Murder of Crows (roman)
Murder of Crows | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Anne Bishop | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2014, New York | |
oarspr. útjwr. | Roc Books | |
rige | ||
rige | The Others | |
● foarich diel | Written in Red | |
● folgjend diel | Vision in Silver | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 45 14 65 269 |
Murder of Crows is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Anne Bishop. De titel is dûbelsinnich, en kin betsjutte: "In Swaarm Krieën", mar ek "Moard op Krieën". It boek fertelt it ferhaal fan Meg Corbyn, in jonge bloedprofetesse, dy't op 'e flecht foar har eigner en de minsklike autoriteiten beskûl socht hat by de rûnom freesde foarmferwikselders dy't bekendsteane as 'de Oaren'. Murder of Crows is it twadde diel fan 'e romansearje The Others, en folget as sadanich op Written in Red. It waard yn 2014 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books, mei in omslach makke troch Blake Morrow.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Written in Red, it foargeande diel út 'e romansearje The Others, kaam de lêzer yn 'e kunde mei de jonge bloedprofetesse Meg Corbyn, dy't krekt as alle bloedprofetessen betroubere foarsizzings docht as der in sneed yn har hûd makke wurdt. Om't sokke bloedprofetessen faak ferslave reitsje oan it gefoel fan eufory dat se fiele as se in foarsizzing dogge, en om't se (sa wurdt sein) sljochtsinnich reitsje troch it dwaan fan tefolle foarsizzings, is der in bepaling yn 'e minsklike wet opnommen dy't yn harren gefal in "barmhertich eigendom" tastiet. De maatskippij wit net better as bloedprofetessen liede in luzelibbentsje frij fan soargen yn spesjale ynstellings dêr't se op treflike wize fersoarge wurde. Yn wurklikheid binne sokke tehuzen jildmasines fan 'e eigners, dy't de foarsizzings fan 'e profetessen foar grou jild ferkeapje. Eltse foarm fan tsjinakseljen troch de froulju wurdt beäntwurde mei gewelddieldige bestraffings, wylst de profetessen dêrnjonken ek bleatsteane oan seksueel misbrûk en oare foarmen fan mishanneling troch harren manlike fersoargers.
Meg Corbyn wist lykwols út har finzenis te ûntsnappen, en nei in lange drege reis dêr't se net folle oantinkens mear oan hat, berikte se de stêd Lakeside, dêr't se beskûl fûn yn it binnenplak en de formele kontaktpersoan tusken de Oaren en de minsken waard. Op it kontinint Thaisia binne minsken mar nijynkommelingen, en is alle lân eigendom fan 'e lânseigen Oaren, wêzens dy't fan stal feroarje kinne, en dy't troch de minsken ornaris freze of sels hate wurde. De minsklike stêden yn Thaisia binne mar enklaves yn it wyldlân dat troch de Oaren behearske wurdt, en de Oaren kinne op elts stuit dat hja dat wolle, in stêd fan 'e bûtenwrâld ôfslute en de minsklike befolking dêre útrûgje (wat yn it ferline ferskate kearen bard is as de minsken it te bûnt makken). De ferhâldings tusken de Oaren en minsken binne dan ek tige spand. Yn Lakeside is dat lykwols begûn te feroarjen nei de oankomst fan Meg Corbyn.
Yn Murder of Crows set dy feroaring stadichoan troch. Om't se de Oaren mei har foarsizzings holpen hat, wurdt Meg no beskôge as in folweardich lid fan 'e mienskip fan it binnenplak. Dêrby spilet ek in rol dat se befreone rekke is mei ferskate machtige bewenners, wêrûnder Simon Wolfgard, de lieder fan it binnenplak; pake Erebus Sanguinati, de lieder fan Sanguinati (fampieren) yn it binnenplak (en, sa wurdt suggerearre, yn hiel Thaisia); en de elemintêre ierdgeasten Winter en Maityd. Trochdat Meg ek befreone rekket mei ferskate minsklike wurknimmers fan 'e winkels en restaurants oan it merkplein fan it binnenplak, lykas Merri Lee en Heather Houghton, krije dy foar de Oaren foar it earst ek wearde as persoan: d.w.s. se krije wearde om wa't se binne ynstee fan om wat se foar de Oaren dwaan kinne.
