Goddeloaze Singel
De Goddeloaze Singel of Schwartzenbergs Reed is in paad noardeast fan Feanwâlden dat eartiids ferskate kleasters en merken mei inoar ferbûn. It brechje dêr't de singel oer de Falomster Feart giet wurdt de Skilige Piip neamd. By de Skilige piip stie it Goddeleaze Tolhûs.
Oer de Goddeleaze Singel besteane meardere folksferhalen. Sa skriuwt Waling Dykstra oer in bewenner fan it Goddeleaze Tolhûs dy't in soad misdieden plege en dêr ryk mei waard. Dr. Jacob Botke jout yn "De gritenij Dantumadiel" (1932) in ferklearring foar de namme 'Goddeleas'. Sa soe by de Goddeleaze Singel en it Goddeleaze Tolhûs in Romke Harkes wenne ha dy't de bynamme goddeleas krige omdat der sa omraken flokt waard.
De Goddeleaze Singel wie eartiids in wichtige wei fan noard nei súd. Yn in oarkunde út 1453 wurdt skreaun oer it begeanber meitsjen fan twa hannelswegen. De iene rûn fan Ljouwert nei it Barrakonvint yn Burgum, de oare fan Dokkum nei Smelle Ie. De Goddeleaze Singel rûn troch sompen en wie net oeral ferhurde, en sa is it noch. Skriuwer S.J. van der Molen hat útsocht hoe't de rûte fan Broeksterwâld nei Smelle Ie rûn hat:
- Fan Ikkerwâld (no Damwâld) nei it tolhûs by de Skilige Piip yn it suden. Hjir lizze natuergebieten as it Houtwiel, it tolhûs bestiet net mear, der stiet no in nije wente.
- Fan de Skilige Piip nei De Swette by Kûkherne. It ûnferhurde paad rint hjir fierder troch de greiden, west fan de Kûkhernster Feart oant de Grinzer Strjitwei.
- Westoan oer de Simmerwei en súdoan oer de Kleasterleane nei Burgum.
- Fan it oerbliuwsel fan it Barrakonvint, de Krústsjerke, fierder oer it Prinses Margrietkanaal (eartiids de Burgumerdaam) nei Sumar.
- Fan Sumar nei Nyegea en dan oer de Kilometerwei en letter de Hegewei oer de Kletsterfeart nei Smelle Ie.
Ids Wiersma skildere it Goddeleaze Tolhûs, it skilderij hinget yn de Aldheidkeamer fan Dantumadiel
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|