Jupiter Ascending
Jupiter Ascending | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | de Wachowski's | |
produsint | Grant Hill de Wachowski's | |
senario | de Wachowski's | |
kamerarezjy | John Toll | |
muzyk | Michael Giacchino | |
filmstudio | Village Roadshow Pictures RatPac-Dune Entertainment Anarchos Productions | |
distribúsje | Warner Bros. Roadshow Ent. (Australaazje) | |
spilers | ||
haadrollen | Mila Kunis Channing Tatum | |
voice-over | Mila Kunis | |
byrollen | Sean Bean Eddie Redmayne Douglas Booth Tuppence Middleton Maria Doyle Kennedy | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Austraalje | |
premiêre | 6 febrewaris 2015 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske science fiction-film | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 127 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $176-200 miljoen | |
opbringst | $183,9 miljoen |
Jupiter Ascending is in Amerikaansk-Australyske romantyske science fiction-film út 2015 ûnder rezjy fan 'e Wachowski's, mei yn 'e haadrollen Mila Kunis en Channing Tatum. De titel betsjut "Jupiter yn Opkomst", en ferwiist sawol nei in term út 'e astrology as nei de haadpersoan. De film giet nammentlik oer Jupiter Jones, in jonge frou dy't op in stuit bûtenierdske hiermoardners en preemjejagers efter har oan kriget en ûntdekt dat har lotsbestimming bûten de Ierde leit. Jupiter Ascending krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes en kaam net út 'e kosten.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Untelbere planeten waarden yn it fiere ferline besiedde mei de minskheid troch rike famyljes fan in bûtenierdske, boppeminsklike adel. Harren reden om dat te dwaan is sadat se de resultearjende organismen (minsken) 'rispje' kinne as de wrâld dêr't se op libje harren net mear drage kin. Fan 'e rispe minsken wurdt in ferjongingssearum makke dat inkeld beskikber is foar de galaktyske elite. Nei de dea troch moard fan 'e martriarch fan it Hûs Abrasax, de machtichste fan 'e galaktyske dynastyen, yntrigearje har trije bern oer it beërf. De humorleaze tiran Balem, waans erfdiel de Ierde omfettet, bout in ûnbidich grutte raffinaderij dy't ferburgen is yn 'e ûntrochsichtige atmosfear fan 'e planeet Jupiter, wylst de playboy Titus syn erfdiel ferslampamperet en harren suster Kalique as iennichste each hat foar oare saken as jild en wielde.
Underwilens is op 'e Ierde Jupiter Jones berne út in relaasje tusken de astronoom Maximilian Jones en de Russinne Aleksa. Doe't Jones koart foar de berte fan syn dochter by in oerfal fermoarde waard, ymmigrearre Aleksa yllegaal nei de Feriene Steaten en neamde it famke 'Jupiter', nei de planeet, in namme dêr't Jones op oankrongen hie. Goed tweintich jier letter wenje Jupiter Jones, har mem en har muoike yn Chicago by famylje yn, dêr't se harren ûnderhâlde troch as skjinmaksters te wurkjen. Jupiter, dy't alderferskuorrendste ûngelokkich is mei har libben, wol in tilleskoop keapje dy't se op it ynternet sjoen hat, om't it ding har har heit tebinnenbringt. Allinnich hat se der it jild net foar. Fia-fia komt se yn kontakt mei in klinyk dêr't froulju harren aaisellen ferkeapje kinne. Se jout de namme fan har rike freondinne Katharine Dunlevy op ynstee fan har eigen.
By Katharine thús wurde de beide fammen oanfallen troch bûtenierdske wêzens, saneamde 'bewarders'. Dy ûntdekke lykwols dat Katharine Dunlevy net it genetysk profyl hat dat se sykje. Jupiter nimt mei har mobile tillefoan in foto fan 'e wêzens, mar dy wiskje it ûnthâld fan it ynsidint by har en Katharine. As se letter yn de wachtkeamer fan 'e klinyk wat mei har tillefoan sit te pielen, fynt Jupiter lykwols de foto werom, dêr't se gjin ûnthâld oan hat en neat fan begrypt. Wylst se op 'e operaasjetafel leit, docht bliken dat de dokter en ferpleechkundigen bewarders binne dy't stjoerd binne om har te deadzjen, mar earder yn 'e war rekke wiene fanwegen har gebrûk fan 'e skûlnamme. Jupiter wurdt rêden troch Caine Wise, in eks-soldaat dy't stjoerd is troch Titus om har by him te bringen. Foar't er har lykwols nei syn romteskip bringe kin, wurdt dat ferneatige troch de bewarders. Caine wit lykwols de oanhâldende oanfallen fan 'e bewarders ôf te slaan, ien fan harren romteskippen te kapen en harren allegear te deadzjen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Neitiid beseft Caine dat Jupiter fan grut belang wêze moat foar sawol Titus as Balem, dy't de bewarders stjoerd hat. Hy nimt har dêrom mei nei Stinger Apini, in âld-ofsier ûnder wa't hy jierren lyn tsjinne hat, en dy't no yn ballingskip op 'e Ierde wennet. Jupiter ûntdekt dêr dat de bijen fan Stinger dogge wat sy wol; Stinger en Caine fertelle har dat soks betsjut dat se fan hege galaktyske adel is, in keninginne allyk. Hoewol't Stinger om dy reden taseit Caine te helpen, wurdt syn hûs oanfallen troch in nije groep bewarders foar't se ta it meitsjen fan plannen kommen binne. Yn de gaos wurdt Jupiter finzennommen troch in groepke preemjejagers, dy't ek stjoerd binne troch Balem, mar ûnderwilens omkocht binne troch Kalique. Dyselden bringe Jupiter by Kalque yn har paleis op in fiere planeet, dêr't Kalique oan Jupiter útleit dat sy genetysk identyk is oan har deade mem, en dêrom foar de wet de rjochtmjittige eigneresse fan 'e Ierde is.
Caine is Jupiter folge nei it paleis fan Kalique, en hat boppedat de galaktyske plysjemacht Aegis ynskeakele. Kaptein Diomika Tsing fan 'e Aegis hellet Jupiter op út it paleis fan Kalique; dyselde ferset har dêr net tsjin en hâldt út dat se inkeld op 'e nij yn 'e kunde komme woe mei har mem. Caine en Tsing nimme Jupiter mei nei de planeet Ores, dêr't de minskheid oarspronklik wei komt, en dat no it sintrum fan 'e galaktyske beskaving is. Dêr siket Jupiter mei muoite (en mei help fan in pleatslike abbekaat) har wei troch de wyldgroei fan burokrasy om harsels erkend te krijen as ynkarnaasje fan 'e matriarch fan it Hûs Abrasax, sadat se de Ierde as har besit opeaskje kin. Kalique hat har nammentlik ferteld wat Balem mei de Ierde foar hat, en der is Jupiter alles oan gelegen om 'e wrâld út syn klauwen te rêden.
Underwilens hat Balem in nij plan betocht om Jupiter yn syn macht te krijen: hy stjoert syn tsjinners nei de Ierde om Jupiter har famylje te ûntfieren en te gizeljen. Underweis werom nei de Ierde wurde Jupiter en Caine finzennommen troch Titus syn trewanten. Titus makket Jupiter wiis dat er mei har trouwe wol om't se allinnich in ein oan 'e hannel yn jonkheidssearum meitsje kinne as sy beiden de lapen gearsmite. Jupiter wifelet, mar hinget dernei oer om him tawurd te jaan, om't se tsjin eltse priis de Ierde rêde wol. As straf foar it net útfieren fan it wurk dêr't er foar ynhierd wie (nammentlik: om Jupiter by Titus te bringen), lit Titus Caine mei mar in beheinde soerstoffoarrie út 'e luchtslûs fan syn skip smite. Foar't er dat docht, fertelt er him lykwols oer syn plan om mei Jupiter te trouwen en har dêrnei te fermoardzjen, sadat er al har besittings, de Ierde ynbegrepen, ervje sil.
