Crowbones
Crowbones | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Anne Bishop | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2022, New York | |
oarspr. útjwr. | Ace Books | |
rige | ||
rige | The Others | |
● foarich diel | Lake Silence | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 59 33 37 349 |
Crowbones is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Anne Bishop. De titel betsjut "Krieëbonken". It boek is it ferfolch op Lake Silence en heart ta de romansearje The Others. De plot folget Vicki DeVine, de eigneresse fan The Jumble, in yn ferfal rekke fakânsjepark oan 'e igge fan 'e mar Lake Silence. Diskear kriget hja te meitsjen mei lju dy't betûft binne op it mêd fan harsenspieling. Harren praktiken lokje lykwols in grizelige âldste fan 'e Oaren nei The Jumble ta, dy't op ûnmeilydsume wize rjochtdei plachtet te hâlden. De haadstikken dy't oer Vicki DeVine geane, binne skreaun yn it ik-perspektyf, wylst de oare ferhaallinen it personele perspektyf brûke. It boek waard yn 2022 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it kontinint Thaisia wurde minsken mar dulde. De wiere machthawwers binne dêr 'de Oaren', of de terra indigene, sa't se harsels neame: stalferwikselders, fampieren en ierdgeasten fan ûnbidige macht. Yn it lytse doarpke Sproing, oan 'e igge fan 'e mar Lake Silence, runt Vicki DeVine noch altyd it yn ferfal rekke fakânsjepark The Jumble. Dat is in plak dêr't minsken en Oaren mei-inoar yn 'e kunde komme kinne om inoar better te begripen. Resint is it gewoan wurden dat ferskate universiteiten yn noardeastlik Thaisia heechlearaars stjoere om 'e wikselwurking tusken minsken en de Oaren yn The Jumble te observearjen.
Wannear't Vicki de Oaren yn 'e kunde besiket te bringen mei de sekuliere hjeldei Tricksterjûn (in minsklike wizânsje wêrby't bern ferklaaid by de doarren lâns geane en om snobbersguod biddelje), rint wat feestlik bedoeld wie út op triennen. In jongeman ferklaait himsels as Krieëbonken, in legindaryske sjamme fan 'e Krieëgard (de stalferwikselders dy't yn krieën feroarje kinne). Dêrmei jaget er Vicki har freonen, de Krieën Aggie, Jozi en Eddie, sa de stupen op it liif dat se der suver yn bliuwe.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De oare deis wurdt de jongeman, in studint dy't fan Adam Fewks hjit, dea weromfûn. Op syn stoflik omskot wurde tekens oantroffen dy't derop wize dat de dieder de wiere Krieëbonken is: in âldste fan 'e Oaren dy't derom bekend stiet dat hja op ûnmeilydsume wize rjochtdei hâldt oer dyjingen dy't hja as troch korrupsje oantaaste beskôget. Yn 'e dagen dêrnei giet it moardzjen troch. Ferskate minsken en Krieën wurde dea weromfûn. Wayne Grimshaw, de plysjekommissaris fan Sproing dy't lieding jout oan in korps dat út twa man bestiet (himsels meiteld), hat der witwat mei te stellen, mar rint oan ien wei troch efter de feiten oan.
Ear't alle belutsenen en/of fertochten Sproing ferlitte kinne, beslute de âldsten fan 'e Oaren en de elemintêre ierdgeasten alle fjouwer tagongswegen nei it doarp ticht te setten troch der gletsjers of ûnbidige ierdheapen op te smiten. Net ien kin dan it doarp noch yn of út en wylst de foarrieden iten en wc-papier gau opreitsje, begjint him fan 'e minsklike ynwenners in beskate panyk master te meitsjen. Ilya Sanguinati, in fampier dy't de lieder fan 'e Oaren yn Sproing is, kriget lang om let befêstige dat Krieëbonken yn it doarp arrivearre is om in besmetting op te spoaren en wei te nimmen dy't him fan 'e minsken nei de Oaren ferspraat hat.
Op 't langelêst wurdt dúdlik dat inkele nijynkommen Krieën en de jonge fampieren Viktor en Kira, dy't troch Ilya syn famyljegroep opfongen wurde, ûnder ynfloed kommen binne fan in minske mei minne bedoelings. Lang wiist alle bewiismateriaal nei professor Rodney Roash, mar dyselde blykt úteinlik inkeld wyn en blast te wêzen en manipulearre te wurden troch syn snoade kollega Richard Cardosa. It bliuwt ûndúdlik hoe't alle stjergefallen en nuvere barrens byinoar passe, oant kommissaris Grimshaw ûntdekt dat in resinte nijynkommelinge yn it doarp, frou Ellen C. Wilson, har eigen eksperiminten útfiert. It docht bliken dat de C yn har namme foar har famkesnamme Cardosa stiet: hja is de suster fan 'e professor.
As er foar it ferstân kriget dat syn spul út is, jout Richard Cardosa syn hantlangers Viktor en Kira opdracht om Vicki te fermoardzjen, dy't troch har rol yn The Jumble de gearwurking fan 'e minsken en de Oaren yn Sproing mooglik makket. Har dea sil safolle gaos feroarsaakje, riddenearret er, dat er sels ûnopmurken útpike kin. Syn plannen misbeteare lykwols alhiel as bliken docht dat de âldsten Vicki yn 'e rekken hâlde. As sy nei in stil plak ta lokke wurdt dêr't mei har ôfweefd wurde kin, weve de âldsten ynstee mei har oanfallers ôf. Cardosa sels wurdt deahoud troch Krieëbonken, wylst Viktor ta proai falt oan oare âldsten.
Kira oerlibbet de konfrontaasje, mar wurdt letter troch Ilya ôfmakke om't hja net mear los fertroud is en de Oaren net oan tichthuzen en finzenskip dogge. Ellen C. Wilson, ta einbeslút, hat aaklike dingen by 't folop dien, mar der bestiet tsjin har gjin bewiismateriaal dat in súksesfolle berjochting foar in minsklike rjochtbank mooglik makket. Sadwaande mient se dermei fuort te kommen, mar Grimshaw wit dat de Oaren soks nea akseptearje soene, en dat it de gearwurking tusken minsken en Oaren yn gefaar bringe sil. Dêrom riidt er har de wyldernis yn en lit har efter op in plak dêr't de Oaren harren eigen foarm fan berjochting op frou Wilson loslitte kinne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
The Others (romansearje) | |
---|---|
Written in Red • Murder of Crows • Vision in Silver • Marked in Flesh • Etched in Bone | |
spyljend yn deselde wrâld as The Others | |
Lake Silence • Wild Country • Crowbones • The Dark Ship* | |
* koart ferhaal |