Fallen ingel
In fallen ingel is in mytysk wêzen út 'e abrahamityske religyen dat sterke oerienkomsten fertoant mei in demon, net allinnich fanwegen de assosjaasje mei de hel, mar ek om't sa'n wêzen gauris, krekt as in demon, de minske besiket te ferlieden ta it begean fan sûnde. Spesifiker is in fallen ingel in ingel dy't omreden fan in fergryp út 'e himel ferballe is. De letterlike term 'fallen ingel' komt net foar yn 'e Bibel, en likemin yn oare abrahamityske hillige teksten, mar stipet benammen op apokrife geskriften, lykas it boek Henoch. Ien passaazje yn it boek Genesis, yn it Alde Testamint, kin lêzen wurde as in ferwizing nei fallene ingels, hoewol't dat ûnder teologen in slimmen striidkwestje is.
Fallen ingels yn it joadendom
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alde Testamint en Henoch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Teologen geane der oer it algemien fan út dat it idee fan fallene ingels al yn 'e âlde Joadske tradysje fan it jahwisme bestie foar't it bibelboek Genesis yn 'e sechsde iuw f.Kr. skreaun waard. De measte oerlevere ferwizings yn it joadendom nei sokke wêzens datearje út it tiidrek fan 'e Twadde Timpel fan Jeruzalim, tusken 530 f.Kr. en 70 n.Kr. Dy ferwizings steane benammen yn 'e apokrife teksten Henoch, 2 Henoch, Jubileeën en Reuzen. Yn it Alde Testamint fan 'e Bibel is de passaazje yn Genesis 6:1-4 fan belang, dy't lêzen wurde kin as in ferwizing nei fallene ingels. Dêr stiet:
"Doe't der hieltyd mear minsken op 'e ierde kamen en hja dochters krigen, seagen de soannen fan God dat de dochters fan 'e minsken kreas wiene, dat se trouden mei dy dêrfan, dêr't se sin oan hiene. Doe sei de Heare: Myn geast sil net foar altyd yn 'e minske bliuwe, omdat er fleis is, dat syn libbensdoer sil hûnderttweintich jier wêze. Yn dy dagen – en ek neitiid – wiene der reuzen op ierde. Doe't de soannen fan God by de dochters fan 'e minsken kamen, krigen se bern. Dat wiene de sterke mannen út 'e âlde tiden, de mannen fan namme."
Guon streamings binnen it joadendom (en ek in soad kristlike tsjerkfaars) identifisearren de "soannen fan God" as ingels dy't oansteld wiene om 'e minskheid yn 'e rekken te hâlden, en dy't troch seksuële ferlieding troch minsklike froulju ta har fal kamen. Ut 'e klandestine relaasjes fan sokke ingels mei minsklike froulju soene de neamde 'reuzen' berne wêze, dy't wol as in soarte fan healgoaden sjoen binne. Neffens it boek Henoch soene de reuzen, en ek de kennis fan saken as tsjoenderij, dy't de reuzen fan harren heiten ûntfongen, de ierde korrumpearre hawwe, wat foar God oanlieding wie om 'e hiele minsklike beskaving fuort te feien yn 'e Sûndfloed. De lieders fan 'e fallene ingels wurde yn Henoch identifisearre as Sjemjaza en Azazel. Dy lêste wurdt troch (de minske) Henoch teplak wiisd foar it trochjaan fan ferbeane kennis oan syn bern, en letter wurdt er yn opdracht fan God troch de aartsingel Rafael by wize fan bestraffing mei keatlings bûn yn 'e woastyn Dûdael.
Teologysk sjoen kin de ynhâld fan it boek Henoch ynterpretearre wurde as in apokrife útlis fan 'e oarsprong fan it kwea. Troch it yntrodusearjen fan it kwea yn 'e wrâld te lizzen by de oerdracht fan ferbeane kennis troch de fallene ingels oan 'e minskheid, wurdt de skuld dêrfoar ferskood nei wat boppenatuerliks fan bûtenôf, dêr't de minske sels gjin ferantwurdlikheid foar draacht. Yn dy sin ferskilt Henoch diametraal fan 'e lettere joadske en kristlike tradysje, dy't de skuld foar de yntroduksje fan it kwea yn 'e wrâld planút by de minske sels delleit.
Lang net eltsenien is it iens mei dizze ynterpretaasje fan 'e passaazje yn Genesis 6:1-4. Tsjinstanners fan 'e fallen-ingelteory lizze de tekst ornaris út as in beskriuwing fan ferbeane houliken tusken de preesters fan God en de dochters fan heidens, dy't laat hawwe soene ta leauwensôffal fan in oarspronklike ferearing fan 'e monoteïstyske God. In ûnderbouwing dêrfoar is de passaazje yn Leviticus 21:1-15, dêr't stiet dat it preesters ferbean is om mei "ûnreine" froulju te trouwen. Yn dat ljocht kin de tekst fan it boek Henoch ek útlein wurde as in allegory wêrby't de "fallene ingels" in metafoar binne foar de Joadske preesters út 'e trêde iuw f.Kr., dy't it net sa nau namen mei de foarskriften. It boek soe dan bedoeld wêze om yn bedutsen termen utering te jaan oan 'e ûnfrede dy't ûnder de befolking libbe oer it hâlden en dragen fan sokke preesters.
Oare apokrife teksten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne noch ferskate oare aprokrife joadske teksten dêr't fallen ingels yn neamd wurde. Yn 2 Henoch reizget Henoch troch de himels, dêr't er yn 'e twadde himel fallene ingels tsjinkomt dy't finzenset binne. Syn earste oanstriid is om foar harren te bidden, mar dat beslút er net te dwaan om't er himsels as minske net weardich achtet om foar ingels te bidden. Yn 'e fyfde himel moetet er úteinlik de lieder fan 'e fallene ingels, dy't net Sjemjaza of Azazel neamd wurdt, mar Satanael. Neffens 2 Henoch 18:1-7 resultearret de korrupsje fan 'e ierde troch de fallene ingels úteinlik yn harren finzenskip op in plak ûnder dyselde ierde. 2 Henoch 29:1-4 neamt hoe't se (dêrhinne) "út 'e hichte smiten" waarden nei't harren lieder besocht hie en wurdt "gelikens yn rang mei de macht fan 'e Hear". (Teologen geane derfan út dat dat idee oernommen is fan it ferhaal fan Attar, út it Kanaänityske heidendom, dy't besocht te regearjen fan 'e troan fan Baäl ôf.)
Yn Jubileeën, in apokrife tekst dy't troch de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke en de Falasja's as kanonyk akseptearre wurdt, wurde de 'Wachters' neamd, dy't troch God oansteld waarden om 'e minskheid yn 'e rekken te hâlden. Hja soene troch God op 'e earste dei fan 'e skepping kreëarre wêze. Oars as yn Henoch komme de Wachters net op eigen manneboet del út 'e himel om't se de minsklike froulju begeare dy't se sjogge, mar krije se dêrta opdracht fan God sels, mei as doel om 'e minskheid te ûnderrjochtsjen. Pas as se har al mank de minsken befine, reitsje se yn 'e besnijing fan minsklike froulju, en troch mei harren te kopulearjen, brekke se de wet fan God. De geslachtsmienskip tusken ingels en froulju liedt ta demoanyske neikommelingen, dy't inoar befjochtsje oant de dea, wylst de fallene ingels by wize fan bestraffing yn 'e djipten fan 'e ierde finzenset wurde. Yn Jubileeën 10:1 wurdt de lieder fan 'e fallene Wachters identifisearre as Mastema, dy't God freget om guon fan 'e demoanen te sparjen, sadat hy harren brûke kin om by wize fan test te besykjen en ferlied de minskheid ta sûnde. Dat is in útstel dêr't God mei ynstimd. Oars as yn Henoch, dêr't de fallene ingels yngeane tsjin 'e wil fan God, lykje de fallene ingels en demoanen yn Jubileeën net oer macht beskikken dy't ûnôfhinklik is fan God.
Fallen ingels yn it lettere joadendom
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't it konsept fan fallene ingels him al ier yn 'e skiednis fan it joadendom ûntjoech, kearden de rabbinen har der fan 'e twadde iuw ôf tsjin. Godstsjinsthistoarisy ornearje dat dat wie om foar te kommen dat joaden begjinne soene mei it ferearjen fan ingels. Dat, hoewol't in protte ingels yn 'e perioade fan 'e Twadde Timpel yndividualisearre en soms sels fereare waarden, waard de status fan ingels neitiid mei opsetsin werombrocht ta in klasse fan mytyske wêzens dy't net folle ferskilden fan 'e minske sels. Dêrmei waard de almacht en rûnombywêzigens fan God beklamme. Guon rabbinen wiene dêr tige fel yn; sa spriek de twadde-iuwske rabbyn Shimon bar Yochai in flok út oer eltsenien dy't de term 'soannen fan God' út Genesis útlei as (fallene) ingels. Neffens him waarden dêrmei soannen fan rjochters of soannen fan eallju bedoeld. De yntroduksje fan it kwea yn 'e wrâld waard dêrmei langer net taskood oan himelske krêften dêr't de minske gjin fet op hie, mar lei no oan 'e niging ta it kwea dy't ynherint wie oan 'e minsklike natuer.
Ferhalen oer fallene ingels komme lykwols wol wer foar yn lettere rabbinale geskriften. Sa wurdt de ferantwurdlikheid foar de 'niging ta it kwea' fan 'e minske yn guon teksten út 'e Midrash taskreaun oan Samael, dy't de lieding hie oer ferskate ingels fan 'e dea. Samael wegeret de earste minske, Adam, te ferearjen, en komt dertsjin yn ferset dat God Adam boppe de ingels stelt. Hy giet omleech nei de ierde, dêr't er Adam en Eva yn 'e Hôf fan Eden yn 'e foarm fan in slange ferliedt ta it kwea. Dy eardere fal fan 'e ingels yn it joadendom hie wierskynlik syn woartels yn 'e fal fan Iblis yn 'e Koraan en de fal fan Satan yn De Skatspelonk. De Midrash heakket dêr in twadde, lettere fal oan ta dy't it ferhaal út it boek Henoch wjergalmet. Dêrby wurde de "soannen fan God", út 'e passaazje yn Genesis, op 'e nij útlein as fallene ingels, dy't geandewei harren fal út 'e himel "de krêft en it stal" fan 'e minske oannimme en op 'e nij troch geslachtsmienskip mei minsklike froulju in ras fan reuzen oansette.
Fallen ingels yn it kristendom
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bibelske ûnderbouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Nije Testamint fan 'e Bibel wurde fallene ingels û.m. neamd yn Lukas 10:18 ("Hy sei tsjin harren: Ik seach de satan as de wjerljocht út 'e himel fallen.") en yn Mattéus 25:41 ("Dan sil Er ek dy't lofts steane, oansprekke, en sizze: Fuort jimme! By my wei, ferflokten, it ivige fjoer yn, dat foar de duvel en syn ingels [yn 'e NFB: "foar de duvel en syn kornuten"] reemakke is."). Alle trije Synoptyske Evangeeljes identifisearje Satan as de lieder fan 'e fallene ingels en/of demoanen. Fierders skriuwt de apostel Paulus yn I Korintiërs 6:3: "Witte jimme net, dat wy oer ingels oardielje sille? [...]," wêrmei't er it bestean fan sûndige ingels ymplisearret. Yn 2 Petrus 2:4 ("God hat de ingels dy't sûndige hiene, net sparre, mar harren yn 'e tsjustere hoalen fan 'e hel opsletten, dêr't se fêstholden wurde om oardiele te wurden.") en yn Judas 1:6 ("Hy hat ek de ingels, dy't har hege posysje ferspile en har eigen wenplak ferlitten hiene, foar ivich yn djippe tsjusternis yn 'e boeiens slein, om op 'e Grutte Dei oardiele te wurden.") wurdt ek ferwiisd nei ingels dy't tsjin God sûndige hawwe en dy't op 'e Einichste Dei bestraft wurde sille.
Mear ferwizings nei fallen ingels steane yn 'e Iepenbiering fan Jehannes. Sa stiet yn Iepenbiering 12:3-4: "Doe ferskynde [...] in grutte fjoerreade draak [...]. Mei de sturt reage er in trêdepart fan 'e stjerren fan 'e himel, en smiet dy op 'e ierde." Yn Iepenbiering 12:7-9 wurdt dat fierder útlein: "Doe kaam der oarloch yn 'e himel, meidat Michael en syn ingels mei de draak fochten. De draak en syn ingels fochten ek, mar dy koene it net hâlde, en der wie foar harren tenei gjin plak mear yn 'e himel. Delsmiten waard de grutte draak, de âlde slange, dy't duvel en satan neamd wurdt en dy't de hiele wrâld op 'e doele bringt, ja, delsmiten waard er op 'e ierde, en syn ingels waarden tagelyk mei him delsmiten." Nearne yn it Nije Testamint wurde fallene ingels lykslein mei demoanen, mar troch de ferwizings nei Satan, demoanen en ingels te kombinearjen, kamen kristlike teologen neitiid ta de konklúzje dat dy beide termen itselde betsjutten. De haaddemon, dé duvel, waard Satan, dy't yn Iepenbiering dúdlik neamd wurdt as in fallene ingel.
Origenes en oare kristlike skriuwers leine fierders in link fan 'e boppesteande passaazje yn Iepenbiering 12:7-9 mei de (earder neamde) útspraak fan Jezus Kristus yn it Evangeelje fan Lukas dat er "de satan as de wjerljocht út 'e himel fallen" seach, en mei de âldtestamintyske passaazje oer de fallen moarnsstjer yn Jesaja 14:12 ("Wat bisto raar út 'e himel fallen, do Moarnsstjer, soan fan 'e dage! Dêr leist no, tsjin 'e grûn slein, do betwinger fan naasjes!") It Latynske wurd Lucifer dat yn 'e Fulgaat, in Bibelferzje út 'e ein fan 'e fjirde iuw, yn 'e tekst fan Jesaja 14:12 yntrodusearre waard foar "Moarnsstjer", woeks neitiid út ta de (frij algemien oanfurde) namme foar de lieder fan 'e fallene ingels sa't dy wie foar syn fal. In oare âldtestamintyske passaazje dy't troch kristlike teologen ferbûn waard mei de lieder fan 'e fallene ingels, is Ezechiël 28:11-19, dêr't de profeet Ezechiël in boadskip fan God kriget dat rjochte is tsjin 'e Fenisyske kening fan Tyrus: "Doe krige ik dit wurd fan 'e Heare: Minskesoan set in kleiliet yn op 'e kening fan Tyrus en sis him: [...] Do wiest in kearûb-ingel mei wiid útsteande wjukken dy't Ik as wachter delset hie. [...]." De tsjerkefaars seagen de passaazjes yn Jesaja en Ezechiël as likernôch parallel, in ynterpretaasje dy't ek yn apokrife en pseudepigrafyske kristlike teksten libbet. Lykwols beskôget gjin inkele serieuze hjoeddeistige teolooch dy beide passaazjes noch as ynformaasje oer de fal fan Satan.
Fallen ingels yn it iere kristendom
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it iere kristendom waard de mienskip tusken de 'Wachters' en de minsklike froulju gauris sjoen as de earste fal fan 'e ingels. De kristlike lear hold it boek Henoch oant de trêde iuw foar wier, en in grut tal fan 'e tsjerkfaars, lykas Ireneus, Origenes, Justinus de Martelder, Klemens fan Aleksanderje, Tertullianus en Laktantius, akseptearre de bân tusken de fal fan 'e ingels en de ferwizing nei de 'soannen fan God' yn it bibelboek Genesis. Neffens asketen as Origenes wiene dy ingels skuldich oan it tebûten gean fan 'e beheinings fan harren aard en oan it begearen fan 'e ûnderfining fan seksueel geniet. Ireneus omskreau harren as 'ôffalligen', dy't foar harren ferrie fan God bestraft wurde sille mei it ivige fjoer fan 'e hel. Justinus de Martelder miende dat de fallene ingels en/of harren demoanyske neiteam letter op 'e ierde maskerearre as de goaden fan it heidendom, en yn it ferlingde dêrfan hold er harren ferantwurdlik foar de kristenferfolgings yn it Romeinske Ryk yn 'e earste helte fan it earste milennium. Tertullianus en Origenes ferwiisden ek nei de fallene ingels as dejingen dy't de minskheid de (neffens de Bibel ferbeane) lear fan astrology bybrocht hiene.
Fallen ingels yn Roomsk-Katolike Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjin 'e trêde iuw begûn de iere Tsjerke de lear fan it boek Henoch te fersmiten. De 'soannen fan God', dy't yn Genesis neamd wurde, waarden fan dy tiid ôf sjoen as fromme manlju, mear spesifyk de ôfstammelingen fan Set (in soan fan Adam en Eva), dy't ta kwea ferlaat waarden troch froulju dy't ôfstammen fan Kaïn (in oare soan fan Adam en Eva, en de earste moardner, dy't syn broer Abel ombrocht). De oarsaak fan it bestean fan it kwea waard ferskood fan in boppenatuerlike yntroduksje troch fallene ingels nei de erfsûnde, dat in poer minsklik konsept is.
Yn it Westen waard it wurk De Stêd Gods, fan Augustinus fan Hippo, toanoanjaand foar de fisy op demonology. Augustinus wiisde dêryn it boek Henoch folslein ôf en stelde dat de iennichste oarsprong fan fallen ingels de rebûlje fan Satan tsjin God wie. Fan gefolgen waarden fallene ingels neitiid yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke lykslein mei demoanen, en waarden se ôfskildere as aseksuële geastlike wêzens. Under lettere roomske demonologen ûntstie strideraasje oer de fraach oft fallene ingels en/of demoanen fysike lichems hiene en sa ja, wêr't dy lichems út opboud wiene, mar sels dejingen dy't útholden dat se yndie oer fysike lichems beskikten, wiene derfan oertsjûge dat se gjin neiteam fuortbringe koene.
