Springe nei ynhâld

Jingle All the Way (film út 1996)

Ut Wikipedy
Jingle All the Way
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Brian Levant
produsint Chris Columbus
Michael Barnathan
Mark Radcliffe
senario Randy Kornfield
Chris Columbus
kamerarezjy Victor J. Kemper
muzyk David Newman
filmstudio 1492 Pictures
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Arnold Schwarzenegger
Sinbad
byrollen Rita Wilson
Phil Hartman
Jake Lloyd
Robert Conrad
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 16 novimber 1996
foarm langspylfilm
sjenre krystkomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 89 minuten
budget en resultaten
budget $75 miljoen
opbringst $129,8 miljoen

Jingle All the Way is in Amerikaanske krystkomeedzjefilm út 1996 ûnder rezjy fan Briant Levant, mei yn 'e haadrollen Arnold Schwarzenegger en de komyk Sinbad. De titel betsjut "Rinkel it Hiele Ein", en is in tekstregel út it bekende krystferske Jingle Bells. It ferhaal giet oer in wurkferslaafde heit dy't de deis foar kryst noch in krystkado foar syn jonge soan besiket te keapjen, as it soarte boartersguod dat it jonkje hawwe wol, oeral al útferkocht is. Syn wanhopige syktocht bringt him yn kontakt mei in psychopatyske postrinder, in autoritêre plysjeman en in klandestine swarthannelsoperaasje fan in groep krystmannen. Fan 'e filmkritisy krige Jingle All the Way oer it algemien negative resinsjes, en it wie yn 'e bioskopen mar in beskieden kommersjeel súkses. Nettsjinsteande dat hat film him troch de jierren hinne ta in soarte fan klassiker ûntjûn, dy't elts jier mei de kryst yn in protte lannen op 'e tillefyzje útstjoerd wurdt.

Yn Minneapolis besteget de wurkferslaafde matrasseferkeaper Howard Langston tefolle oandacht oan syn baan en net genôch oan syn gesin. Dêrby stekt er allegeduerigen min ôf yn ferliking mei syn glûpske en koartby skieden buorman Ted Maltin, dy't temûk in eachje op Howard syn frou Liz hat. Nei't er in wichtige seremoanje fan syn jonge soan Jamie mist hat, wêrby't dy op karateles de pearse bân útrikt krige, besiket er dy jûns út alle macht om it goed te meitsjen mei it teloarstelde jonkje. Dêrom ûnthjit er dat Jamie oer twa dagen mei de kryst alles krije sil dêr't er om frege hat. Wat Jamie hawwe wol, is in beweechbere, selspratende Turboman-pop mei alle tabehear, dy't basearre is op 'e tige populêre bernesearje Turboman, oer de superheld mei deselde namme. Alle bern wolle sa'n pop hawwe, en as er dy net kriget, seit Jamie, sil eltsenien de gek mei him hawwe. Howard bewissiget him dat er nearne oer yn hoecht te sitten.

As se letter dy jûns op bêd geane, freget Liz oft Howard der wol oan tocht hat om in Turboman-pop te keapjen, sa't se him in wykmannich lyn opdroegen hat. Howard antwurdet fan wol, mar it is dúdlik dat it him glêd fergetten is. It komt him raar oer it mad as Liz seit dat dat mar moai is, om't dy dingen no nearne mear te besetten binne. Om't er wiif en bern net wer teloarstelle wol, set Howard op 'e dei foar kryst mei in ferlechje ôf, de stêd yn, dêr't er alle boartersguodwinkels ôfrint. Oeral blykt de Turboman-pop lykwols útferkocht te wêzen, al binne der noch genôch poppen fan Booster, it helpke fan Turboman, dêr't net ien belang by hat.

