Hillige tekst

Ut Wikipedy
In manuskript fan 'e Bibel út 1407.

In hillige tekst, hillich boek of hillich geskrift is in tekst dy't yn it ramt fan in beskate godstsjinst in hillige status hat as gesachhawwende boarne fan religieuze kennis en wiisheid. Troch oanhingers fan 'e oangeande godstsjinst wurdt sa'n tekst faak beskôge as fan godlike of alteast spirituele oarsprong. Foar religyen dy't in hillige tekst omfetsje, foarmet sa'n tekst almeast in wichtige grûnslach. Der binne lykwols ek godstsjinsten dy't gjin hillige tekst hawwe, om't religieuze kennis mûnling oerlevere wurdt, of om't de besteande religieuze teksten inkeld as boarne fan kennis sjoen wurde, mar net as hillich.

Foarbylden fan hillige teksten binne de Bibel yn it kristendom, de Tenach (of Joadske Bibel) yn it joadendom, de Koraan yn 'e islaam, de veda's, shruti en smriti (behammen de Bhagavad Gita) yn it hindoeïsme, de Paly-kanon yn it teravadaboedisme, de Gurū Granth Sāhib yn it sikhisme, de I Ching yn it Sineeske universalisme, it konfusianisme en it taoïsme, it Boek fan Mormon yn it mormonisme, de Popol Vuh yn 'e Maya-religy, en de Poëtyske Edda en de Proaza-Edda yn it moderne Germaanske heidendom.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.