Springe nei ynhâld

Gallo (taal)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gallo-Bretonsk)
Gallo
algemien
oare namme(n) Galleesk, Gallo-Bretonsk,
Bretonsk-Romaansk
eigen namme Gallo
lânseigen yn Frankryk
tal sprekkers 28.000 (±2010)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Italysk
    ● Latynsk-Faliskysk
      ● Latyn
        ● Romaansk
          ● Westromaansk
            ● Gallo-Romaansk
              ● Oïlysk
                ● Gallo-Anzjevynsk
                  ● Gallo
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Frankryk (gjin nasj. erkenn.)
Bretanje
taalkoades
ISO 639-1
ISO 639-2
ISO 639-3

It Gallo (Gallo: Gallo) soms ek Gallo-Bretonsk, Bretonsk-Romaansk of Galleesk (langue gallèse) neamd, is in Romaanske streektaal yn it easten fan Bretanje, in skiereilân oan 'e westkust fan Frankryk. It is ien fan 'e Oïlyske talen en wurdt faak beskôge as in dialekt fan it Frânsk. Tegearre mei it Keltyske Bretonsk (dêr't it net mei betize wurde moat) is it ien fan 'e beide lânseigen talen fan Bretanje en it Bretonske folk. It Gallo genietet yn Frankryk op nasjonaal nivo gjin erkenning. It tal sprekkers bedraacht likernôch 28.000 en rint stadich fierder tebek, wêrmei't de taal sterk yn syn fuortbestean bedrige is.

De term gallo (soms stavere as galo of gallot) komt fan it Bretonske wurd gall, dat "frjemdling" of "bûtenlanner" betsjut en troch de iuwen hinne in bybetsjutting fan "Frânsman" krigen hat.

It stedsje Loudéac hat in plaknammeboerd mei de Gallotalige namme, Loudia, tafoege ûnder it Frânsktalige plaknamme-boerd.

It Gallo is in Romaanske taal, en moat net betize wurde mei de oare, Keltyske taal fan Bretanje en de Bretonnen: it Bretonsk. It Gallo is ien fan 'e Oïlyske talen, in lytse taalkloft dy't ta de Gallo-Romaanske groep fan 'e Westromaanske talen heart. Ta de Oïlyske talen hearre ek it Frânsk en ferskate streektalen dy't yn westlik Frankryk om it Gallo hinne sprutsen wurde, lykas it Normandysk fan Normanje, it Anzjevynsk fan Anzjû en it Poitevynsk fan Poitou. It Normandysk wurdt noardeastlik fan it Gallo sprutsen, it Anzjevynsk eastlik en it Poitevynsk súdeastlik. De Oïlyske talen wurde faak sjoen as dialekten fan it Frânsk, mar it binne eins taalfoarmen dy't har ûnôfhinklik ûntwikkele hawwe fan it Frânsk, dat fuortkomt út it Oïlyske dialekt fan Parys.

It Gallo ûnderskiedt him benammen fan 'e oare Oïlyske talen troch in sterkere Keltyske ynfloed, dy't feroarsake is troch iuwenlang direkt kontakt mei sprekkers fan it Bretonsk. Dy ynfloed is lykwols frij beheind bleaun, en de wurdskat fan it Gallo bestiet foar de grutte mearderheid út Romaanske wurdfoarmen. De ynfloed fan it Bretonsk op it Gallo nimt boppedat wat langer wat mear ôf wat fierder eastlik (by de taalgrins mei it Bretonsk wei) men komt.

De measte oerienkomsten hat it Gallo mei it Anzjevynsk, wêrmei't it ûnderling fersteanber is en de Gallo-Anzjevynske groep fan 'e Oïlyske talen foarmet. Mei it Normandysk en it Poitevynsk is de ûnderlinge fersteanberens tuskenbeiden oant min. It Poitevynsk hat in sterkere ynfloed fan it Oksitaansk fan súdlik Frankryk ûndergien (dat net ta de Oïlyske talen heart), wylst it Normandysk in superstraat fan Aldnoarsk ynkorporearre hat om't Normanje in gebiet is dat yn 'e Iere Midsiuwen troch de Wytsingen (of Noarmannen, dêrfandinne de namme) kolonisearre waard. Mei oangrinzgjende fariëteiten fan it Normandysk yn it súdwesten fan Normanje, en ek mei it Jerseyaansk en Guernseyaansk fan 'e Kanaaleilannen, dat Normandyske dialekten binne, hat it Gallo in ridlike ûnderlinge fersteanberens, mar dêr't it Normandyske dialektkontinuum op it fêstelân ferskoot nei it Mayenneesk fan Mayenne bestiet in dúdlike isoglosse.

It (oarspronklike) taalgebiet fan it Gallo beslacht it eastlike diel fan it skiereilân Bretanje, dat fan it fêstelân fan Noardwest-Jeropa ôf nei it westen ta de Atlantyske Oseaan ynstekt. Spesifyk wurdt it taalgebiet fan it Gallo oantsjut as Opper-Bretanje, wylst de Bretonsktalige útein fan it skiereilân Neder-Bretanje neamd wurdt. De westlike taalgrins fan it Gallo, dêr't it grinzget oan it Bretonsk, is in tinkbyldige line dy't mei in flauwe S-bocht dwers oer it skiereilân rint fan Plouha oan 'e kust fan It Kanaal nei it Rhuys-skiereilân oan 'e kust fan 'e Golf fan Biskaje.

De lokaasje fan it Gallo-Anzjevynske taalgebiet yn Frankryk (dus ynkl. it Gallo en it nau besibbe Anzjevynsk).
     Gallo-Anzjevynsk
     oare Oïlyske talen
     oare talen

De eastlike taalgrins fan it Gallo is in stik dreger oan te jaan, mei't dêr in taalkontinuum bestiet mei it Anzjevynsk. De taalgrins wurdt dêrom oer it algemien lykslein mei de grins fan it histoaryske Bretanje, d.w.s. mei de eastgrins fan it departemint Ille-et-Vilaine, dat ta de bestjoerlike regio Bretanje heart, en (súdlik dêfan) mei de eastgrins fan it departemint Loire-Atlantique, dat ta de regio Lân fan 'e Loire heart. Yn it noardeasten fan it taalgebiet wurdt it Gallo ek sprutsen yn in diel fan (súdwestlik) Normanje, wylst yn it suden yn it Pays de Retz, in skiereilân oan 'e súdkant fan 'e Loiremûning dat ta it departemint Loire-Atlantique heart, gjin Gallo mar Poitevynsk sprutsen wurdt.

It Gallo ûntjoech him oarspronklik yn 'e saneamde Marken fan Neustrje, in grinsgebiet fan it Frankyske keninkryk Neustrje. Dy krite komt oerien mei it hjoeddeistige grinsgebiet fan Bretanje en Normanje en mei de histoaryske Frânske provinsje Maine, wêrfan't de stêd Le Mans it sintrum is. De Kelten fan 'e Britske Eilannen dy't har yn 'e fyfde en sechsde iuw yn Bretanje nei wenjen setten, namen harren eigen Brytoanyske taal mei, dêr't him it Bretonsk út ûntjoech. De foarm fan it Gallo-Romaansk dy't foartiid yn Bretanje sprutsen wie, stoar út doe't it Bretonsk dêr de dominante taal waard.

Yn 'e njoggende iuw berikte de útwreiding fan it Bretonske taalgebiet syn grutste omfang, doe't de taalgrins mei it Gallo fan Mont-Saint-Michel oan 'e kust fan It Kanaal nei Saint-Nazaire oan 'e kust fan 'e Golf fan Biskaje rûn. Yn 'e omkriten fan Rennes en Nantes, de haadstêden fan Bretanje, dy't beëasten dy line lizze, hat it Bretonsk nea lânseigen west en waard altyd al Gallo sprutsen. Fan 'e njoggende iuw ôf wiek de eastlike taalgrins fan it Bretonsk stadichoan almar fierder tebek nei it westen ta, yn it foardiel fan Gallo, dat him dêrhinne útwreide.

Nei de Normandyske Ynvaazje fan it Keninkryk Ingelân yn 1066 oefene it Gallo oansjenlike ynfloed út op 'e ûntwikkeling fan 'e Anglo-Normandyske taal dêre. In grut diel fan 'e lieders fan 'e Normanjers wie nammentlik eins ôfkomstich út Opper-Bretanje.

Yn it Hartochdom Bretanje, dat oant 1532 in ûnôfhinklik lân wie, en dêrnei yn it Keninkryk Frankryk, koe it Gallo himsels goed hanthavenje. Histoarysk wie Frankryk nammentlik in lân mei in heech gehalte oan taalkundich ferskaat en in navenant grutte tolerânsje op dat mêd. De Frânske Revolúsje fan 1789 makke dêr lykwols abrupt in ein oan. Mei't de jakobinen it bestean fan minderheidstalen seagen as ien fan 'e oarsaken foar de oanhâldende ûngelikensens tusken de ûnderskate maatskiplike klassen, besleaten se dat alle minderheidstalen útrûge wurde moasten om 'e sprekkers fan dy talen te 'befrijen' fan har oanberne foarm fan ûngelikensens. Mei oare wurden: foar etnyske minderheden en minderheidstalen wie tenei yn Frankryk gjin romte mear.

In Gallotalich boerd yn 'e metro fan Rennes.

Nei ôfrin fan 'e Napoleontyske Oarloggen waard dêrom yn 'e njoggentjinde iuw besocht om fia it ûnderwiis alle sprekkers fan minderheidstalen oergean te litten op it Frânsk. Skoalbern waarden bgl. op 'e skoallen yn Bretanje troch de ûnderwizers swier bestraft as se har memmetaal sprieken. It tinken dat minderheidstalen útrûge wurde moasten, bestie fuort oant djip 'e 1960-er jierren, doe't presidint Charles de Gaulle yn 1962 mei it Haut Comité pour la Défense et l'Expansion de la Langue Française noch in nije kampanje lansearre om 'e ynfloed fan it Frânsk út te wreidzjen yn it neidiel fan 'e minderheidstalen. En noch yn 1994 waard de Loi Toubon oannommen, in wet wêryn't fêstlein waard dat alle publikaasjes fan 'e oerheid inkeld yn it Frânsk skreaun wêze mochten.

Toch it frânsifisearringsbelied fan 'e Frânske oerheid rekke it mei it Gallo sterk yn it neigean. Oars as by it Bretonsk yn 'e tweintichste iuw it gefal wie, kaam der foar it Gallo gjin ommekear oangeande it taalferfal en it gebrek oan prestiizje. Krektoarsom, it Gallo hat tsjintwurdich net inkeld te lijen ûnder de oanhâldende druk fan it Frânsk, mar ek fan 'e taaloplibbing fan it Bretonsk, dat dêrtroch terrein wint yn gebieten dêr't foarhinne Gallo sprutsen waard. Dêrby komt noch it probleem dat it Gallo altyd in sprektaal en nea in skriuwtaal west hat, en dat de ferskate rivalisearjende staverings dy't derfoar ûntwikkele binne, faak frijwol net nei te kommen binne, sels foar lju foar wa't it Gallo har memmetaal is. De taaloerdracht fan âldelju op bern is foar wat it Gallo oangiet, noch altyd ekstreem leech.

De iennichste offisjele taal fan 'e Frânske Republyk is it Frânsk. Gjin inkele minderheidstaal genietet yn Frankryk op nasjonaal nivo erkenning. Yn 1982 waard it Gallo lykwols as opsjoneel skoalfak talitten ta it ûnderwiis yn 'e regio Bretanje, wêrby't der sels eksamen yn dien wurde koe by it Baccalaureat, de eineksamens fan it fuortset ûnderwiis. It duorre jierren foar't de tastimming om it Gallo te ûnderwizen omset waard yn wurklik ûnderwiis yn 'e taal. Yn 2002 waard lykwols fan hegerhân besletten om ûnderwiis yn it Gallo op 'e middelbere skoallen te ferbieden. Dêr kaam, benammen yn it departemint Ille-et-Vilaine, dalje op fan in netwurk fan tawijde Gallo-aktivisten, dy't tastimming werom wisten te winnen om it ûnderwiis yn 'e taal op 'e middelbere skoallen te behâlden.

Yn 2004 waarden sawol it Bretonsk as it Gallo troch de folksfertsjintwurdiging fan 'e regio Bretanje erkend as langues de Bretagne ("talen fan Bretanje"). Mar dat is winliken inkeld in symboalyske erkenning, mei't de Frânske oerheid noch altyd tige ôfwizend stiet foaroer help oan of erkenning fan minderheidstalen. Sûnt 2004 binne der op guon plakken Gallotalige plaknammebuorden oan besteande Frânsktalige buorden taheakke. Nettsjinsteande dat is de taal sels yn it sintrum fan syn taalgebiet, yn 'e omkriten fan Rennes (Gallo: Resnn; Bretonsk: Roazhon) minder sichtber as it Bretonsk, dat dêr fan âlds net sprutsen wurdt. Yn july 2008 waard de tekst fan 'e Frânske Grûnwet oanpast. De sin "De taal fan 'e Republyk is it Frânsk," bleau stean, mar dêr waard kêst 75-1 oan tafoege, dat stelt: "de streektalen hearre ta it erfskip fan Frankryk." Dy tekst is lykwols sa dizenich dat it wol fan alles betsjutte kin, en der waard gjin inkele ferplichting oan taheakke om dat 'erfskip' foar it neislachte te behâlden.

In seldsum plaknammeboerd yn it Gallo (ûnder).

It is dreech om it krekte tal memmetaalsprekkers fan it Gallo fêst te stellen. Dat komt benammen om't it Gallo en it nau besibbe Frânsk itselde sosjolinguïstyske lânskip diele, wêrby't in trochrinnend spektrum tusken de beide talen bestiet. Oan it iene uterste sprekt men folslein Gallo, en oan it oare uterste sprekt men folslein Frânsk. Dêrtuskenyn sitte withoefolle tuskenfoarmen, wêrby't, rekkene fan it Frânske útein ôf, hieltyd mear Gallo yn 'e taal opnommen wurdt. Wat mear Frânsk der brûkt wurdt, wat mear taalprestiizje de sprektaal hat.

It is sadwaande dreech en stel fêst wat Gallo is en wat Frânsk. Ornaris wurdt der lykwols fan útgien dat der noch 28.000 memmetaalsprekkers fan it Gallo binne, in sifer dat datearrret fan omtrint 2010. Mei't de âlderein ûnder de sprekkers sterk oerfertsjintwurdige is, buorket it Gallo stadichoan efterút troch it ôfstjerren fan sprekkers. Troch it ûnderwiis komme der, benammen yn it departemint Ille-et-Vilaine, wer wat sprekkers fan 'e jongere generaasjes by, mar oan 'e oare kant kenne in protte lju yn Loire-Atlantique, dêr't it gebrûk fan it Gallo hielendal net stimulearre wurdt troch de pleatslike autoriteiten, it wurd "Gallo" net iens.

It Gallo hat gjin literêre tradysje, hoewol't der yn 'e taal fan âlds wol mûnlinge oerlevering fan folksferhalen foarkaam, en der ek tsjintwurdich noch folksmuzyk yn it Gallo produsearre wurdt. It âldste oerlevere Gallo is de taal wêryn't Etienne fan Fougères yn 1178 Le Livre des Manières skreau. Le Roman d'Aquin is it oar ier wurk yn it Gallo, in ridderroman dy't inkeld oerlibbet yn in fyftjinde-iuwske ferfrânske kopy, mar wêrfan't de tekst likegoed eleminten befettet dy't karakteristyk wiene foar it Midsiuwske Gallo fan Opper-Bretanje. Dêrnei bleau it lange tiid stil oant folkloristen yn 'e njoggentjinde iuw Gallotalige mearkes, leginden en sêgen begûn op te tekenjen. Armand Dagnet (1857-1933) wie de earste auteur dy't in tal orizjinele wurken yn it Gallo skreau, wêrûnder it toanielstik La Fille de la Brunelas út 1901. Sûnt de 1970-er jierren besteane der ferskate rivalisearjende standertstaverings foar it Gallo, dy't net ien fan allegear botte populêr binne.

Wurdlist ta ferliking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
wurd Gallo Aldfrânsk Frânsk
"apelbeam" pommieu pomier pommier
"bij" avètt aveille abeille
"falle" cheir cheoir tomber (mar argaysk: choir)
"fluitsje" sublae sibler of sifler siffler
"geit" biq chièvre of bique chèvre (mar sprektaal: bique)
"him" li lui of li lui
"hjoed" anœt hui aujourd'hui
"hûs" ostèu hostiaus of hostel maison (mar yn beskate spesifike betsjuttings: hôtel)
"iikhoarntsje" chat-de-boéz (letterlik: "boskkat") escurueil écureuil
"lippe" lip lèvre lèvre of lippe
"mei" ô of côteu avek ot of avœc avec
"middei" (deidiel) vêpré vesprée après-midi (mar argaysk: vêprée)
"miskien" vantiet puet estre peut-être
"mûle" góll gueule of boche bouche (gueule = "kaak")
"no" astour a ceste heur maintenant (mar argaysk: à cette heure)
"nûmer" limerot nombre numéro
"pear" peirr peire poire
"sider" cit cidre cidre
"skoalle" escoll escole école
"smoke" betunae fumer fumer (mar argaysk: pétuner)
"stjer" esteill esteile of estoile étoile
"stoel" chaérr chaiere chaise
"tiidskema" oryaer horaire horaire
"tsiis" fórmaij formage fromage
"útgong" desort sortie sortie

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.