Broeksterwâld
Broeksterwâld | ||
Grutte mûne | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Dantumadiel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.220 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 6,24 km², wêrfan: - lân: 6,14 km² - wetter: 0,9 km² | |
Befolkingsticht. | 192 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 16' N 5° 59' E | |
Doarpsgebiet Broeksterwâld (grien) yn 'e gemeente Dantumadiel | ||
Offisjele webside | ||
Side Doarpsbelang Broeksterwâld | ||
Kaart | ||
Broeksterwâld (pleatslik ek: De Broek) is in doarp dat yn de gemeente Dantumadiel leit. Broeksterwâld leit noardlik fan De Falom, noardwestlik fan De Westerein en besuden Damwâld. Broeksterwâld hat 1.220 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn fan Broeksterwâld leit benammen om de Kavelwei.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp is boud op ôf- en útfeane grûn. "Broek" betsjut "sompich lân". It hiele gebiet tusken de eardere doarpen Ikkerwâld, Moarrewâld en Dantumawâld stie earder bekend as "(De) Broek". No is der westlik fan Broeksterwâld rjochting Feanwâlden en Readtsjerk noch altyd feanlân, lykas It Bûtenfjild. Nammerste mear men eastliker fan Broeksterwâlde komt, feroaret it lânskip hieltyd mear yn sângrûnen, tink dêrby oan De Sânhorst tichteby Driezum.
Lange tiid hearde de Broek, ek wol 'De Broekpollen' of 'De Ikkerwâldster Broek' neamd, as buorskip by Ikkerwâld. It is in betreklik jong ûntginningsdoarp dat ûntstien is op de ôf- en útfeane grûn. De meast betide fermelding, yn de tiid dat it feangebiet noch net bewenne wie, stiet yn in oarkonde út 1453. Dan wurdt der skreaun om "de wey wr de fean to meckyen ende to halden twischen den Broek ende dae Swetta", om it paad oer it fean te meitsjen en te ûnderhâlden tusken de Broek en de Swette. Dat binne no Singel, Schwartzenbergenlaan en de Goddeleaze Singel. Broeksterwâld is ûntstien as wenplak foar arbeidersfolk yn de omkriten.
Sûnt 1964 is Broeksterwâld in selsstannich doarp, dêrfoar hearde it by Damwâld (Ikkerwâld) mei de namme: De Broek of De Ikkerwâldster Broek.
Broeksterwâld hat altyd yn sawol de gritenij as de gemeente Dantumadiel lein.
It begraafplak
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It begraafplak fan Broeksterwâld leit op liemgrûn. Dêrtroch kin der minder soerstof by de liken komme, sadat se net fergeane. Dit ferskynsel wurdt adiposire (fersjipping) neamd.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjintwurdich hat it doarp in protte wenten yn de frije sektor en yn ferhâlding in soad lytse selsstannige ûndernimmers. Foar in protte foarsjennings binne de ynwenners lykwols oanwiisd op Damwâld, De Westereen of Dokkum. Om't it doarp lyts bleau is de mienskipssin grut. De Pipegaal is it doarpshûs en Broeksterwâld is ryk oan ferieningen. Der is in soad te rêden: fan konserten en toanieljûnen oant tipelwedstriden en alle jierren in doarpsfeest.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1969 | 1973 | 2004 | 2008 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1.158 | 1.268 | 1.276 | 1.236 | 1.181 | 1.186 |
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Grifformearde tsjerke (PKN)
- Kristlike Grifformearde tsjerke Petrusgemeente
- Kristlike Grifformearde tsjerke Andreasgemeente
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Prot. Kristlike basisskoalle De Wel.
Ferieningen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fuotbalferiening Broekster Boys
- BSV - Broekster Sport Feriening
- Dit is 't wat ús bynt - reformatoaryske sjongferiening foar manlju
- Fûgelwacht Ikkerwâld e.o.
- De Haleruiters - hynsteriden
- It moat kinne - toaniel
- Sla Raek - keatsen en tipeljen
- Wâldflucht - dowehâlders
- De Wâldsjitters - kloatsjitten
- Winterwille - iisclub
Bekende Broeksterwâldster
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Piet Jongeling (1909-1985), sjoernalist, fersetsman, politikus en berneboekeskriuwer.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn Broeksterwâld doopte Anne Wiegers van der Woude op 22 septimber 1861 de earste leden fan de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen yn Nederlân. Op it plak fan de doop oan de Schwartzenbergloane is in monumint oprjocht.
- West fan it doarp stiet oan de râne fan it Bûtefjild de De Grutte Mûne út 1887. De Broekmûne oan de Schwartzenbergloane is in poldermûne út 1876
- Súdlik fan it doarp leit it natoergebiet 'De Houtwiel' mei de Goddeleaze Singel, dêr't in soad spûkferhalen oer besteane.
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eastlik fan it doarp rint de Sintrale As, dêr't Broeksterwâld oer de Dwarsloane in ferbining mei hat. De N356 ferbynt Broeksterwâld mei de doarpen Damwâld en De Falom en oer de Miedloane (of de Sintrale As) mei De Westereen. Oer it Bûtefjild is in ferbining mei de Trynwâlden. Oer de Broekster Feart en de Falomster Feart is der in wetterferbining mei de Swemmer.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle strjitten yn Broeksterwâld.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dantumadiel | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Broeksterwâld • Damwâld • Driezum • De Falom • Feanwâlden • Feanwâldsterwâl (foar in part) • Rinsumageast • Readtsjerk • Sibrandahûs • Wâlterswâld • De Westereen | ||
Buorskippen: Kûkherne (foar in part) • Eastwâld | ||
Eardere doarpen: Dantumawâld • Ikkerwâld • Moarrewâld | ||
· · |