As Merri Lee troch in stikmannich manlike studinten yninoar slein wurdt om't se foar de Oaren wurket, biede de Oaren har in feilich wenplak oan yn ien fan 'e keamers boppe it kantoar fan 'e kontaktpersoan. En har wurkjouster Tess, in libbensrisper, nimt op ferskriklike wize wraak op 'e dieders. As Ruth Stuart, de ferloofde fan plysjeman Karl Kowalski, as skoaljuffer ûntslach kriget fanwegen har positive opfettings oer de Oaren, biede de Oaren har in baan as leararesse fan 'e Oarejongen yn it binnenplak oan. En ek foar Theral MacDonald, in nicht fan plysjeman Lawrence MacDonald, dy't op 'e flecht is foar in stalkende eks-freon, wurdt in wurkplak fûn yn it binnenplak, dêr't de stalker har net berikke kin. As Douglas Burke, de kommandant fan it plysjeburo Chestnut Street, dêr't it binnenplak ûnder falt, freget oft de Oaren ek in plak witte foar plysjeman Roger Czerneda, de soan fan in freon fan sines, dy't net mear bliuwe koe dêr't er wurke om't er de Oaren ferdigene hie tsjin in oanfal fan minsken, wurdt ek dêroan foldien.
Roger wurdt fjildwachter yn Ferryman's Landing, in doarp dat heal op 'e igge fan 'e rivier de Talulah leit en heal op Great Island, in eilân midden yn dy rivier. Ferryman's Landing is in plak yn it wyldlân, wat betsjut dat de minsklike autoriteiten der hielendal gjin foech hawwe en dat it yn prinsipe streekrjocht troch de Oaren bestjoerd wurdt. De boargemaster, Steve Ferryman, is net mear as de wurdfierder fan 'e minsken en it oansprekpunt foar de Oaren. Mei troch de ynfloed dy't Meg Corbyn op it binnenplak fan Lakeside hat (wêrfan't de rop as diggelfjoer troch it lân giet), sykje sawol de minsken fan Ferryman's Landing as de Oaren fan Great Island neieroankommen mei de Oaren fan it binnenplak fan Lakeside. Ferskate tsjinsten dy't de ynwenners fan Lakeside net mear foar it binnenplak ferfolje wolle (lykas de befoarrieding fan it restaurant In Lyts Hapke en it bakken en ferkeapjen fan 'e troch Meg ûntdutsen hûnekoekjes dêr't de Wolven sljocht nei binne, wurde troch ûndernimmers yn Ferryman's Landing oernommen. It doarp is in mienskip fan saneamde 'Yntuïten', minsken mei in ferhege yntuysje, dy't geregeldwei in goed of min foargefoel earne oer hawwe, en har dêr sterk troch liede litte. Steve Ferryman ferklapt oan Simon Wolfgard en de oare lieders fan it binnenplak fan Lakeside dat de bloedprofetessen eins út 'e Yntuïten fuortkomme. Dêrnjonken libbet der op Great Island ek in Simpel Libben-mienskip, besteande út 'gewoane' minsken dy't alle moderne útfinings ôfwize en noch libje sa't se dat iuwen lyn ek diene.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Underwilens binne der twa heimsinnige nije soarten drugs op 'e merk kommen: 'ferwolving' en 'fielgoed'. Ferwolving ropt by de brûker grutte razernij en agresje op, wylst fielgoed in steat fan eufory feroarsaket, dy't troch neat trochbrutsen wurde kin, sels net troch libbensgefaar. Beide drugs wurde tsjin 'e Oaren ynset: troch hûnen of minsken dy't ferwolving nommen hawwe op 'e Oaren los te litten, en troch ies mei fielgoed te besmetten, sadat de Oaren dy't dat ite harsels net mear ferdigenje kinne. Meg Corbyn docht in foarsizzing dat der bloed en swarte fearren yn 'e snie lizze sille wylst it ôffal yn Lakeside ophelle wurdt. Dêrmei rêdt se de Krieën fan it binnenplak it libben, want de gewoane krieën dy't op 'e itensresten ôfkomme dy't njonken de ôffalcontainers lizze, reitsje sa fan 'e wrâld dat se net iens besykje om fuort te fleanen as der mei in auto op har ynriden wurdt.
