Springe nei ynhâld

Hannelingen fan de Apostels

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hannelingen fan 'e Apostels)
Hannelingen fan de Apostels
algemiene gegevens
oarspr. titel Πράξεις τῶν Ἀποστόλων
("Praxeis tōn Apostolōn")
auteur Lukas
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 5070 n.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Nije Testamint
● foarich diel Evangeelje fan Jehannes
● folgjend diel Brief oan de Romeinen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Hannelingen fan de Apostels
publikaasje 1933, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

De Hannelingen fan de Apostels, yn it oarspronklike Gryksk: Πράξεις τῶν Ἀποστόλων, Praxeis tōn Apostolōn, ek wol koartwei Hannelingen neamd, is it fjirde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It folget, sawol wat de folchoarder fan 'e boeken fan it Nije Testamint oangiet, as wat de gronology fan 'e bibelske ferhalen oanbelanget, daliks op 'e fjouwer kanonike evangeeljes, en beskriuwt de himelfeart fan Jezus Kristus en de earste jierren fan 'e kristlike mienskip, dêrby de sindingsreizen fan 'e apostel Paulus en oaren ynbegrepen.

Neffens de tradysje is it boek skreaun troch de apostel Lukas, de selskipsman fan Paulus, dy't û.m. yn Kolossers 4:14 neamd wurdt. Dy opfetting wurdt noch altiten beskôge as de teory dy't alle gegevens op 'e meast befredigjende manear útleit, al moat dêrby oantekene wurde dat der ûnder bibelwittenskippers en teologen perfoarst gjin konsensus oer bestiet. Hannelingen is nei alle gedachten skreaun yn 'e twadde helte fan 'e earste iuw. In spesifikere datearring wurdt yn 'e regel jûn as foàr it jier 70, mei't de ferwuostging fan Jeruzalim troch de Romeinen yn dat jier der alhiel net yn neamd wurdt. De Britske saakkundige op it mêd fan it Nije Testamint Donald Guthrie (1916-1992) doarst it wol oan en sis it noch sekuerder: neffens him wie Hannelingen skreaun tusken 62 en 64. De titel fan it boek makke trouwens gjin ûnderdiel út fan 'e oarspronklike tekst, mar is betocht troch de twadde-iuwske teolooch Irenaeus. De earste folsleine Fryske oersetting fan Hannelingen stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.

Yn syn ynlieding ta Hannelingen yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting seit dû. R. Bos dat de namme "Hannelingen fan de Apostels" eins "op it boekje [past] as in brette apel op in stôk. Yn 't foarste plak giet it mar oer in pear fan 'e apostels en in pear diakens en dan ridlik gau benammen oer Paulus." It boek set daliks útein mei de himelfeart fan Jezus Kristus, nei't dy syn dissipels, dy't no de apostels wurde, ûnthjitten hat dat de Hillige Geast oer harren útstoart wurde sil. Wylst hja dêrop wachtsje, stelle se in tolfde apostel oan yn it plak foar de ferrieder Judas Iskariot. Op it Pinksterfeest giet Jezus syn ûnthjit yn ferfolling en wurde de apostels fol fan 'e Hillige Geast, sadat se har roppen fiele en draach it evangeelje út oan 'e oare joaden yn Jeruzalim.

Der folgje fertellings oer it libben en de organisaasje fan 'e ier kristlike mienskip, de wûndertekens en it preekjen fan 'e apostels en de tsjinwurking dy't hja dêrby ûnderfine fan 'e joadske autoriteiten. Uteinlik komt it ta in wiere ferfolging: Petrus en Jehannes wurde oppakt en gisele, de fromme apostel Stefanus wurdt stiennige en de apostel Jakobus wurdt ûnthalze. Underwilens set de evangelist Filippus útein mei it evangelisearjen ûnder net-joaden, yn 't earstoan noch ûnder de Samaritanen, dat foar in grut part ôfstammelingen fan ôffallige joaden wiene, mar letter slagget it him ek om in keamerhear fan 'e keninginne fan Etioopje te bekearen. Neitiid doopt Petrus eigenhandich de Romeinske ofsier Kornelius mei dy syn húshâlding, wat him op in konfrontaasje mei de kristlike lieders yn Jeruzalim komt te stean, dy't fan him witte wolle hoe't er it yn 'e plasse krige en behelje ûnreine útlanners yn harren mienskip. (Dêroan is dúdlik te merken dat men it kristendom yn dy tiid noch as in streaming binnen it joadendom beskôge.)

De Himelfeart fan Kristus, in skilderij fan Benvenuto Tisi da Garofalo (1481-1559).

Underwilens is Saulus fan Tarsus, dy't earst in fûle fariseeër wie en de kristenen fûleindich ferfolge, troch yngripen fan God ta ynkear kommen. Hy nimt de nije namme fan Paulus oan en wurdt dan ien fan 'e fanatykste oanhingers fan it kristendom — sterker noch, it is algemien akseptearre dat Paulus (en net Jezus fan Nazaret) de grûnlizzer fan it kristendom as selsstannige godstsjinst is. Der folgje dan sân haadstikken mei ferslaggen fan 'e trije sindingsreizen dy't Paulus mei guon oare apostels ûndernimt, earst nei ûnderskate lânstreken yn Lyts-Aazje, mar letter ek nei Grikelân, Syprus en Masedoanje. Uteinlik wurdt er, as er nei syn trêde reis weromkeart yn Jeruzalim, oppakt. Mei't er fan syn berte ôf oan it Romeinsk boargerskip besit, hat er it rjocht om him te beroppen op 'e keizer, en dat docht er ek. Hy wurdt dan nei Rome ta brocht, wêrby't er en passant ek noch eefkes it evangeelje op Kreta en Malta ferkundiget. Hannelingen einiget mei te sizzen dat Paulus twa jier lang yn Rome wenjen bleau en ek dêr it kristendom preke.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gerben Colmjon sette yn 1863 it hiele haadstik Hannelingen 9 oer yn it Frysk, dat útjûn waard as taheakke by dy syn Beknopte Friesche Spraakkunst. Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe û.m. oersettingsfragminten fan eigen hân fan Hann. 7:55-60 en 8:1-3 út. De earste folsleine Fryske oersetting fan Hannelingen stie yn it Nije Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dat yn 1933 útkaam en dat fan 1943 ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting.

Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Hannelingen waard dêrby dien troch drs. H.J. Brouwer, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. J.H. Brouwer, wylst de ynlieding ta it boek en de noaten makke waarden troch dû. R. Bos.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Nije Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1933, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering