Springe nei ynhâld

Jonathan Banks

Ut Wikipedy
Jonathan Banks
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jonathan Ray Banks
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 31 jannewaris 1947
berteplak Washington, D.C.
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf 1974 – no
prizen Saturn Award 2013
offisjele webside
Jonathan Banks op Facebook

Jonathan Banks (folút: Jonathan Ray Banks; Washington, D.C., 31 jannewaris 1947) is in Amerikaansk tillefyzje- en filmakteur. Syn earste rollen dy't it opmerken wurdich wiene, hied er yn 'e films Airplane!, 48 Hrs., en Beverly Hills Cop. Syn trochbraak kaam mei syn rol as de eardere plysjeman Mike Ehrmantraut, yn 'e tillefyzjesearje Breaking Bad. Banks wûn yn 2013 in Saturn Award en hat seis kear nominearre west foar in Emmy.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Banks waard yn 1947 berne yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., as de soan fan Elena Adams Banks (1917-2012). Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, studearre er oan 'e Universiteit fan Indiana, yn Bloomington yn 'e Amerikaanske steat Indiana, dêr't er yn deselde klasse siet as de lettere akteur Kevin Kline. Yn dy tiid spilen se tegearre yn in produksje fan The Threepenny Opera. Banks briek úteinlik syn stúdzje ôf om as toanielprodusint yn Austraalje op toernee te gean mei in toanielselskip dat de musical Hair opfierde.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1974 ferhuze Banks nei Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, dêr't er him ûnderhold as toanielakteur oant er lytse roltsjes op 'e tillefyzje begûn te krijen. Sa spile er yn in oerheidsfoarljochtingsspotsje út 1974 op it mêd fan seks, mei as titel Linda's Film on Menstruation. Yn 2015 waard dat nochris foar it fuotljocht helle troch de komyk John Oliver yn syn show Last Week Tonight with John Oliver, wêrby't Banks oan 'e ein fan it programma opkaam om 'e ynhâld fan it (ûnderwilens folslein efterhelle rekke) foarljochtingsfilmke bespotlik te meitsjen.

Yn 'e 1970-er jierren hie Banks fierders lytse roltsjes yn tillefyzjefilms en yn tillefyzjesearjes as Barnaby Jones, Lou Grant en The Waltons. Syn earste rol yn in film wie yn Coming Home, út 1978. Yn 'e 1980-er jierren spile er yn searjes as Little House on the Prairie, Whiz Kids, Cagney and Lacey en Falcon Crest. Tagelyk krige er syn earste opmerkenswurdige rollen yn films as Airplane! (1980), 48 Hrs. (1982), Gremlins (1984) en Beverly Hills Cop (1984). Fan 1987 ôf hie Banks ien fan 'e fêste rollen as Frank McPike yn 'e rige Wiseguy, wêrfoar't er nominearre waard foar in Emmy Award yn 'e kategory bêste manlike byrol yn in dramasearje. Dêrmei wie syn namme as akteur fêstige, alteast yn 'e fermiddens fan 'e tillefyzje- en filmyndustry fan Hollywood.

Yn 'e 1990-er jierren hie Banks benammen gastrollen yn searjes as Star Trek: Deep Space Nine, Highlander: The Series, Matlock, Walker, Texas Ranger en Due South, hoewol't er yn 1997 en 1998 in fêste rol as Guy Mann hie yn 'e komeedzjesearje Fired Up. Op it wite doek hie Banks yn dyselde perioade byrollen yn films as Boiling Point, Under Siege 2: Dark Territory en Flipper. Nei de iuwwiksel hied er gastrollen yn plysjesearjes as CSI: Crime Scene Investigation, Cold Case, Without a Trace, CSI: Miami en Body of Proof, de sikehûsrige ER, de fantasytillefyzjesearje Ghost Whisperer en komeedzjesearjes as Modern Family, Two and a Half Men en Parks and Recreation. In weromkearende rol (as Buzz Hickey) hied er yn 2014 yn alve ôfleverings fan 'e komeedzjesearje Community.

Banks briek ynternasjonaal troch mei syn weromkearende rol as de âld-plysjeman Mike Ehrmantraut, dy't er foar it earst yn 2009 spile, yn it twadde seizoen fan 'e misdiesearje Breaking Bad. Hy fertolke dy rol yn 25 ôfleverings fan dy rige, en sleepte dêrmei yn 2013 syn twadde nominaasje yn 'e wacht foar in Emmy foar bêste manlike byrol yn in dramasearje. Teffens wûn er der datselde jiers in Saturn Award mei yn 'e kategory bêste manlike byrol yn in tillefyzjesearje. Fan 2015 ôf kroep Banks fannijs yn 'e hûd fan Ehrmantraut foar in weromkearende rol yn 'e rige Better Call Saul, in spin-offsearje fan Breaking Bad. Yn 2015, 2016, 2017 en 2019 waard er elts jier foar dy rol nominearre foar in Emmy foar bêste manlike byrol. Hy wûn mei de rest fan 'e cast fan Breaking Bad yn 2014 ek in Screen Actors Guild Award foar bêste ensemble yn in dramasearje.

Yn 2014 spile Banks de rol fan plysjeresjersjeur Hatcher yn 'e misdiekomeedzje Horrible Bosses 2. Oare films dêr't er yn 'e 2010-er jierren yn spile, wiene û.m. Identity Thief (2013), Mudbound (2017) en The Commuter (2018). Ek wied er as stimakteur belutsen by de tekenfilm Incredibles 2 (2018). Fierders wurke er yn 2018 mei oan 'e histoaryske aventoerefilm Redbad, fan 'e Nederlânske regisseur Roel Reiné, oer Redbad, kening fan 'e Friezen, dy't yn 'e achtste iuw libbe. Banks spile yn dy film de histoaryske persoan fan 'e Frankyske hofmeier Pepyn fan Herstal, ien fan 'e wichtichste antagonisten.

Banks troude yn 1968 mei syn earste frou Marnie Fausch, mei wa't er ien dochter krige. Nei't harren houlik yn 1970 al nei twa jier op in skieding útrûn wie, bleau er tweintich jier frijfeint. Yn 1990 wertroude er mei syn twadde frou Gennera, mei wa't er in twilling (twa jonges) krige. Banks hat ek in styfdochter út in eardere relaasje fan syn twadde frou.