De hjoeddeistige Kategismus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke nimt de term 'fal fan 'e ingels' net letterlik, mar beskôget it wurd 'fal' as in metafoar foar de radikale en net mear werom te nimmen ôfwizing fan God en syn bewâld troch guon ingels, dy't, hoewol't se skepen wiene as wêzens fan it goede, út frije wil foar it kwea keazen. Neffens it roomske dogma is harren sûnde dêrmei ûnferjoulik fanwegen it net wer yn te lûken karakter fan harren kar, en net om't der wat mankearret oan 'e ûneinige genede fan God. It moderne roomsk-katolisisme wiist de apokatastasis, de fermoedsoening fan 'e fallene ingels mei God sa't dy suggerearre is troch Origenes, ôf.
Fallen ingels yn 'e Eastersk- en Oriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Eastersk-Otterdokse Tsjerken besiet, krekt as yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, in fundaminteel leauwe yn it bestean fan fallene ingels as geastlike wêzens dy't yn opstân kamen tsjin God. Oars as yn it roomsk-katolisisme bestiet der yn 'e Eastersk-otterdoksy gjin dogma oer de krekte natuer fan fallene ingels. Wol is der unanime oerienstimming dat de macht fan fallene ingels altyd lytser is as dy fan God. Sadwaande kinne ferskate ideeën oer fallene ingels ynkorporearre wurde yn it bredere otterdokse leauwe, salang't sokke ideeën mar net tsjin 'e tekst fan 'e Bibel yngeane. Om't dêr amper wat oer fallene ingels yn stiet, lit dat in protte romte. Histoarysk hawwe guon Eastersk-otterdokse teologen suggerearre dat fallene ingels yn 'e nije wrâld, dy't folgje sil op 'e Einichste Dei, rehabilitearre wurde kinne.
Yn 'e Syrysk-Otterdokse Tsjerke, ien fan 'e Oriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken, wurde de 'soannen fan God', beskreaun yn it bibelboek Genesis, noch altyd identifisearre mei fallene ingels.
De Etiopysk-Otterdokse Tsjerke en syn ôfspjaltings (lykas de Eritreesk-Otterdokse Tsjerke), dy't ek ta de Oriïntaalsk-otterdoksy hearre, geane noch in stap fierder, en akseptearje, oars as alle oare tsjerken, de boeken Henoch en Jubileeën as kanonyk. Fan gefolgen leart de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke dat de minsklike sûnde net inkeld komt fan Adam syn dôfhûdigens yn 'e Hôf fan Eden, mar ek fan 'e lettere bemuoienis fan Satan en de oare fallene ingels mei de minskheid. Yn 'e mande mei demoanen soene dy fallene ingels noch altyd alle sûnde en kwea op 'e ierde feroarsaakje.
Fallen ingels yn 'e protestantske tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn neifolging fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke hinget it protestantisme it idee oan fan fallen ingels as geastlike wêzens dy't gjin fysyk lichem hawwe. It wiist lykwols de fierdere angelology (lear fan en oer de ingels) fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke ôf. Marten Luther, de sechstjinde-iuwske grûnlizzer fan it lutheranisme, sommet yn syn Ingelpreek inkeld de dieden fan 'e fallene ingels op, en giet alhiel foarby oan in mooglike hierargy mank ingels en fallene ingels, dêr't de roomske teologen doedestiden yn 'e regel in protte omtinken oan joegen. Luther jout ta dat Satan en syn fallene ingels ferantwurdlik binne foar in diel fan 'e tsjinrampen yn 'e wrâld, mar hy beklammet oanhâldend dat de macht fan 'e goede ingels grutter is as dy fan harren fallene wjergaders. In tiidgenoat fan Luther, de Italjaanske protestantske teolooch Girolamo Zanchi, joech in yngeande útlis fan 'e reden foar de rebûlje fan in diel fan 'e ingels tsjin God. Neffens him kamen Lusifer en syn trewanten yn opstân doe't God de ynkarnaasje fan Jezus Kristus yn ûnfolsleine foarm oan harren útbrocht. Ofsjoen fan inkelingen as Zanchi litte protestantske teologen har folle minder gelegen lizze oan 'e oarsaak fan 'e fal fan 'e ingels, mei't se spekulaasje dêroer noch nuttich, noch nedich fine.
