Lake Silence
Lake Silence | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Anne Bishop | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2018, New York | |
oarspr. útjwr. | Ace Books | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 39 95 87 245 |
Lake Silence is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Anne Bishop. De titel betsjut "Stiltemar" of "Mar fan de Stilte". It boek fertelt it ferhaal fan Vicki DeVine, in frou dy't koartby skieden is, mar geastlik skeind út har houlik kommen is. As ûnderdiel fan 'e skiedingsregeling hat se The Jumble krigen, in yn ferfal rekke fakânsjepark oan 'e igge fan Lake Silence. Wat se dêr oantreft, is net wêr't se op rekkene, en as har eks-man en syn sakepartners beslute dat se The Jumble weromhawwe wolle, rint it spul folslein út 'e hân. Lake Silence is in op himsels steande roman, mar spilet yn deselde wrâld as Bishop har romansearje The Others. De haadstikken dy't oer Vicki DeVine geane, binne skreaun yn it ik-perspektyf, wylst de oare ferhaallinen it personele perspektyf brûke. It boek waard yn 2018 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Victoria "Vicki" DeVine is in jonge frou fan tritich jier, dy't skeind rekke is troch jierren fan geastlike mishanneling troch har man. Hja is koartby skieden fan Yorick Dane, in sakeman út 'e stêd Hubbney (eins Hubb NE), yn 'e Noardeastlike Regio fan it wrâlddiel Thaisia. Dat is in kontinint dêr't de tsjinst útmakke wurdt troch 'de Oaren', of de terra indigene, sa't se harsels neame: stalferwikselders, fampieren en ierdgeasten fan ûnbidige macht, dy't de lettere minsklike kolonisten as ynkringers sjogge en harren inkeld dulde. (Sjoch hjirre foar in yngeandere beskriuwing fan dizze sitewaasje.) As ûnderdiel fan 'e skiedingsregeling hat Vicki (ynstee fan jild) it ferfallen fakânsjepark The Jumble tawiisd krigen, dat al generaasjes lang yn 'e Dane-famylje is. The Jumble leit oan 'e igge fan 'e mar Lake Silence, by it doarp Sproing, fier fan Hubbney, dêr't minsken it foar it sizze hawwe, mar deunby it wyldlân dat troch de Oaren behearske wurdt.
Wat Vicki net wit, is dat Honoria Dane, de oerâldmuoike fan har eks-man, The Jumble oarspronklik boud hat as in plak dêr't de Oaren leare kinne om mei minsken om te gean. Dat neifolgjende generaasjes fan 'e Dane-famylje gjin oandacht oan it fakânsjepark bestege hawwe, wie de Oaren dan ek min nei it sin. As se sjogge dat Vicki in healjier tiid, in protte enerzjy en hast al har jild besteget om it haadgebou en de earste trije fan 'e fakânsjehúskes op te knappen, wêrby't se har sekuer oan 'e betingsten hâldt fan it oarspronklike kontrakt dat de Oaren foar de pacht fan 'e grûn mei Honoria Dane sletten hiene, komme se lykwols ta de konklúzje dat The Jumble nij libben ynblaasd wurde kin en beslute se har te helpen. Sa komt Vicki oan in Krie (in stalferwikselder dy't de foarm fan in krie oannimme kin) as hierster fan ien fan 'e fakânsjehúskes en in Bear en in Poema as hantsjemuoisfeinten.
De idylle wurdt rou ferbrutsen as Yorick Dane beslút dat er The Jumble weromhawwe wol. Syn sakepartners hawwe nammentlik plannen om 'e besteande gebouwen plat te goaien en op itselde plak in folslein nij lúkse fakânsjepark te bouwen foar de minsklike elite út Hubbney en oare stêden yn 'e Noardeastlike Regio. Dat soks tsjin alle ôfspraken mei de Oaren yngiet, meitsje se harren gjin soargen oer. Yn harren saaklike oerienkomsten mei minsken binne se wend om de oare partij mei bedragerij en yntimidaasje in poat út te draaien, en se miene dat dyselde metoade ek op 'e Oaren tapast wurde kin.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Franklin Cartwright, dy't stjoerd is troch Dane en dy syn bazige sakepartner Vaughn, komt lykwols net fierder as de oprydleane fan The Jumble, dêr't er him blykber de grime fan ien fan 'e Aldsten (de machtichste, nammeleaze foarmen fan 'e Oaren) op 'e hals hellet, mei fatale gefolgen. As it lyk fûn wurdt, rekket plysjeman Wayne Grimshaw by de saak belutsen. Mei't Sproing al in skoft gjin eigen plysje mear hat, wurdt hy tydlik yn it doarp stasjonearre om it ûndersyk nei de moard yn goede banen te lieden. Dat ûndersyk wurdt útfierd troch leden fan 'e technyske resjersje út Putney, wat nuver is, om't Bristol folle tichter by is en de plysje út Putney him noch nea om dingen yn Sproing bekroade hat. It docht al rillegau bliken dat Marmaduke Swinn, de lieder fan it resjersjetiim út Putney, in maat is fan Dane en Vaughn, dy't der alles oan docht om Vicki de moard op Cartwright yn 'e skuon te skowen.
