It Goddeloas Tolhûs
It Goddeloas Tolhûs is in earder tolhûs oan de Falomster Feart en de Goddeloaze Singel ûnder Feanwâlden. It tolhûs waard om 1934/35 ôfbrutsen, mar de wente dy't er no stiet krige deselde namme. De namme Goddeloze tolhuis waard al begjin 18e iuw brûkt[1]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens in folksleginde soe It Goddeloas Tolhûs oan syn namme komd wêze troch in fisker, dy't tichtby dat plak wenne hat. Hy die neat oars as flokke. Doe't er nei syn siikbêd ferstoar waard hy by de tolhikke fûn mei syn holle efterstfoarst op syn romp setten. Neffens it folksferhaal soe dat it wurk fan de duvel west hawwe. It tolhûs krige sûnt dizze tiid syn namme.[2] Yn in oare sêge wurdt de bnamme ferklearre dat der in reedrider ferdronken wêze soe. Hy raasde om help fan de bewenners. Hoewol't se him hearden holpen se him net.[3] De sirka 3,5 kilometer lange singel, heaks op de Falomster Feart draacht de namme Goddeloaze singel. Ek oer dit plak binne ferskate (spûk)ferhalen.[4] Ek yn it wurk fan de skriuwer Theun de Vries, dy't yn dizze kontreien wenne hat, komme it Goddeloas Tolhûs en de goddeloaze singel foar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|