Grifformearde tsjerke (Broeksterwâld)

Ut Wikipedy
Grifformearde tsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Dantumadiel
plak Broeksterwâld
adres Ds. Feitsmawei 2
koördinaten 53° 16' N 5° 59' E
Arsjitektuer
arsjitekt T. van der Kooi
boujier 1955
Webside
PKN Broeksterwâld-De Falom
Kaart
Grifformearde tsjerke (Fryslân)
Grifformearde tsjerke

De Grifformearde Tsjerke oan de Ds. Feitsmawei 2 is it gebou fan de protestanske gemeente fan Broeksterwâld. De gemeente fan Broeksterwâld is wat leeftyd oanbelanget ien fan de jongste gemeenten fan de PKN en oars as in soad oare protestanske tsjerken ken de gemeente gjin delgong fan it tal leden. Yn 2012 fierde de gemeente har 125-jierrich bestean.[1]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste stien foar in tsjerke yn Broeksterwâld waard yn 1872 of 1873 lein. Dy tsjerke stie op de hoeke fan de Kavelwei/Master Hamstrastrjitte en wie al gau te lyts en moast yn 1882 fergrutte wurde. De nijbou krige in lyts tuorke mei in klok. Yn deselde snuorje waard ek in pastory boud.

Under lieding fan dûmny R.J. Reitsma keas de gemeente yn 1887 foar de doleânsje. Fiif jier letter fûn de fúzje plak fan de ôfskieden en dolearende tsjerke en waard de Broekster tsjerke in grifformearde tsjerke.

Yn 1955 waard oan de oare kant fan de Kavelwei oan de Feitsmawei in nije tsjerke boud. Op 12 jannewaris 1956 waard it gebou yn gebrûk nommen. Yn de jierren 1980 fûn oan de súdeastlike kant fan de tsjerke in útwreiding plak mei romte foar gearkomsten.

De âlde grifformearde tsjerke waard yn septimber 1976 ôfbrutsen, nei't it gebou noch in skoft foar de foeraazjehannel tsjinne hie. De pastory út 1922/1923 waard yn 1995 ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou.

Sûnt april 2004 is de tsjerke in beswierre gemeente yn de Protestanske Tsjerke fan Nederlân.[2]

Boek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it ramt fan it 100-jierrich bestean fan de grifformearde tsjerke waard yn 1987 it boekje "Omdat zij de ere Gods beoogden" útjûn.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: