Hartochdom Bretanje
Hartochdom Bretanje Duché de Bretagne (Frânsk) Dugelezh Breizh (Bretonsk) | |
---|---|
939 – 1532 | |
flagge | wapen |
(hartochlike wapenbanier) (fariant, Kroaz Du, it "Swarte Krús") |
|
Latyn: Potius mori quam fœdari Frânsk: Plutôt la mort que la souillure Bretonsk: Kentoc'h mervel eget bezañ saotret ("Leaver dea as earferlies") | |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Rennes, letter Nantes |
offisjele taal | Latyn (oant de 13e iuw) Frânsk (fan 'e 13e iuw ôf) |
steatsfoarm | monargy (hartochdom) |
ûntstien út | Keninkryk Bretanje |
opgien yn | Keninkryk Frankryk |
no diel fan | Frankryk |
sifers | |
ynwennertal | < 1.000.000 (1532) |
befolkingstichtens | < 29,4 / km² |
oerflak | 34.023 km² |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | ferskaat |
It Hartochdom Bretanje (Frânsk: Duché de Bretagne; Bretonsk Dugelezh Breizh) wie in ûnôfhinklik, soeverein lân yn Noardwest-Jeropa, dat bestie fan 939 oant 1532. It besloech it skiereilân Bretanje en waard regearre troch de hartoggen fan Bretanje, dy't behindich tusken de klippen troch lavearje moasten om 'e selsstannigens fan harren lân te behâlden. Under de Hûndertjierrige Oarloch tusken it Keninkryk Frankryk en it Keninkryk Ingelân sleat it hartochdom dêrom no ris in bûnsgenoatskip mei de iene kant, en dan wer mei de oare kant. Nei't dat konflikt mids fjirtjinde iuw beëinige wie, kaam Bretanje ûnder groeiende Frânske ynfloed te stean. De sitewaasje boaze yn 'e lêste helte fan 'e fyftjinde iuw sa oan dat Bretanje, doe't der nei de dea fan hartoch Frâns II yn 1488 gjin manlike erfgenamt wie, troch in houlik tusken hartoginne Anne en de Frânske kening Karel VIII yn Frânske hannen foel. Nei it ferstjerren, yn 1524, fan Anne har dochter Klaudia fan Frankryk, de lêste soevereine hartoginne fan Bretanje, waard it gebiet yn 1532 troch Frankryk anneksearre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Untstean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Keninkryk Bretanje wie yn 851 ûntstien út wat foartiid in fazalsteat fan it Frankyske Ryk west hie. Yn 'e earste helte fan 'e tsiende iuw waard dat lân lykwols beset troch de Wytsingen, in besetting dy't begûn yn 919 en mear as fyftjin jier duorre. Yn 935 kearde Alan II út ballingskip yn it Keninkryk Ingelân werom. Hy socht stipe by syn peetbroer, kening Æthelstan fan Ingelân, en ek fan Æthelstan syn omkesizzer, kening Loadewyk IV fan Frankryk. Mei in útlânsk leger lâne er op 'e kust fan Bretanje om syn heitelân te befrijen. Tsjin 937 hied er it skiereilân foar it meastepart werovere. De Wytsingen hiene har weromlutsen yn harren bolwurk Trans-la-Forêt. Yn 939 wisten de Bretonnen en de Frânsen ûnder lieding fan Alan II ek de lêste Wytsingen yn Bretanje te ferslaan yn 'e Slach by Trans-la-Forêt.
Neitiid kaam in ein oan it bestean fan it Keninkryk Bretanje, dat omfoarme waard ta it Hartochdom Bretanje, mei Alan II as earste hartoch. Dyselde wie op dat stuit net yn 'e posysje om it tsjin Frankryk op te nimmen. Dat út tank foar de ûntfongen stipe, mar ek om't er der net foarwei koe, brocht er yn 942 hulde oan Loadewyk IV fan Frankryk. Dêrmei waard de sitewaasje dy't doe al trije jier bestie, formalisearre. De status fan fazalsteat fan it Hartochdom Bretanje wie lykwols fan koarte doer, mei't it al rillegau wer opklom ta in ûnôfhinklik en soeverein lân.
10e oant 13e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Hartochdom Bretanje hie syn hiele, krapoan seishûndertjierrige bestean bot te kampen mei ynterne ferdieldheid. De Bretonske eallju beskôgen inoar ornaris as de wichtichste fijân en rôpen foar de eigen saak útlânske help yn as se dat goedtochten, sûnder der rekken mei te hâlden dat soks Bretanje as lân oanhâldend ferswakke. De grutste bûtenlânske ynfloed yn Bretanje gie út fan it Keninkryk Frankryk, dêr't it hartochdom in lângrins mei dielde. De opienfolgjende keningen fan Frankryk seagen it Hartochdom Bretanje as in ôffallich diel fan harren keninkryk, dêr't se alle rjocht hiene om har mei ynterne oangelegenheden te bemuoien. Dêrta ûnderholden se yn Bretanje in gesant dy't allegeduerigen besochten de gong fan saken yn it foardiel fan Frankryk te beynfloedzjen. De oare grutmacht dêr't de Bretonnen mei te krijen hiene, wie it Keninkryk Ingelân, dat yn 'e Midsiuwen net inkeld it grutste diel fan 'e Britske Eilannen omfieme, mar ek dielen fan Frankryk, lykas it Hartochdom Normanje en it Hartochdom Akwitaanje. Fan gefolgen wiene de hartoggen fan Bretanje twongen om hoeden tusken de klippen troch te lavearjen om foar te kommen dat Bretanje syn ûnôfhinklikheid ferlieze soe. Sadwaande sleaten se gauris bûnsgenoatskippen mei it Keninkryk Ingelân of it Keninkryk Frankryk, ôfhinklik fan wa fan beiden oft op dat stuit de grutste bedriging foarme.
Yn 'e alfde iuw briek yn 1064 de Bretonsk-Normandyske Oarloch út, nei't hartoch Willem de Oermasterder fan Normanje de opstân fan Rivallon I fan Dol tsjin it regear fan hartoch Konan II fan Bretanje stipe hie. Dat konflikt waard yn 1065 alwer beëinige, mei't Willem doe syn sinnen op in gruttere priis sette en plannen makke foar de Normandyske Ynvaazje fan it Keninkryk Ingelân yn 1066. Konan II konsolidearre syn posysje yn Bretanje en risselwearre doe om syn fijân yn 'e rêch oan te fallen, mar ûnder it belis fan Angers, yn 1066, kaam er om nei't er fergiftige ruterwanten oandien hie. It wie in slûpmoard dêr't rûnom Willem de Oermasterder fan fertocht waard. Neitiid waard Bretanje in skoftke yn 'e Normandyske ynfloedssfear skuord, mar al rillegau kearde it hartochdom ûnder Hoël II fan Bretanje werom nei de fertroude polityk fan it beheinen fan 'e Normandyske ekspânsjedriuw. Yn 1086 moast Alan IV fan Bretanje koarte tiid yn ballingskip gean nei in Ingelske ynvaazje ûnder lieding fan Willem de Oermasterder, mar nei it sluten fan in fredesferdrach koed er weromkeare en troude er mei Willem syn twadde dochter Konstânse fan Ingelân.
Yn 'e tolfde iuw besocht Konan III fan Bretanje de groeiende Anzjevynske ynfloed yn syn hartochdom tsjin te gean troch in bûnsgenoatskip te sluten mei Steffen fan Ingelân (dy't yn 'e perioade dy't 'De Anargy' neamd wurdt, yn in boargeroarloch ferwikkele wie mei Matilde fan Ingelân, dy't troud wie mei Godfryd V fan Anzjû.) Dat bûnsgenoatskip bleau trijefearnsiuw yn stân, oant it yn 1203 einige, doe't ûnder it regear fan Jan fan Ingelân de sânjierrige hartoch Arthur I fan Bretanje, dy't in finzene fan 'e Ingelsen wie, op mysterieuze wize ferdwûn. Jan liet ek Arthur syn suster Eleönoara, de 'faam fan Bretanje', ûntfiere en fêstsette yn Kastiel Corfe yn Dorset. Yn Bretanje kaam doe it Hûs fan Dreux oan 'e macht, dat yn 't earstoan sterk ôfhinklik wie fan 'e stipe fan kening Filips II Augustus fan Frankryk.
Hûndertjierrige Oarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e fjirtjinde iuw rekke Bretanje betize yn 'e Hûndertjierrige Oarloch tusken Ingelân en Frankryk. Yn it hartochdom sels waard yn dy snuorje de Bretonske Súksesjeoarloch útfochten, dy't beskôge wurde kin as in regionaal ûnderdiel fan it gruttere konflikt. De partijen yn 'e boargeroalroch wiene it Hûs Blois en it Hûs Montfort, dy't allebeide oanspraak makken op 'e hartochlike troan nei it sûnder bern ferstjerren fan hartoch Jan III de Goede, de lêste telch út it Hûs fan Dreux. De Blois' waarden yn it konflikt stipe troch de Frânsen en de Montforts troch de Ingelsen. Nei trijeëntweintich jier fan oanhâldende oarlochfiering waard de striid úteinlik yn it foardiel fan 'e Montforts besljochte.
Neitiid makke it Hartochdom Bretanje foar it earst yn lange tiid in snuorje fan wiere ûnôfhinklikens troch om't Frankryk tsjin dy tiid troch de oanhâldende oarloch mei Ingelân sa slim ferswakke rekke wie dat it sels gjin gesanten mear nei it Bretonske Hof ta stjoerde. Troch diplomatike flaters ferfrjemden de Ingelsen de Bretonnen fan harren, mei as gefolch dat Arthur, greve fan Richemont (de lettere hartoch Arthur III fan Bretanje) en syn omkesizzer Peter II fan Bretanje oan 'e Frânske kant wichtige rollen spilen yn 'e lêste stadia fan 'e Hûndertjierrige Oarloch, yn 'e Slach by Patay, de Slach by Formigny, de Slach by Castillon en by de tastânkomming fan it Ferdrach fan Arras yn 1453.
Ferlies fan 'e ûnôfhinklikheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't Frankryk de Hûndertjierrige Oarloch yn syn foardiel besljochte hie, woeks fan gefolgen de Frânske ynfloed yn Bretanje wer oan. Hartoch Frâns II fan Bretanje, dy't yn 1458 oan 'e macht kaam, hie gjin soannen, mar inkeld in dochter, Anna fan Bretanje. Yn in tiid dat froulju net yn tel wiene en inkeld by hege útsûndering op 'e troan kamen, wie dat yn it ramt fan 'e Bretonske striid foar it behâld fan 'e selsstannigens in krúsjaal probleem. Yn 1486 befêstigen de Steaten fan Bretanje, it parlemint fan it hartochdom, by wet dat Anna de erfgenamte fan har heit wie.
Om 'e Frânske ynfloed in slach ta te bringen, gie Frâns II yn 1488 in bûnsgenoatskip oan mei de fijannen fan Frankryk: keizer Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk, kening Ferdinand II fan Aragon en kening Hindrik VII fan Ingelân. It Bretonske leger waard fuortsterke mei Dútske, Aragoneeske en Ingelske troepen, mar dit konflikt tsjin Frankryk, dat neitiid de Dwaze Oarloch neamd is, einige yn 'e Slach by Saint-Aubin-du-Cornier yn in ferpletterjende nederlaach tsjin it leger fan kening Loadewyk XI fan Frankryk. Dat wie foar in grut part te witen oan 'e korrupsje fan it Hof fan Frâns II en oan ynterne skelen mank de Bretonske adel, fan wa't in diel oan 'e Frânske kant tsjin 'e eigen hartoch meifocht.
De gefolgen wiene foar Bretanje rampsillich. Under de kêsten fan it Ferdrach fan Verger, dat Frâns II twongen wie te ûndertekenjen, moast hy himsels ûnderwerpe as in fazal fan Karel VIII fan Frankryk. Boppedat wie fan dat stuit ôf foar in houlik fan syn dochter Anna goedkarring fan 'e Frânske Kroan nedich. Doe't sy yn 1490 dochs úthylke ward oan Maksimiliaan I, late dat ta in nije oarloch mei Frankryk. Karel VIII belegere Rennes en liet it houlik annulearje, wat neffens it kanonyk rjocht fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke mooglik wie om't it nea konsummearre wie: Anna wenne ommers yn Bretanje, wylst Maksimiliaan oan 'e oare kant fan Frankryk yn it Dútske Ryk siet. Ynstee naam Karel VIII doe sels Anna ta frou (nei't er him spesjaal foar dat doel skiede litten hie fan syn earste frou). Doe't er yn 1498 kaam te ferstjerren sûnder libbene bern produsearre te hawwen, moast Anna trouwe mei syn neef en opfolger Loadewyk XII.
Anna fan Bretanje besocht om 'e nocht de ûnôfhinklikens fan Bretanje te frijwarjen, en kaam yn 1514 te ferstjerren. Har dochter, Klaudia fan Frankryk, yntrodusearre in nije opfolgingskrisis yn Bretanje en Frankryk, mei't se ûnder de kêsten fan it Ferdrach fan Guerande, dat de erfopfolging yn Bretanje regele, hartoginne fan Bretanje suo jure wurde moast, mar net keninginne fan Frankryk suo jure, om't yn it Keninkryk Frankryk de Salyske Wet fan krêft wie dy't froulju folslein útsleat fan erfopfolging. It probleem waard oplost troch Klaudia trouwe te litten mei har neef Frâns I fan Frankryk. Hoewol't Klaudia yn namme soeverein hartoginne fan Bretanje wie, bleau it hartochdom dêrtroch yn 'e hannen fan 'e Frânske Kroan. Hja ferstoar jong yn 1524, mar de berte yn 1518 fan Klaudia har soan Frâns, dy't sawol kroanprins fan Frankryk wie as hartoch fan Bretanje, soe foar it earst beide gebieten ek wetlik ferienje ta in personele uny.
Foarútrinnend op 'e personele uny liet syn heit Frâns I op 13 augustus 1532 troch de Steaten fan Bretanje it Edikt fan Uny oannimme, wêryn't de anneksaasje fan it Hartochdom Bretanje troch Frankryk regele waard. It is mar de fraach oft dat juridysk sjoen wol troch de bûgel koe, mei't guon leden fan 'e Steaten fan Bretanje yntimidearre of op oare manearen ûnder druk set waarden om foar te stimmen. Yn elts gefal hold de ûnôfhinklikheid fan it Hartochdom Bretanje yn 1532 feitliks op te bestean. Hoewol't kroanprins Frâns yn 1536 stoar foar't er syn heit opfolgje kinnen hie as kening fan Frankryk, naam syn jongere broer Hindrik II syn plak yn. Op papier, sa soe men sizze kinne, bestie it hartochdom dêrom noch fuort oant 13 augustus 1547, doe't Hindrik II syn heit Frâns I opfolge as kening fan Frankryk, en Bretanje en Frankryk sadwaande foar it earst wetlik troch ien en deselde persoan regearre waarden.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan it Hartochdom Bretanje wie fierhinne agrarysk, mei feehâlderij op it meastepart fan it skiereilân, lânbou yn it súdeasten, dêr't de temperatueren justjes heger leine, en fiskerij oan 'e kusten. Hannel wie ek in wichtige pylder fan 'e ekonomy, mar allinne yn 'e stêden. Troch de iuwen hinne waarden der in soad ferskillende útlânske muntienheden yn it hartochdom brûkt, en soms sloegen de hartoggen har eigen munten.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Hartochdom Bretanje wie in feodale monargy ûnder it bewâld fan in autokratysk hartoch. De soevereine hartoggen fan Bretanje wiene:
- Hûs fan Nantes
- 939 – 952: Alan II de Foks
- 952 – 958: Drogo
- 958 – 981: Hoël I
- 981 – 988: Gûerech
- 988 – 990: Alan fan Nantes
- Hûs fan Rennes
- 990 – 992: Konan I
- 992 – 1008: Godfryd I
- 1008 – 1034: Odo I (mei-hearsker fan Alan III)
- 1008 – 1040: Alan III (oant 1034 mei-hearsker fan Odo I)
- 1040 – 1066: Konan II (oant 1057 ûnder regintskip fan Odo I)
- 1066 – 1072: Hawise (mei-hearskeresse fan Hoël II)
- 1066 – 1072: Hoël II (mei-hearsker fan Hawise)
- Hûs fan Cornouaille
- 1072 – 1112: Alan IV de Jongere (oant 1084 ûnder regintskip fan Hoël II)
- 1112 – 1148: Konan III de Fette
- 1148 – 1156: Berta (mei-hearskeresse fan Odo II)
- 1148 – 1156: Odo II (mei-hearsker fan Berta)
- Hûs fan Penthièvre
- 1156 – 1166: Konan IV de Swarte
- 1166 – 1201: Konstânse (fan 1181 oant 1186 mei Godfryd II; fan 1188 oant 1199 mei Ranulf fan Chester; fan 1196 ôf mei Arthur I; fan 1199 oant 1201 mei Guy fan Thouars)
- 1181 – 1186: Godfryd II (mei-hearsker fan Konstânse)
- 1188 – 1199: Ranulf (mei-hearsker fan Konstânse)
- 1199 – 1201: Guy (mei-hearsker fan Konstânse)
- Hûs fan Thouars
- 1203 – 1221: Aliks (oant 1213 ûnder regintskip fan Guy; dêrnei mei-hearskeresse fan Peter I)
- 1213 – 1221: Peter I (mei-hearsker fan Aliks)
- Hûs fan Dreux
- 1221 – 1286: Jan I de Reade (oant 1237 ûnder regintskip fan Peter I)
- 1286 – 1305: Jan II
- 1305 – 1312: Arthur II
- 1312 – 1341: Jan III de Goede
- 1341 – 1364: Jehanna de Lamme (mei-hearskeresse fan Karel I)
- 1341 – 1364: Karel I (mei-hearsker fan Jehanna)
- 1341 – 1345: Jan fan Montfort
- 1345 – 1364: Jan IV de Oermasterder (fan Montfort)
- 1364 – 1399: Jan IV de Oermasterder
- 1399 – 1442: Jan V de Wize
- 1442 – 1450: Frâns I de Graachsjoene
- 1450 – 1457: Peter II de Simpele
- 1457 – 1458: Arthur III de Rjochter
- 1458 – 1488: Frâns II
- 1488 – 1514: Anne
- 1514 – 1524: Klaudia (oant 1515 mei-hearskeresse fan Frâns I fan Frankryk)
- 1514 – 1515: Frâns I fan Frankryk
- 1524 – 1536: Frâns III
- 1536 – 1547: Hindrik II fan Frankryk
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De offisjele taal fan it Hartochdom Bretanje wie oant yn 'e trettjinde iuw it Latyn. Dat waard doe ferfongen troch it Frânsk, in feit dêr't de kulturele ynfloed út blykt dy't Frankryk doe al op it hartochdom útoefene. De beide sprektalen fan Bretanje, it Keltyske Bretonsk en it Romaanske Gallo-Bretonsk, hawwe yn Bretanje nea in offisjele status hân.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|