Op syn syktocht ûntwikkelet Howard in stadichoan út 'e hân rinnende rivaliteit mei Myron Larabee, in postrinder dy't ek oant it lêste momint wachte hat om in Turboman-pop foar syn soan te keapjen. Dêrnjonken kriget Howard it ferskate kearen oan 'e stôk mei de autoritêre plysjeman Hummell, dy't hieltyd by fersin de dupe fan Howard syn rimpenens wurdt. Ek hat er te lijen ûnder útlaitsjende winkelbetsjinden, ynklauwerige winkeleigners en in groep memmen dy't him mei hântaskes tenei komt as se miene dat se mei in pedofyl fan dwaan hawwe.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn in winkelsintrum wurdt Howard oansprutsen troch in keardel yn in krystmanpak, dy't him ynflústeret dat er him wol oan in Turboman-pop helpe kin. Hy en syn 'krystelf' Tony nimme Howard mei nei in ôfhandich pakhûs dêr't allegear lju yn krystmanpakken omrinne. It blykt in yllegale swarthanneloperaasje te wêzen. De winkelsintrumkrystman makket Howard mar leafst $300 ôfhandich foar in pop, mar as Howard dy útpakt, blykt it ding Spaansk te praten en boppedat útinoar te fallen as er it mar justjes oanrekket. Howard wol syn jild werom, mar dêr dogge de krystmannen net oan. Ien en oar liedt ta slaanderij fan Howard mei in groep krystmannen dy't abrupt einiget as de plysje in ynfal yn it pakhûs docht en alle krystmannen en krystelven oppakt. Yn 'e gaos wit Howard der tuskenút te knipen troch him foar te dwaan as ien fan 'e resjersjeurs.

As er neitiid ek noch mei syn auto by de dyk lâns komt te stean om't de benzine op is, giet Howard ûntmoedige nei in kafetaria, dêr't er nei hûs bellet om Liz de wierheid te fertellen. It is lykwols Jamie dy't opnimt. It jonkje wol dat Howard noris op 'e tiid thús komt, sadat er mei kin nei de jierlikse krystoptocht. Howard ferliest syn selsbehearsking en beskrobbet syn soan mei útset lûd, wêrnei't Jamie de hoarn derop smyt sûnder in boadskip foar Liz oan te nimmen. Neitiid, as Howard lulk en deprimearre oan 'e bar sit, komt Myron de postrinder de kafetaria binnen. Yn it petear dat folget, foarmje beide mannen in bân trochdat se yn deselde sitewaasje sitte, mar harren gefoel fan ûnderlinge ferbûnenens einiget abrupt as der oer de radio in priisfraach oankundige wurdt mei as priis in Turboman-pop foar dejinge dy't as earste alle rindieren fan 'e krystman opneame kin.

Howard is as earste by de tillefoansel, mar Myron skuort de hoarn fan 'e tillefoan derôf om foar te kommen dat hy de priisfraach winne kin. As se foar it ferstân krije dat it radiostasjon mar in pear strjitten fierderop sit, geane se dêr dravende hinne, wêrby't Howard hurder kin as Myron, dy't in swiere tas mei post meidrage moat. Om flugger te kinnen, begjint Myron brieven, krystkaarten en pakjes fuort te smiten. Howard is dochs as earste by it radiostasjon, dêr't er alle rindieren by namme neamt, mar ûnderbrutsen wurdt as Myron ek arrivearret. In nij gefjocht brekt út, dat pas ophâldt as de radio-discjockey harren fertelt dat er gjin Turboman-pop hat, mar in tegoedbon dy't men by in boartersguodwinkel (úteinlik) foar sa'n pop ynwikselje kin.

Tsjin dy tiid komt de plysje by it radiostasjon oan, dy't troch de discjockey opskille is doe't Howard in glêzen doar stikken sloech om dêr binnen te kommen. Myron bedriget de plysje lykwols mei in pakketsje dêr't neffens him in bom yn sit. Howard pykt út en ek Myron set ôf nei't er it pakketsje by de plysjeminsken efterlitten hat. It is plysjeman Hummell dy't net leaut dat der wier in bom yn sit en it pakketsje iepenmakket. De ûntdekking dat it wol deeglik in bom befettet, komt ek foar Myron, dy't de ûntploffing in pear ferdjippings leger heart, as in ferrassing.