Ek op oare plakken yn Thaisia fine soartgelikense foarfallen plak. It is der dêrom foar de Oaren alles oan gelegen om 'e makkers fan 'e drugs te finen. As Meg harsels by it dwaan fan in foarsizzing te djip snijt, en Simon yn syn Wolvefoarm har wûne skjinslikket, rekket er yn in suver katatoanyske steat fan eufory. It docht dan bliken dat beide drugs makke binne fan it bloed fan bloedprofetessen: fielgoed fan bloed dat ôfnommen is as se yn in steat fan eufory ferkeare nei it dwaan fan in foarsizzing, en ferwolving fan bloed dat ôfnommen is as it harren ûnmooglik makke wurdt om 'e foarsizzing út te sprekken, sadat der inkeld in skriklike pine is, en hielendal gjin eufory. De Oaren fermoedzje dat de driuwende krêft efter de produksje fan beide soarten drugs de Kontroleur is, de eardere eigner fan Meg Corbyn, dy't noch altyd út alle macht besiket om har werom te krijen en dêrby foar gjin inkeld middel tebekskrillet. Dêr hawwe se gelyk oan, mar de Kontroleur en ferskate oare útbaters fan ynstellings dêr't bloedprofetessen fêstholden wurde, hawwe har ek by de Minsken Earst en Lêst-beweging jûn, in rasistyske organisaasje dy't it idee útdraacht dat minsken de wrâld hearre te behearskjen, en dat alle Oaren ferdylge wurde moatte.
Underwilens hat de Kontroleur kontakt makke mei in Phineas Jones, dy't de kost fertsjinnet mei it ûntfieren fan jonge bloedprofetessen by harren âlden wei, en it ferkeapjen fan sokken oan lju as de Kontroleur. It is de bedoeling dat de slûchslimme Jones besykje sil en fang Meg Corbyn, wylst er tagelyk yn 'e Noardeastlike Regio, dêr't Lakeside leit, op 'e sneup sil nei mooglike nije bloedprofetessen. Sadwaande bejout er him nei Ferryman's Landing, mar troch in foarsizzing fan Meg sjogge de Yntuïten en de Oaren dêre him al fan fierrens ôf oankommen. Sadwaande wurdt er, as er arrivearret, troch Steve Ferryman en Roger Czerneda daliks it doarp útbonsjoerd. Hy bejout him dan nei Lakeside, dêr't de Hauken en Earnen fan Great Island dy't him folgje, syn auto yn 'e grimelgrammel fan minsklik ferkear út it each ferlieze.
Simon Wolfgard beleit ûnderwilens yn it binnenplak fan Lakeside in grutte gearkomste fan 'e lieders fan 'e Oaren út it Noardeasten, it Hege Noardeasten en it Midwesten. De Oaren út dy lêste regio binne swier troffen troch de oanfallen mei ferwolving en fielgoed, en binne safierhinne dat se alle minsken op harren gerjochtichheid wol útrûgje wolle. De Oaren út it Hege Noardwesten hawwe noch net folle mei minsklike oanfallen te krijen hân, en soargje sadwaande yn 'e gearkomste foar in tsjinwicht tsjin dy út it Midwesten. Under de Oaren út it Hege Noardwesten binne Alan Wolfgard, in skriuwer fan romans, en Charlie Kriegard, dy't mank de Oaren in ferneamd muzikant is. Beiden binne tige nijsgjirrich nei Meg Corbyn, en nettsjinsteande syn opfetting oer minsken is Joe Wolfgard, de wichtichste lieder fan 'e Oaren út it Midwesten, dat ek. Simon stimt deryn ta om harren mei te nimmen nei it kantoar fan 'e kontaktpersoan, dêr't Meg dy middeis 'bewekke' wurdt troch Skippy, in jonge Wolf dy't geastlik net alhiel ynoarder is en himsels net yn in minske feroarje kin.
De lieders fan 'e Oaren út it Midwesten en it Hege Noarden, ferwachtsje fanwegen de nuodlike eigenskippen fan it bloed fan bloedprofetessen in gefaarlik wêzen oan te treffen. Mar as se yn it kantoar komme, sjogge se dêr in gjalpende Meg dy't op in buro klommen is om te ûntkommen oan 'e entûsjaste Skippy, dy't besiket om har fan deunby in múske sjen te litten dat er fongen hat. Dat byld docht in protte om 'e Oaren út it Midwesten ta rede te bringen. Wat noch mear helpt, is dat se tsjûge binne fan wat der bart as Phineas Jones by it binnenplak opdûkt om in wraam op Meg te dwaan. Om Skippy tsjin 'e man te beskermjen, geane Meg en Merri Lee him op eigen manneboet mei in biezem en in teetsjettel te liif. As de Oaren op it lawaai ôf komme en Jones besingelje, makket dy himsels fan kant om mar net finzen nommen te wurden. (Charlie Kriegard makket oer dat ynsidint letter it ferske Biezemfanke en Teetsjettelfrou, dat ta Meg har ûntsetting razend populêr wurdt mank de Oaren.)
