Kaley Cuoco
Kaley Cuoco | ||
akteur | ||
Kaley Cuoco yn 2013. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Kaley Christine Cuoco | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 30 novimber 1985 | |
berteplak | Camarillo (Kalifornje) | |
etnisiteit | Italjaansk Dútsk Ingelsk | |
jierren aktyf | 1995 – no | |
prizen | Satellite Award 2012 | |
offisjele webside | ||
Kaley Cuoco op Instagram |
Kaley Cuoco (útspr.: ['kei̭li: 'kʷoʊkoʊ], likernôch: "kee-ly kwoo-koo"; folút: Kaley Christine Cuoco; Camarillo (Kalifornje), 30 novimber 1985) is in Amerikaansk tillefyzje- en filmaktrise en tillefyzje- en filmprodusinte. Nei in stikmannich byrollen yn films en tillefyzjesearjes briek se yn 2002 troch mei de rol fan âldste dochter Bridget Hennessy yn 'e komeedzjesearje 8 Simple Rules. Dêrnei wie Cuoco te sjen yn it lêste seizoen fan 'e fantasytillefyzjesearje Charmed foar't se yn 2007 cast waard yn 'e rol fan it tsjeppe buorfamke Penny yn 'e komeedzjesearje The Big Bang Theory, dy't rûn oant 2019. Yn 2014 krige Cuoco in eigen stjer op 'e Hollywood Walk of Fame. Yn 2017 rjochte se Yes, Norman Productions op, har eigen film- en tillefyzjestudio.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cuoco waard yn 1985 berne yn Camarillo, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, as de dochter fan makeler Gary Carmine Cuoco en dyn syn frou Layne Ann Wingate, in húsfrou. Har heit is fan etnysk Italjaansk komôf, wylst har mem Dútsk en Ingelsk bloed hat. Cuoco groeide op yn in húshâlding mei ien suster, Briana (dy't sels bekendheid krige doe't se meidie oan 'e Amerikaanske ferzje fan 'e talintejacht The Voice). Fan har trêde ôf die Cuoco in protte oan tennis, en dêrmei stie se op in stuit op in regionale ranglist. Yn 2002, doe't se 16 jier wie, joech se de sport deroan om har op har aktearkarriêre ta te lizzen.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1993 spile Cuoco mei sân jier yn 'e tillefyzjefilm Quicksand: No Escape. Foar dy rol waard se nominearre foar in Young Artist Award. Har debút yn in spylfilm makke se yn 1994, doe't se noch mar tsien jier wie, yn 'e skriller Virtuosity. Datselde jiers hie se ek lytse gastroltsjes yn ôfleverings fan 'e tillefyzjesearjes My So-Called Life en Northern Exposure. Yn 1996 spile se yn in ôflevering fan 'e komeedzjesearje Ellen, mei Ellen Degeneres, en yn 1998 yn ien fan The Tony Danza Show, mei Tony Danza. Op it wite doek wie Cuoco yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren te sjen yn ferskate net bjuster súksesfolle films, lykas Picture Perfect (1997), Mr. Murder (1998) en Can't Be Heaven (1999).
Yn 2000 spile Cuoco yn 'e tillefyzjefilm Growing Up Brady de rol fan aktrise Maureen McCormick, dy't as bern ferneamd waard troch har oandiel yn 'e tillefyzjesearje The Brady Bunch. Fan 2000 oant 2001 hie Cuoco in weromkearende rol yn 'e komeedzjesearje Ladies Man. Fierders hie se yn 'e earste helte fan 'e 2000-er jierren gastrollen yn tillefyzjesearjes as 7th Heaven, The Ellen Show, The Help, en de minysearje 10.5. Yn dyselde snuorje wie se ek te sjen yn films as Alley Cats Strike (2000), Crimes of Fashion (2004), Debating Robert Lee (2004) en Lucky 13 (2005).
Yn 2002 waard Cuoco cast yn 'e rol fan Bridget Hennessy yn 'e komeedzjesearje 8 Simple Rules, mei û.m. Katey Segal, John Ritter en letter, nei Ritter syn hommels ferstjerren yn 2003, ek mei James Garner en David Spade. Cuoco spile yn it gesin Hennessy de âldere dochter, hoewol't Amy Davidson, dy't har jongere suster spile, yn it echt seis jier âlder as har is. Foar Cuoco betsjutte dizze rol har grutte trochbraak. Se waard der yn 2003 en 2004 twaris foar nominearre foar in Young Artist Award, en wûn yn 2003 in Teen Choice Award yn 'e kategory bêste trochbraakrol fan in aktrise. 8 Simple Rules rûn trije seizoenen, oant de stjoerder ABC de searje yn 2005 stopsette fanwegen delgeande sjochsifers.
Cuoco wie fan 2004 oant 2006 as stimaktrise belutsen by de Disney-tekenfilmsearje Brandy & Mr. Whiskers, wêryn't se har stim liende oan it haadpersonaazje Brandy Harrington. Yn 2004 waard se ek it slachtoffer fan in grap mei de ferburgen kamera yn it tillefyzjeprogramma Punk'd. Fan 2005 oant 2006 liende se har stim oan it personaazje fan Kirstee Smith yn 'e tekenfilmsearje Bratz en twa lange tekenfilms: Bratz: Passion 4 Fashion – Diamondz en Bratz: Genie Magic (beide út 2006). Teffens wie se te sjen yn it lêste seizoen (2005-2006) fan 'e fantasytillefyzjesearje Charmed, wêryn't se de jonge hekse Billie Jenkins spile, dy't krêften hie op it mêd fan telekineze en astrale projeksje.