Dat dat net slagget, komt net inkeld troch de tsjinwurking fan 'e yntegere Grimshaw, mar fral ek om't Vicki freonen makke hat yn it healjier dat se al yn Sproing tahâldt. Ien fan dy freonen is âld-plysjeman Julian Farrow, dy't yn it doarp in boekhannel runt, en dy't kontakten hat by de Oaren. As Swinn Vicki arrestearret en har mei yntimidaasje ta in falske bekentenis twinge wol, jout Farrow dat troch, mei as gefolch dat Ilya Sanguinati opdûkt. Dat is in fampier dy't foar abbekaat leard hat, en dy't Swinn syn beskuldigings desidearre nei it ryk fan 'e fabels ferwiist. As Swinn syn ûnderhearrigen, yn 'e tiid dat Vicki fêstholden wurdt op it plysjeburo, besykje om sûnder hûssikingsbefel it haadgebou fan The Jumble binnen te kringen en te trochsykjen (mooglik om der falsk bewiismateriaal del te lizzen), gripe de Oaren hurd yn, wat liedt ta de dea fan trije plysjeminsken.
Neitiid goaie Dane en Vaughn it oer in oare boech. Se reizgje sels mei ferskate oare maten nei Sproing ta, dêr't se mei in ferfalske klausule fan it skiedingskontrakt op 'e lapen komme. Dêryn stiet dat Vicki The Jumble binnen in healjier winstjaand meitsje moatten hie, om't it fakânsjepark oars wer yn it besit fan Yorick Dane komme soe. Om't Vicki net bewize kin dat har hantekening ûnder dy klausule ferfalske is, slagget it Dane en Vaughn om Vicki út har hûs te setten. Ilya Sanguinati soarget derfoar dat se al har besittings meinimme mei, en dy wurde troch de Oaren fuortendaliks ferhuze nei in hierhûs yn Sproing. As de Dane en Vaughn de oare deis besit nimme fan The Jumble, is ta harren ûntsteltenis àlles út it hûs helle, oant de gloeilampen en it wc-papier oan ta. En om't de famylje Dane yn Sproing op in minne namme leit en de ynwenners fan it doarp Vicki graach lije meie, nimt net ien der wurk fan harren oan (ek de pleatslike leadjitter net as it húske ferstoppe rekket).
Uteinlik beseffe Vaughn en Dane dat it nea wat wurde sil mei The Jumble salang't Vicki yn Sproing omhingjen bliuwt. Se beslute har út 'e wei te romjen, en Swinn ûntfiert har as se allinnich yn 'e boekhannel fan Julian Farrow is. Hy nimt har mei nei The Jumble, dêr't er har op in stil plak út 'e ljochten helpe wol. As Farrow ûntdekt dat Vicki mist, warskôget er de Oaren, mar as Ilya Sanguinati Vicki te help sjitte wol, kriget er fan 'e Aldsten te hearren dat er him der bûten hâlde moat. De Aldsten en de Frouwe fan 'e Mar (de elemintêre geast dy't Lake Silence behearsket) hawwe no skjin har nocht fan Vaughn en Dane en harren maten, en sille sels mei harren ôfweve. Yn 'e dêropfolgjende gaos wit Vicki oan Swinn te ûntkommen, mar se rekket by ûngelok slim ferwûne as ien fan 'e Aldsten har oan 'e kant reaget sûnder te beseffen hoe fragyl oft minsken binne. Swinn, Vaughn en ferskaten fan harren maten fine by de ôfrekken de dea, hoewol't Yorick Dane it faaie libben derôf rêdt.
Neitiid betteret Vicki stadichoan wer op, wylst Grimshaw in fêste oanstelling as plysje yn Sproing oannimt. By in rjochtsaak wurdt de ferfalske klausule fan it skiedingskontrakt troch de rjochter nei de foddekoer ferwiist. Vicki wurdt sadwaande befêstige yn it eigendom fan The Jumble. Hja is lykwols bang dat nimmen mear yn it fakânsjepark ferbliuwe wol no't de media ruchtberheid jûn hawwe oan 'e bluodderige wraak dy't de Aldsten op Vaughn-en-dy nommen hawwe. Julian Farrow kin har datoangeande gerêststelle: de tillefoan hat de lêste tiid readgloeiend stien fan 'e lju dy't yn The Jumble in húske hiere wolle, benammen wittenskippers en fotografen dy't yn kontakt komme wolle mei de Oaren. En dêr wie The Jumble ommers oarspronklik ek foar bedoeld.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
The Others (romansearje) | |
---|---|
Written in Red • Murder of Crows • Vision in Silver • Marked in Flesh • Etched in Bone | |
spyljend yn deselde wrâld as The Others | |
Lake Silence • Wild Country • Crowbones • The Dark Ship* | |
* koart ferhaal |