Vision in Silver
Vision in Silver | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Anne Bishop | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2015, New York | |
oarspr. útjwr. | Roc Books | |
rige | ||
rige | The Others | |
● foarich diel | Murder of Crows | |
● folgjend diel | Marked in Flesh | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 45 14 65 276 |
Vision in Silver is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Anne Bishop. De titel betsjut "Fizioen yn Sulver". It boek fertelt it ferhaal fan Meg Corbyn, in jonge bloedprofetesse, dy't op 'e flecht foar har eigner en de minsklike autoriteiten beskûl socht hat by de rûnom freesde stalferwikselders dy't bekendsteane as 'de Oaren'. Vision in Silver is it trêde diel fan 'e romansearje The Others, en folget as sadanich op Murder of Crows. It waard yn 2015 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books, mei in omslach makke troch Blake Morrow.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't Meg Corbyn, in jonge bloedprofetesse, ûntsnapte oan 'e klauwen fan har eigner, de Kontroleur, en beskûl socht en fûn yn it binnenplak fan 'e stêd Lakeside, by de freesde stalferwikselders dy't bekendsteane as 'de Oaren', koe nimmen dêr de gefolgen fan oersjen. Simon Wolfgard, de Wolf dy't de lieder fan it binnenplak fan Lakeside is, en waans beslissing oft it wie om Meg op te nimmen, hie der gjin idee fan wat er him dêrmei op 'e hûd helle. Troch Meg har tadwaan hat der in neieroankommen plakfûn tusken de minsklike wurknimmers fan it binnenplak en de Oaren, dy't harren wurknimmers foar it earst as ûnytbere persoanen begûn binne te sjen, ynstee fan 'handich mar ferfangber fleis'.
Sterker noch, Meg en de freondinnen dy't se makke hat, lykas Merri Lee, Ruth Stuart en Theral MacDonald, wurde no troch de Oaren beskôge as de 'minsklike ridel' fan it Binnenplak. Trochdat Merri en Ruth relaasjes ûnderhâlde mei de plysjes Karl Kowalski en Michael Debany, en om't Theral de nicht is fan plysjeman Lawrence MacDonald, wurde dy trije en harren kollega Monty (James Crispin Montgomery) ek hieltyd mear ta de minsklike ridel rekkene. No binne dêr noch bykommen Pete en Eve Denby en harren bern Robert en Sarah, mei't Pete de Oaren holpen hat by it opspoaren fan 'e Kontroleur, wêrnei't er mei syn gesin syn wenplak yn it Midwesten ûntflechtsje moast.
As Meg yn ien fan har fizioenen makeldersbuorden mei de tekst "TE KEAP" derop sjocht, en koart dêrnei in stikmannich wenten oarekant Crowfield Avenue, lyk foar it binnenplak oer, te keap komme te stean, beslute Simon, Vlad Sanguinati en de oare lieders fan 'e it binnenplak om dy wenten op te keapjen. It is in ideaal plak om guon fan de minsklike ridel te húsfêstjen, lykas Merri Lee, dy't har âlde wente op 'e kampus fan 'e universiteit ûntflechtsje moatten hat nei't se dêr yninoar slein wie om't se foar de Oaren wurke. Ek it gesin Denby kin dêr komme te wenjen, en itselde jildt foar Karl Kowalski en Ruth Stuart, dy't al in hiel skoft op 'e sneup binne nei in plak om gear te wenjen. As de leden fan 'e minsklike ridel it hawwe oer de ferwachte itenstekoarten dy't neffens de berjochten it kommende jier ûntstean sille, steane de Oaren harren boppedat ta om folkstúntsjes oan te lizzen op it terrein fan it binnenplak. It is de Oaren lykwols net dúdlik hoe't der te min iten komme kin, mei't der op dat mêd neat feroare is en de rispingen krekt-en-gelyk as foargeande jierren binne.
Underwilens reizget Nathan Wolfgard, ien fan 'e befeiligers fan it binnenplak, werom út it wyldlân dêr't er in pear wiken mei fakânsje west hat. Yn 'e trein nei Lakeside treft er in jong famke oan dat allinnich reizget; dat blykt Lizzy Montgomery te wêzen, de dochter fan Monty, dy't mei har mem yn Toland (in grutte stêd oan 'e eastkust) efterbleaun is doe't Monty oerpleatst waard nei Lakeside. Dy oerpleatsing (nedich om't Monty yn Toland net mear te hanthavenjen wie nei't er ien fan 'e Oaren ferdigene hie tsjin in minsklike misdiediger) makke in ein oan 'e relaasje tusken him en Lizzy har mem, Elayne Borden. Sûnt hawwe se almar mear en faker rûzje krigen, fral nei't Elayne it oanlein hat mei Nicholas Scratch, in lieder fan 'e Minsken Earst en Lêst-beweging, in rasistyske organisaasje dy't him op alle mooglike manearen oankantet tsjin 'e Oaren. Wêrom't in famke fan sân jier allinnich reizget, is ûndúdlik.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As Nathan en Lizzy yn it binnenplak oankommen binne, en it famke dêr troch har heit befrege wurdt, wurdt dúdlik dat Elayne Borden te djip yn 'e yllegale aktiviteiten fan 'e Minsken Earst en Lêst-beweging behelle rekke is. Doe't se besocht te flechtsjen, wie it al te let. Ut Lizzy har ferhaal begripe Monty en de Oaren dat Elayne op it treinstasjon yn Toland delstutsen is, en letter hearre se op it nijs dat der op it stasjon fan Toland de jûns tefoaren in frou fermoarde is. As in pear jonge Wolven mei Lizzy har teddybear Boo Bear oan 'e haal geane en de pop dêrby skansearre rekket, wurdt yn it binnenste fan de bear in pûdsje mei ealstiennen oantroffen.
Monty, dy syn kommandant, Douglas Burke, en de Oaren beriddenearje dat it de bút wêze moat fan in rige ynbraken yn Toland wêrby't fûnkelstiennen stellen binne. De plysje fan Toland hat dy misdriuwen taskreaun oan 'e Krieën fan it binnenplak fan Toland, wêrmei't de dochs al minne relaasje tusken de Oaren en de minsklike autoriteiten yn 'e havenstêd noch fierder oanboaze is. It wurdt no dúdlik dat de ealstiennen yn wurklikheid troch de eigners oan 'e Minsken Earst en Lêst-beweging jûn binne om der yllegale aktiviteiten mei te bekostjen, wylst de lju dêrnei bearden dat it spul stellen wie sadat se it fersekeringsjild ynkassearje koene. Leo Borden, Elayne har broer en Lizzy har omke, is dejinge dy't neffens Lizzy Boo Bear 'operearre' hat om't er siik wie, wat ferklearret hoe't de ealstiennen yn 'e teddybear bedarre binne.
Om't dúdlik is dat Lizzy allinnich net feilich wêze sil yn Monty syn hierappartemint as er deis sels oan it wurk is, biede de Oaren him in keamer oan yn ien fan 'e gebouwen oan it merkplein fan it binnenplak. Dat hat as bykommend foardiel dat de autoriteiten fan Toland it famke dêrwei net meinimme kinne om har nei har beppe Celia Borden te bringen, mei't de minsklike wet op 'e gerjochtichheid fan de Oaren net fan krêft is. Underwilens set Monty Pete Denby yn (dy't abbekaat is), om nei de dea fan Elayne de fâdij oer syn dochter yn 'e hannen te krijen. Felix Scaffoldon, in plysjekommandant út Toland dy't spesjaal nei Lakeside ta komt om Lizzy (en Boo Bear) op te heljen, makket sadwaande in fergese reis. Wol kriget er Boo Bear mei, mar de Oaren hawwe ûnderwilens de ealstiennen yn beslach nommen en ferfongen troch weardeleaze stikjes kleure glês. Scaffoldon is al wer yn Toland ear't er dat ûntdekt, mar in poerrazen tillefoantsje nei Douglas Burke, dy't de fermoarde ûnskuld spilet, helpt him neat.
As Merri Lee, Ruth, Theral, Karl Kowalski, Lawrence MacDonald en Michael Debany de susters Jenni, Starr en Crystal Kriegard, Simon en Nathan Wolfgard, Henry Beargard en Vlad Sanguinati meinimme foar in útstapke nei in rommelmerk (wêrfan't se tinke dat it krekt wat foar de Krieën wêze sil), wurde se dêr oanfallen troch in groep leden fan de Minsken Earst en Lêst-beweging. Troch in warskôging fan Meg, dy't in min foargefoel kriget, stroffelet, har knibbel iepenhellet en dan in fizioen hat, arrivearret help krekt op 'e tiid om har freonen te rêden. De elemintêre geast Fjoer blaast de helte fan 'e auto's op it parkearterrein by de rommelmerk op, wylst har suster Lucht it dak fan it gebou blaast en in ravaazje oanrjochtet yn it binnenste fan it pân. Simon en de measte Oaren en leden fan 'e minsklike ridel komme der mei relatyf lichte ferwûnings ôf, mar Crystal Kriegard en plysjeman Lawrence MacDonald binne by de oanfal om it libben kommen.
Neitiid wachtet Simon yn eangst en beven ôf wat der no barre sil, want troch de aksjes fan 'e Minsken Earst en Lêst-beweging is de beslissing datoangeande út syn hannen nommen. De stalferwikselders en fampieren foarmje nammentlik inkeld de buffer tusken de minsken en de wiere Oaren. Dat binne de nammeleaze foarmen fan 'e Oaren dy't de Aldsten neamd wurde, dy't djip yn it wyldlân libje en nea kontakt mei de minsken hawwe. Uteinlik kriget er berjocht dat de Aldsten noch net alle minsken op it kontinint Thaisia útrûgje wolle. Ynstee wolle se de sitewaasje noch skoftke oansjen, mei as iennichste reden dat se yntrigearre rekke binne troch Meg Corbyn en de feroarings dy't troch har oanwêzichheid yn it binnenplak fan Lakeside ûntstien binne.
Dat wol lykwols net sizze dat fierders alles samar troch de fingers sjoen wurdt. Underwilens is ek oan it ljocht kommen wêrom't der op Thaisia itenskrapte driget: de Minsken Earst en Lêst-beweging (dy't ôfkomstich is út 'e Cel-Romano Alliânsje fan Naasjes) hat dwaande west mei it smokkeljen fan in oermjitte soad nôt en oare itenswaar en ek stiel nei Cel-Romano, dêr't in oarloch tsjin 'e Oaren tarist wurdt. Dat dêrtroch krapte of sels hongersneed útbrekke sil yn Thaisia is yn 'e eagen fan 'e beweging in moaie bykomstichheid, om't soks de minsken yn Thaisia noch mear tsjin 'e Oaren opsette sil. No't de Oaren har hjirfan bewust binne, wurde lykwols de skippen dy't by de smokkel belutsen binne, ta sinken brocht troch de elemintêre geast Oseaan, wylst de Haaien en Orka's de havens yn 'e rekken hâlde. Fierders wurdt yn Toland Leo Borden dea oantroffen mei in trochsniene kiel, en Celia Borden en kommandant Felix Scaffoldon ferdwine sûnder in spoar efter te litten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
The Others (romansearje) | |
---|---|
Written in Red • Murder of Crows • Vision in Silver • Marked in Flesh • Etched in Bone | |
spyljend yn deselde wrâld as The Others | |
Lake Silence • Wild Country • Crowbones • The Dark Ship* | |
* koart ferhaal |