Yn septimber 2007 sette Cuoco útein mei ien fan 'e haadrollen yn 'e komeedzjesearje The Big Bang Theory, fan 'e stjoerder CBS. Dy searje waard in trochslaand súkses en makke fan Cuoco in ynternasjonale superstjer. Sûnt septimber 2010 fertsjinne se $200.000 de ôflevering. Se spile yn The Big Bang Theory de rol fan Penny, in servearster mei de ambysje om aktrise te wurden, dy't yn har appartemintegebou de buorfrou wurdt fan in pear wrâldfrjemde jonge wittenskippers, spile troch Johnny Galecki en Jim Parsons. De searje rûn tolve seizoenen, oant en mei 2019, en telde yn totaal 279 ôfleverings. Cuoco miste inkeld yn twa ôfleverings út it seizoen 2010-2011, doe't se by hynsteriden har skonk brutsen hie. Foar har rol as Penny (fan wa't de efternamme nea neamd is) waard Cuoco seis kear (fan 2010 oant en mei 2013 en yn 2015 en 2019) nominearre foar in Teen Choice Award foar bêste aktrise yn in komeedzjesearje. Ek waard se twaris (yn 2014 en 2015) nominearre foar in Kids' Choice Award. Fierders waard se fjouwer kear (fan 2012 oant en mei 2015) nominearre foar in People's Choice Award foar favorite aktrise yn in komeedzjesearje, wêrfan't se twaris wûn (yn 2014 en 2015). Ta einbeslút wûn Cuoco mei har rol yn The Big Bang Theory yn 2012 de Satellite Award foar bêste akrise yn in komeedzjesearje.
Njonken har fêste rol yn The Big Bang Theory wie Cuoco yn 2007 ek te sjen yn twa ôfleverings fan 'e dramasearje Prison Break en yn 'e films To Be Fat Like Me en Cougar Club. It jiers dêrop spile se yn 'e horror-parody Killer Movie, en yn 2010 hie se in rol yn 'e film The Penthouse. Fierders wurke Cuoco yn 2011 mei oan 'e films Hop en The Last Ride, en fersoarge se dat jiers ek de presintaasje fan 'e útrikkingsseremoanje fan 'e Teen Choice Awards. Yn 2012 en 2013 presintearre se útrikking fan 'e People's Choice Awards. Yn reklamespotsjes foar Priceline.com spile se yn dyselde snuorje de dochter it personaazje fan William Shatner. Yn 2013 waard Cuoco it sechsde plak taparte op 'e ranglist fan 'e meast seksy froulju fan dat stuit, gearstald troch de Amerikaanske edysje fan it blêd FHM.
Cuoco wie yn 2014 te sjen yn 'e film Authors Anonymous, dêr't se ek útfierend produsinte fan wie. Datselde jiers hie se in cameo yn 'e westernparody A Million Ways to Die in the West. Ek spile se in folle-easkjende breid yn 'e komeedzjefilm The Wedding Ringer (2015), mei Josh Gad en Kevin Hart, en wurke se as stimaktrise mei oan 'e animaasjefilms Alvin and the Chipmunks: The Road Chip (2015) en Why Him? (2016). Op 'e tillefyzje wie se fierders te sjen yn 'e tillefyzjefilm Drew Peterson: Untochable (2012), as harsels yn 'e ôflevering Kaley Cuoco Wears a Black Blazer and Slip on Sneakers fan 'e searje Comedy Bang! Bang! (2016) en yn in ôflevering fan 'e playbackshow foar ferneamde Amerikanen Lip Sync Battle (2016), wêryn't se it opnaam tsjin Josh Gad, har tsjinspiler út The Wedding Ringer. Yn 2017 rjochte Cuoco har eigen film- en tillefyzjestudio op, dy't se nei har hûn Norman Yes, Norman Productions neamde. Yn 2019 sette se útein mei de fertolking (as stimaktrise) fan it titelpersonaazje Harley Quinn yn 'e superheldetekenfilmsearje Harley Quinn.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wylst se yn The Big Bang Theory spile, gie Cuoco twa jier lang om mei kollega Johnny Galecki, mei wa't se yn 'e searje ek in relaasje hie. Se holden it geheim oant se yn desimber 2009 útinoar gien wiene.
Fan oktober 2011 oant maart 2012 wie Cuoco ferloofd mei Josh Resnik, in ferslavingsspesjalist, mar dy relaasje briek se ôf foar't it ta in houlik komme koe.
Yn septimber 2013 ferloofde se har mei tennisser Ryan Sweetling. Cuoco en Sweetling trouden op 31 desimber 2013 yn it Kalifornyske Santa Susana. Op 25 septimber 2015 waard lykwols bekendmakke dat se útinoar giene; de skieding waard op 9 maaie 2016 finalisearre.
Ein 2016 begûn Cuoco in relaasje mei hynstesporter Karl Cook, in soan fan miljardêr Scott Cook. Se ferloofde har mei him op 30 novimber 2017, de deis dat se 32 jier waard. De brulloft fûn plak op 30 juny 2018.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Kaley Cuoco op Instagram
- (in) Folsleine filmografy fan Kaley Cuoco yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|