As Howard weromkomt by syn auto, blike dieven dêr alle tsjillen en doarren ôf stellen te hawwen. Hy lit him troch in sleepauto thúsbringe, dêr't er út syn eigen tún wei sjocht hoe't buorman Ted by him yn 'e hûs de piik op 'e krystbeam set. Dat is wat dat Howard sels tradisjoneel altyd docht, dat hy is poer. As him tebinnen komt dat Ted earder dy deis tsjin him sein hat dat er al wiken lyn in Turboman-pop kocht hat foar syn soan Johnny, beslút Howard him in leske te learen troch dy pop foar Jamie te stellen. Hy brekt by Ted yn en pakt it kado mei de pop, mar moat troch de oankomst fan in krystkoar dat by de foardoar krystferskes begjint te sjongen, troch de efterdoar it hûs ferlitte. Op it lêste momint betinkt Howard him en beslút it kado werom te lizzen, mar yn 'e eftertún treft er lykwols it echte rindier dat Ted foar de kryst kocht hat, en dat bist mei Howard om 'e iene of oare reden net lije. Mei it rindier efter him oan flechtet er wer nei binnen ta, dêr't it bist in ravaazje oanrjochtet en op in hier nei it hûs yn ljochte lôge set. As de brânende kop fan it byld fan ien fan 'e trije wizen út in kryststâl dêr't Ted syn wenkeamer mei fersierd hie, troch it rút nei bûten fljocht en lyk foar de fuotten fan 'e koarleden telâne komt, wurdt Howard op syn ynbraak trappearre.

Liz hat gjin goed wurdt foar Howard syn dwaan oer en giet mei Ted, Jamie en Johnny nei de optocht, wylst Howard allinne efterbliuwt mei it rindier, dat er dronken fiert troch it in pear fleskes bier op te boarnen. Foar Liz, dy't der alhiel gjin erch yn hân hat dat Ted har eins de hiele dei al foarsichtich oan it fersieren is, komt it as in folsleine ferrassing as Ted har, nei't se de jonges ôfset hawwe, yn 'e auto besiket te tútsjen. Mar se hat gjin muoite om him dúdlik te meitsjen wat se fan dat idee fynt as se him mei in termoskanne mei eigenmakke advokaat foar de kop huft.

Underwilens is Howard dochs noch op eigen gelegenheid nei de optocht ta set, dêr't er letterlik plysjeman Hummell tsjin it liif rint en sa by fersin gleonhjitte kofje oer de (by de ûntploffing fan it pakketsje) ferbrânde hannen fan 'e man griemt. Efterfolge troch de lulke plysjeman siket Howard beskûl yn ien fan 'e omlizzende pakhuzen, dêr't er oansjoen wurdt foar de akteur dy't Turboman spylje sil by de optocht. De oarspronklike akteur is nammentlik swierferwûne rekke by in ûngemak mei it jetpack dat ûnderdiel útmakket fan 'e taris fan Turboman. Sa komt Howard ferklaait as Turboman op 'e wichtichste pronkwein fan 'e optocht. It docht bliken dat Turboman in bern út it publyk útkieze mei om in ekstra fraaie Turboman-pop oan út te rikken. Howard sjocht syn kâns skoan en kiest syn soan Jamie út.

It senario fan 'e optocht, dêr't Howard gjin weet fan hat, befettet in gefjocht tusken Turboman en syn aartsfijân Dementor, mar de akteur dy't Dementor spylje sil, is oerweldige en fêstbûn troch Myron de postrinder, dy't syn plak ynnommen hat. Myron hat it nammentlik foarsjoen op 'e Turboman-pop dy't Howard krekt oan Jamie útrikt hat. Der ûntstiet op 'e nij slaanderij tusken de beide mannen, wêrby't alle oanwêzigen mar miene dat it om in yn 't foar pland en goreografearre gefjocht giet. Allinne Liz beseft dat dat net sa is, om't se wit dat Jamie, dy't der ek by belutsen rekket, der nea foar oefene hat. Uteinlik moat 'Turboman' mei gefaar foar eigen libben syn jetpack brûke om syn soan te rêden, dy't efterfolge troch 'Dementor' nei it dak fan in omlizzend gebou flechte is en dêr ôf driget te kneppeljen. Grut is de ferheardens fan Jamie en Liz as blykt dat 'Turboman' nimmen oars as Howard is. Myron wurdt arrestearre troch de plysje, mar as Jamie him sizzen heard dat er allinne mar in Turboman-pop foar syn soan besocht te besetten, beslút er de Turboman-pop dy't Howard him jûn hat ôf te stean, want sels hat er no ommers de echte Turboman thús.

