein waard. Yn de polder Koarnwert komt op de foar de tichelwurkyndustry 'ôftichele' stikken grûn in fegetaasje mei sâlte ynfloeden foar. Hjir groeie Ingelsk gers, seekraal en skoarkrûd. De Koarnwertermûne súdlik fan it doarp moast it wetterskip Koarnwert drûch hâlde. Dy poldermûne út 1907 waard yn 1999 restaurearre.

De Makkumersúdmar is in feanpolder dy't ein 19e iuw drûchlein waard. Ek hjir wurdt ekstinsyf beheard mei rûge dong en wurdt nei 15 juny meand.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
It Fryske Gea

Aeltsje- en Warkumermar • De Alde Feanen • Bancopolder • Bekhofskâns • De Bjirmen • Blauhúster Puollen • Bocht fan Molkwar • Botmar • Buismans Einekoai • It Bûtenfjild • Van Coehoornbosk • Dellebuorsterheide • It Diakonyfean • Dyksfearten • Dobben Hurdegarypsterwarren • Dunegeasterpolder • Eanjumer Kolken • Easterskar • Einekoaien Lytse Geast • De Fluezen • Follegeasterpolder • Grikelân en Turkije • Grutte Wielen • Heanmar • Heide Hulstreed • De Hon • Hop • Huitebuersterbûtenpolder • Ychtenerfeanpolder • Joadetsjerkhôf Noardwâlde • Joadsk Begraafplak Teakesyl • Jongemastate • Kapellepôle • Ketelermar • Ketliker Skar • Koarnwerterpolder • Kobbelân • Lindebosk • Lindefallei • Liphústerheide • Makkumersúdmarpolder • Makkumerwaarden • Mandefjild Bakkefean • Martenastate • Meulereed en Meulebosk • Mokkebank • Mûntsebuorsterpolder • Noard-Fryslân Bûtendyks • 't Oerd • Park Huzinge Olterterp • Park Martenastate • Peazemerlannen • Petgatten De Feanhoop • Ringwiel • Rengerspôle • De Ryp • Rysterbosk • Syp Set • Skiedingsboskje • Skieppedobbe • Slachte • Sodumermar • Steile Bank • Stokersdobbe • Sudermarpolder • Taconisbosk • Teroelster Sipen • Tsjongerwâlen • Unlân fan Jelsma • Warkumerwaard • 't West • Wikelerbosk • Wilhelmina-oard