Springe nei ynhâld

Hûsfredebrek

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Home invasion)

Hûsfredebrek (ek húsfredebrek) is in misdriuw dat bestiet út it ûnútnûge binnenkringen fan in wente of hiem, of it wegerjen om in wente of hiem te ferlitten as de eigner of brûker jin fuorthawwe wol. Yn it Ingelsk hat dit fergryp de mear omskriuwende namme home invasion ("hûsynvaazje"). Yn Nederlân is hûsfredebrek strafber steld yn it Wetboek fan Strafrjocht (Sr) ûnder kêst 138. It falt ûnder in spesifike kategory fan misdriuwen, yn 'e mande mei lokaalfredebrek, wêrby't it net om in wente giet, mar om bgl. in winkel, kafee of restaurant (kêst 139) en, sûnt 1993, ek kompjûterfredebrek (kêst 138ab).

By it kreakjen fan in wente is faak sprake fan hûsfredebrek, mar net altyd. Op basis fan kêst 429 út it Wetboek fan Strafrjocht kin it gjin hûsfredebrek wêze as in hûs al mear as in jier leechstiet. Kreakers kinne soms ek oanspraak meitsje op beskerming lykas fêstlein yn kêst 12 fan 'e Nederlânske Grûnwet en kêst 2 fan 'e Algemiene Wet op it Yngien (AWBi), salang't harren ferbliuw oanmurken wurde kin as in foarm fan bewenning op himsels. Allinne de wil fan immen om earne te wenjen is lykwols ûntarikkend om sa'nent yn 'e wetlike sin as 'bewenner' oan te tsjutten.

Yn guon dielen fan 'e wrâld kin hûsfredebrek, oars as yn Nederlân, oanlieding wêze om 'e bewenner fan rjochtsferfolging te ûntslaan by mishanneling fan en/of moard op dejinge dy't syn wente binnenkrongen is of besiket binnen te kringen. Beskate Amerikaanske steaten, lykas Floarida, Georgia en Louisiana, steane dêr bgl. om bekend. Men sprekt yn sa'n gefal fan 'e 'kastieldoktrine' (castle doctrine, fan 'e âlde Ingelske wetstekst "a man's home is his castle"). Yn gebieten dêr't soks jildt, is it foar de bewenner net nedich is om geweld sa mooglik út 'e wei te gean. De bewenner mei dêr tsjin in hûsfredebrekker dêrom safolle geweld brûke as er nedich achtet, sûnder dat dêrfoar sprake hoecht te wêzen fan needwar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side en References, op dizze side.