Caine wurdt lykwols oppikt troch it Aegis-skip fan kaptein Tsing foar't er stikke kin, en mei help fan Stinger kringt er Titus syn romteskip binnen om Jupiter te rêden foar't se in houlik mei Titus oangean kin. As se dêrnei weromkeart nei hûs, ûntdekt se dat har famylje yn gizeling nommen is troch Balem. Dy syn trewanten nimme har mei nei syn raffinaderij yn it Grutte Reade Plak fan 'e planeet Jupiter, dêr't Balem foarstelt om har har famylje libben en wol werom te jaan as sy formeel ôfstân docht fan it besit fan 'e Ierde. Jupiter wurdt troch dy kar flink yn 'e pine set, mar úteinlik wegeret se dermei yn te stimmen, om't se beseft dat it rêden fan ien famylje yn gjin ferhâlding stiet ta de genoside fan 'e hiele minskheid dy't Balem yn 't sin hat.
Underwilens hawwe Caine en kaptein Tsing it Grutte Reade Plak ek berikt, dêr't Caine syn libben riskearret troch de atmosfear fan 'e planeet Jupiter yn te kringen. Hy oerlibbet it lykwols, ynfiltrearret de raffinaderij en rjochtet dêr sa'n skea oan, dat de reuseftige swiertekrêft fan 'e gasreus it bouwurk útinoar begjint te skuorren. Wylst de bewenners fan 'e raffinaderij alle kanten út flechtsje, wit Caine Jupiter har famylje te finen en de koördinaten troch te spyljen oan kaptein Tsing, dy't harren rêdt. Jupiter en Balem reitsje ûnderwilens yn gefjocht. Se slacht him fan har ôf en wurdt fan in wisse dea rêden troch Caine, wylst Balem mei syn raffinaderij ûndergiet yn 'e legere atmosfear fan Jupiter, dêr't de druk sa grut is dat der neat oerlibje kin. Tsing wachtet oant it alderlêste momint om in poarte nei de Ierde te iepenjen, mar is op 't lêst twongen om sûnder Caine en Jupiter ôf te setten. As har skip him yn in baan om 'e Ierde befynt, docht lykwols bliken dat Caine en Jupiter yn it sok fan har skip troch de poarte hinne meireizge binne.
Neitiid wurdt de famylje fan Jupiter werom nei hûs brocht nei't harren ûnthâld wiske is fan alle dingen dy't harren oerkommen binne sûnt Balem syn tsjinners harren hûs binnenkrongen. Jupiter is de iennichste dy't noch wit wat der allegear bard is. Se is noch altyd de rjochtmjittige eigneresse fan 'e Ierde. Se wurket wer as skjinmakster, mar is no mear as tefreden mei har libben. Har famyljeleden ferrasse har troch te lappen en de tilleskoop dy't se graach hawwe woe foar har te keapjen. Caine hat ûnderwilens syn militêre rang weromkrigen. Hy bliuwt lykwols op 'e Ierde omhingjen, dêr't hy en Jupiter in relaasje begjinne.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Jupiter Jones (en voice-over) | Mila Kunis |
Caine Wise | Channing Tatum |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Stinger Apini | Sean Bean |
Balem Abrasax | Eddie Redmayne |
Titus Abrasax | Douglas Booth |
Kalique Abrasax | Tuppence Middleton |
Aleksa Jones, Jupiter har mem | Maria Doyle Kennedy |
Chicanery Night | Edward Hogg |
kaptein Diomika Tsing | Nikki Amuka-Bird |
Katharine Dunlevy | Vanessa Kirby |
Vassily Bolotnikov | Jeremy Swift |
Gemma Chatterjee | Christina Cole |
Razo, in preemjejager | Doona Bae |
Maximilian Jones | James D'Arcy |
Vladie | Kick Gurry |
Malidictes | Tim Pigott-Smith |
Famulus | Gugu Mbatha-Raw |
Phylo Percadium | Ramon Tikaram |
Moltka | Demetri Theodorou |
amtner fan 'e ôfd. Segels | Terry Gilliam |
abbekaat Bob | Samuel Barnett |
Ibis, in preemjejager | David Ajala |
Kiza Apini | Charlotte Beaumont |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jupiter Ascending waard regissearre troch Lana en Lilly Wachowski (tegearre ornaris bekend as 'de Wachowski's), nei in senario dat se sels skreaun hiene. Mei Grant Hill wiene de Wachowski's ek as produsint by de film belutsen, foar de Australyske studio Village Roadshow Pictures en de Amerikaanske studio's RatPac-Dune Entertainment en Anarchos Productions. John Toll fierde de kamerarezjy, wylst Michael Giacchino de filmmuzyk fersoarge.
Foar Jupiter Ascending wie yn 't earstoan in budget beskikber fan $130 miljoen, mar de film gie dêr fier oerhinne en koste úteinlik nei skatting tusken de $176 en 200 miljoen. De opnamen setten op 2 april 2013 útein yn 'e Warner Bros. Studios yn it Ingelske greefskip Hertfordshire. Der waard ek filme yn 'e Katedraal fan Ely (Ingelân) en op ferskate plakken yn Chicago en Bilbao, yn it Baskelân. De opnamen einigen yn augustus 2013, hoewol't yn 2014 noch inkele lytse reshoots dien waarden.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De film waard distribuëarre troch Warner Bros., útsein yn Australaazje, dêr't Roadshow Entertainment de distribúsjerjochten hie. Jupiter Ascending waard foar it earst fertoand op 27 jannewaris 2015 ûnder it Sundance Filmfestival yn Utah (om persiis te wêzen yn it Mary G. Steiner Egyptian Theatre yn Park City). De film gie yn 'e Feriene Steaten op 6 febrewaris fan dat jier yn 'e bioskopen yn premiêre, en yn Austraalje op 19 febrewaris.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jupiter Ascending krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, wêrby't de measte krityk útgie nei it senario, dat troch in protte waarnimmers as ynkoherint beskôge waard. Oare gauris weromkommende punten fan krityk wiene dat der tefolle special effects yn 'e film brûkt wiene, en fral ek it melodramatyske oer-aktearjen fan Eddie Redmayne yn 'e rol fan Balem Abrasax. Guon kritisy hiene wol lof foar de orizjinaliteit fan it ferhaal, it wrâldbouwen en de filmmuzyk. De film krige lykwols àl positive reäksjes fan in lytse doelgroep froulike fans fan science fiction, dy't wol oer de teätrale styl mochten en de ôfwiking fan karakteristike froulike aksjefilmstereotypen wurdearje koene.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Jupiter Ascending in leech goedkarringspersintaazje fan 27%, basearre op 258 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, neamde de film "in strieling foar it each, mar ferhaaltechnysk in rommeltsje" en ek "al wer in fisueel oangripende losse flodder fan 'e Wachowski's." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Jupiter Ascending in goedkarringspersintaazje fan 40%, basearre op 40 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jupiter Ascending brocht yn 'e Feriene Steaten en Kanada yn 'e bioskopen mar in ôffallende $47,4 miljoen op, en yn 'e oare 63 lannen en territoaria dêr't er útbrocht waard $136,5 miljoen. Yn totaal kaam de opbringst dêrmei wrâldwiid út op $183,9 miljoen, wêrmei't de film net út 'e kosten kaam om't allinne it produksjebudget (dus de marketingkosten net meirekkene), nei alle gedachten $176 oant 200 miljoen bedroech. Fral yn Ruslân en Sina die Jupiter Ascending it wol goed yn 'e bioskopen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Jupiter Ascending
- (in) Ynformaasje oer Jupiter Ascending yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske science fiction-film
- Amerikaanske romantyske dramafilm
- Australyske science fiction-film
- Australyske romantyske dramafilm
- Romantyske science fiction-film
- Science fiction-aventoerefilm
- Romte-aventoerefilm
- Ingelsktalige film
- Film fan RatPac Entertainment
- Film fan Village Roadshow Pictures
- Film fan Warner Bros.
- Film fan de Wachowski's
- Film út 2015
- Film oer romtefeart
- Film oer genetyske manipulaasje
- Film oer reynkarnaasje
- Film oer Jupiter (planeet)