Fallen ingels yn 'e islaam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bestean fan fallen ingels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't it idee troch guon teologen ûntstriden wurdt, is it bestean fan fallene ingels yn 'e islaam frij algemien akseptearre. De ierste islamityske ferhalen oer fallen ingels wurde taskreaun oan selskipslju fan 'e profeet Mohammed, lykas Abdûlla ibn Abbas (619-687) en Abdûlla ibn Masûd (594-653). Sels doe al wiene guon islamityske teologen op it bestean fan fallene ingels tsjin, wêrby't se ferwiisden nei guon fersen fan 'e Koraan dy't de klam leine op 'e frommens fan 'e ingels, lykas 16:50 ("En wat ek yn 'e himels is en hokker skepsel ek op 'e ierde bestiet, it ûnderwerpt him oan God, lykas ek de ingels, en hja binne net heechmoedich.") en 66:7 ("O, jimme dy't leauwe, rêd jimsels en jimme húshâldings fan it Fjoer, dat as branje minsken en stiennen hat, wêrboppe oft ingels binne, hurd en strang, dy't God net oerhearrich binne yn wat Er harren hjit en dogge wat harren oplein wurdt."). Ien fan 'e earste ûntkenners fan it bestean fan fallene ingels wie de ynfloedrike askeet Hassan fan Basra (642-728), dy't ek in alternative ynterpretaasje foarstelde fan Koraanfersen dy't oer fallene ingels lykje te gean.
Iblis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn dy kontekst moatte yn it foarste plak de fersen neamd wurde dy't oer Iblis geane, dy't ornaris identifisearre wurdt as de duvel, de islamityske wjergader fan 'e kristlike Satan. Neffens de hadith, de tradysje fan 'e soennityske islaam, stiet Iblis oan it haad fan in legermacht fan fallene ingels en de grimmitichste djinn út 'e leechste hel. Iblis ferskilt lykwols fan 'e kristlike Satan yn 'e sin dat Satan yn it grutste part fan it kristendom sjoen wurdt as in trochkwea wêzen, dat as heechste doel hat om God (en dêrmei it goede) te ferslaan en dan as usurpator op 'e troan fan God plak te nimmen. It idee dat Iblis besykje soe en stjit God fan 'e troan om syn plak yn te nimmen, is de islaam lykwols alhiel frjemd, en is omreden fan it strange monoteïsme fan 'e islaam sels ûntinkber.
Yn 'e Koraan wurdt Iblis neamd yn in passaazje dy't begjint yn Soera 2:30, dêr't de ingels protestearje as God in minske, Adam, as steedhâlder op 'e ierde pleatse wol, dy't dêr neffens de ingels "ûnheil stichtsje en bloed ferjitte" sil. Nei't God lykwols sjen lit dat Adam syn kennis grutter is as dy fan 'e ingels sels, stiet yn Soera 2:35: "En doe't Wy tsjin 'e ingels seine: 'Underwerp jimme oan Adam,' ûnderwurpen dy har allegearre, behalven Iblis. Hy wegere, hy wie heechmoedich. Hy hearde ta de ûnleauwigen." Yn Soera 7:12 wurdt datselde ynsidint nochris beskreaun, yn frijwol gelikense bewurdings. Yn 7:13-19 giet it ferhaal fierder:
God sei: 'Wat behindere jo en ûnderwerp jo, doe't ik jo dat hiet?' Hy [Iblis] antwurde: 'Ik bin better as hy [Adam]. Jo hawwe my út fjoer en him út klaai skepen.' God sei: 'Jou jo hjirwei ôf – it is net oan jo om heechmoedich te wêzen. Gean hinne, want jo hearre sûnder mis ta dyjingen dy't fernedere wurde sille.' Hy sei: 'Jou my útstel oant de dei dat sy opwekke wurde sille.' God sei: 'Jo is útstel ferliend.' Hy antwurde: 'Wolno, mei't jo my dwale lieten, sil ik harren perfoarst de trochgong oer Jo rjochte paad opkeare. Dan sil ik my grif foar harren en efter harren en oan harren rjochter- en harren lofterside toane, en jo sille de measten fan harren net tankber fine.' God sei: 'Gean hinne, ferachte en fersmiten. Wa fan harren jo ek folgje sil, Ik sil perfoarst de hel mei jimme allegearre foltropje.' "
Yn dy passaazje kin men de oarsprong sjen fan Iblis as de duvel, dat yn 'e islaam mear in ferlieder ta it kwea is dy't min ofte mear yn opdracht fan God wurket om it leauwe en de trou fan minsken te testen, as de belicheming fan it kwea sels, lykas yn it kristendom. In passaazje dy't frijwol itselde seit, stiet yn Soera 15:31-44:
De ingels ûnderwurpen harren allegearre mei-inoar. Mar Iblis wegere en jou him by dejingen dy't har ûnderwurpen. Hy sei: 'O, Iblis, wat hinderet jo dat jo net ûnder dejingen binne dy't har ûnderwerpe?' Hy antwurde: 'Ik sil my net ûnderwerpe oan 'e minske, dy't Jo út drûge, klinkende klaai skepen, fan liem makke hawwe.' God sei: 'Gean dan hine en wês foarwier ferwurpen. Myn flok sil oant de Oardielsdei op jo rêste.' Hy sei: 'Myn Hear, skink my dan útstel oant de Dei dat sy opwekke wurde sille.' God sei: 'Jo wurdt útstel ferliend. Oant de Dei fan 'e bekende tiid.' Hy sei: 'Myn Hear, mei't Jo my ferlern achte hawwe, sil ik foar harren [de dingen] op ierde ferrifeljend meitsje en harren allegearre dwale litte. Utsein fan Jins oprjochte tsjinners ûnder harren.' God sei: 'Dit is in paad, streekrjocht ta My. Jo slle oer Myn tsjinners perfoarst gjin macht hawwe, mei útsûndering fan dwalenden dy't jo folgje. En de hel is sûnder mis it ûnthjitten plak foar dyselden allegearre.' "
Nochris in kear itselde ferhaal is te lêzen yn Soera 38:76-86:
"God sei: 'O, Iblis, wat hat jo behindere en bûch del foar him dy't Ik mei Myn hân skepen haw? Binne jo te grutsk of hearre jo ta de heechferheften?' Hy sei: 'Ik bin better as hy; Jo hawwe my út fjoer en him út klaai skepen.' God sei: 'Gean dan hjirwei, want wiswier binne jo de fersmitene. En Myn flok sil op jo rêste oant de Oardielsdei.' Hy sei: 'O, myn Hear, fergun my dan útstel oant de Dei dat hja opwekke wurde sille.' God sei: 'Jo wurdt útstel ferliend, oant de Dei fan 'e fêststelde tiid.' Hy sei: "By Jo eare, ik sil harren allegear dwale litte, útsein Jo oprjochte tsjinners.' God sei: 'Dit is de wierheid, en Ik sis de wierheid, dat ik de hel sûnder mis folsmite sil mei jo en al dyjingen dy't jo folgje.' "
Lykwols wurdt yn Soera 62-66 sein dat it besykjen fan Iblis om 'e tsjinners fan God op in dwaalpaad te lieden, doemd is om te mislearjen:
"En doe't Wy tsjin 'e ingels seine: 'Bring hulde oan Adam,' brochten sy him hulde, útsein Iblis. Hy sei: 'Moat ik my op 'e ierde smite foar ien dy't Jo makke hawwe fan klaai?' En hy sei: 'Hawwe Jo him boppe my eare? As Jo my oant de Oardielsdei útstel ferliene, sil ik sûnder mis syn neikommelingen derta bringe en folgje my, op inkelen nei.' Hy [God] sei: 'Gean hinne! En wa't ûnder harren jo folgje sil, de hel sil perfoarst in romme ferjilding foar jimme allegearre wêze. En bekoar mei jo stim wa't jo kinne en fiterje jo ruterij en jo fuotfolk tsjin harren oan en wês harren dielgenoat yn harren wielde en harren bern en doch harren ûnthjitten – mar Satan jout inkeld ferrifeljende ûnthjitten – wiswier oer Myn tsjinners sille jo gjin macht hawwe. En genôch is jo Hear as Beskermer.' "
Dizze koranyske fersen foarmje in parallel oan 'e tekst fan it folle eardere boek Jubileeën. Krekt as Iblis freget dêryn de fallene ingel Mastema oan God om tastimming en bring de minskheid yn ferlieding fan it kwea. Allebeide binne se beheind yn harren macht, d.w.s. net by steat om 'e tsjinners fan God te bedragen. It motyf fan 'e oerhearrigens fan Iblis giet lykwols net werom op 'e fallene 'Wachters' dy't yn Genesis de "soannen fan God" neamd wurde, mar kin weromfolge wurde nei De Skatspelonk, in apokryf wurk fan kristlike oarsprong wêryn't nei alle gedachten de standertútlis fan 'e iere Oriïntaalsk-otterdoksy beskreaun stiet oangeande de fal fan 'e ingels en de oarsprong fan Satan. Neffens De Skatspelonk wegere Satan om himsels del te bûgen foar Adam, om't hy fan fjoer en geast wie, wylst de minske fan klaai makke wie. Dêrop waard er troch God út 'e himel ferballe.
Yn 'e iere islaam waard Iblis typearre as fallene ingel, mar om't er yn Soera 18:51 ("[Tink oan] de tiid dat Wy tsjin 'e ingels seine: 'Bûgje del foar Adam,' sy bûgen har del, mar Iblis net. Hy wie ien fan 'e djinn, dêrom wied er oerhearrich oan it gebod fan 'e Hear. [...]") omskreaun wurdt as in djinn, in soarte fan kweageast, wolle guon islamityske teologen hawwe dat er eins hielendal gjin ingel is mar in oarsoartich wêzen, dat him inkeld by de ingels jaan meien hie omreden fan syn eardere frommens. Oare saakkundigen fine dat in ûnbefredigjende útlis, dy't net ferklearret hoe't in djinn ea middenmank de ingels belânje koe. Sy beskôgje de passaazje dêr't Iblis in djinn neamd wurdt as in skelwurd of mooglik in soarte fan ferflokking. Wer oaren, lykas Abdûlla ibn Abbas lizze de passaazje út troch derop te wizen dat der in klasse fan ingels is de Djinan (hjir: "himel") bewekje en dêrom djinni neamd wurde (krekt sa't lju út Mekka yn it Arabysk Mekki binne). Mar dy djinni binne net besibbe oan 'e djinn. Noch wer in oare útlis is dat de term djinn brûkt wurde kin foar alles dat ferburgen is foar it minsklik each, en dêrmei dus ek ingels.
Harût en Marût
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In oar bekend gefal fan wat as fallene ingels ynterpretearre wurde kinne, stiet yn 'e koranyske Soera 2:102, dêr't in pear ingels neamd wurdt mei de nammen Harût en Marût ("[...] En [sy hannelen nei] itjinge oan 'e beide ingels, Harût en Marût, te Babylon iepenbiere wie. Mar dy beiden ûnderrjochten nimmen, foar't se sein hiene: 'Wy binne mar in beproeving, wês dêrom net ûnleauwich.' Sa leare sy [de minsken] fan harren datjinge wêrmei't se in skeel meitsje tusken in man en syn frou, mar sy bringe der nimmen skea mei ta, of it moat wêze troch it befel fan God [...]"). Hoewol't de reden efter harren besyk oan 'e ierde yn 'e Koraan net neamd wurdt, makket in ferklearjend, oan ibn Masûd en ibn Abbas taskreaun ferhaal dêroer diel út fan 'e hadith.
Koart opsomme komt dat ferhaal del op it folgjende. De ingels bekleie har by God oer de misdieden fan 'e minsken en freegje tastimming om dyselden te ferdylgjen. Dêrop beslút God de proef op de som te nimmen om te sjen oft de ingels it yn deselde omstannichheden better dwaan soene as de minsken. De ingels kieze út harren fermidden twa út, Harût en Marût, dy't fan God in minsklik lichem mei minsklike begearten krije, en dy't ûnder de macht fan Satan pleatst wurde, krekt as de minsken dat binne. Op 'e ierde jouwe de beide ingels al rillegau ta oan lust en oare begearten, en meitsje har skuldich oan ôfgoaderij. Se fermoardzje sels in ûnskuldige dy't tafallich tsjûge west hat fan harren (mis)dieden. Foar straf wurde se troch God neitiid net wer ta de himel talitten.
It tinken is dat de nammen Harût en Marût fan soroästryske oarsprong binne, en ferbasterings binne fan Haurvatat en Ameretat, twa fan 'e amesja spenta, de soroästryske wjergaders fan ingels. It eigentlike ferhaal fan Harût en Marût liket ûntliend te wêzen oan it apokrife joadske boek 3 Henoch, wêryn't trije ingels út 'e himel omleech geane nei de ierde. De iere islamityske teolooch Hisjam ibn al-Kalbi stelde dat al fêst, en besocht de ferskillen tusken de beide ferhalen glêd te striken troch út te lizzen dat ien fan it trijetal neitiid weromkeard wie nei de himel, wylst de oare beide efterbleaun wiene op 'e ierde en de nammen Harût en Marût oannommen hiene. Mar hoe't it ek sij, krekt as yn it ferhaal fan Iblis ûntbrekt ek yn it ferhaal fan Harût en Marût eltse foarm fan ingelige opstân tsjin God. Sa't de Koraan befêstiget, waarden Harût en Marût troch God stjoerd en as se de minsken ûnderrjochten yn tsjoenderij, diene se dat mei goedkarring fan God, krekt sa't Iblis de minsken mei goedkarring fan God yn ferlieding bringt.
Islamityske teologen dy't it bestean fan fallene ingels ôfwize, lykas Hasan fan Basra, lêze yn Soera 2:102 ynstee fan mala’ikah ("ingels") malikain ("keningen"), en skilderje Harût en Marût ôf as pre-islamityske keningen fan Babyloanje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Citations, op dizze side.
|