Springe nei ynhâld

Blake Morrow

Ut Wikipedy
Blake Morrow
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Blake Morrow
nasjonaliteit Kanadeesk
berne ±1985
berteplak ? (Ontario)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
wurksum as fotograaf, yllustrator,
   boekbânûntwerper
jierren aktyf ±2005 – no
offisjele webside
blakemorrow.ca

Blake Morrow1985) is in Kanadeesk fotograaf, fotokeunstner, grafysk ûntwerper, yllustrator en boekbânûntwerper.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Morrow groeide op yn in lyts doarp yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario, dêr't er in foarleafde foar de Westerske popkultuer krige troch in oanhâldend 'dieet' fan tillefyzje, stripboeken en boartersguod basearre op tillefyzje en stripboeken. Nei't er yn Toronto in oplieding ta fotograaf foltôge hie, rûn er yn New York staazje by de ferneamde Amerikaanske fotografe Annie Leibovitz.

Letter begûn Morrow foar himsels en yn 't earstoan hied er benammen popmuzikanten as klant, wêrûnder sokke grutte nammen as Radiohead, Oasis en Moby. Ek wurke er wol foar reklameburo's. Geandewei begûn er him ek hieltyd mear te ûntjaan as grafysk ûntwerper en yllustrator, wêrby't er faak fotokeunst makke troch eleminten fan ferskillende foto's digitaal mei-inoar te kombinearjen. Dat soarte ôfbyldings makket Morrow tsjintwurdich ek spesjaal om as omslaggen fan boeken of cd's te tsjinjen. Sa binne bgl. alle omslaggen fan 'e romansearje The Others, fan 'e Amerikaanske auteur Anne Bishop, fan syn hân.

Ta syn klantekring rekkenet Morrow û.m. de folgjende bedriuwen: Ace Books, Berkley Books, Capital Records, Coca-Cola, de Ford Motor Company, Harlequin Enterprises, McCann Canada, de Penguin Group, Random House, Roc Books, St. Martin's Press, Silhouette Books, TVOntario en Universal Music.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: