Broekmûne
Broekmûne | ||
mûne / mole | ||
De Broekmûne yn 2009 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Dantumadiel | |
plak | Broeksterwâld | |
adres | Schwartzenbergloane 2a | |
koördinaten | 53° 16' N 5° 58' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
oarspr. gebrûk | Bemeallen fan de Broekpolder | |
flecht | 16,70 meter | |
boujier | 1876 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Stifting De Fryske Mole | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 11679 | |
Webside | ||
Side De Fryske Mole | ||
Kaart | ||
De Broekmûne is in poldermûne krekt west fan it doarp Broeksterwâld yn de gemeente Dantumadiel.
De Broekmûne is in houten achtkant op stiennen fjildmuorren, reiddutsen mei in flecht fan 16,70 m.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De muonts waard yn 1876 boud foar it bemeallen fan de Broekpolder.
Yn 1911 krige de mûne in selsswichting en yn 1937 in wjuksysteem fan Dekker. De Broekmûne krige yn 1961 in nije fizel, dy't oandreaun waard troch in diselmotor. In pear jier letter waard de mole bûten wurking steld.
De tige ferrinnewearre Broekmûne waard yn 1975 restaurearre. De mûne waard wer Ald-Hollânsk ophekt en koe yn alle gefallen wer draaie. Letter waard de mûne wer safier renovearre, dat er ek wer mealfeardich wie, al is dat allinne mooglik yn sirkwy. Sûnt 1977 is de Stifting De Fryske Mole eigner fan de mûne.
Yn 2008 waard fanwegen de minne steat fan de roeden de mûne stilset. Yn 2009 binne dy ferfongen en tsjintwurdich is de mûne wer mealfeardich (yn sirkwy).
Op 29 jannewaris 2022 ûnstie brân yn de mûne om't it remmechanisme te hyt waard. De brân bleau beheind om't de mûnder fuort fanwegen kaam, sadat allinne de reiddutsen kape wat skea oprûn.[1]
De Broekmûne is op ôfspraak te besichtigjen.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Moledatabank - 'Broeksterwâld, De Broekmolen'
- De Hollandsche Molen - 'De Broekmole yn Broeksterwâld'
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|