Neitiid beslute de Oaren dat de bloedprofetessen wapens binne, dy't te gefaarlik binne om yn minsklike hannen te litten. Ynstee sille se tenei troch de Oaren sels fersoarge wurde of oerdroegen wurde oan 'e soargen fan 'e Yntuïten of de Simpel Libben-mienskippen, dy't it fertrouwen fan 'e Oaren hawwe. Alles wurdt op alles set om te ûntdekken wêr't de ynstelling fan 'e Kontroleur is. Meg kin harren dêr net folle by helpe, om't har flecht sa gaoatysk ferrûn is, dat se gjin idee hat wêr't se wei kaam en hoe't se krekt yn Lakeside bedarre is. Mar mei de pear oanwizings dy't Meg jaan kin en mei help fan 'e plysje slagget it om 'e lokaasje fan 'e ynstelling te efterheljen. (It docht bliken dat de ynstelling earne yn it Midwesten stiet.) In wichtige rol dêrby spilet de abbekaat Pete Denby, in âlde freon fan plysjekommandant Douglas Burke, dy't hjir en dêr syn ljocht opstekt yn fermiddens fan lju dy't wolris foar in foarsizzing betelje. Denby is neitiid syn libben yn it Midwesten net mear feilich, en moat mei wiif en bern nei Lakeside flechtsje. Underweis wurde se yn it wyldlân fan 'e dyk riden troch efterfolgers, mar de Oaren dêre, dy't mei de sitewaasje bekend makke binne troch Simon Wolfgard, gripe yn en soargje dat de Denbys feilich en wol troch it wyldlân komme, wat net sein wurde kin fan 'e efterfolgers.
Meg freget Simon om by de oanfal te wêzen dy't de Oaren dwaan wolle op 'e ynstelling fan 'e Kontroleur. Se hie dêr ien freondinne, in âldere bloedprofetesse dy't Jean hiet, mei wa't se plannen makke om tegearre út te naaien. De trewanten fan 'e Kontroleur kamen dêr lykwols efter, en dêrop liet de Kontroleur Jean har foet stikken slaan, wat de ein fan 'e ûntsnappingsplannen wie, sa miende er. No freget Meg oan Simon om Jean te rêden, as dy noch libbet. Dat, yn 'e mande mei dokter Domenick Lorenzo en plysjeman James Crispin Montgomery ("Monty") set Simon ôf nei it Midwesten. Underwilens ferwûnet cs747, sa't de Kontroleur har neamt, of Jean, sa't se hiet ear't se ûntfierd waard, harsels op har toskfleis (dêr't de wûnen net opmurken wurde troch de fersoargers), sadat se fizioenen oer de takomst kriget dy't se foar harsels hâldt. Ien byld ferwûnderet se har oer: har eigen mei groeden oerdutsen hân dy't in pot fol hunich fêsthâldt. Dat is wêr't al har fizioenen de lêste tiid mei einigje.
Troch wat se sjoen hat yn har fizioenen is Jean alhiel net ferheard as op in nacht de muorren en doarren fan 'e ynstelling oan gruzeleminten slein wurde troch elemintêre geasten, wêrnei't Wolven, Bearen, Koyotes, Poema's en fampieren it gebou binnenstoarmje om op bluodderige wize ôf te weven mei de Kontroleur en syn trewanten. Likemin sjocht se der raar fan op as de doar fan har sel iepenbrutsen wurdt troch Meg har Wolf, dy't se al withoe faak yn har fizioenen sjoen hat. Mar fierder as dizze nacht hat se de takomst noch net ferkend. Nei't de bloedprofetessen rêden binne, beslút Simon, dy't sjocht hoe geastlik skansearre oft Meg har freondinne is, om Jean nei Ferryman's Landing te bringen, dêr't se húsfêste wurdt by de famylje Gardner, in boerehúshâlding dy't ta de Simpel Libben-mienskip op Great Island heart. Frou Gardner ferwolkommet Jean dêre op tradisjonele wize, troch har in pot mei hunich te jaan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
The Others (romansearje) | |
---|---|
Written in Red • Murder of Crows • Vision in Silver • Marked in Flesh • Etched in Bone | |
spyljend yn deselde wrâld as The Others | |
Lake Silence • Wild Country • Crowbones • The Dark Ship* | |
* koart ferhaal |