Springe nei ynhâld

Knock Knock (film út 2015)

Ut Wikipedy
Knock Knock
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Eli Roth
produsint Eli Roth
Miguel Asensio
Colleen Camp
John T. Degraye
Cassian Elwes
Nicolás López
senario Eli Roth
Guillermo Amoedo
Nicolás López
basearre op Death Game fan Peter S. Traynor
kamerarezjy Antonio Quercia
muzyk Manuel Riveiro
filmstudio Voltage Pictures
Camp Grey Productions
Dragonfly Entertainment
Sobras International Pictures
distribúsje Lionsgate Films
spilers
haadrollen Keanu Reeves
Lorenza Izzo
Ana de Armas
byrollen Ignacia Allamand
Aaron Burns
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Sily
premiêre 9 oktober 2015
foarm langspylfilm
sjenre horrorfilm, eroatyske skriller
taal Ingelsk
spyltiid 99 minuten
budget en resultaten
budget $2 miljoen
opbringst $6,3 miljoen

Knock Knock is in Amerikaansk-Sileenske horrorfilm en eroatyske skriller út 2015 ûnder rezjy fan Eli Roth, mei yn 'e haadrollen Keanu Reeves, Lorenza Izzo en Ana de Armas. De titel betsjut "Klop Klop". It ferhaal giet oer in tawijde oarehelte en heit, dy't op in reinige jûn, as er allinnich thús is, in pear tsjeppe jonge froulju binnenlit. Knock Knock is in remake fan 'e film Death Game, út 1977. Fan 'e filmkritisy krige Knock Knock mingde oant negative resinsjes. Yn 'e bioskopen behelle de film lykwols in opbringst dy't mear as it trijefâldige fan 'e produksjekosten bedroech.

Evan Webber is in arsjitekt dy't lokkich troud is mei syn Spaanske frou Karen, in súksesfol byldzjend keunstneresse. Hja hawwe twa jonge bern, Jake en Lisa, en in hûn, in Frânske bulldog dy't fan Monkey hjit. De deis nei heitedei nimt Karen de bern foar in lang wykein mei nei it strân, sadat Evan thús it ryk allinne hat. Hy kin net mei om't er in projekt ôfmeitsje moat en teffens in ôfspraak mei in fysioterapeute hat foar in ferwûning oan it skouder. Hy seit Karen ta dat er der ek op ta sjen sil dat har assistint Louis har nijste byldhouwurk op 'e tiid oerbringe sil nei in keunstgalery foar in mei koarten te hâlden tentoanstelling.

Dy jûns, as Evan sit te wurkjen wylst it bûtendoar stjalpreint, wurdt der oanbelle. As er iependocht steane der twa oantreklike jonge froulju foar de doar, de brunette Genesis en de blondine Bel, dy't op 'e siik binne nei it adres fan in feest dêr't se foar útnûge binne. Bel hat har mobyltsje thús lizze litten en Genesis harres is sa wiet wurden dat er it net mear docht, dat sûnder middel ta kommunikaasje freegje se Evan oft se syn kompjûter wol brûke meie om kontakt op te nimmen mei harren freondinne dy't it feest jout. De hoaske Evan nûget harren deryn en jout harren in tabletkompjûter en handoeken om harren ôf te drûgjen.

It docht bliken dat de taksysjauffeur fan 'e froulju de strjitnamme net goed ferstien hat en dat se yn in folslein ferkeard diel fan 'e stêd ôfset binne. Evan skillet in Ubertaksy foar harren, dy't der lykwols trije kertier oer docht om syn hûs te berikken. Yn 'e tuskentiid fermakket Evan de froulju troch in pear fan syn âlde grammofoanplaten te draaien, dy't in oerbliuwsel binne út 'e tiid dat er noch as live-discjockey wurke. Genesis freget oft de froulju harren dweiltrochwiete klean ek eefkes yn 'e waskdrûger stopje meie, dat Evan jout harren in pear plúsjene badjassen om oan te dwaan. As se letter in petear fiere, lykje Genesis en Bel it ûnderwerp hieltyd yn 'e rjochting fan seks te stjoeren, sasear dat Evan der suver wat ûnnoflik fan wurdt.

Tsjin 'e tiid dat de Uber hast arrivearje sil, ferdwine de froulju yn 'e badkeamer, dêr't se net wer út komme, ek net as de Uber al foar it hûs stiet te wachtsjen. Evan, dy't it ynbaarnt, giet op in stuit de badkeamer yn, dêr't Genesis en Bel neaken yn bad blike te sitten. Hy besiket harren te bepraten om har oan te klaaien en fuort te gean, mar de beide froulju jouwe net om syn sizzen. Krektoarsom, syn tsjinakseljen negearjend dogge se syn gulp iepen en lûke se syn penis út 'e broek. As se oergeane ta it bedriuwen fan orale seks, jout Evan ta, wêrnei't er de nacht mei harren trochbringt en in triootsje hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Evan de oare moarns wekker wurdt, blike de beide froulju al lang op te wêzen. Yn 'e koken hawwe se mei harren itensiederij in bistebinde oanrjochte, en it nijste keunstwurk fan syn frou hawwe se mei merkstiften bekladde. Evan ferliest syn geduld en driget de plysje te skiljen as se no net opsokkebalje, mar dan fertelt Genesis him dat Bel noch minderjierrich is en dat er tsjin in jierrenlange finzenisstraf foar statutory rape oansjocht as er de plysje by de saak belûkt. As Karen fuort dêrnei mei Evan byldbellet, wêrfoar't er de tún yn flechtet, meitsje Genesis en Bel ôfwaaide maneuvels foar de ruten. Letter komt Vivian opdaagjen, de fysioterapeute dy't mei Karen befreone is, mar Genesis soarget dat dy har yn har badjas sjocht. Vivian fermoedet dat Evan oerhoer dien hat (eat dêr't se gelyk oan hat) en jout har lulk ôf.

Pas as Evan der sa skjin syn nocht fan hat dat er oanjefte dwaan sil fan in ynbraak, jouwe Genesis en Bel ta. Evan riidt harren nei de bestimming fan harren kar en lit harren dêr efter. Nei't er wer thúskommen is, moat er oan it oprêden en himmeljen, dêr't er oeren mei besteld is. As de hiele koken wer skjin is en alle bekladdings fan it nije keunstwurk wreaun binne, besiket er wer oan it wurk te gean. Dy jûns nei tsjuster, as er hast klear is mei syn projekt, heart er in brekkend lûd. Yn 'e wenkeamer fynt er in foto fan himsels, syn frou en de bern op 'e flier mei it glês oan skerven. Krekt as er beseft wat dat betsjut, wurdt er fan efteren bewusteleas slein troch Genesis, dy't dêr ien fan 'e lytsere byldhouwurken fan Karen foar brûkt.

As Evan wekker wurdt, leit er oan 'e polzen en ankels fêstbûn op bêd. Hy besiket de froulju ta rede te bringen, mar se wolle net nei him harkje. Ynstee klimt Bel, dy't harsels ferklaaid hat yn it skoalunifoarm fan syn dochter, boppe-op him en besiket him ta seksuele opwining te bringen mei in seksueel rollespul. Evan wegeret it spultsje mei te spyljen, mar as de froulju driigje om mei syn frou te byldbeljen en syn ûntrou út te bringen, jout er ta, wêrnei't Bel him ferkrêftet wylst Genesis it filmet mei syn eigen mobile tillefoan dy't se rjochtop set op in plak dêr't alles wei te sjen is. Evan wit lykwols los te brekken en slacht Bel del. Dêrnei giet er op 'e siik nei Genesis, dy't ûnderwilens nei de wenkeamer ta doarme is, dêr't se in stikje gebak yt. Hy falt har oan, mar sy stekt har taartfoarkje yn 'e healgenêzen wûne yn syn skouder, wêrnei't se it ding hinne en wer draait oant Evan it bewustwêzen ferliest.

As er op 'e nij wekker wurdt, sit er mei in snoer fêstbûn op in stoel. De froulju dogge in sadistysk spultsje mei him dat se oanklaaie as in tillefyzjekwis. Dêrby kriget er in koptillefoan op wêrnei't se him fergje op fragen dy't net te beäntwurdzjen binne, en as er net of ferkeard antwurdet, sette se sa'n lûde ynkringende pyptoan op 'e koptillefoan dat dy syn gehoar driget te ferrinnewearjen.

Nei't se him op dy wize in skoft foltere hawwe, arrivearret Louis om it lêste byldhouwurk fan Karen ôf te heljen. De froulju beare foar him oer dat se Evan syn omkesizzers binne, en Louis, dy't it allegear net bjuster folle ynteressearret, fynt dat wol bêst. Net wittende dat it keunstwurk ôfhelle wurde soe, hawwe de froulju it lykwols sûnt se weromkommen binne, op 'e nij bekladde mei tekenings fan boarsten en pimels, en as Louis dat sjocht, is er skokt. Hy ûntdekt Evan fêstbûn op 'e stoel, mar fersommet om him los te meitsjen as er heart hoe't de froulju it keunstwurk mei hammers begjinne te slopen. Dêr rekket er sa oerstjoer fan dat er in oanfal fan astma kriget. Bel hat him ûnderwilens lykwols de ynhalearder út 'e bûse pakt, en de froulju begjinne it ding oer te goaien wylst de yn azemneed ferkearende Louis fan 'e ien nei de oare taknoffelet. Dêrby ferstapt er him op in brokstikje fan it byldhouwurk en falt mei de holle op in skerpe punt fan it fuotstik, dat er it bestjert.

Neitiid brûke de psychopatyske Genesis en Bel, dy't fine dat wat der bard is Louis syn eigen skuld wie om't er sa knoffelich wie, papier-masjee om fan it stoflik omskot in 'keunstwurk' te meitsjen dat se yn it plak fan Karen har wurk yn Louis syn eigen autobuske lade. Se brûke ek de mobile tillefoanen fan Evan en Louis om in stikmannich sms-berjochten út te wikseljen, sadat it liket as hie Evan ûntdutsen dat Karen oerhoer mei Louis bedreaun hie, wêrnei't Evan Louis ombrocht hawwe soe. Wylst de wanhopige Evan neat oars dwaan kin as tasjen, begjinne Genesis en Bel it hiele hûs te fandalisearjen. Sa bekladzje se alle skilderijen en foto's, ferniele se syn seldsume kolleksje fan orizjinele grammofoanplaten en slane se alle byldhouwurken fan Karen koart en klien. Ek knippe se syn hier ôf, dêr't er sa grutsk op is. Fierders grave se yn 'e tún in grêf foar him op in plak dêr't er dat wei sjen kin troch it rút.

Keanu Reeves.
Lorenza Izzo.
Ana de Armas.

As Genesis Evan syn pistoal yn in hol keunstwurk oantreft, kriget se in nij idee: se wol sideplakboartsje. Evan wurdt losmakke en mei him oeral yn it hûs ferstopje, mar as er nei bûten giet, wurdt er deasketten. As er lykwols dochs besiket de tún yn te glûpen, wurdt er wer finzen nommen. By moarnsdage smite de froulju de no mei in túnslang fêstbûne Evan yn it grêf, dêr't se him in rjochtop sittende posysje jouwe foar't se it folsmite. Evan wurdt op dy wize oan 'e hals ta begroeven. Se fiere in skyneksekúsje út wêrby't se driigje him de plasse yn te slaan mei in swiere stien, dy't Genesis lykwols njonken syn holle delkomme lit.

De froulju fertelle him dan dat it allegear mar in spultsje wie en dat se nea fan doel wiene om him te deadzjen. Ek is Bel hielendal net minderjierrich. Se hawwe it foar de moade om troude manlju mei bern te ferlieden, te tramtearjen en harren libbens te ferrinnewearjen. Se hiene de hope dat Evan de earste wêze soe dy't net oan harren ferliedingstaktiken tajaan soe, mar om't er dat wol dien hat, moatte se no wer in nije kandidaat foar harren spultsje fine. Genesis lit Evan sjen dat se de fideo fan Evan dy't seks hat mei Bel op syn Facebookside set hat. Dêrnei jouwe de beide froulju harren ôf en nimme Monkey mei. Oeren letter komme Karen en de bern thús yn in folslein ferrinnewearre hûs.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Evan Webber Keanu Reeves
Genesis Lorenza Izzo
Bel Ana de Armas


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Karen Alvarado Ignacia Allamand
Louis Aaron Burns
Jake Dan Baily
Lisa Megan Baily
Vivian Colleen Camp
Monkey de hûn Otto

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Knock Knock is in Amerikaansk-Sileenske ko-produksje, dy't regissearre waard troch Eli Roth nei in senario fan himsels, Guillermo Amoedo en Nicolás López. Dat wie basearre op 'e film Death Game, út 1977, wêrfan't Knock Knock in remake is. Death Game waard regissearre troch Peter S. Traynor en hie Sondra Locke en Colleen Camp yn twa fan 'e trije haadrollen. Alle trije wiene dy ek op 'e iene of oare wize efter de skermen by de produksje fan Knock Knock belutsen, wylst Camp sels in lyts roltsje yn 'e film hie (as de ferûntweardige fysioterapeute).

As produsinten wiene by Knock Knock belutsen: Roth, Camp, López, Miguel Asensio, John T. Degraye en Cassian Elwes. Hja wurken yn opdracht fan 'e filmstudio's Voltage Pictures, Camp Grey Productions, Dragonfly Entertainment en Sobras International Pictures. Knock Knock waard makke as ûnôfhinklike film, foar in budget fan $2 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Antonio Quercia, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Manuel Riveiro. Hoewol't Knock Knock yn in net by namme neamde Amerikaanske stêd spilet, fûnen de opnamen plak yn 'e Sileenske haadstêd Santiago.

De distribúsje fan Knock Knock waard fersoarge troch Lionsgate Films. De film waard foar it earste fertoand op 23 jannewaris 2015 op it Sundance Filmfestival. Hy gie yn in beheind tal Amerikaanske bioskopen yn premiêre op 9 oktober 2015. Op 8 desimber fan dat jeir waard Knock Knock al útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Knock Knock mingde oant negative resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Knock Knock in goedkarringspersintaazje fan 36%, basearre op 72 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] set in protte talint yn foar syn satiryske oanpak fan martelhorror, mar net effektyf genôch om it yn werhelling ferfallende ferhaal of de ûnfoechsum teätrale toan goed te meitsjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Knock Knock in goedkarringspersintaazje fan 53%, basearre op 22 resinsjes.

Dread Central, in Amerikaanske webside foar horrorfilms, parte Knock Knock in skoare fan 4 fan 5 sterren ta, en omskreau him as "in home invasionfilm foar de sosjale-mediageneraasje […] dy't jin wol twa kear neitinke litte sil ear't men op in tsjustere en stoarmeftige jûn waarmte en beskûl oanbiedt oan in frjemd."

Knock Knock brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $6,3 miljoen op. Ofset tsjin it budget fan $2 miljoen betsjut dat in winst fan $4,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Foar in lytse ûnôfhinklike film wie dat hielendal gjin gek resultaat.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.