Springe nei ynhâld

The Dark Ship

Ut Wikipedy
The Dark Ship
algemiene gegevens
auteur Anne Bishop
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre fantasy
1e publikaasje 2022, New York
oarspr. útjwr. Ace Books
bondel Heroic Hearts
rige
rige The Others

The Dark Ship is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, dat diel útmakket fan 'e romansearje The Others fan 'e Amerikaanske skriuwster Anne Bishop. De titel betsjut: "It Dûnkere Skip". It ferhaal fertelt it ferhaal fan Vedette, in jonge frou út in isolearre kustmienskip, dy't yn in útsichtsleaze sitewaasje sit. Troch in ûnbaatsuchtige die feroaret har libben. The Dark Ship waard yn 2022 publisearre yn 'e ferhalebondel Heroic Hearts, dy't útjûn waard troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books ûnder redaksje fan Jim Butcher en Kerrie L. Hughes.

Vedette is in jonge frou dy't opgroeid is yn Pyetra, in fiskersdoarpke oan 'e kust fan 'e Mediterryske See. Har mem hat se nea kennen, mei't dy ferstoarn is doe't se noch hiel lyts wie. Har heit is de hurdhertige weard fan in pleatslike herberge. Inkele jierren lyn, doe't Vedette ferkearing mei in jonge út in oar doarp krige en it derop liek dat se trouwe soe, kaam har heit har mei in mês tenei en skeinde er ien kant fan har gesicht sadat nea in man har wer hawwe wolle soe. Har frijer kaam net wer; earst tocht Vedette dat er syn belangstelling foar har ferlern hie omreden fan har skeinde antlit, mar letter frege se har ôf oft har heit him soms ek wat oandien hie. Sûnt wurket Vedette fergees yn har heite herberge, krekt sa't har heit en har styfmem Mare it graach hawwe.

Pyetra is no al inkele jierren in isolearre mienskip mei't it lân om it doarp hinne, krekt as safolle gebiet, weromnommen is troch 'de Oaren' (sjoch: Etched in Bone) nei't de Minsken Earst en Lêst-beweging oarloch tsjin dyselden fierde. (De Oaren, of de terra indigene, sa't se harsels neame, binne stalferwikselders, fampieren en ierdgeasten fan ûnbidige macht, dy't de wrâld al bewennen foar't de earste minsken har ûntjoegen.) Wat it foar Pyetra noch minder makket, is dat de macht yn it doarp oernommen is troch kaptein Starr en syn bemanning, in kliber gewelddiedige seerôvers dy't de gewoane doarpelingen útrûpelje en ûnderdrukke, en der sels net foar tebekskrilje om froulju te ferkrêftsjen of minsken dea te slaan.

En dat net allinne, mar Starr mient dat er ek de Oaren de baas kin. Eltsenien wit dat de see it domein fan 'e Oaren is, dat Starr hat op in troch rotsen besmoute strân by it doarp in net spand om dêryn te bestrûpen wat út 'e see oan lân komt om 'e mei hunich besmaarde bôle op te iten dy't as lokies efterlitten is. Vedette, dy't gauris in goed of min foargefoel earne oer hat (mar dêr mei nimmen oer praat om net as heks deamakke te wurden), kriget op in dei it gefoel dat se nei it strân moat. Dêr sjocht se hoe't in kêde mei hier de kleur fan 'e nacht en moanjes en sturt de kleur fan seeskom fêstrekke is yn it net. Nettsjinsteande dat it har eigen dea betsjutte soe as se trappearre wurdt, hastiget se har nei it bist ta en befrijt it.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Kaptein Starr en syn trewanten begjinne in syktocht nei dejinge dy't it net stikkenfike hat, mar se wurde op 'e doele brocht as in ûnbekende man de herberge fan Vedette har heit binnenkomt, dy't seit dat er kaptein Crow hjit. Hy is de earste man dy't Starr yn lange tiid tsjinkommen is dy't net bang fan him is. Starr seit him dat er opsokkebalje moat; Crow antwurdet dat er giet en stiet dêr't er wol. Starr seit dat der yn Pyetra gjin branje foar him is; Crow antwurdet dat er dêr gjin ferlet fan hat om't syn skip inkeld op 'e wyn fart. As Vedette dat heart, beseft se dat it skip dan oerâld wêze moat. Se begjint har ôf te freegjen oft it soms it freze Dûnkere Skip út 'e leginden fan har folk is, in troch meunsters bemanne sylskip dat de hiele Mediterryske See befart en dêrby fiskerskippen en keapfarders mei man en mûs ferdwine lit.

Letter treft Vedette kaptein Crow yn har sliepkeamer oan. Hy fertelt har dat syn wiere namme Corvo Sanguinati is, wêrmei't er befêstiget dat er ien fan 'e Oaren is, en noch wol in fampier. Hy langet Vedette as werombetelling foar de befrijing fan it ryddier fan ien fan 'e elemintêre ierdgeasten twa sulverstikken oer. Dêrmei kin se ien tsjinst werom keapje fan 'e Oaren. Se hoecht inkeld de sulverstikken yn 'e hân te hâlden en lûdop te sizzen wat se wol.

Yn 'e wiken dêrnei begjinne der yn Pyetra geroften te gean dat Starr net inkeld yn stellen waar hannelet, mar ek yn minsken. De folgende kear dat er mei syn skip it doarp oandocht, soarget Vedette har styfmem Mara derfoar dat Vedette oan Starr ferkocht wurdt. Itselde lot treft in pear weesjonges út it doarp, Vedette har bêste freondinne Lucy en in stik as wat jongere famkes. Se wurde yn it rom fan Starr syn skip laden en meifierd as it skip ôfset. Vedette hat lykwols de beide sulverstikken ûnder har klean ferburgen, en as se it foargefoel kriget dat it Dûnkere Skip nei-oan is, beävensearret se in útbraak en stjoert se de bern ûnder begelieding fan Lucy nei de roeiboat.

As de oaren fuort binne, hellet Vedette de beide muntstikken foar 't ljocht en seit se dat se in elemintêre geast fan fjoer te wurd wol. De frou fan fjoer ferskynt oan har en Vedette fertelt har dat se as tsjinst werom wol dat sy it skip fan Starr yn ljochte lôge set, sadat Lucy en de bern yn 'e gaos ûntkomme kinne. Se begrypt dat it har eigen dea wurde sil, mar dêr hat se frede mei. As it skip begjint te brânen, brekt der yndie ûntsjoer ûnder de bemanning út. Kaptein Starr kriget Lucy en de bern yn 'e gaten en wol harren te liif, mar Vedette klammet harsels oan him fêst om him tsjin te hâlden. Dat slagget, mar as it fjoer de foarrie munysje oan board berikt, giet it hiele skip de loft yn. Vedette rekket te wetter, mar der komt har neat oer, wylst om har hinne Starr en syn bemanning troch Oaren yn 'e foarm fan haaien en noch ynbaarliker meunsters ferswolge wurde

Letter komt Vedette by oan board fan it Dûnkere Skip, dêr't Corvo gjin goed wurd oer hat foar har ûnferantwurdlike aksje. Sy, Lucy en de bern wurde meinommen nei ien fan 'e eilannen yn 'e Mediterryske See, dy't ûnder bewâld fan 'e Oaren steane. Dêr blike mienskippen fan minsken mei in ferhege yntuysje, lykas Vedette, dy't 'Yntuïten' hjitte, freedsum middenmank de Oaren te libjen. Vedette, Lucy en de bern keare nea werom nei Pyetra, mar sette har op ien fan 'e eilannen nei wenjen. Vedette leart dêr foar dokter en nei ferrin fan tiid wurdt se troch Corvo foar skipsdokter op it Dûnkere Skip oannommen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bishop, Anne, The Dark Ship, yn: Butcher, Jim, en Hughes, Kerrie L., (red.), Heroic Hearts, New York, 2022 (Ace Books), ISBN 978-0 59 30 99 186, s. 21–45.
The Others (romansearje)
Written in Red • Murder of Crows • Vision in Silver • Marked in Flesh • Etched in Bone
spyljend yn deselde wrâld as The Others
Lake Silence • Wild Country • Crowbones • The Dark Ship*
* koart ferhaal