Yn in sêne dy't nei ôfrin fan 'e ôftiteling noch folget, set Howard dy jûns, sa't tradysje is, de piik op 'e krystbeam (dy't Liz der wer ôfhelle hie nei't Ted him der, earder dy deis, op set hie). As Liz him dêrnei freget wat er har eins foar de kryst jaan sil, beseft Howard ta syn ôfgriis dat er fergetten is om in krystkado foar syn frou te keapjen.

Arnold Schwarzenegger.
Sinbad.
Rita Wilson.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Howard Langston Arnold Schwarzenegger
Myron Larabee Sinbad


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Liz Langston Rita Wilson
Ted Maltin Phil Hartman
Jamie Langston Jake Lloyd
plysjeman Alexander Hummell Robert Conrad
Johnny Maltin E.J. de la Peña
krystman yn it winkelsintrum James Belushi
radio-discjockey mei hynstesturt Martin Mull
keatlingsmokende Booster Curtis Armstrong
Tony de krystelf Danny Woodburn
tige grutte krystman Paul Wight
tige lytse krystman Verne Troyer
kommentator Gale Force Phil Morris
kommentatrise Liza Tisch Amy Pietz
Turboman yn Turboman-ôflevering Daniel Riordan
Dementor yn Turboman-ôflevering Richard Moll
presidint fan 'e Feriene Steaten yn Turboman-ôflevering Harvey Korman
first lady fan 'e Feriene Steaten yn Turboman-ôflevering Laraine Newman
winkelbetsjinde yn boartersguodwinkel Chris Parnell
winkelbetsjinde by toanbank Nick LaTour

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jingle All the Way waard regissearre troch Brian Levant nei in senario dat yn earste ynstânsje troch Randy Kornfield skreaun waard op basis fan eigen ûnderfinings mei útferkocht berneboartersguod mei de kryst. It waard letter troch filmprodusint Chris Columbus werskreaun om it in mear satiryske toan te jaan oangeande de kommersjalisearring fan kryst. Yn 'e mande mei Michael Barnathan en Mark Radcliffe produsearre Columbus de film foar syn eigen filmstudio 1492 Pictures. Der wie foar Jingle All the Way in budget beskikber fan $75 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Victor J. Kemper, en de filmmuzyk waard fersoarge troch David Newman.

De opnamen setten op 15 april 1996 útein. Jingle All the Way waard foar it meastepart filme op lokaasje yn 'e stêden Minneapolis en St. Paul, yn 'e Amerikaanske steat Minnesota. Sa waard dêr û.m. in sêne opnommen yn it bekende winkelsintrum Mall of America. Nei fiif wiken waard de produksje ferpleatst nei Kalifornje, dêr't yn Los Angeles de sênes yn 'e ferskate winkels en de sêne mei de optocht filme waarden. De optochtsêne duorre trije wiken om hielendal fêst te lizzen. De sêne mei it pakhûs fol yllegaal boartersguod en de grutte kloft krystmannen waard opnommen yn in meubilêrpakhûs yn Pasadena (Kalifornje).

