Springe nei ynhâld

Kristlike Grifformearde Tsjerke Petrusgemeente (Broeksterwâld)

Ut Wikipedy
Kr. Griff. Tsjerke Petrusgemeente
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Dantumadiel
plak Broeksterwâld
adres Kavelwei 39
koördinaten 53° 16' N 5° 59' E
Arsjitektuer
arsjitekt B. Veenstra
boujier 1952
Webside
FB-side
Kaart
Kristlike Grifformearde Tsjerke Petrusgemeente (Fryslân)
Kristlike Grifformearde Tsjerke Petrusgemeente

De Kristlike Grifformearde Tsjerke fan is de tsjerke fan de Petrusgemeente yn Broeksterwâld. De tsjerke stiet oan de Kavelwei.

De tsjintwurdige tsjerke waard boud yn 1952 en ferfong in âlder gebou op itselde plak út 1910. De kosterwente westlik fan de tsjerke waard yn 1972 ôfbrutsen, de eardere pastory eastlik fan de tsjerke yn 1973.

Yn novimber 1990 fûn der in skuorring yn de kristlik grifformearde gemeente plak. Der ûntstiene twa gemeenten, de Andreasgemeente en de Petrusgemeente. Beide gemeenten bleaune de tsjerke brûken, mar holden aparte tsjinsten. De Andreasgemeente waard letter útkocht en fûn in nij ûnderkommen yn de eardere frijmakke tsjerke fan Damwâld oan de Foarwei.[1]

It oargel fan de Petrusgemeente stamt út 1981 en waard troch J.L. van den Heuvel út Doardt boud.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De poorten van Sion, 100 jaar geschiedenis van de Chr. Geref. Kerk Damwoude ISBN 90-9013690-8