Laktantius
Appearance
Laktantius (Latyn: Lucius Caelius (of Caecilius?) Firmianus Lactantius) om-ende-by 250 - 325) wie in ier kristlike skriuwer dy't út de Romeinske provinsje Afrika kaam en in tsjinstanner fan de heidenske wiisbegearte wie. Hy wurdt beskôge as de kristlike Sisero.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Divinae Institutiones ("Godlike ûnderwizings");
- Epitome divinarum institutionum ("Gearsetting fan de godlike ûnderwizings");
- De opificio Dei ("Oer de wurken fan God");
- De mortibus persecutorum ("Oer de dea fan de ferfolgers"), beskriuwing fan de libbens- en lijensskiednis en dea fan in oantal Romeinske keizers dy't doedertiids beskôge waarden as warbere ferfolgers fan de kristenen;
- De ira Dei ("Oer lilkens fan God").