Springe nei ynhâld

Marked in Flesh

Ut Wikipedy
Marked in Flesh
algemiene gegevens
auteur Anne Bishop
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2016, New York
oarspr. útjwr. Roc Books
rige
rige The Others
● foarich diel Vision in Silver
● folgjend diel Etched in Bone
kodearring
ISBN 978-0 45 14 74 476

Marked in Flesh is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Anne Bishop. De titel betsjut (frij fertaald) "Ynkurven yn Fleis". It boek fertelt it ferhaal fan Meg Corbyn, in jonge bloedprofetesse, dy't op 'e flecht foar har eigner en de minsklike autoriteiten beskûl socht hat by de rûnom freesde stalferwikselders dy't bekendsteane as 'de Oaren'. Marked in Flesh is it fjirde diel fan 'e romansearje The Others, en folget as sadanich op Vision in Silver. It waard yn 2016 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books, mei in omslach makke troch Blake Morrow.

Wylst yn 'e rest fan 'e wrâld de spannings tusken de minsken en de Oaren tanimme troch it wurk fan 'e rasistyske Minsken Earst en Lêst-beweging, reitsje de Oaren yn it binnenplak fan 'e stêd Lakeside hieltyd fierder oantangele mei in oanhâldend úttynjende minsklike 'ridel'. Dat is it gefolch fan 'e komst fan Meg Corbyn, in jonge bloedprofetesse, dy't ûntsnapte oan 'e klauwen fan har eigner, de Kontroleur, en beskûl socht en fûn yn it binnenplak fan Lakeside, by de freesde stalferwikselders dy't bekendsteane as 'de Oaren' (sjoch: Written in Red). Sy waard de ferbinende faktor tusken de minsklike wurknimmers fan 'e winkels fan it binnenplak en harren Oare wurkjouwers, en teffens tusken de plysje fan Lakeside en de Oaren.

As de Minsken Earst en Lêst-beweging de see fersmoarget mei gif, mei as gefolch dat ferskate Haaien omkomme, wat de elemintêre geast Oseaan oanset om wraak te nimmen op 'e havenstêd Toland, is it sels al safier kommen dat Simon Wolfgard, de lieder fan it binnenplak, de plysjeman Monty warskôget om derfoar te soargjen dat syn mem en suster op 'e tiid Toland ferlitte. En as de pakketbesoarger Harry syn baan by Aldendeiske Besoarging ferliest om't dat bedriuw no fan syn wurknimmers easket dat se lid wurde fan 'e Minsken Earst en Lêst-beweging (wat Harry wegeret), stiet Meg derby Simon op oan om Harry yn 'e tsjinst te nimmen fan it binnenplak.

Dan wurde yn Lakeside winkels en oare bedriuwen oanfallen dy't dreaun wurde troch lju dy't sympaty foar de Oaren hawwe, en dy't útmakke wurde foar 'Wolvefreonen'. Earst giet it dêrby om it bekladzjen fan gebouwen en it yngoaien fan ruten, mar letter boazet dat oan ta it brânstifting. Nadine Fallacaro, fan Nadine's Bakkerij en Kafee, dy't bôle en banket oan it binnenplak leveret, ûntsnapt mar nauwerneed oan 'e dea as har bedriuw (dêr't se boppe wennet) yn ljochte lôge set wurdt. As se ienris bûtendoar rekket, wurdt se lykwols oanfallen troch de brânstifters. Troch in profesije fan Meg arrivearje Monty en plysjekommandant Douglas Burke krekt op 'e tiid om tsjin te kearen dat de oanfallers har yn it fjoer smite. Neitiid wurdt ek frou Fallacaro yn it binnenplak opnommen, en de elemintêre geasten nimme wraak troch mei wjerljochtynslaggen ek alle bakkerijen dy't bannen hawwe mei de Minsken Earst en Lêst-beweging plat te baarnen.

It ferhaal nimt in noch grimmitiger kear as der op ferskate plakken yn 'e regio's fan it Midwesten en it Noardwesten keppels bizons deasketten wurde troch oanhingers fan 'e Minsken Earst en Lêst-beweging. Dy beskôgje dy bisten nammentlik as ûngedierte, dat geef greidlân beset hâldt dêr't ek keppels kij weidzje kinne soene. Boppedat foarmje de bizons yn dy regio's it wichtichste iten fan 'e Wolven, en alles dêr't se de Oaren mei dwerseidzje kinne, liket de Minsken Earst en Lêst-beweging in goed idee ta. De oanfallen wurde fan Toland út koördinearre troch Nicholas Scratch, ien fan 'e lieders fan 'e beweging, dy't oerkommen is út 'e Cel-Romano Alliânsje fan Naasjes, oarekant de oseaan.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As sawol Meg as de jonge bloedprofetesse Hope Wolfsong, dy't ûnderbrocht is by de Wolveridel fan Jackson Wolfgard, yn it Noardwestlike doarp Sweetwater, profetearje dat de Wolven sels oanfallen wurde sille, rêde se dêrmei talleaze Oaren fan in wisse dea. Foar Joe Wolfgard, de lieder fan 'e Wolveridel yn it Midwestlike doarp Prairie Gold, komt de warskôging lykwols te let. Hy wurdt yn 'e fâle lokke en mei alle folwoeksen leden fan syn ridel ôfmakke troch leden fan 'e Minsken Earst en Lêst-beweging út it oanbuorjende plak Bennett. Foartiid hied er mei de nammeleaze foarmen fan 'e Oaren dy't it wyldlân behearskje en dy't bekendsteane as de Aldsten, ôfsprutsen dat de ynwenners fan Prairie Gold, dat Yntuïten binne (sjoch: Murder of Crows), by gefaar beskûl sykje mochten yn 'e heuvels fan it wyldlân. No bringt Jesse Walker, de liedster fan Prairie Gold, de froulju en bern fan 'e mienskip en alle Wolvepups en oare jonge Oaren nei in feilich hinnekommen yn 'e heuvels ta, wylst de manlju har opmeitsje om it mei de ynwenners fan Bennet út te fjochtsjen.

Safier komt it lykwols net, want as de elemintêre geasten Lucht en Fjoer yngripe, slacht de prêrjebrân dy't de Bennetters oanstutsen hawwe om Prairie Gold yn de jiske te lizzen, op harsels werom en wurde alle feepleatsen tusken de Prairie Gold en Bennett platbaarnd. De wraak fan 'e Oaren foar de dea fan 'e Wolven lit net lang op him wachtsje: de Aldsten, dy't de omgong mei de minsken oant no ta altyd oan 'e stalferwikselders en de fampieren oerlitten hawwe, komme fanwegen en rûgje de hiele befolking fan Bennett út. Yn Prairie Gold, dêr't de froulju en bern ûnderwilens weromkeard binne, gûle de Wolvepups dan om te oan te jaan "Wy binne hjirre!", dat de Aldsten it doarp foarbygean sille.

Underwilens stjoert Oseaan in reuseftige orkaan by de eastkust fan it kontinint Thaisia lâns, dy't benammen de stêd Toland swier treft. Nicholas Scratch is koart foar de oankomst fan 'e stoarm skipgien op it lêst flugge passazjiersskip nei de Cel-Romano Alliânsje fan Naasjes, mar wat er net wit, is dat de fampier Stavros Sanguinati ek oan board is. Midden op see treft dyselde Scratch allinnich op it dek en smyt him oerboard yn it dûnkere wetter, dêr't de Haaien him opwachtsje.

As de stoarm ek oer Lakeside giselet, lûke de Oaren har werom yn 'e gebouwen fan it binnenplak, dêr't se oan harren minsklike freonen en dy har gesinnen beskûl biede: net inkeld tsjin 'e stoarm, mar fral tsjin wat dêrnei komt. Meg Corbyn wurdt alle drokte wat te tefolle, dat sy wachtet mei Simon syn omkesizzer Sam Wolfgard en de jonge Wolf Skippy de stoarm ôf yn 'e ponnystâl, dêr't de ryddieren fan 'e elemintêre geasten libje. As yn 'e stilte nei de stoarm de Aldsten dêr oan 'e doarren rattelje, komt it Meg yn 't sin dat de Wolven gûle om te sizzen "Wy binne hjirre," dat se begjint mei Sam en Skippy as in wolf te gûlen. Sa komt se by de Aldsten bekend te stean as "de gûlende net-Wolf", eat dat harren noch nijsgjirriger nei har makket. Simon is dêr net bliid mei, want nimmen dy't by syn folle ferstân is, wol graach dat de Aldsten him opmerke, en de Aldsten wiene dochs al fierstente folle yntrigearre troch Meg.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
The Others (romansearje)
Written in Red • Murder of Crows • Vision in Silver • Marked in Flesh • Etched in Bone
spyljend yn deselde wrâld as The Others
Lake Silence • Wild Country • Crowbones • The Dark Ship*
* koart ferhaal