Yn april 2016 waard oan Banks troch syn eardere universiteit, de Universiteit fan Indiana, in earedoktoraat takend. Syn hûs yn Kalifornje baarnde yn 2018 ôf by de Woolseybrân, in grutte natoerbrân.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1976 Barnaby Jones Vince Gentry gastrol; ôfl. Dead Heat
1976 The Macahans Woodward tillefyzjefilm
1977 Family assistint gastrol; ôfl. Taking Chances: Part I
1977 Barnaby Jones autoferkeaper gastrol; ôfl. Duet for Dying
1977 Carter Country Bob Phillips gastrol; ôfl. The Fireside Burnside Budget Chat
1977 Alexander: The Other Side of Dawn Michael tillefyzjefilm
1979 Lou Grant Clay Starkes gastrol; ôfl. Kidnap
1979 The Waltons Jeb Sanders gastrol; ôfl. The Wager
1979 Lou Grant Cyrus gastrol; ôfl. Sweep
1979 She's Dressed to Kill Rudy Striker tillefyzjefilm
1980 Desperate Voyage Louis tillefyzjefilm
1980 Little House on the Prairie Jed gastrol; ôfl. Darkness Is My Friend
1981 Lou Grant ynkringer gastrol; ôfl. Rape
1981 Sanford Al gastrol; ôfl. Cal the Coward
1981 The Gangster Chronicles Dutch Schultz weromkearende rol; 13 ôfl.
1981 Best of the West Hombre gastrol; 2 ôfl.
1982 Report to Murphy Vinny gastrol; ôfl. Papillon
1982 T.J. Hooker Danny Scott gastrol; ôfl. The Witness
1983 Hill Street Blues Reggie gastrol; 2 ôfl.
1983 Whiz Kids ? gastrol; ôfl. Programmed For Murder
1983 T.J. Hooker Freddy Baker gastrol; ôfl. The Hostages
1983 The Invisible Woman Darren tillefyzjefilm
1983 Murder Me, Murder You Janos Saracen tillefyzjefilm
1984 Jessie Ernie Ross gastrol; ôfl. Pilot
1984 Cagney & Lacey Keith Edsin gastrol; ôfl. Old Debts
1984 Nadia Gheorge Comaneci tillefyzjefilm
1985 Otherworld luitenant-kolonel Nuveen Kroll weromkearende rol; 8 ôfl.
1985 Hunter resjersjeur Gary Krewson gastrol; ôfl. The Big Fall
1986 The Fifth Missile Ray Olson tillefyzjefilm
1986 Assassin Earl Dickman tillefyzjefilm
1986 Who Is Julia Jack Bodine tillefyzjefilm
1987 Falcon Crest Kolinksi weromkearende rol; 8 ôfl.
1987 Designing Women Eldon Ashcroft IV gastrol; ôfl. 101 Ways to Decorate a Gas Station
1987–1990 Wiseguy Frank McPike fêste rol; 74 ôfl.
nom. Emmy Award foar bêste byrol fan in akteur yn in dramasearje
1991 Don't Touch My Daughter Ryter tillefyzjefilm
1993 Star Trek: Deep Space Nine Shel-la gastrol; ôfl. Battle Lines
1993 Blind Side Aaron tillefyzjefilm
1994 Highlander: The Series Mako gastrol; ôfl. Under Colour of Authority
1994 Matlock Jack Starling gastrol; ôfl. The P.I.
1994 Walker, Texas Ranger Shelby Valentine gastrol; ôfl. Deadly Reunion
1994 Tales from the Crypt William gastrol; ôfl. The Assassin
1995 Due South Garret gastrol; ôfl. Heaven and Earth
1995 Women of the House Jim Sugarbaker gastrol; 2 ôfl.
1994–1995 SeaQuest 2032 Maximillian Scully gastrol; 2 ôfl.
1996 Diagnosis: Murder Max Jupe gastrol; ôfl. Murder by Friendly Fire
1997 Melanie Darrow Arthur Abbott tillefyzjefilm
1997 A Thousand Men and a Baby preester Edward O'Reilly tillefyzjefilm
1997–1998 Fired Up Guy Mann fêste rol; 28 ôfl.
1998 Dollar for the Dead kolonel Skinner tillefyzjefilm
2000 Diagnosis: Murder Bruce Locatelli gastrol; ôfl. Murder by Remote
2000–2001 The Trouble with Normal dokter Lowell gastrol; 2 ôfl.
2001 The District Monya Pastov gastrol; ôfl. Fools Russian: Part I
2003 Alias Frederick Brandon gastrol; 2 ôfl.
2003 Strong Medicine Frank Hardwyck gastrol; ôfl. Skin
2004 Joan of Arcadia sheriff Mike Rakowski gastrol; ôfl. Jump
2004–2006 CSI: Crime Scene Investigation Bobby Jensen weromkearende rol; 2 ôfl.
2005 E-Ring admiraal Cooper weromkearende rol; 4 ôfl.
2006 Ghost Whisperer Lyle Chase gastrol; ôfl. Friendly Neighborhood Ghost
2006 Without a Trace Sal Marcello gastrol; ôfl. Check Your Head
2006–2007 Day Break Shadow Man weromkearende rol; 7 ôfl.
2007 Dexter adjunkt-direkteur fan 'e FBI Max Adams gastrol; 2 ôfl.
2008 ER Robert Truman gastrol; ôfl. Atonement
2008 Shark Jason Normandy gastrol; 2 ôfl.
2008 Life Nathan Gray gastrol; ôfl. Crushed
2008 Eli Stone spesjaal agint Johnathan Maine gastrol; ôfl. Owner of a Lonely Heart
2009 Lie to Me âld-FBI-agint Bitcher gastrol; ôfl. Sacrifice
2009 Cold Case John Clark gastrol; ôfl. Jackals
2009 Castle Bruce Kirby gastrol; ôfl. Hell Hath No Fury
2009–2012 Breaking Bad Mike Ehrmantraut fêste rol; 25 ôfl.
Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in dramasearje (2014)
nom. Emmy Award foar bêste byrol fan in akteur yn in dramasearje (2013)
2 × nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in dramasearje (2012, 2013)
nom. Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur op 'e tillefyzje (2013)
2011 Modern Family Donnie Pritchett gastrol; ôfl. The Musical Man
2011 Two and a Half Men pantsjesbaas gastrol; ôfl. A Fishbowl Full of Glass Eyes
2011 CSI: Miami Oscar Duarte gastrol; ôfl. Long Gone
2012 Ringer Remy Osterman gastrol; 2 ôfl.
2012 Parks and Recreation Steve Wyatt gastrol; ôfl. Ben's Parents
2012 Vegas Angelo LaFlatta gastrol; 2 ôfl.
2013 Bloodline Leo Killpriest pilotôflevering
2013 Body of Proof Glenn Fitz gastrol; ôfl. Daddy Issue
2013–2015 Axe Cop ferskaat as stimakteur; weromkearende rol; 3 ôfl.
2014 Community Buzz Hickey weromkearende rol; 11 ôfl.
2014 Mike Tyson Mysteries de Tsjoender as stimakteur; gastrol; ôfl. Is Magic Real?
2015 The Lizzie Borden Chronicles dhr. Flowers weromkearende rol; 3 ôfl.
2015 Major Lazer De Wet as stimakteur; gastrol; ôfl. Escape from Rave Island
2015 Gravity Falls Filbrick Pines as stimakteur; gastrol; ôfl. A Tale of Two Stans
2015 Robot Chicken Composite Superman as stimakteur; gastrol; ôfl. Magical Friendship
2015 The Expanse earste ofsier gastrol; ôfl. Dulcinea
2015 MythBusters Mike Ehrmantraut gastrol; ôfl. Supernatural Shooters
2015–no Better Call Saul Mike Ehrmantraut fêste rol; 48 ôfl.
4 × nom. Emmy Award foar bêste byrol fan in akteur yn in dramasearje (2015–2017, 2019)
2 × nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in dramasearje (2019, 2021)
2 × nom. Satellite Award foar bêste byrol fan in akteur yn in tillefyzjesearje, minysearje of tillefyzjefilm (2016, 2017)
nom. Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur op 'e tillefyzje (2019)
2016–2018 Skylanders Academy Eruptor as stimakteur; fêste rol; 38 ôfl.
2017 Dr. Ken dokter Erwin gastrol; ôfl. Ken's Professor
2017–2020 Tangled: The Series Quirin as stimakteur; weromkearende rol; 8 ôfl.
2020 F Is for Family William Murphy as stimakteur; weromkearende rol; 9 ôfl.
2020 The Casagrandes Coach Crawford as stimakteur; gastrol; ôfl. Team Effort
2020 The Comey Rule James Clapper gastrol; 2 ôfl.
2021–no A Tale Dark & Grimm Johannes as stimakteur; weromkearende rol
films
1977 The Night They Took Miss Beautiful Buck
1978 Coming Home marinier op feest
1978 The Cheap Detective taksysjauffeur
1978 Who'll Stop the Rain marinier
1979 The Rose tillefyzjeferslachjouwer
1980 Airplane! Gunderson
1980 Stir Crazy Jack Graham
1981 Gangster Wars Dutch Schultz
1982 Frances lifter
1982 48 Hrs. resjersjeur Algren
1984 Gremlins helpsheriff Brent
1984 The Adventures of Buckaroo Banzai Across the 8th Dimension Lizardo-sikehûswachter
1984 Beverly Hills Cop Zack
1986 Armed and Dangerous Clyde Klepper
1987 Cold Steel de "Iceman"
1988 Pin Pin as stimakteur
1990 Honeymoon Academy Pitt
1992 Freejack Michelette
1992 There Goes the Neighborhood Handsome Harry
1993 Boiling Point Max Waxman
1995 Under Siege 2: Dark Territory Scotty
1996 Flipper Dirk Moran
1996 Dark Breed kaptein-luitenant-op-see Joe Shay
1999 Let the Devil Wear Black Satch
1999 Foolish Numbers
1999 Trash rjochter Callum
2001 Crocodile Dundee in Los Angeles Miloš Drubnik
2001 Proximity Price
2002 Dark Blue ûnderkommissaris Jimmy Barcomb
2002 R.S.V.P. Walter Franklin
2006 Puff, Puff, Pass Lance
2007 Reign over Me Stelter
2008 Proud American Moretti
2012 Watercolor Postcards Ledball
2013 Identity Thief Paolo
2013 Roar Bernie Warren koarte film
2014 Bullet Carlito Kane
2014 Authors Anonymous David Kelleher
2014 Horrible Bosses 2 resjersjeur Hatcher
2016 Term Life Harper
2016 Alibi Billy koarte film
2017 Mudbound "Pappy" McAllan nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in spylfilm
2018 The Commuter Walt
2018 Incredibles 2 Rick Dicker as stimakteur
2018 Redbad hofmeier Pepyn fan Herstal
2019 El Camino: A Breaking Bad Movie Mike Ehrmantraut
2022 Catwoman: Hunted Black Mask as stimakteur
fideospultsjes
2015 Batman: Arkham Knight James Gordon as stimakteur; te finen ûnder "Voiceover & Mocap Talent"
2018 Lego: The Incredibles Rick Dicker as stimakteur; te finen ûnder "Featuring the Voice Talents of:"

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.