Etched in Bone
Etched in Bone | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Anne Bishop | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2017, New York | |
oarspr. útjwr. | Roc Books | |
rige | ||
rige | The Others | |
● foarich diel | Marked in Flesh | |
● folgjend diel | ― (lêste diel; mar sjoch ek Lake Silence) | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 45 14 74 490 |
Etched in Bone is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Anne Bishop. De titel betsjut "Grifke yn Bonke". It boek fertelt it ferhaal fan Meg Corbyn, in jonge bloedprofetesse, dy't op 'e flecht foar har eigner en de minsklike autoriteiten beskûl socht hat by de rûnom freesde stalferwikselders dy't bekendsteane as 'de Oaren'. Etched in Bone is it fyfde en lêste diel fan 'e romansearje The Others, en folget as sadanich op Marked in Flesh. It waard yn 2017 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books, mei in omslach makke troch Blake Morrow.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De positive ynfloed dy't Meg Corbyn al earder hie op 'e ferhâlding tusken de Oaren en de minsken yn Lakeside, wreidet him no út oer it hiele wrâlddiel Thaisia, troch de bannen dy't it binnenplak fan Lakeside oangien is mei Ferryman's Landing yn it Noardeasten, mei Sweetwater yn it Noardwesten en mei Prairie Gold yn it Midwesten. Guon Oaren komme fan hein en fier nei it binnenplak fan Lakeside ta om dêr de ynteraksje tusken minsken en Oaren te observearjen en sels te learen hoe't se mei minsken omgean kinne. Sels de Aldsten, de nammeleaze foarmen fan 'e Oaren dy't yn it hert fan 'e wyldernis libje, hawwe heard oer Meg Corbyn, dy't se "de gûlende net-Wolf" neame (sjoch: Marked in Flesh). Hja binne sa yntrigearre troch Meg en "har Wolf" (Simon Wolfgard) en wat dy yn Lakeside útfine, dat se twa fertsjintwurdigers ôffurdigje dy't temûk de mienskip yn 'e rekken hâlde moatte dy't de Oaren mei minsken om it binnenplak fan Lakeside hinne foarme hawwe.
Underwilens giet de werbefolking troch fan it stedsje Bennett, yn it Midwesten, dêr't de minsken nei de ôfslachting fan 'e pleatslike Wolven troch de Aldsten útrûge wiene. Barb Debany, de jongere suster fan plysjeman Michael Debany, dy't in feterinêre oplieding folge hat, is dêrhinne ferfearn. Ek plysjefrou Jana Paniccia, dy't yn it Noardeasten fanwegen har geslacht gjin kâns kriget om fjildwurk te dwaan, set ôf nei Bennett, dêr't hja helpsheriff wurdt ûnder sheriff Virgil Wolfgard. Oare nije ynwenners fan it stedsje wurde fûn troch yn it binnenplak fan Lakeside in banemerk te hâlden foar Yntuïten (sjoch: Murder of Crows) en leden fan 'e Simpel Libben-mienskip, de twa kategoryen minsken wêrfan't de Oaren witte dat se dy fertrouwe kinne.
Minder fraai is de oankomst yn Lakeside fan Cyrus James Montgomery (ropnamme Jimmy), de jongere broer fan plysjeman Monty. Dat is in earsten liddichgonger dy't syn hiele libben op oaren ompongluze hat. Hy kriget ornaris syn sin troch in miks fan manipulaasje en yntimidaasje dy't net selden útrint op geweld, en hy skrillet nearne foar tebek as er mient dat er der sels better fan wurde kin. Mei him komme syn frou Sandee, in prostituee, en harren bern Clarence en Frances. Simon Wolfgard en de oare lieders fan it binnenplak binne troch Monty en syn mem Twyla Montgomery, dy't yn it binnenplak opfongen is (sjoch: Marked in Flesh), warskôge foar Jimmy, en binne fan doel en wiis him daliks de doar. Mar de beide Aldsten dy't yn it binnenplak tahâlde, lizze dêr it near op om't se observearje en begripe wolle hoe't ien inkele minske sa'n grutte negative ynfloed op in hiele mienskip hawwe kin. Sadwaande wurdt it Jimmy en syn húshâlding tastien om yn ien fan 'e wenten te lûken oarekant Crowfield Avenue, dy't troch it binnenplak opkocht binne, dêr't ek Monty, syn mem Twyla en syn suster Sierra mei har beide bern wennet.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Jimmy, dy't alhiel net ûnder de yndruk is fan 'e Oaren, set daliks útein mei syn âlde streken. Hy yntimidearret (lykas fan âlds) syn oannommen suster Sierra, dat se it iten dat se foar harsels en har bern kocht hat, oan him jout, sadat hy it trochferkeapje kin. Om't der yn Thaisia itenskrapte hearsket (sjoch: Vision in Silver), kin Jimmy der op 'e swarte merk in hege priis foar krije, mar dat betsjut wol dat Sierra en har bern foarby geane fan iten om't der rantsoenearring ynsteld is. Dêr maalt Jimmy lykwols net om. As de Oaren útfine wat der bard is, wurdt Sierra foar de kar steld: òf se soarget foar har bern, en dat betsjut dat se fan har ôfbyt as Jimmy har har iten besiket te ûntfytmanjen, òf de Oaren bringe har bern ûnder by immen dy't wól goed foar harren soarget. Oan it uterste ta ferge, en wittend dat se Jimmy as it derop oankomt neat wegerje kin, beslút Sierra mei har bern út te naaien. De Oaren hâlde har lykwols yn 'e rekken en soargje derfoar dat se op in goed plak telâne komt. Monty en syn mem Twyla binne it deroer iens dat dizze útkomst miskien wol it bêste foar eltsenien is, en freegje Simon om it nije wenplak fan Sierra ek foar harren geheim te hâlden út eangst dat se it ûnbedoeld oan Jimmy ferriede soene.
No't Jimmy Sierra net mear yntimidearje kin, moat er in oare manear sykje om oan jild te kommen. Yn in kroech wurdt er oansprutsen troch in man dy't fan Jack Fillmore hjit. Dat is de stalkende eks-frijer fan Theral MacDonald, in frou dy't yn it binnenplak wurket. Fillmore fertelt Jimmy dat de Oaren wat hawwe dat fan him is, en ûnthjit him 500 dollar as er foar ôflieding soarget sadat Fillmore syn eigendom út it binnenplak weromhelje kin. Jimmy hat dêr wol earen nei, dat hy makket rûzje mei syn broer Monty en giet iepentlik mei him op 'e fûst op it gazon foar syn wente. As de Oaren op it trelit ôf geane om in ein oan 'e slaanderij te meitsjen, kringt Fillmore it binnenplak yn, slacht dêr Theral heal bewusteleas en sleept har mei út har wurkplak. De beide mannen hawwe lykwols bûten Meg Corbyn rekkene, dy't krekt op 'e tiid in foarsizzing docht dat de Oaren harren misliede litte. Jack Fillmore wurdt op 'e die trappearre en Theral MacDonald wurdt rêden. Fan Fillmore wurde neitiid inkeld wat bloedspatten weromfûn.
Hoewol't de Oaren fermoedzje dat Jimmy en Jack Fillmore gearwurken en dat de fjochtpartij dy't troch Jimmy feroarsake waard, ôfsprutsen wurk wie, kinne se neat bewize. Jimmy, dy't gjin lyk sjoen hat en dêrom mar mient dat Fillmore fan ruten spile hat sûnder him te beteljen, giet ûnderwilens rêstich fierder op it ynsleine paad. Hy hâldt yn 'e rekken wannear't der by de slachterij yn it binnenplak in nije lading fleis oanfierd wurdt út 'e feepleatsen om Lakeside hinne, en leit kontakten mei de pleatslike ûnderwrâld. Hy ferkent de slachterij en jout dy ynformaasje troch oan in fjouwertal dieven dy't de nachts nei de oankomst fan it fleis ynbrekke by de slachterij mei as doel om al it fleis te stellen. Sels is Jimmy dêr net by, om't, sa hat er de dieven útlein, de Oaren syn rook kenne. Wat Jimmy net wit, is dat er folge is doe't er syn kontakten lei, en dat de Oaren op 'e hichte binne fan it plan. Sadwaande wurde de dieven opwachte en draaie se in raar gat yn. Jimmy mient op 'e nij dat syn kompanen him sitte litten hawwe, oant er by de slachterij foar in sêft pryske wat 'spesjaal fleis' keapet: as er it papier derôf hellet, blykt it in minsklike earm te wêzen mei in tatoeaazje dy't er weromken.
Dat is de manear fan 'e Oaren om him witte te litten dat se him trochhawwe, mar Jimmy lûkt him dêr neat fan oan. Dyselde deis ûntdekt er einlings dat Meg in bloedprofetesse is, eat dat oant dy tiid foar him geheim holden wie. Dy wittenskip bringt him op in nij idee. Hy lit syn soan Clarence (dy't krekt as syn heit net doge wol) foar ôflieding soargje troch de oare bern mei in knyft tenei te kommen. Yn al it trelit dat dan ûntstiet, wit Jimmy sels Meg út har kantoar te ûntfieren. Hy smyt har yn 'e kofferbak fan in liende (en dêrtroch net te trasearjen) auto en riidt Lakeside út, net fan doel om ea noch werom te kommen en syn gesin efterlittend sûnder ek mar in greintsje skuldgefoel te hawwen. As nije eigner fan in bloedprofetesse ferwachtet er gau ryk wurde te kinnen. En om pakt te wurden troch de plysje, dêr hoecht er him gjin soargen oer te meitsjen no't er oer foarsizzings oer de takomst beskikke kin.
De Oaren binne poerrazen as se ûntdekke wat Jimmy dien hat, wylst de beide Aldsten yn it binnenplak beseffe dat se in grutte flater begien hawwe troch te tinken dat sa'n ûnnoazel mantsje inkeld swierrichheden feroarsaakje kinne soe foar de minsken en de stalwikselders. Hja beslute om harren flater rjocht te breidzjen, en binnen de koartste kearen is it hiele wyldlân yn 'e Noardeastlike regio yn rep en roer troch de rop fan 'e Aldsten en de elemintêre geasten. De Oaren krije yn harren syktocht alle stipe fan 'e minsklike autoriteiten yn Lakeside, dy't skitende benaud binne dat de dieden fan ien man de hiele stêd yn it ferdjer stoarte sille. It probleem is dat se net witte wêr't se nei sykje. De trochbraak komt yn 'e foarm fan in tekening makke troch Hope Wolfsong, de jonge bloedprofetesse út Sweetwater, mei dêrop in auto dêr't Meg út 'e kofferbak gluorket en in folsleine nûmerplaat.
Underwilens is Meg wisberet om te ûntsnappen. Jimmy wit neat fan bloedprofetessen ôf, en om te witten te kommen hoe't er oan 'e ûnferwachts felle efterfolging ûntkomme kin, snijt er har te djip en, wat noch minder is, dwers troch âldere groeden hinne, sadat de profesijen ûnsuver binne. As er har slacht en se harsels by ûngelok op 'e tonge byt, hâldt se de wurden fan dy foarsizzing yn, ek al docht dat freeslike sear. Hja sjocht dan it stuit dat se oan har ûntfierder ûntkomme kin. As dat momint kommen is, draaft Meg as in hazze djip de bosken yn, dêr't minsken net wolkom binne. Jimmy rekket har spoar al rillegau kwyt, en keart werom nei de auto om dan mar sûnder har út te naaien. As in lekke bân him koarte tiid letter ta stilstân bringt, duorret it net lang ear't er fûn wurdt troch de Aldsten dy't yn dat part fan Thaisia wenje. De plysje treft letter inkeld twa dingen fan him oan: Meg har sulveren mês, dat er har ôfpakt hie, en syn ûnderkaak.
As Meg djip yn 'e bosk har ankel ferstûket, kin se net mear fierder. Se heart yn 'e fierte de sirenes fan plysje-auto's en gûlt as in wolf om 'e oandacht fan 'e plysje te lûken. Ynstee lûkt se de oandacht fan 'e pleatslike Aldsten, dy't beseffe dat se de gûlende net-Wolf fûn hawwe en derfoar soargje dat gjin wylde dieren har fine. Koarte tiid letter wurdt Meg weriene mei Simon, Blair en Nathan Wolfgard, dy't arrivearje mei Monty en syn partner Karl Kowalski. Troch de ûntfiering en it hommelse ferdwinen fan Meg binne de Oaren yn Lakeside ta it besef kommen dat Meg Corbyn de hoekstien is fan 'e mienskip dy't se om it binnenplak hinne opboud hawwe. En Simon en Meg, dy't al tiden ominoarhinne draaie, hawwe ûntdutsen dat se fereale opinoar binne. De ûntfiering jout harren einlings en te'n lêsten it triuwke om dêr wat oan te dwaan, en Etched in Bone einiget mei harren earste tút.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
The Others (romansearje) | |
---|---|
Written in Red • Murder of Crows • Vision in Silver • Marked in Flesh • Etched in Bone | |
spyljend yn deselde wrâld as The Others | |
Lake Silence • Wild Country • Crowbones • The Dark Ship* | |
* koart ferhaal |