Daughter of the Forest
Daughter of the Forest | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Juliet Marillier | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 1999, Sydney | |
oarspr. útjwr. | Pan Macmillan | |
rige | ||
rige | Sevenwaters-searje | |
● foarich diel | ― | |
● folgjend diel | Son of the Shadows | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 73 29 09 772 |
Daughter of the Forest is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Nijseelânske skriuwster Juliet Marillier, dy't ta it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy heart. De titel betsjut: "Dochter fan it Wâld". It boek fertelt it ferhaal fan Sorcha, de dochter fan in ealman út it Ierlân fan 'e Iere Midsiuwen. As har seis bruorren betsjoend wurde troch harren boaze styfmem, kriget sy fan in fee in skynber ûnmooglike taak oplein om harren te rêden. Daughter of the Forest kin sjoen wurde as in werfertelling fan it mearke De Seis Swannen, dêr't ferskate ferzjes fan besteane, wêrûnder ien dy't troch de bruorren Grimm fêstlein waard.
Daughter of the Forest is it earste diel fan 'e Sevenwaters-trilogy, en makket as sadanich diel út fan 'e gruttere Sevenwaters-searje. De roman waard yn 1999 publisearre troch de Australyske difyzje fan útjouwerij Pan Macmillan. Daughter of the Forest wie Marillier har debútroman, mar betsjutte daliks har trochbraak. It boek wie yn 2000 in finalist foar de Aurealis Award foar bêste fantasyroman, en wûn yn 2001 de Alex Award fan 'e American Library Association. It waard yn 2001 yn it Nederlânsk oerset troch Pauline Moody en ûnder de titel Dochter van het Woud publisearre troch Utjouwerij Luitingh-Sijthoff.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Ierske ealman Colum fan Sevenwaters hat seis soannen: Liam, fan natuere in lieder; Diarmid, in aventoersman; de twilling Cormack en Conor, dy't elts in eigen ropping hawwe; Finbar, in tinker dy't de jefte fan heldersjendheid hat; en de jonge, mei bisten begiene Padriac. Syn sânde bern is lykwols in dochter, Sorcha, dy't te jong is om har mem kend te hawwen. Har heit sjocht amper nei har om, mooglik om't hja him tefolle oan har mem tinken docht, of miskien ek wol om't er it har kwea-ôf nimt dat har mem nei har berte yn it kreambêd ferstoarn is. Hoe dan ek, Sorcha wurdt fierhinne grutbrocht troch har seis bruorren.
As Colum fan Sevenwaters fan in besyk oan in bûnsmaat weromkomt mei in nije frou, Oonagh, docht bliken dat dat in boaze tsjoenster is, dy't him behekst hat. Ear't Colum syn bern dêr wat tsjin útrjochtsje kinne, betsjoent Oonagh ek de seis bruorren en feroaret se yn swannen, dy't inkeld twa nachten yn it jier, op midsimmer en op midwinter, weromferoarje yn minsken. Sorcha is de iennichste dy't ûntkomme kin, en yn it wâld fan Sevenwaters komt der in fee by har, dy't har de opdracht jout om foar elts fan har bruorren in baitsje te weevjen fan 'stjerrekrûd', in plant dy't bekendstiet om syn lange, flymskerpe toarnen en syn giftige, bitende sop. As se foar al har bruorren sa'n baitsje weve hat, kin hja se roppe en de baitsjes oandwaan en dan sille se foargoed weromferoarje yn minsken, en sil de betsjoening opheft wêze. Mar salang't se oan 'e baitsjes wurket, mei Sorcha gjin wurd oer de lippen komme.
Sorcha nimt de taak op har dy't de fee har steld hat, en begjint oan it meitsjen fan 'e seis baitsjes. Dêrfoar moat se it stjerrekrûd rispje, kjimme, spinne en dan weevje, wylst se oan ien wei troch pinige wurdt troch de toarnen en it sop. It wurk giet sadwaande tige stadich, en se bringt ferskate jierren al wurkjend troch oan 'e igge fan 'e mar yn it wâld, dêr't se inkeld Cormack syn hûn Linn as selskip hat. Twaris yn 't jier wurdt se besocht troch har bruorren, dy't lykwols yn ien nacht tiid net folle dwaan kinne om har te helpen. Op in midsimmerdei wurdt se ûntdutsen en ferkrêfte troch in pear manlju, dy't ek Linn deadzje. As har bruorren nei it fallen fan it tsjuster arrivearje, nimme dy bloedich wraak op 'e dieders, mar it kwea is al dien, en de oare moarns moat Sorcha lykme-allinne fierder.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As se slim fermeagere en siik is, ferskynt op 'e nij de fee oan Sorcha, dy't har hjit om yn in boatsje te gean dat troch undinen nei de marsigge treaun wurdt. Sorcha docht wat har sein wurdt, en dan wurdt se yn it boatsje de mar út en de rivier op treaun, oant se foar it earst yn har libben bûten it wâld fan Sevenwaters komt. Dêr wurdt se fan 'e drinkeldea rêden troch Hugh fan Harrowfield, in Angelsaksysk ealman dy't yn Ierlân op 'e siik is nei syn jongere broer Simon, dy't dêr yn 'e oarloch weiwurden is. Op basis fan ien fan har krappe besittings, dêr't it wapen fan Harrowfield op stiet, fermoedet Hugh dat Sorcha him mear fertelle kin oer syn broer, en dêr hat er gelyk oan. Simon wie nammentlik ferskate jierren earder troch de kriichslju fan Colum fan Sevenwaters finzen nommen, mar nei in nacht fan marteling troch Sorcha en har broer Finbar befrijd út 'e tsjerker. Sorcha hie him neitiid yn it djipste geheim yn it wâld fersoarge, oant er safierhinne opbettere wie dat er op eigen krêft fuort koe. Mar om't se gjin wurd sizze kin as se har bruorren rêde wol, kin se Hugh fan dat alles neat fertelle.
Hugh nimt Sorcha mei werom nei Harrowfield, yn Kumbria, dat diel útmakket fan it Keninkryk Noardumbrje, dêr't hja trochgiet mei it weevjen fan 'e seis baitsjes. Se wurdt dêr beskôge as in fijân en inkeld dulde om't hear Hugh har dêr hawwe wol. Har iennichste freonen binne Hugh en dy syn fertroulingen Ben en John, dy't mei him nei Ierlân west hawwe, en John syn frou Margery. De rest fan 'e húshâlding beskôget har as in hekse, dy't Hugh op 'e iene of de oare manear betsjoend hat. Yn Harrowfield komt Sorcha ek yn 'e kunde mei Hugh syn omke Richard fan Northwoords, dat in âlde fijân fan Sevenwaters is dy't trije eilannen yn 'e Ierske See beset hâldt dy't fan âlds by Sevenwaters hearden, en dy't fan krúsjaal belang binne om't de Ieren se as hillige plakken beskôgje.
Stadichoan reitsje Hugh en Sorcha fereale opinoar, hoewol't se útinoar holden wurde troch syn wantrouwen oangeande harsels en wat sy mei Simon te krijen hat, en har eangstme foar manlju (in gefolch fan har ferkrêfting) en de needsaak om har op 'e befrijing fan har bruorren ta te lizzen. Hugh is fersein oan syn folle nicht Elaine. Dat is de dochter fan Richard fan Northwoods, dy't Sorcha sadwaande as in obstakel sjocht en har ferskate kearen bedriget. Uteinlik kriget Hugh berjocht dat Simon earne oan 'e westkust fan Ierlân sjoen is. Dêrop ferbrekt er syn ferloving mei Elaine, slút ynstee in houlik mei Sorcha, dat inkeld foar de foarm is, en set ôf nei Ierlân yn 'e oertsjûging dat sy as syn frou yn Harrowfield feilich wêze sil.
In pear moanne letter, op midsimmernacht, moetet Sorcha har broer Conor, dy't as swan alhiel út Ierlân oerflein is. Hja wurde lykwols ûntdutsen, en hoewol't Conor ûntkomme kin, wurdt Sorcha opsletten en beskuldige fan oerhoer. Richard fan Northwoods, dy't him yn Hugh syn ôfwêzichheid it bewâld oer Harrowfield ta-eigene hat, wit eltsenien yn Harrowfield tsjin Sorcha op te stokeljen, mei as gefolch dat er har berjochting bewurkmasterje kin, dy't wat him oangiet einigje sil mei har op 'e brânsteapel. Yn har sel wurket Sorcha koartseftich troch oan it sechsde baitsje, dat se op ien mouwe nei ôfkriget. As se nei har berjochting op 'e brânsteapel fêstbûn wurde sil, wurde de baitsjes dêr ek op smiten om mei har ferbaarnd te wurden. Op datselde stuit keart Hugh fan Harrowfield werom nei hûs, mei syn broer Simon by him, en is poerrazen as er sjocht wat syn omke dien hat. Underwilens ropt Sorcha dan har bruorren, dy't komme, en goait se allegear gau in baitsje om, sadat de betsjoening ferbrutsen wurdt. Mar Finbar, dy't it baitsje mei de iene mouwe krigen hat, behâldt ienstee fan syn lofterearm in swannewjuk.
Neitiid keart Sorcha mei har bruorren werom nei Sevenwaters, dêr't harren styfmem Oonagh mei har soan Ciarán de wyk nommen blykt te hawwen sadree't se fielde dat har betsjoening ferbrutsen waard. Harren heit Colum is der geastlik min oan ta, en Sevenwaters sels, nei Oonagh har jierrenlange skrikbewâld, krektlyk. Stadichoan bouwe Sorcha en har bruorren alles wer op. Nei ferrin fan tiid komt Hugh, dy't it bewâld oer Harrowfield oan syn broer Simon oerdroegen hat, Sorcha efternei. Hoewol't har bruorren earst wantrouwend foar him oer steane, wit er in plak yn Sevenwaters te winnen as Sorcha har man.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, references, external links, quotations, op dizze side. |