De distribúsje fan Jingle All the Way waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 16 novimber 1996 yn 'e Mall of America yn Bloomington, in foarstêd fan Minneapolis, yn premiêre, wêrnei't er op 22 novimber yn 'e Amerikaanske bioskopen iepene. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 26 novimber by platemaatskippij TVT Records, mei ferskate bekende krystferskes, lykas Jingle Bells, Sleigh Ride, It's the Most Wonderful Time of the Year en Jingle Bell Rock. Jingle All the Way waard yn oktober 1997 útbrocht as VHS-keapfideo en yn novimber 1998 op dvd. Yn desimber 2008 kaam de film foar it earst út op blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Jingle All the Way oer it algemien negative resinsjes. Yn 'e Chicago Sun-Times joech Roger Ebert de film 21/2 fan 4 stjerren. Hy skreau dat er "in grut part fan 'e film goed fûn", mei't dy neffens him beskikte oer "enerzjy" en "humor". Hy wie lykwols teloarsteld troch "it ûnôflittende materialistyske útsjoch [fan 'e film] op 'e kryst, en mei de kar foar aksje en (myld) geweld yn it stee fan dialooch en plot."

Janet Maslin fan The New York Times skreau dat it Jingle All the Way ûntbriek oan in echte plot, en dat de film faalde yn syn besykjen om in satire te wêzen. Ek fûn se dat de film de (inkeld neamde) soan fan Myron de postrinder omfetsje moatten hie en mear profitearje kinnen hie fan it "foar it meastepart fergriemde" talint fan komyk Phil Hartman yn 'e rol fan buorman Ted. Yn 'e krante USA Today omskreau Jack Garner Jingle All the Way as "mear synysk as satirysk" en as in "pynlik minne film" sûnder "gefoel foar komyske timing".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Jingle All the Way in leech goedkarringspersintaazje fan 15%, basearre op 46 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Arnold Schwarzenegger docht syn bêst, mar [de film] hat te lijen ûnder in ûngelykmjittige toan, wêrby't er wyld hinne en wer slingeret tusken de satire op it materialisme dy't er graach wêze wol en in brike slapstick-mislearring." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Jingle All the Way in goedkarringspersintaazje fan 34%, basearre op 23 resinsjes.

Jingle All the Way brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $129,8 miljoen op. Ofset tsjin it budget fan $75 miljoen betsjut dy opbringst in winst fan $54,8 miljoen. Hoewol't dêr de marketingkosten noch ôf moatte, wie de film dêrmei in beskieden kommersjeel súkses.

Yn 1998 waard filmstudio 20th Century Fox oanklage troch útjouwerij Murray Hill Publishing, dy't bewearde dat de studio it senario foar Jingle All the Way fierhinne stellen hie út it skript Could This Be Christmas?, dat de útjouwerij yn 1993 fan ûnderwizer Brian Webster kocht hie. Dat wie dêrnei oan ferskate studio's tastjoerd (wêrûnder 20th Century Fox) sûnder dat der ea in reäksje op kommen wie. Murray Hill Publishing telde letter nei eigen sizzen 36 oerienkomsten tusken harren senario en Jingle All the Way, dy't sawol plotpunten, frazen út 'e dialooch as nammen fan personaazjes besloegen.

Yn 2001 waard Fox skuldich befûn oan it stellen fan it idee foar it senario fan Jingle All the Way, en moast de studio $15 miljoen oan skeafergoeding en nochris $4 miljoen oan juridyske kosten oan Murray Hill betelje. Yn heger berop waard it totaal troch Fox te beteljen bedrach lykwols werombrocht ta $1,5 miljoen, en yn 2004 waard it fûnis hielendal nei de foddekoer ferwiisd, nei't in rjochter fêststelde dat Jingle All the Way net op it senario fan 'e útjouwerij basearre wêze koe, om't Fox it skript fan Randy Kornfield al oankocht hie foar't Murray Hill it eigen senario nei Fox opstjoerde.

Achttjin jier nei't Jingle All the Way útkaam, waard Jingle All the Way 2 makke, in film dy't in ferfolch hiet te wêzen. Jingle All the Way 2 hie in plot dy't ferlykber wie mei de orizjinele film, mar wie dêr fierder op gjin inkele wize mei ferbûn. Sa omfette er gjin inkel personaazje dat yn 'e earste film foarkaam en likemin wurken der leden fan 'e cast of de crew oan it 'ferfolch' mei. Jingle All the Way 2 waard yn desimber 2014 direkt-op-fideo útbrocht.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.